BROERREN HOITSEMA.—GRINS.
1921.
I. |
II. |
III. |
IV. |
V. |
VI. |
VII. |
VIII. |
IX. |
MYN ALDEN
JAN RITSKES KLOOSTERMAN,
(23 Febr. 1847—17 Febr. 1914)
EN
TRYNTSJE JANS BEINTEMA,
(9 Nov. 1850—25 Nov. 1916)
TA
IN NEIGEDACHTENIS.
O brune heide! wiidte, iensumheit yn gouden, gouden sinneskyn!
’t Gewaei fen âlde spjirren! ’t fyn gerank fen blonde, slanke bjirken!
En al de hearlikheit fen rûmte, sûnder minske ef hûs!
Dyn fûgels ha ik ljeaf, dy-t piipje yn dyn struwellen,
Ef júbljend sjitte omheech nei ’t fiere blau....
Dyn blommen ha ik ljeaf, net roerd fen minskehânnen,
Dy-t kleurich bloeije en kein, yn bûnte pronk’s forsjit
Dyn poellen, hwer de djipten frjemd fen mearkes sjonge
En keninklik en koel it swânneblomte bloeijt....
Dyn wolkens, sulvren toerren lyk út fiere, greate steden,
Dy-t hjerst ynliede mei syn rein en winter mei syn snie;
Den jeije oer dy, myn heide snie hjar wylde ruters,
En traepje petten ticht en smite sompen fol,
Den is dyn wezen wyld, de stoarm dyn wrede frijer,
En ’t âljen fen dyn âlde beammen winter’s ljeafdeliet.
Mar nou! o wiidte, iensumheit yn gouden, gouden sinneskyn!
Nou bist in stille timpel . . . jowst myn herte rêst . . .
In lytse wyn wint oer ’e griene finnen oan . . .
En heech yn ’t loftblau mind’rje njúd de wolkens;
In wûnder! sjoch yn ’t Westen, klearet stil de kym,
Forreind en tear, sa kuiert noch in lêste blink
Fen fiere sinne stadich oer myn stille heide,
Sá wirdt it joun . . . nei dei syn wêzen nacht syn dream.
De moanne kliûwt . . . de lytse wyn wirdt wei . . .
Yn onforweechlikheit stien’ reid en snilen stil
Yn d’effen wetters klearte.—
Nou bist, myn heide! wer in timpel, der in bulte kamen, gyngen
Elts mei syn eigen leed en bea . . . mar stom . . .
Djip ûnder d’ierde binn’ hja rêst, hjar stiennen wapens,
Dy sliepe by de hân, dy waerd’ ta stôf.
Ho faken habbe hja dy, heide ek sjoen by ’t simmer,
Ef as de hjerststoarm oer de flakte gûlt;
Hja hearre ’m nou net mear, hjar wrâld is nou in oaren,
Mar o! ’t onstjerber langst nei d’ierde bleau!
Droef, wyld—in swypker, dy-t hjar hiele hert bihearsket.
Hja gien’ wer ’t iensum paed, det hjar nei ’t libben bringt,
S’as hja der ienkear âld en warrich út gien binne,
Foar ieûwen, út hwaens skaed wrâlds skiednis tynt,
En oer ’e dea-wei sljuerkje sêft hjar lichte soalen....
Sá komme hja werom, dû, iensumheit, bist noch hjar ryk!
Hja sweevje oer dyn poellen, goudbirânne yn blommen . . . .
Oer d’iikbosk, der hjar godheit ienkear wente hie
Der ’k harkjend, sims noch sangen mien to hearren,
O fier, hiel fier, mar dochs fol klank en kleur!
Hjar libbenspiidtsje, ontdien fen ’t stoflik klaed
Det siddert hjerstmis yette oer dyn stille poellen;
Den kleijt de reiddomp, saeit de rein mei greate hânnen
De gjalpen wetter út it wolkensaed,
En smyt s’op ’t toastich, brôz’lich heidesân.
Den komt de stoarm, de gûler út ’t Noard-Westen,
En haffelt yn dy om, in hynsder, wreed fen byt....
En den! den groeit in stiltme nei it wyld biweech,
In stiltme, sa’s ek ’t hert net sûnder triennen ken.
En yn dy stiltme wirde nije simmers berne
En sinnedagen, dy-t as greate gouden blommen
Hjar rankje troch it tún fen ’t minskelibben.
Sa komt . . . giet alles . . . as oan d’ienling beam de frucht
Sa’s ’t wêzen ek fen d’ienling minske op ierde,
Dy-t foar him wierne, makken him . . . en hy
Hy hâldt it lot fen slachten wer nei him
Yn hânnen . . . as in bern....
Hwet boartersgûd....
Date, det wie in dreamer.... De heide hie him sa makke, de brune, hearlike, en de moaije simmerloften, dy-t der oerhinne dreauwne en de spjirrebosken, dy-t sa swijgsum wierne en him allinne doch sa’n bulte fortelden.
Noait ien scoe ’t gewaer wirde, hwet der yn him omgyng. Thús by heite’s yn it heidehúske, der de wyn troch de naden pipe en de snieflokken troch de skoarstien kamen en op it fjûr fen skiûwden toraenden, der hjitte hy in apparten ien, in súlle, in wikel ûnder ’e mosken wie ’r. Den trêdde ’r mei syn lange skonken nei beppe’s ta, nei âlde Feick, der foun hy hael. Der krige hy omstikken brea mei sjerp en boekweitengroat mei lollemansstip, der fûrre hja him by stikjes en bytsjes mei de swietekou fen ’e poëzij en der tarde hy den wer wiken op. Den hiene hja it oer âlde tiden en hwet hjir omgien wie yn dizze streken en as beppe mar bigoan fen; “ús pake plichte to sizzen”, den wist Date it oare wol. Den gyng hy foar ’t fjûr sitten to pluchsnijen for Lútsen skoenmakker en beppe krige de skieppegrouwen hoas op en stiek de priem yn ’e breidské, mar fensels, oan ’t breidzjen kaem hja net ta!
Hja fortelde! en ûnderhânnen wei o minsken! d’âld keamer foroare foar Date syn eagen yn in slot ef yn in greate bosk ef yn in forskûl, der-t wol tsjien kearels sieten to mésûpen mei berefellen om ’e skouders en hoarnen op ’e kop ef yn in hiel lyts hûs fen spegelglês mei goudene flieren en sulveren lampen, der hâldene dwergjes ta. Fen alles wist hja, in skat fen poëzij hie se opgjerre yn ’e gielgoede fen hjar hert en de streek, der-t hja forkearde, wie sa ryk oan sizkes en teltsjes en âlde oerforteltsjes, det hja koe wol in hiele joun prate en den wist hja noch folle mear.
O ho ha dy berneëaren harke nei al det ljeaflike út ’e âlde tiid! En as beppe it den hie oer ’e doddeaden en ’e bûzehapperts en de tsjelwiven, de bigangels en ’e foartsjirmerijen, den roan him optlêst de grize oer ’e grouwe en moast beppe mei en bringe him nei hûs.
Den gyngen hja togearre de iensume heidepaden en de sânwei lâns troch de spjirrebosk fen Wychman Hoara en as ’t den moai ljochtmoanne waer wie sa’s nou, den wie de heide net stil for him en sûnder lûd, mar fol folk. Hy seach it sa klear as de dei . . . hja wierne der in setsje, hja iiten, hja dronken, hja hiene ljeaf en hja stoaren en ûnder greate stienbulten bidobben se hjar tsjêf . . . ien amerijke wie ’t der stil, den kamen der al wer oaren en diene s’as de earsten en waerden ek wer stil en sa gyng det nou al ieûwen lang.
Den waerde hy der stil ûnder . . . en ho-t beppe en hy soks allinne mar seagen. En sa learde hy to witten, hwet wémoed is.
En nou wie beppe wei . . . . It wie op in Sneine en hy siet op ’e dyk, dy-t heite hiemming ôffrede en den hie hy krekt it gesicht op beppe hûs, det like brún as de heide sels efter hwet âlde bjirken skûl gyng s’as in blierhertich âld antlit efter in greate kape. De groun roan der hwet op en de ljochte sânplakken yn ’e heide om glinsteren as sulver yn ’e sinne en fel blêkere it gleone ljocht op ’e reade âlde trochrikke foargevel. De finsters sieten ticht, de griene lûkjes mei dy lytse hartsjes deryn, bisloegen mar de helte fen ’t glês, min koe de blauwe gerdinen foar de glêzen hingjen sjen. Date wist it wol, der wierne wol hûndert stopkes yn set, mar det seach min allinne fen tichteby, der oansje by de krúslanders. d’Ald kat streake by de doar om, do joech hja hjar ôf en kaem miaukjende wei oer ’t lân op heite ’s ta en roan him om ’e foetten. Hy tochte der net mear om, hwet er jister bard wie—gled forgetten hie hy ’t allegear en hy plante syn foetten stevich yn ’t útrille sân fen ’e dyk en joech him op en seach út, as beppe ek hast kaem, sa’s hja det alle Sneinen wend wie, sa lang ’t him tinke mocht.
Och, en hwet wie hja den lyts, det minskefiguerke der op dy greate, wide, hearlike rûmte om hjar hinne, der de simmer in brún fewielen kleed oerhinne lei hie en de waerme sinne boppe skittere! Hja hinge alhiel út ’t lead en d’iene foet woe ek al net mear mei, derom snie heit ek sa faek in bêste iken stôk for hjar op út ’e wallen; hja hie hjar forarbeide by Jehannes Rikeles folk yn ’e streek. Det wierne fen dy beulen, dy jagen yen it mark út ’e bonken, sei heit. In âld fyfskaften jak hie hja ornaris oan en den ien mei in lege hals, simmers en winters allyk en in read knopdoekje om mei griene en reade roaskes. En det bigrutte Date altyd alwer oan: beppe hals wie sa danige meager, der siet súver gjin fleis mear om, allegear fel en bonken, krekt s’as de holle mei dy ynsonkene, flauwe eagen, dy-t allinne mar mear skitteren as beppe op ’e tekst wie fen âlde tiden. Den waerde beppe noch ris wer jong, krekt as gyng der in lette skimer fen jeugd oer hjar libben as in sinneblink oer in forreind lân.
“Dû hast myn eagen, jonge”, sei beppe den. Date feronderstelde dos, det se blau wierne, mar der hie hy oars noait net sa lyk om tocht. It omskot die ’t him net, it wie de geest, dy-t de âlderdom en ’e jeugd yn ien skeakel hekke.
Och ho klear seach hy ’t wer, ho waerm de sinne den simmermiddeis op beppe rêch skine koe, krekt as woe hja de rimmetyk der útjeije! Mei ien sprong fleach hy ynienen oerein en tûmmele yn ’e droege dykswâl del. “Hea, hwet dûrret it hjoed lang, as beppe komt. Ik gien se yn ’e mjitte”, tochte ’r en sette de stap derûnder nei beppe’s ta en fluite it heechste liet sa’s de ljurk boppe him, dy-t yn ’t Leech by ’t doltsje yn ’e bjinten nessele.
Der ynienen foel syn each op ’e tichte doar. Krekt as sloech de wjerljocht him, sa stiif bleau ’r stean, mids op ’e heide en hy waerde sa wyt as in doek.
Syn lippen trillen en sa lang as ’r woeksen wie, liet hy him yn ’e heide delfalle en bigroef de kroeze jongeskop ûnder ’e brúne strûkjes.
Beppe wie wei.... En hy hie hjar sa ljeaf hawn.
“Nou en hwet seist’?” frege in lyts meager wyfke de man, dy-t lyk foar hjar oer siet by ’t fjûr en nou krekt in stikmennich brjitten op ’t roundeltsje yn ’t skiûwdefjûr lei.
“Dû moatst mar wite, ho-’t scil en moat, Béard”, andere hy flauoandraeid en hie sa ’t like syn hiele prakkesaesje noch by ’t fjûr, det it noch net nimme woe. “Scill’ wy kwesje siikje mei de femylje en der tsjin abbelearje en oppesysje meitsje, det hja de parten net goed út inoar set ha’? Ik meij der net om tinke, mem is noch mar krekt ûnder de ierde en nou wirdt der al rekkene oer ’t erfskip en kreauwt om ’t dielen.”
It bigoan yn ’t wyfke hjar heldere eagen to flikkerjen. Hja makke hjar lilk en flapte der moi gysten út: “En den hiet it, min hat in man mei sinten trouwd! Ik ha der noch noait hwet fen bispeurd, Nuttert, det wy ’t better hiene as in oar. Hie ’k ’t mar witten . . . ’k hie Piter naem!”
“Hâld op!!” sei de man en sloech mei de flakke hân op ’e tafel, “net for de twadde kear dy namme yn myn hûs, Béard, bigrepen!”
Hja wist wol, hwer hja him rekke hie. Piter hie Béard ienkear fen him ôfset, fensels, det gefal moast mei messen útfochten wirde en do hie Nuttert, de goelike, bidaerde Nuttert, fyftich goune boete jaen moatten ef trije wike op wetter en brea. Det âld sear siet der noch—de namme allinne wie him al forspijd. Mar hy hie Béard krige en det wie oars syn sin en ek lang gjin miskeap, mar hja wie sa danige deun, troch alles hinne. It wie Nuttert sims súver yn ’e wei, sa nepeseftich koe hja rekkenje. Nou wer mei beppe erfskip, fensels de snoarskes koene ’t lang net lyk fine, elts foar oar hie ’t op ’t kammenet forsjoen en as hy net ien sile loek mei Béard, den krigen se der noch spul om yn ’e hûs op ’e keap ta. It moast sa wêze, sikersonk, det it jild lijen brocht, hwent do-t hja krekt trouwd wierne, hiene hja neat oars hawn as trije stoellen en in âld tafel en syn sulveren heloasje en hwet kleanspul fensels en as hy him dy tiid noch ris wer tobinnen brochte, och! och! hwet hie ’r ’t bêst nei ’t sin hawn! De kening to ryk wie d’r! Net iens mei Wychman Hoara scoe hy ruilje wold ha!
En nou! hja krigene hwet efter ’t linnen en nou kaem Béard op ’e smaek fen ’t gjerjen. Hja súnige út op ’e klean, mar alle stûrkes, dy’t hja oergearre, der kleefden bittere wirden oan en forwiten, hwent Nuttert seach ’t wol, ho meager as syn lytse famkes waerden en ho faek Date nei beppe’s ta slûpte om in brogge. As fêst arbeider by de boer koe hy ’t wol úthâlde, mar de bern—der moast hy in stokje foar strike. Der kaem al praet fen, hja doarsten ’t him al ûnder dúmkes wei forwite, det hy syn wiif net better ûnder de kwint hie.
“Nou, ho moat ’t mei ’t kammenet? ’t Is jimm’ memme goed,” bigoan hja wer. It siet hjar heech. “Ik sei nyskes, dû moatst it mar wite,” sei hy wer. “Sa’s dû ’t dochste, is my goed. En wist wol, hwet de boer sei? As Date takommende Snein in hiele dei by Fokke kaem to boartsjen.”
Hja harke raer op. “Us jonge, ús Date?” sei se, krekt as koe se ’t hast net leauwe.
“Nou en hwet scoe det?”
“Fensels, dû seist’ al, Date kaem, sa sleau bist wol. En den ’t âlde bilape buiske mar oan! Tinkst, det ’k for dy jonge nije klean keapje for sa’n wissewasje?” sei hja alhiel oerémis.
“In wissewasje?” Der pakte Nuttert hjar op. “In feest is ’t for him, siz ik dy. Hy krijt it der as prûmmenbôle. Fokke hat in bokkewein, der scill’ hja yn ride en de frou sei, hja hie ek hwet klean fen Fokke sines, dy pasten Date krekt, dy koe ’r de joune meinimme.” Ynienen seach hy hjar skerp oan. “Dû ginst it him dochs wol, dit fortúntsje?”
“Ginne? ginne?” hoarte hja der gysten út. “Mar astû my nou mar ris seiste, hwer ik him hwet fatsoenlike klean weijaen scil, den scil ’t wol goedkomme. Tinkst, det hy sa de streek lâns scil yn syn âlde bilape buiske? As Fokke mei him boartet, den scil hy kreas en himmel foar ’t ljocht komme en oars.... bliûwt hy thús, bigrepen?”
“Bigrepen,” sei Nuttert foarswei. Do gyng hy oerein en scoe derût.
“Hwer scilst’ hinne?” frege hja.
“Efkes om ’t hûs, hwet fortraepje,” andere hy. “Ik bin ’t sitten yn ’e hûs net wend. Hwer scoe Date wêze? Hast him ek sjoen?”
“By beppe ’s, tink,” sei hja. Do kaem ’t him ek ynienen yn ’t sin, ho hy der syn aerdigheit nou ek net mear siikje koe en dy goederjowske hân noait wer útstutsen waerde nei syn bern, pake ginaemd. Op det stuit fielde ’r ek, det hy hjar miste, it âlde wyfke, det altyd mar sa’n bytsje frege hie for hjar sels en nou de fjouwer bern noch hiel hwet neiliet, wol twahûndert fiif en tweintich goune elkmis en den ’t hûsrie noch en ’t bêste iken kammenet!
It wie yn’e iere maitiid en alles ûntjoech him bûtendoar. Syn peaskeblommen bloeiden en de ljochte blossomknoppen fen ’e beammen yn ’t hôf poarren al ta de húllen út. De hinnen mouden yn ’e smoute yn ’e sinne, de skelfinken fleagen om ’tâlde nêst yn ’e hage en sochten in nij plak twisken de tokjes fen in ikebeam, der hja hjar bytsje lok oan tabitrouwe koene fen ’t simmer. Nuttert koe se wol, hja kamen alle simmers werom en nesselen altyd by ’t lytse seadehúske mei ’t houten foargeveltsje en mar ien sydmûrke fen stien.
As hy dy twahûndert fiif en tweintich goune yn hânnen hie, bouwde hy earst in nij hûs, den scoe der in kou op ’e stâl en in baerch op ’t hok en sa yn ’e prakkesaesje wei stie hy ynienen op beppe hjar gerjuchtigheit en seach ris om him hinne.
Syn lytse finnige eachjes glinsteren; woltofredenheit forheldere it antlit fen it lytse, steile wâldmantsje, do-t hy it kampke lân takseare en de fruchten fen beppe’s, dy-t al sa moai boppe de groun stiene, al gierde de kâlde, skrale Noardewyn der ek noch sa oerhinne.
Do seach hy Date. “Kom hjir ris. ’k Scil dy hwet fortelle,” rôp hy. As mem det sei hie, wie Date al mei steande earen de heide ynstutsen en scoe de joune earst lang om let wer thús kaem wêze mei de honger yn ’e hals, mar nou wie ’t heit en gyng hy stadich oerein en nei him ta.
Dy twa wierne inoar út ’e mûle snien, allinne de heide hie hjar kleur op it jongesantlit lei en it hier, det syn fyn kopke omkroezde, ta donkerbrún fordonkere. De helderblauwe eagen stiene ticht by inoar en de lytse noas, dy fol skjensprúten siet, wie krekt great genôch for it mûltsje, det wis en op ’t stik ôf prate koe, mar ornaris de lippen ticht op inoar knypt hâldde as wie ’t de slettene doar fen in hûs fol heimnisse.
“Giest mei heit?” sei Nuttert tsjin syn âldste. Dy sei neat, mar bigoan op in drafke neist him lâns to rinnen yn ’e Noardewyn op, det út nei de streek. Nuttert knope d’âld buffel ticht, it waeide him kâld by de hals yn. De wyn wie ek noch sa tin.
Hy seach ris nei de lytse jonge neist him. “Bist net kâld?” sei ’r. “Doch dyn buiske ek ticht. It griist my oan, jonge, dû bist sa licht klaeid.” Date syn lytse fingers plúzen al hwet by de hals om, loeken en ropten ris oan it buiske, mar ’t woe net. “It is to nau, heit,” andere hy en stoppe syn lytse blauwe hantsjes mar gau wer yn ’e broeksbûsen. “Mem sei, ik moast der noch in winter mei ta.”
“So?!” andere de man ynienen stoefwei. “En wist nou wol, hwer wy hinne scille? . . . Om dy in nijen ien to keapjen mei moaije gledde knopen en moarn krijst der noch in nije pet en swarte klompkes by. En den scilstû Snein to boartsjen nei Fokke ta.”
De eagen fen it bern waerden ho langer ho greater. Det wie ommers in hearlikheit, der wie hy noch noait iens oan ta kaem, om der iens om to tinken! By de skoalle hiene se al faek op ’e tekst west fen Wychman’s Fokke syn bokkewein en syn brabantse keninen mei de lange earen en syn jonge houn, dy-t kinsten meitsje koe en nou scoe hy ’t bisjen meije, bifiele licht wol en miskien wol in amerijke de jageline hâlde fen ’e greate bok en . . . .
“O heit!” rôp hy en it meagere fine kopke krige in nije útdrukking: de forwachtinge fen lok. ’t Is dochs wol wier, n’t heit?” sei hy, doch noch in bytsje twivelmoedich, as hy om it greate hûs tochte, der Fokke sa prinshearlik wenne en heit alle dagen hinnegyng to arbeidzjen en hy nou hinne scoe to boartsjen . . . in hiele lange dei. Scoe ’t ek sa wêze kinne, as beppe sei, det alle dingen mar in dream wierne en min noait yen hert hjir ef der op sette moast? Dreame hy nou ek? Hiel tomûk sette hy syn lytse neils oan ’e binnekant ris yn ’e hân, om to fielen, as det ek noch sear die, den wie hy tominsen net yn ’e sûs en sliepte ek net. Nou det die sa sear det, nou stie ’t as in peal boppe wetter, it wie wier.
Wol trije ketier lang draefde hy efter heit oan de heidepaedtsjes del, gled en ticht-trape fen tûzenen foetstappen en de ljochte moaije sinneskyn forflauwe al troch de joundize, dy-t opkaem, do lichtte Nuttert einliks de klink op fen ’e doar en rôp yn ’t foarhûs by Piter snider’s fen folk.
“Bistû ’t Nuttert?” rôp Piter. “Kom yn.” Date krûp heit al tichter oan en sa waerde hy mei de keamer ynlutsen ûnder heite hoede en siet al gauweftich neist Piter’s Jetske op in stoel mei in stik koeke yn ’e folle fûst en proppe de wangen fol en wie sa stil as in mûs.
Och! och! it wie in joun, om noait wer to forjitten! It bernehert is as waeks, hastich wisket de iene nije yndruk de oare út, mar dit wie sa hwet wûnderliks, det hy der sitte mocht yn in moaije keamer en ’e snider him meat en heit en ’e snider it bioarderen, det it goed gûd wêze moast en der gleone gledde gouden knopen oan it jaske kamen, det dit bleau him by al syn libbensdagen.
De Saterdeijoune stie hy al ier-en-betiid út to sjen by de hage, as Piter snider ek hast kaem. O! o! hwet scoe mem wol net sizze, det heit soks op egen manne boete dien hie! As ’t mar net mei werom moast? Hy scoe ’t bistjerre, det scoe ’r!!
Hy stie der by de hage en seach oer ’e heide. Hwet wie ’t der al wer moai, hwet wie hy mâl mei dy wide rûmte, dy-t hy nou ho langer ho mear mei beppe eagen seach, hwent hja hie him ’t sjen leard. En nou wierne hjar eagen ticht-fallen, hja hie der gjin biseftheit mear fen, seach ’t nou net mear, ho moai as de sniebuien tsjin inoar opkruiden, krekt as by ’t hjerst de weagen fen ’e poel mei kroanen fen sulver op. Sjoch! en fleach der net in snikwyt hynsder de loft lâns mei in gouden weintsje efteroan? De fonken fleagen út ’e tsjellen en it goud stouwde der nei—sa rieden by âlds de goede geesten troch ’t gea en der hjar weinspoaren oer hinnegien wierne, joech de frucht hûndertfâld, sei beppe.
As hâldde in reuzehân de lêste sinnestrielen fêst, sa skeaten hja djip yn it Westen yn in wûnder twiljocht fen fjûrreade en felettene pylken út ien midden wei, noch ienris . . . nochris oer ’e laeiblauwe snieloft . . . do waerde it joun . . . De snieflokken bigoanen to stouwen, stil kamen se oer ’e Hastinger heide hinne en de joun joech him op in paed, om alles hwet skutte fennoaden hie, towille to wêzen.
It dûrre lang, eart Piter snider kaem. Earst kloste Jelle him foarby, dy mei syn stive nekke, do draeiden dy wyskes fen Saske-moi’s him foarby, der hy altyd mei nei skoalle moast en einliks! einliks! der seach hy de grille reade doek, der de nije klean yn sitte moasten en ’e snider en heit!
Heit en mem krigen dy joune spul om det skandalige jildforgriemen, hearde Date wol op bêd en sadwaende gyng ’t dy Sneine oer nei Fokke’s ta. En de oare wyks kaem heit yn trije dagen net thús, do bleau hy by Wychman’s yn ’t hea en do op in goede joun die mem in skjinne bûntskelk foar en ’e wite mûts op en do moast hy mei en helje heit werom.
Sá seach hy dy greate âlde pleats for ’t earst en fen ’e earbied, dy-t it heidebern do krige for it bisit is altyd hwet fen hingjen bleauwn. Mar dy forearing hat him net dûknekkich makke.
Op in Septimberjoun, in set letter, draeide der in âlderwetsk ferdek de hoeke om en hâldde nou lyk op Hastings yn, det him mei syn lytse húskes, yn ’t biskûl fen ’e âlde hege tsjerkhôfsbeammen as de pykjes om d’âld klok yn ’t rounte om de grouwe stompe toer hinne legere. De sinne skynde derop en de frisse wyn waeide der oerhinne; hy jage de reek foar him út, dy ta de skoarstiens út krinkele en skodde ris oan ’e beamkrúnen, as se noch gjin giele bledden falle litte woene. Hy bigoan op roof út to gean, de flecht fen syn brede wjukken waerde hastiger en foarser by ’t ôfgean fen ’e dagen.
Syn wjukken roerden ek it wetter fen ’t Jifferspoeltsje, det sa moai toside fen ’e wei leit yn in bochtige seame fen brúne reiden, der kaem biweging yn en fen ’e weromstuit bigoan in âld klomp to silen, steatlik, mei as seil in bûnte bûsdoek, spand yn ’e wyn en hwet triedden fen memme nassau’s jern as want. In flagge fen goudpompier stie der boppe op en sa gyng det stadich oer ’e poel.
Der is noch noait in skip sa fol freze en beving fen in helling towetter litten as dizze âld klomp en as der in foarse wynpûst kaem en it skip hast oerwichtich waerde, den wykten twa pear berneëagen der net ôf.
It wierne in jongkje en famke, dy-t der op dy moaije dei yn ’e reiden sieten en det ien hûs hjar stamhûs west hie, der wie gjin mis op.
Hja úntroanen inoar net folle, it jongkje wie allinne hwet foarser en foarliker en hja wierne berne ûnder it brúne reiden tek fen in âldmoadrige greate húzing, dy-t der neist de poel op in hege kamp lân lei en op ’t gemeintehûs stiene hja to boek as Fokke en Lys Hoara. Sa hiette ’t op syn Sneins, mar yn ’e wand’ling wie ’t altyd de bern fen Wychman en Gelses. Det wie de namme, der min se by koe, det paste by de ienfâld fen it doarpke, der hjar eachjes iepengien wierne.
“Sjoch nou . . . o Lys! . . . it giet om!” . . . kriet de lytse jonge ynienen en fen kleare bare skrik rôllen de triennen him oer ’e mûtele brúne wangkjes. “Lûk den dochs oan, sleau fanke,” en hy fleach oerein en rimpen skûrde hy ’t sisterke ’t stûrslyntsje út ’e hânnen en hoarte sels mei alle geweld oan ’t tou. Mar ’t flearehouten mêstje gyng net wer oerein stean, de reade bûsdoek waerde al wiet, it spul stie faei.
Ynienen kaem der in wolbirette útdrukking op syn tear, biweeglyk antlit, syn heldere eagen skitteren en yn in omsjoch hie ’r de klompen en hoazzen út, strûpte it broekje op boppe de fine knibbeltsjes en batste mei lange stappen fen syn fearige blanke skonkjes yn ’e poel op.
As min him sa stappen seach, dy lytse boi, scoe min him wol útpottreteare wolle mei syn slank tear lichemke en det brúnforbarnde kopke ûnder it kroeze, donkere hier. Der siet pit yn det lichemke, geest tintele yn dy eachjes, det treflik foarme mûltsje scoe letter wol witte, hwet it sei en ûnder ’e kwint hâlde, det forset bisiikje doarst. Der lei hwet sûnders yn dy eagen . . . it sisterke like krekt op him en dochs, hja roanen út inoar as nacht en dei. Hja miste it karakteristike fen syn antlit, de wissichheit fen macht, it onbiwuste bisef fen hearskippij oer oaren, swakkeren en hy miste it sêfte, goedlike fen hjar, det hjar fyn kopke nou al stimpele mei it sêfste mark fen wûndere ljeaflikens.
In stap ef hwet noch . . . mei lytse grage hânnen pakte hy syn faeie skat al beet en scoe gau werom, do kaem der in meager, langramich fromminsk skean oer ’t lân fleanen en lyk op ’e bern oan.
Fokke dûkte him al mei de lytse kroeze kop hast ûnder wetter en ’t sisterke siet al deastil yn ’e reiden forside, mar mem hjar skerpe eagen hiene se al yn ’e gaten.
“Hjir jimm’ dôgenietten, jimm’ luiwammesen! derút, yn ’e hûs!” en hja jage it famke as in jonge einepyl út ’e reiden op.
“En nou dû, smoarch jonge, derút!” hjitte hja Fokke en stie oan ’e kant by de wâl to kibjen en oangean. Do seach se heite bûnte bûsdoek as in fodde by de klomp delhingjen. Fokke hie him foar ’t liif hâlden en as in djûre skat omklammere hy him mei syn beide hantsjes.
“Hwet’s det? Hwer’s dy wei?”
“’t Is heite’s, hy hinge op ’e line,” sei hy bidêsd. It gûlen stie him neijer as ’t laitsjen, mar as hiene de lytse skonkjes mûrrefêst yn ’t sân fêstsûge wêst, sa min wykten hja in hânbré. Mem doarst der net yn en hy kaem der net út . . . hy bigoan al to biprakkesearjen, ho-t hy mem forrifelje scoe.
“Scilst’ der nou út!? . . . as ik helje jimm’ heit. Dy stiet der op ’e efterhûsstriette.”
Fokke seach det ris út. Der stie heit as de wreker fen ’t kwea, in greate, foarse kearel mei in rêch as in barte en in lûd as in klok, det min wech-en-der-wear hearre koe, sa hoar wie ’t oer ’t lân yn syn rêst nei de rispinge.
Gels draeide hjar om. “Wychman!” rôp hja mei de hân oan de mûle. “Wychman! kom hjir ris!”
Nou wie de baen rûm en de lytse baeifanger binuttige de kans. Fluch as in wezeling wie hy mei in sprong op ’e wâl en der stoude hy hinne mei syn wiete lytse foetten en ’e klompen ûnder de earm, skean oer ’t lân, op ’e wei yn.
Dy roan ’r in ein út, do gyng ’r op in sânbultsje sitten to bikommen en droege syn foetten mei in tippe fen ’e bûsdoek, dy-t noch droech bleauwn wie. It fjirdere liet hy oer oan sinne en wyn, dy-t him bystiene, safolle as hja koene en earst moude hy krekt s’as de fûgeltsjes hwet yn ’t waerme sân om en do bigoan hy der om to tinken, hwet hy nou einliks wol ris dwaen koe, hwent mem yn ’e earste ûre twa ûnder eagen komme, dat wie min to weagjen.
Nei Hes-moi’s gean om in apel? Der hie hy fen ’e moarn ek al west, do hie hja al gjin mear. Nei baes kûpers Jan, as dy him ek in nije top meitsje woe for in sint? Mar dy sint krige hy moarn earst, as Date kaem to boartsjen sa’s alle Sneinen sont fen ’t maitiid en dy top hie hy hjoed ljeafst en Jan boarge net, sei heit. En den koe hy ek net mei bleate foetten de bûrren lâns, den raesden se fen: “heidebern, heidebern! hast gjin hoazzen en gjin jern,” en piûwden him nei.
Hark, hwet wie det? Der kaem in wein oanriden, it ferdek fen Boate Piters en de rún hie ’t moaije nije gereid oan mei de giele kwastjes oan ’t hoofdstel en ’e wite jageline.
Yn in omsjoch wie hy oerein en roan ’t yn ’e mjitte. “Boate! Boate!” rôp hy al fen fierrens.
“Ja, hwet is ’t, Fokke?” sei dy en glimke syn goelikst glimke, do-t de lytse man fol smeking syn skipke omhegens hâlde en neist de wein lâns roan. “Moast meiride?”
“Nou!!” sei dy en de wein stie. De lytse jonge kleau op it stuitbankje, der scoe hy sitten gean. “Nou, kom hjir mar,” sei Boate en skikte hwet om en do mocht hy op in sêft fewielen kjessen sitte—der kaem hy wer hwet ta himsels.
Ynienen hearde hy gepraet efter yn ’e wein en draeide him nijsgjirrich om. Hea! in frjemde man en in frjemd fromminsk rieden ek mei Boate en hwet hie det wiif in moaije jurk oan, alhielendal mei sidene franjes bihinge. “Dach,” sei hy en seach se do mar ris tige oan mei syn blierhertige eagen. Do aeide hy tomûk ris oer ’e franjes, as dy wol echt wierne. It fromminsk fielde it hantsje wol, det oan hjar rôk omplúze en sêft krige hja it beet.
“Ho hjit hy?” frege hja mei sa’n sêft, ljeaf lûd, as Fokke noch noait heard hie.
“Ik bin gjin hy, ik bin Fokke en ús heit is Wychman,” andere hy greatsk en sette in heech krop.
“’t Is ien fen ’e Hoara’s, doomné,” fordúdlike Boate en wiisde hjar rjuchts fen ’e wei de húzing yn ’e beammen. “Der wenje se, geseten ljue, hy is ek tsjerkfâld en sa.”
Krekt as tocht it jongkje, nou wie ’t moaijernôch. “En hwa bist dû?” sei hy en seach ’t jong fromminsk oan. Hja lake de man neist hjar ris ta en do rêste hjar each o sa ljeafderyk op it lytse kopke foar hjar. “Woest graech witte, hwa’t ik bin? Ho det sa?”
“Sjoch,” sei hy fortroulik wei, “ik meij dy wol lije. Ik scoe dy in top jaen wolle, moarn earst, mar hwer moat ’k dy den hinnebringe?” Trouhertich seagen de moaije berneëagen hjar oan. Hja knypeage tsjin ’e man neist hjar, hy moast him mar stilhâlde.
“Wiste hwet,” sei hja, “ast’ nou hielendal net ondôgens biste hjoed net en moarn, bring him den mar yn ’e pasterij.”
Mei ien slach wie ’t bliere fen ’t antlit ôf, Fokke seach rare binaud. “Den kin ’k dy dy top noait bringe,” sei hy bidrukt, “ik bin altyd ondôgens, seit mem en . . . hjoed . . . ek . . . al . . . wer.”
“Hwet hast wer út-e-wei set? Yn myn apels sitten?” Boate seach rare stoef, dy hofsjongerijen yn syn tún by nacht en det geskooi fen ’e bern by dei wie noch in neil oan syn kiste, sei hy ornaris en lytse Fokke wie der altyd middenmank, dy stie foar wetter noch fjûr.
“Yn ’e poel ha’k sitten,” sei Fokke bidêsd, mar dochs de moaije eagen noch fol skelmerije en do krige det fromminsk syn hantsje beet en sei, hy moast mar ris fortelle, licht koe der noch hwet op útfoun wirde, det hy net wer yn sokke greate ondôgensheden forfoel en ek de top noch bringe mochte.
Hy hinge der earst noch wol hwet tsjin oan, mar do waerden alle sounen fen ’e Saterdei’s opbycht en einliks suchte hy fol selfkennis: “It moat mar oergean mei dy top. Ik hie oars wol nei dy ta wold. Lútsen seit, yn ’e pasterijtún sit ek in gielgousnêst en der binn’ ek slangen.”
“Mochten jimm’ wol by de poel boartsje?” sei hja wer.
“Né,” skodholle Fokke, “mem sei, ast it ûnderstietst’ en dû giest mei Lys nei de poel, den scil ’k dy yn tsjusterst gat bringe fen ’t hiele hûs.”
“Ast nou ris tsjin mem seist, det it dy moit,” rette it fromminsk, “en dû ûnthjitst om ’t net wer to dwaen?”
“En meij ’k den noait wer by de poel komme? ’t Is der sa moai. Mar as’k it ûnthjit, moat ’k it ek dwaen, seit mem, oars is ’t skande en skande is dea, net?”
“Ja myn bern,” sei det fromminsk. Det bern wist net, ho-t it hjar yn ’t moed griep. Skande ef dea, det freeslik wird hie ek ienkear skieding makke yn hjar âlderlik hûs. Heit en mem hiene de knoei weikrige en der op ’e bare lei hy, de âldste soan, dy-t de dea boppe de skande socht hie.
“Dos scil ’k it ûnthjitte en meij ’k dy top den bringe moarn?” sei de lytse jonge. It gielgousnêst en de slangen lieten him net mei rêst.
“Det’s ôfpraet en nou moatst’ nei hûs en doch skjinne droege hoazzen oan en siz tsjin mem, det it dy moit, Fokke. Scilst’ it dwaen?”
“Ja,” sei hy. Dy rjuchtúte eagen koene net lige, det seach hja wol. “Boate, meij ’k derút?” frege hy. Boate en hy wierne nou wer goede maten, det fen ’t apelskooijen hie Boate al lang wer forgetten.
“Dach frou,” sei Fokke en in lyts smoarch hantsje waerde útstutsen. “Dach, myn ljeaf jongkje,” sei hja en knypte him ris tige yn ’e hân.
“Dû koest my ek wol ris in hân jaen,” sei de man neist hjar.
Fokke stie al oerein, hy bitocht him ris en noch ris—do sei hy ynienen earnstich wei: “ik meij dy net lije, dû bist sa swart.”
Foart wie hy.—De jonge doomné lake, det him de triennen hast oer ’e wangen rôllen en syn wiif lake mei. “Hwet in aerdich jongkje,” sei de iene tsjin ’e oare, “hwet in lytse permant!” en der kaem yn it hert fen dy jongeljue in winsk op . . . in swieten ien . . . in faek bigearden. Bringt in klaver fjouwer it lok, in klaver trije heart by de ljeafde. In hûs sûnder bern is in dei sûnder sinne.
Boate loek ris oan it slap pypke. “It is in pril jongkje,” sei hy. “As hy mar net tofolle oer ’t hynsder tild wirdt der by Wychman’s . . . Wûnder, det hy de earste Hastinger wêze moast der ’t jimm’ mei praet ha, ja ik fensels der net by . . . ’t Is ommers noch mar in jongkje fen in jier ef fiif. Hwerom net syn heit ef notaris ef Ulbe Jans, dy-t ek yn ’t fjouwerkant sit?”
Ja hwerom net? Hwerom moasten dy trije minsken inoar der mette op dy Septimberjoun? Wie ’t omt hjar wegen ienkear sa ticht neist inoar lâns rinne scoene, krekt sa lang, det hja by de greate kleau wer út inoar roanen for ivich? en de pasterijtún, hwer de bernefoetsjes nou sa frank en frij yn omrinne mochten, ienkear for in man yn ’e kreft fen syn libben wêze scoe as it forbeane Parradys, der de groun ûnder de foetten barnt en det dochs fol is fen ûngekende sillichheden en noait net dreame lok?—
De oare deis, de Sneine ha in bulte Hastingers yn hjar ûnthâld opteikene as in wichtige dei. De folle sinneskyn lei op ’t tsjerkepaed en ’t hoarntsje fen ’e stompe toer stie to blêkerjen yn ’e sinne en skittere boppe de beammen út, sa wie de earste opgong fen ’e nije doomné nei it bedehûs. d’Ald foetten fen doomné Westra, dy-t nou mjirkes wie en by de bern ynwenne, wierne de útslitene stiennen lâns sloft, nou stapte der in flink jongkearel lâns mei syn jong wyfke op ’e side en hie noch in greate forwachtinge fen ’t libben. Doomné Westra hie der in goed tritich jier stien en och! hy wie sa oan Hastings forkleefd rekke . . . de manljue, dy-t hy nou yn tsjerke sitten seach, hie hy as lytse jongkjes op ’e knibbel ride litten en fen dy ljeafde, der wie hwet fen sitten bleauwn.
En de Hastingers? Fen ’e moarn gyngen hja allegear wol trou nei tsjerke, mar der moast earst al ris in sek sâlt mei Fleurin, dizze nijling opiten wêze, eart hja him de ljeafde en it folle bitrouwen en ’e achtinge joegen, dy-t hja d’âld doomné altyd tadroegen hiene.
De tsjerke kaem út dy middeis. Ynienen wie it tsjerkepaed swart fen minsken, de frouljue yn ’e stemmige swarte dracht mei de wite floddermûts op, kroand troch ’e nijmoadrige hoed mei bûnte blommen. Wychman Hoara kaem de bakker op ’e side. “Nou, hwet seist’ der fen?” hifke ’r him. “Hat ’r ’t net moai makke?”
Dy wie wakkere neringsiik en hâldde in slach om ’e earmtakke. “Ja, hwet scil ’k sizze,” andere hy, “it fûgelt ken min oan ’e fear en ’e man oan ’e wirden, en dy wierne goed, Hoara, bêst! Mar hy giet der wol hwet lichjes oerhinne . . . Hy moat oars skoan hwet misse kinne, seit min. Nou, mei dy heide efterút, den kin hy oanslach krije.”
Det stie Wychman Hoara wol oan, det wie ek in plûmke for him, hwent hy hie alle war dien, om him biroppen to krijen. As ’t wiif ek net sa skatryk west hie, hiene se Fleurin hjir net iens ha kind, hwent der waerde forwachte, det it heale traktemint hast weijown waerde. Sa wierne hja det wend to Hastings—gjinien doomné der hie ’t oait op ’e hânnen stien, hja koene skoan hwet misse, derom mochten se hjar den ek skoan lije en hja kamen sa trou op, det hja stiene sims ta de tsjerke út.
“Hat de boer ek heard fen Timen’s Griet? Dy moat tige min wêze,” bigoan de bakker wer en roan mei Hoara nei hûs út.
“Altyd siik en noait dea,” andere Wychman Hoara stoef en in djippe tear kaem twisken syn foarse, donkere eachsbrauwen. “’tWiif sei oars al, hja woe der in pear poun spek hinnebringe litte . . .
“Ja, ja, min wit wol, hwa-t altyd klear stiene to jaen hjir to Hastings . . .
“Mar ik sei: det litstû, der’s dochs gjin salve oan to striken by dy ljue, det wiif is me der sa’n gatsjepanne, sa’n brieder, ’t is súver weismiten jild, sei’k.”
“De boer ken de ljue,” sei de bakker en tocht syn eigen. “Ea ja, ik siz altyd mar, dy-t him sels net mear bidrippe kin, moat mar oan ’e earmfâlden forfalle, der wirdt for opbrocht. En den dy Timen’s Griet! hwet binn’ der foar en nei slompen jild nei hûs ta tooid! min scoe sizze, hwer bringt det folk it! en ’t wie altyd op en wei dêr. Fensels, it moast mei ûnder de tekken. En nou bigjint it rib der heech to hingjen—de bern trouwd en de kearel âld—nou sitte se yn ’t lijen. Der is gjin omtinken, Kei. As wy ek net kloek en deun west hiene yn dizze minne tiden, hwa wit, ho-t wy der nou ta sieten, licht wol oan reapsein. Mar min rekkent . . .” en Wychman Hoara sette in heech krop.
“En as min den bigjinne kin to rekkenjen mei in tontsje fen yen âlden, boer, den hoecht it net iens to spannen, ’t jildoerwinnen,” andere de bakker nippel. “En ’k moat dit mar sizze, it falt my den altyd noch danich ôf, det der mei al ’t gjerjen en bikrinken noch net mear by inoar klauwd wirdt” . . .
Wychman Hoara skûrde in pear rare eagen op. “Noch—net... mear?” en hy stammere fen lilkens. “Hwet wist dû fen myn kaptael! Hearink, my tinkt, dû koest dy wol hwet ynbine mei dyn smeulske praetsjes—dyn foet stiet ûnder allemans tafel.”
Krekt gyngen hja it kreaze boerespultsje foarby, det fen Ynske Ljibbes, det foart troch de bûrren stiet mei acht en fjirtich pounsmiet bêst lân yn ien kavel derefter. ’t Ald minske wie der út forstoarn—nou kaem ’t op ’e bûrden.
Wychman Hoara glûpte ris skean ta de eachshoeken út nei dit fette hapke, det him sa gelegen lei.
“Sjoch,” sei de bakker, dy-t wol mirk, det ’r to fier gien wie, fluensk, “dit moatt’ jy nou ris keapje. ’t Leit súver yn jowes. Ik tink der net oars oer, as jo roppe “myn!” Saterdeijoun by de tawizing.”
De stoefe, donkere eagen fen ’e rykste boer fen Hastings fonkelen noch fen nidigens. “Ienkear scil ’k noch ris “myn!” roppe, Kei,” sei hy mei in bisondere neidruk op elts wird, “hwersanne det wêze scil, der kinst noch wol ris raer fen opharkje, raer, siz ik dy. Dach,” en mei de moi reade holle stiif yn ’e nekke stiek hy mei steande earen op hûs ta, nei ’t boerespul, det oan ’e wei fen Hastings nei Hjerrewâld toside fen ’t Jifferspoeltsje leit en der ’t de Hoara’s al sont geslachten tahâlde.
Sa op ’t each like it mar hwet útwenne, it wie sober yn ’e farwe en noch sa âldmoadrich, det it skeinde hiele Hastings mei syn spitse heechoppe foargevel, dy-t hast weikrûp efter in greate isejanebeam en syn lytse finsters, dy-t as slieprige âld eagen skean en bryk yn dy foargevel stiene. Derefter skimeren forwoskene blauwe gerdinen mei wite franjes, s’as min se foar jierren folle plichte to habben by ljue, dy-t hjar oan ’t âlde hâlde woene en bidieken de boppeste helte fen ’e finsters. Hja hingen hast op ’e houten ramtsjes, wûndre hekjes fen fine latsjes by inoar timmere fen baes kûper—den wie ’t hast sa gaepsk net yn ’e keamer.
Hwet skeanwaeide beammen stiene om ’t hûs hinne en in hege dyk, ticht bigroeid mei koetsebeammen en bjirkestruwel, frede it hiem fen ’e lânnen ôf. Min hie hjir neat for aerdichheit, selst it lytse streekje tún foardoar, det klaveren hja simmers en by ’t hjerst stiene der yn ’t fjouwerkant om boerekoalsplanten, it brocht dos dûbbeld op. Allinne yn ’e iene hoeke tichte by ’t bjinstap, der stie in roazebeam, in moaijen ien, dy bloeide read. Ho-t dy der kaem wie, det wist nimmen mear, det wie al sa lang forlyn, licht wol yn dy tiden, do-t de Hoara’s ek noch om oare dingen tochten as om jildoerwinnen. Alle jierren scoe hy derút, sei Wychman en alle jierren alweroan bloeide hy sa moai en roek sa hearlik, det it wiif sei, hy moast him stean litte en sa ranke hy al fierder en fierder en hinge al heal oer ’t bjinstap hinne. In pear ôffallene blêdtsjes dreauwne yn ’e koelbak om en guont stouden foar de beide lytse jonges hjar foetten, dy-t der wiis en stil op in pear omkearde amers sieten to hânneljen oer in glêzen bakkert. Dy hie Fokke en Nuttert’s Date hie in fjurstien en in âld mes en den ek noch in grif, dy woe hy einliks wol forhânnelje oan det prachtstik fen Fokke en Fokke woe graech de fjurstien en ’t mes ha, hwent det kaem yen tige to pas yn sa’n greate bosk as de pasterytún, der ’t Date en hy de hiele moarn yn omstrúnd hiene. Fokke wie in liipen ien, hy naem Date mei en do ’t it ek noch útkaem, det de bakkert in bast hie, wie de kaert ynienen forjown. Date slûpte fen ’e amer ôf en gyng om ’e hússide stean to gûlen en Fokke krige de fjurstien en ’t âld mes en ’t stik grif, al syn hearlikheden en kegele se him efternei yn ’t gêrs. It mes rekke út ’e koers en fleach by heites troch de glêzen en de bidriûwer fen ’t kwea spile de wyk en krûp yn ’t elzenboskje by de poel.
Der kaem Wychman Hoara om ’e hússide, steil en stiif yn ’t fesje. It wyt oerhimdtsje wie foarwei en de fyn lekkense jas hinge al wer oer ’e stoel, “officiëel” wie for him de Sneine foarby.
Der krige hy Date yn ’t fesier en ’t stikken rút. “Hastû det dien, ondôgense jonge?” sei hy en skodde him ris oan ’e mouwe.
Date krûp alhiel yn inoar yn al ’t bisef fen syn nietichheit foar de strange eagen fen de boer, mar syn eagen dy sloech hy net foardel. “Né, boer!” stammere hy deabinaud en ’t lyts jaske mei gleone gledde gouden knoapen fleach op en del, sa sloech him ’t hert.
“Scilst’ my det ligen hiette, divelske jonge! En dû stietst der ommers by! Wist wol, det ik it dyn heit bitelje lit Saterdeijoune, dû heidehipper!” De boer makke him ho langer ho lilker en kaem noch tichter by de lytse jonge. “Hwet bidocht min yen sok folk ek oan to heljen, sokke heidebern, sok onrân to ligen.”
“Ik liich net, boer. Beppe seit, it meij net.”
“Beppe?! hokfoar beppe? Dy heidebeppe mei hjar trije spyn lân? Dû stietst der by en dyn mes fljocht troch myn rúten en det hietst’ my ligen, my? Ik scil dy opsitten leare, dû slûchslimme gichemert!”
En do sloech Wychman Hoara de lytse jonge. Syn lichemke wie noch to lyts om him to forwarren, mar syn hert al forstânnich genôch, om op dit stuit it bigrip forset to learen en Wychman Hoara hat it letter op in gefoelige menear ûnderfoun, ho’n freeslik wapen det is, as de earme, dy’t neat to forliezen hat, it yn hânnen nimt.
Der snûrre ien om ’e hoeke. “Ho!” sei dy en de hân, dy-t al wer yn ’e hichte gyng, sakke wer. Date seach ’t troch syn triennen hinne. “Moat det sá, Wychman?” sei in lang, licht fromminsk en wiisde nei Date.
“Binn’ ’t dyn saken, Gels?” frege hy skerp en syn gleone brúne eagen hjiten hjar ’t swijen.
“Nou, hwet diichst dy jonge sa to slaen?” Hja stie Wychman optheden—hjar gefoel for rjucht dreau hjar to sterk, om for dit lytse swakke bern op to kommen. “Hwet hast út-’e-wei-set, Date? To jonge, stien der net sa to mâl sjen, siz op.”
“Ik die ’t net, frou,” sei hy mei in lyts lûd.
De dikke ieren op Wychman Hoara syn foarholle swolden al wer op, fen nidigens bigoan ’t yn syn eagen to flikkerjen.
“Liich nou net wer,” sei hy, “as ik slach dy dea.” Do waerde Date bang, hy krûp efter Gels hjar rôk. Der seach hja it stikkene rút.
“So....!” sei hja mei in lange úthael, “so....!” en hja pakte him mei de hân únder ’t kin, “hastû det dien, jonge?”
“Né frou,” sei Date. Fokke forklappe woe hy net, det koe hy net. O wie hy mar thús by beppe’s ef mar by heite’s! Hwet wie’t der folle better as hjir by de bokkewein en de brabantse keninen en dy wrede man mei syn swiere ilige hânnen!
“Hea, hwet bistû stymsk! ’t Wie dochs dyn mes, det dertroch fleach?”
“Fokke hie ’t koft,” flústere Date en hy skokte noch fen ’e neisnokjes fen nys ansens.
Gels bigriep ’t ynienen. “Hwer ’s Fokke?” sei hja en seach om hjar hinne. “Wistû ’t ek, Date?”
“Dy’s foartroan,” sei hy en woe him ôfjaen. “Kom mei,” sei Gels goelikwei, “ik scil dy in stik iten jaen, Date, en den moatt’ jimm’ strak mar wer moai boartsje.” It bigrutte hjar om ’t lyts jongkje, det der nou sa moedeleas neist hjar lâns stapte mei syn bleek kopke en syn nij buiske oan fen ’t allerminste gûd, det Fokke noch net iens for deis drage mocht.
Sjesa, tocht se, ik scil him ansens wol biprate mei in stikmennich moaije apels, det hy ’t mar stil hâldt, ho-t Wychman him tramtearre hat. Mar och, hja koe dy lytse jonge syn natúr net.
Hja hie efkes yn ’e keamer west om him in snobsint to heljen en do-t hja werom kaem, wie ’t lyts stoeltsje yn’e hutte leech en fen ’t iten hie hy gjin krûmmeltsje nuttige en de readwangkje apels leine der noch krekt sa neist. Stiltsjes wei wie hy nei hûs ta slûpt en der droech hy ’t heit en mem ûnder triennen en snokken oan.
It sette kwea bloed by Nuttert. It stoefe, rare, ôfgnouwerige fen Wychman syn wezen, der hie hy al noait oer mocht, mar nou hy syn jonge sa tramtearre hie, krige hy súver in pik op him. It wie in goelik mantsje, Nuttert, mar sa stiif as in peal yn sok stik fen saken en den bûrrle en kôke it krekt sa lang yn him, det it ta in útbarsting kaem.—
De Moandeitomoarne ier en betiid stapte Nuttert wer nei de boer ta en Date gyng mei him det út nei skoalle. Der wie ’t noch fierst to betiid ta, mar hy boadskip-roan earst noch in set for de bakker, der hie hy trije stûren wyks fen.
“Dû tinkst der om en setst gjin foet wer op ’t hiem by Wychman’s, bigrepen?” droege Nuttert him yn. “Lit hy syn houn slaen, mar myn jonge! der hâldt hy syn klauwen ôf!” en ’t lytse mantsje makke him noch ris wer lilk. “Hjir hast in dûbbeltsje, keapje der de moaijste bakkert for, dyst’ krije kinst’. Mar pas op, det mem him net sjocht.”
“Né!” ûnthjitte Date en omklammere mei lytse bigearige hânnen syn greate skat, tsjien gledde koperen sinten. Do roan hy mei lytse stapkes foart en Nuttert gyng mei in swiere mûts op oan ’t wirk, efter boppe oan ’t ploeijen for de winterfrucht.
Ynienen kaem ’t him yn ’t sin, ho-t hy hjir foar tweintich jier ek sa stien hie en de hynsders foar de ploege sloech, do wie hy trije en tweintich jier en nou roan hy nei de fyftich en altyd hie hy by de Hoara’s tahâlden. De hotte hie de file noch noait rekke mei dy twa, hja hiene inoar noch noait de tosken sjen litten. Krekt as mijden dy twa sterke natúren hjar derfor, krekt as fielden hja, dat der den in wrok sitte scoe, dy-t noait wer forsliet.
Der kaem de boer oanstappen, it kofjetsjetteltsje yn ’e hân en ’e âld figematte djip yn ’e eagen, min scoe súver sizze, hy seach neat. Mar as hy ek seach!! De rjuchte fjurgen fen Nuttert en det d’âld swarte noch altyd oan ’e poat loek en ’t omluiterjen fen ’e ierappelssikersfrouljue op ’t oare stik en ’e appeltsjes oan ’e wylde appelbeam op ’e dyk, dy-t hy wol yn syn hôf sette koe. Dy droech nou.
“Moarn,” sei hy stoef-wei.
“Moarn boer,” andere Nuttert, mar it frjeonlik oansjitske yn syn lûd wie forklomme ûnder ’e druk fen it oantinken, ho-t dizze greate kearel syn lytse Date omseame hie. Och ho fielde hy ’t nou wer, ho-t hy heit oer dit jongkje wie, ho mâl as ’r mei him wie!
“Dû moatst ek noch ierappels helje fen ’e wike,” hjitte Hoara him en wiisde nei it oare stik. “Kinst dit fen ’e wike noch om?”
“’t Scil wol moatte,” sei Nuttert. “In nije wike, nij wirk, det’s ommers widânzje hjirre.”
Hoara bitocht him ris. Der wie hwet yn Nuttert syn praet, det stie him net oan. Krekt as prate hy tsjin syn gelikens—net tsjin him, Wychman Hoara, de rykste fen Hastings. “Ja . . . widânzje is ’t . . .” sei hy. “En yn nije wike moatst mar oan ’t ierdmennen.”
“Der moat de boer den mar in oaren ien for sjen to finen,” sei Nuttert ynienen. Nou wie de kûgel troch de tsjerke.
“Hwet seist’?”
“Det ik myn measte wirk hjir dien ha. Wy kinne net mear meiinoar oer ’e wei.”
“Hwette!?” Wychman Hoara joech de figematte in triûw, det hy kaem him efter op ’e holle to sitten en syn eagen fonkelen der ûnder út, fûl as slipe mespunten. “So, so! knypt de skoech dêrre...? Jonge né, dû stekst om hiele oare dingen de hoarnen yn ’e wâl.”
Nuttert liet ynienen de stirt fen ’e ploege los en gyng lyk foar Wychman stean. “Ja boer, der binne hiele oare dingen. As Nuttert Date’s út ’e tsjinst wol, der hy tweintich jier forkeard hat, den is det in swier stik. Der hat hy nachten sliep om brutsen . . . der . . . hat hy om . . . skriemd . . .”
“En hwerom docht ’r ’t den?” . . . frege Wychman. It wie him net sa bêst to moed, hy mirk it wol, dy Nuttert wie sa lilk det. En hwet scoe hy sûnder Nuttert? Dy wie ’t âld bistel, dy seach op alles ta, as hy nei de forgearringen fen ’e rie moast.
“Det is myn wraek,” sei it lytse mantsje koelwei en boun de jageline om ’e stirt fen ’e ploege. “Sjoch boer, wy en ús gelikens sitte altyd yn ’t ûnleech. As wy roppe, hwa harket dernei? De skreauwers hat ’t net min, wirdt der sei. Wy binn’ de bitelle slaven fen ’e jildljue. Dy nimme it bêste fen ús for in bytsje lean en as wy âld binne, den smite se de doar fen ’t earmhûs op en sizze: der yn, hjir hearstû! Der meije wy den op ’e dead wachtsje en dy is jamk meilydsumer as de minsken . . . dy hellet ús gau. Mar sa lit ik my net traepje!”
“Ea jonge né, dû hast ommers ek jild fen beppe’s . . .” gnyske Hoara. Det wie de lêste drip . . . der roan de oan-’e-kop-ta-folle beker fen Nuttert syn opkroppe lilkens fen oer.
“Jow my myn jild!” raesde hy. “Ik gien optslach foart,” en hy strûpte de jas al oan. “Sjoch sels ’t lân om to krijen.”
“Ho, ho!” sei Wychman Hoara, “de brij wirdt sa hjit net iten as er opskept wirdt. Moarn moit it dy, jongkje. Dû hast it as prûmmenbôle by ús.”
“En myn jonge den?” Do bigriep Hoara, hwer de oast siet, hwet him sa oerstjûr makke hie.
“Hwet hie hy ’t goed by de boer, hen?” húne Nuttert mei bloedbiroanne eagen. “In wan, det hy gûlende wei thús kaem is, syn klean stikken slein . . .”
“Det kaem, omt it gûd sa gemien wie,” spotte Wychman Hoara.
“Det kaem, omt de heit biwys ha scoe, as hy ’t oanbrocht by ’t rjucht,” sei Nuttert.
Do krige Wychman Hoara in skrik. Myn goede, der hie hy noait net om tocht, det dy Nuttert sa opspinne scoe, prate oer ’t rjucht, oanbringe. . .!!
“Ho koest’ it goedkrije, det bern sa to slaen? Hie hy dy hwet dien?” sei Nuttert pûrrazen. “Pleage hy Fokke? Né, dyn eigen jonge, dy dogeneat, smiet it mes troch de glêzen en mines moast it bilije, hwent och, det is mar in heidebern, ’t kin wol lije.”
Do smiet de boer it ynienen oer in oare bûch. “Hark ris,” sei hy, “der leit joun for dy yn ’t foarhús in bankje fen fiif en tweintich goune en den moat it út wêze. En dû bliûwst by úzes.”
“Né,” sei hy stiif en gyng by de hynsders wei nei de foarikker ta. Mei lange stappen kroaske de boer him efternei, skytskoarjend, as skamme hy him oer him sels, det hy syn fêst arbeider sa de holle yn ’e skoat lizze scoe.
“Tink om ’t wiif en bern. De winter stiet foar de doar. Moast mear fortsjinje? Siz op! Achttsjin stûren? in goune?”
Nuttert liet him mar prate en biede. Syn holle sonk him djip twisken de skouders . . . nou ’t hy for ’t lêst oer ’t lân gyng, der hy sa lange jierren op omskript hie, waerde it moed him fol . . . ’t Wie krekt, as hâldde dit lân him fêst, klammere de weake ploege modder him om de foetsoalen.
“Twa en tweintich stûren . . .?” sei Wychman Hoara en kaem him mei lange stappen op ’e side. “Hwer scil ’k ien weikrije, dy sa trochkrûpt is yn ’e boerkerij as dû? dy ’k alles tabitrou? Dû falst my ôf—ik tocht, detst in kearel út ien stik wiest, dû smytst dyn eigen glêzen yn.”
“Ik nim wraek,” andere Nuttert en gyng foart, sûnder dei to sizzen nei hûs ta.
“Dyn jild!” rôp Hoara.
“Hâld it!” rôp Nuttert werom en wie al by de elzewâl.
Jierren letter ha se earst ôfrekken hâlden . . . en Wychman Hoara hat do oan ’e koartste ein litsen.
Sont dy dei binn’ der al wer njuggen simmers kaem en gien en it is nou hjoed in moaije hjerstdei . . . sa wûnderlike stil en fol sêftens en ljeaflikens, det it der hast net by yen yn wol, ho gau ’t it nou wol dien wêze scil mei de skittering fen kleuren, hwer dizze neisimmerdagen hjar mei toaije.
De daeljes bigjinne to bloeijen, de stive, kleurige boaden fen ’e hjerst. Wyt spinrêch leit der oerhinne en skittert fen sinne en dauwe en oan ien fen ’e daeljeblommen is in bjirkebledtsje hingen bleauwn in gielen ien, toar en âld. It trillet noch hwet yn ’e wyn, den waeit it det oer nei de sleat, der al tûzenen op ’t wetter omdriûwe, weismiten troch hjar wrede boarter, de wyn.
Bûtendoar is ’t deastil. Hester Hoara sit foar ’t finster to haken, hja heart de oerripe apels fallen yn ’t lange gêrs yn ’t hôf en hja strykt it swart siden skelkje gled en giet derút, om se op to siikjen. De waermte slacht hjar noch tomjitte foardoar, wol is ’t de simmer nei de simmer, hwaens dagen op sêfte soalen foarbyglide mei swierbidauwe mantels om, hwaens blommen namsto lekkerder rûke, krekt as wite hja ’t, ho gau ’t hja nou hjar possenaesje útspile ha.
Stadich giet hja foar de finsters lâns fen ’e kreaze stjelp, der hja mei in faem en feint húsmannet en kuiert troch ’t slingertún nei ’t hôf ta oan ’e hússide. Hjir is ’t altyd smout en moai—it leit oan ’e súdkant. De jonge hofsjongerkes sjonge yn ’e tokken fen ’e appelbeammen; Hester wit wol, hwer hja útbret binne, der yn ’e skeanwaeide wigterbeam. Nou binne se al great . . . it is hjerst waen.
De krúsnotsjes blinke twisken de griene bledden, de ealjebijen gounzelje derom hinne, bilust op ’e oerripe fruchten. Hester snúft de hearlike geuren op fen alles hwet der ryp en swier twisken de tokken skûlet, ien amerij is hja mids dizze natúr fol oerfloed en foldiidigheit, fol kreft en skiente, ek noch jong . . . noch wer jong . . .
Noch wer . . . hwent for hjar is de simmer foarby . . . It is nou allinne mar mear neisimmer. Neisimmer! it jiergetiid, det min de fruchten fen it fjild sammelt yn ’e skûrren en de fruchten fen it libben mei in gjirrige hân, dy-t der net ien wer fen misse kin, sammelt yn hert en hûs. Hwent o! ho djûr binn’ se yen waen! Hwet is der nei útsjoen . . . om skript, for bodde! Is de jonkheit der net faek om forgetten en ’e libbenswille oan kant skouwd as in fleurige gast, dy-t min sokke tiden oer hat...?
En nou is de neisimmer kaem, de tiid fen ’e rispinge . . . Elts foar oar hellet syn bisit nei him ta. Hark! der komt de boer fen ’e tsjerkepleats oanriden mei de folle siedwein . . . syn eagen skitterje, as hy tinkt om ’t gewin fen syn hân en de swiere hjouwerieren, der de wein heech mei oploege is, kitelje him tsjin ’e holle oan. Janke en dy giene to ierdappelsiikjen yn hjar eigen—heit mei de greate jonges foarút en ’t wiif efteroan mei de famkes en ’e lytste yn ’e kroade en dy leit der yn as in prins. De sinne skynt him waerm op it lytse kroeze kopke en hy spartelt sa mei de bleate foetsjes om, det min kin súver de rose boltsjes fen ’e foet sjen. De âlde swellen sitte op ’e skûrredoar en leare, eptich yn ’t swart as wiisgearen de fjouwer jongen de weet fen ’t fleanen, der hja hjar profyt mei dwaen scille op ’e greate reis. Der is ien great gerucht fen sterk, foars, jong libben yn ’e loft en oer ’t fjild, krekt as wirdt de natúr oanfitere nou noch ris ta ’t allerúterst, om it lêste, it bêste to jaen út hjar simmergielgoede.
Ja, de neisimmer is kaem, de tiid fen ’e rispinge. Syn pracht is dy fen in kening, dy-t skiede scil en de heimnisse fen o safolle! meidraegt yn syn iensumheit, syn stiltme is dy fen in greate, faek bisochte timpel, der de lêste lofsangen fen ’e lêste tankberen yn ’t koart weistjerre scille, hy hat him sêd sjoen oan simmerlok en minskene-bidriûw.
En fol birêsting scil hy hinnegean. Hy is bifredige . . . alhielendal . . . folkomen. Oan al syn maitiidswinsken is foldien, al syn simmerhoop forfuld. Der is gjin gedachte mear yn syn hert, dy net ta died folgroeid is, gjin heimnisse mear, der syn eagen net oer gien binne . . . De bledtsjes, dy-t út de húllen poarren hat ’r sjoen en it oankommen fen it earste knopke en de blom mei al hjar pracht en geuren as in breid, hwaens komste allinne al hiel d’ierde sieret en nou . . . nou skittert de frucht mei giel en goud...!
Hy is de hjerst, de wittende . . . Nou kin hy stjerre . . . It wirk is biredt . . . syn âlde eagen habbe it greate libbensbidriûw sjoen en de winterslom, der hy nou op wachtet is lang en swier, o sa swier . . .
Ja, de neisimmer is kaem, de tiid fen ’e rispinge . . .
Hester merkbyt it oan ’e geurige krúsnotjes yn ’e skelk en oan ’e heakipe efterhûs der de sinne nou noch krekt op skynt, súver as goud ’t is. Det hat de hjerst hjar brocht, in skûrre fol hea, in bûsfol jild en . . . en . . . forlangst . . .
Hwernei . . , hosa . . .? Hat hja ’t net skoan? Hja tinkt om hjar heit en hja sjocht him noch sa klear foar hjar mei syn wyt hier en syn fol reafallich antlit, hwer det wite hier sa by misstiet. Né, de tsjerkhôfsblommen hearden noch net by him . . . en nou ... nou waeije se al sont lange jierren oer syn grêf. En Hester, de jongste? Dy is net útflein út it âlde nêst, al diene de oaren it hjar foar, dy wie to swier to rissen . . . det is in âld-faem waen, goed for de broerren as in jildmoike.
De tearen yn hjar antlit wirde ynienen skerper, al forsêftigt de hjerstsinne it hirde fen ’t antlit ek, it fel komt der rûm om to sitten. Nou stiet se yn ’e folle middeissinne mei de hân boppe de eagen en sjocht it lân út. In fromminsk is ’t noch op ’t bêst fen ’t libben, sa om-en-de-by de fjirtich hinne, mar de roazen op hjar wangen binn’ forwile en de libbenshjerst hat tomûk syn sulveren spinrêgen troch hjar pikswart hier hinne weefd. Donkere eagen forlevendigje it antlit en de moaije foarm fen foarholle en eachsbrauwen scil net folle mear foroarje, al wirdt hja ek âlder. In natúr, dy hwet wol en hwet kin, mar der leit ek hiel hwet sêfts yn dy eagen, echt frouljueseftigs, der min ek sûnder wirden it minske út kennen leart. En mei Hester Hoara is noch noait ien bidroegen útkaem. Yn ’t doarp is hja gesien . . . al leit it net yn ’t fryske aerd, det to úterjen. Hja wit it wol . . . en det is genôch.
De feint en de faem komme it lân út wei mei ’t jok en amers op ’e skouders. By Styn hingje se hast op ’e groun, by him swaeije se der oer. It is in greate gewante kearel, dy Doede en de brede, foarse holle sit him rjucht op ’e koarte, reade hals. Earst wie hy lytsfeint by heites en nou al sont jierren wennet hy by hjar foar feint. In heech lean, net folle to dwaen, nou wirdt der fen gnúte, hy wol trouwe . . . mei Styn.
Do hat Hester lake. Der hat hja noch noait hwet fen bispeurd. Dy twa, dat scoe iens spul wêze en det yn hjar hûs ûnder hjar eagen. En den mei Styn . . .
Mar Styn is jong en fen ’e soarte, dy-t de mânljue wol lije meije, in flodder, gekjeije en oangean en den wer stoef en stil . . . Alle dagen hwet oars . . . Aprilwaer . . . neat net bistindich fen wezen. Nou laket Hester noch ris wer . . . sa forsnobbet Doede syn oartsen net!
In moai hoekje skaed fen ’e elzenbeammen leit der op ’e brede reed. De sinne twiljochtet der troch, de koetsebeijen glimkje der boppe. O de lette ljeafde fen ’e dei is sa moai, de sinneskyn noch sa waerm en sa lokjend!
Der bliûwe se ynienen stean to rêsten, deun neist inoar. Stadich giet Hester yn ’e skûrre en sjocht troch ien fen ’e brede skreven fen ’e skûrredoarren. Krekt as wirdt hja der hwet oars fen, o sokke swiete oantinkings, komme hjar yn ’t sin fen hjar eigen jonkheit, dy hja nou al sa lang forgetten hat as in reisger it frjemde lân, der hy ienkear trochreisge is en noait wer en der hy einliks fen tinkt, det hy it dreamd hat.
Hja kúrt mar aloan nei detselde plak, der Doede en Styn stanne, hy mei ’t blauw kyltsje oan en hja yn ’t forwoskene melkersjakje. Nou strykt Styn mei de hân it krollige hier hwet út ’e eagen en hy stiet der unbihouwen by to sjen.
Der ynienen pakt hy hjar beet en lûkt hjar noch fjirder nei de elzenbeammen ta. Wyld en woest—Hester ken dy stemmige Doede net mear . . . En Styn lit him gewirde, ienris, né twaris, né noch folle faker.
Mei in swaei krije se ynienen ’t jok en amers wer op en komme hastich op hûs ta. Ien amerij wisten se neat oars yn ’e wrâld as det hja inoar ljeaf ha . . . nou biseffe se ynienen wer, det se feint en faem binne by Hester Hoara en det dy goed is, mar ek tige krekt.
De lette ljeafde is kaem mei ’t ûndergean fen ’e sinne.—
Hester wie oars as oars dy joune ûnder iten. Styn seach Doede ris oan en Doede Styn en do nei de frou. Dy stúme en siet yn ’e prakkesaesje wei foar hjar út to sjen nei de wei . . .
Do sei se ynienen: “Is der ek hwet nijs, Styntsje?” Styn krige in kleur as bloed en untwykte de frou hjar eagen. Hja siet der al kreas forklaeid foar mei in donker jakje oan en ’t skjin wyt skelkje foar, hja scoe noch nei de bûrren ta om boadskippen. It wie in aerdich kopke om nei to sjen, allinne yn ’e eagen lies min hwet al to dúdlik de hiette sin for libbenswille. Doede trape hjar fyntsjes op ’e teannen, hja moast op hjar openst wêze.
“Net det ik wit, frou,” andere hja dimmen wei, mar hja koe ’t net keare, det it blije yn hjar wangen him al wer fordonkere ta gloeijend read.
“Ast ansens nei de bûrren ta giest, licht hearst den wol ris hwet,” en Hester lake fyntsjes. “Jimm’ sitte ommers fol fen frijerij en ditten en detten. Nou, der bist jong for, Styntsje . . . Honear komt Jan hjir ris wer to pizeljen?”
“. . . Dy . . .” flapte Styn der gysten út . . . “Noait wer.”
“Dû makkest my net wys, detst fen alle setsjes en pretsjes sûnder feint thúskomste.” It lûd fen Hester wie ynienen foroare, it klonk núvere stoef. Doede draeide de pet as in top twisken de fingers, hy duchte in leksum for Styn. Nou, den de kûgel ek mar troch de tsjerke, ienkear waerd’ hjar de bycht dochs ôfnaem en de saek lei der ta. Scoe de frou der hwet fen witte? “Ik tochte,” bigoan Hester wer bidaerd wei en op ’t stik ôf, “det wy ’t bêst mei inoar fine koene. Dû wennest hjir nou yn ’t fjirde jier . . . wy binne ta inoar biwend. En derom moat ik ’t dy sizze, Styn, it giet sa net goed mei dy. Earlik en oprjucht oeral for út komme . . . mar noait neat ûnder dúmkes dwaen, Styn . . .”
“Né frou,” sei Styn mei in lyts lûd. Hja winske hjar sels ûren fier en den allinne mei Doede. Hja scoe noch hwet sizze, det hie in leugen waen, mar Doede hiette hjar “stil!” mei syn swier lûd.
“Hat de frou ’t ien as ’t oar oan Styn bifoun, det net goed is, yn ’t wirk as sa as yn reden en biskeid?” Hy woe ’t oer in oare bûch smite, mar o de gochemert wist oars sa goed, hwer de skoech knypte.
“Né det net . . .” sei Hester mei tsjinsin, “mar Styn moat moarn mar meiride yn ’e wein nei de Ham ta....
“Mar frou . . .” sei Styn. “Stjûrt de frou my sa hommels foart?”
“Dû as Doede? Hwet wolst’ ljeafst?” Hester biet ynienen it punt derôf. “Hwerom mochte ik net wite, det jimm’ inoar lije mochten?”
Der fonkele hwet yn ’e feint syn eagen as haet. “Styn en ik scill’ trouwe,” sei hy nou ynienen koartwei, “en ’t bêste is, wy giene beide mar foart. “Mar Styn scil mei eare hjir wei, det wik ik jo.”
“So . . .?” andere Hester mei in lange úthael. “Scilstû my hjir de wet stelle, Doede? Dû hast hjir in heareneintsje libben hawn en in grou lean fortsjinne...”
“Der ha’k myn wirk for dien,” foel hy hjar botwei yn ’e reden. . . . “En om nou bodder for in húshâlding to wirden, yn ’t dongsteed to stean as foar in fjild mieden, det der ôf moat.... Ik hie net tocht, detst noch sa sljucht wêze scoest op dyn jierren, Doede.”
Det stiek him. “Is njuggen en tritich jier den to âld? Ik scoe sizze, det de frou it my ôfwint, mar wy kinn’ freegje en ’e frou moat ôfwachtsje en derom . . .
Do waerde Hester lilk. “Hark ris,” sei se en gyng nei de moaije mahoniehouten kast ta, “ik scil dy dyn jild jaen, Doede en den mar gau foart. En Styn, dy moat mar mei, optslach ek.”
Doede smiet syn stoel tsjin ’t bedsket oan en loek Styn mei ta de keamer út. As hy lilk waerde, wie hja o sa bang for him en as in bern naem hy hjar mei bûtendoar en sette se op ’e koelbak by de flearebeammen del.
“Nou hwet seist’,” flústere Styn ûnder ’t gúlen wei.
“En dû?” Hy sloech hjar de earm om ’e mil en seach hjar ristige djip yn ’e greate, heldere eagen.
“Sa’s ’t dû wolst’,” sei hja mei in sucht. As hja by him wie, hie se gjin wil mear, det lei sa yn hjar aerd en nou ’t it lot hjar de man joech, dy by hjar paste, kaem det noch namstomear út. Ljeaf ha en tsjinje—det wie for hjar ’t selde.
“. . . Nou, helje dyn gûd en gien mei nei memmes ta. Dû hast ommers dyn lean ek krige . . .”
“Op ’e sint ôf,” andere hja. “En sjochstû, ik ha de frou do hwet bystien, do-t se ’t sa oan ’e senuwen hawn hat, der ha’k noch twa ryksdaelders for krige. Hja ’s oars net sa min . . . it moit my . . .”
“Hwet moit dy . . .? siz op . . . Nou gjin gemael.”
“Kinstû ’t goed krije, det wy de frou der sa foar sitte litte? Hwet hat se net for my dien, do-t ik hjir kaem to tsjinjen en ik wie in wees, Doede. Sa wol’k net foart . . . as ’t ús letter den mar goed-giet.”
“Hm,” sei Doede. Frouljue hiene altyd fen dy fiven en seizen, in hird man op in weak tsiis en wrachtsjes, hja koene hjar der altyd wer útwine.
Styn gyng oerein en bleau foar him stean, o sa fris en aerdich, mar it fine kopke noch hwet roazich fen opwining.
“To,” sei hy, “gien noch efkes sitten,” en lei hjar de swiere ilige hân op ’t skouder en loek se wer neist him op ’e koelbak. “Wy ha nou dochs foargoed healjoun, fanke.”
De lange skimerjoun fen in lette sinnige hjerstdei donkere al oan oer ’t fjild, de bledden fen ’e kornoelje om ’t potrak risselen en foelen fen ’e fjûrreade twigen. Hjir en der pipe in inkeld hjerstfûgeltsje noch syn jounlietke yn ’e dod . . . oars wie ’t deastil om hjar hinne, sa stil, det hja hearde Doede syn horloazje tikjen yn ’t fesjebûske.
“Hea,” sei hy, “as ’k der om tink, ho-t wy mei gauwens ek sa sitte scille yn ús eigen húske, Styn . . . Tsjerk en dy gien’ der Allerhilligen út en wy den skielk mar trouwe, net?”
“Foar Nijjier dochs?” sei hja. O hwet lei der in freze yn dy fraech! “Stil mar ... stil mar,” sei dy greate foarse feint neist hjar en streake hjar oer ’t sêfte, blonde hier. “Dû bist alhiel oerstjûr . . . Steur der dy net oan fanke, Hester forgunt dy dyn jonkheit en Nijjier, fanke, Nijjier! den bist dyn egen frou!”
. . . “Scill’ wy yn ’e hûs?” sei hja ynienen en krekt as skamme hja hjar oer hjar egen wirden, sa súnich liet hja der op folgje: “Ik kin sa net foart, Doede. Ik wol earst noch mei de frou prate . . . it hwet bihimmelje.”
“Dû leist by . . . ik bigryp ’t wol,” andere hy noartel, “mar ik hâld de kop derfoar. Ik ha myn lêste wirk hjir dien! Det wiif mei hjar ynfierenheit, dy forgunt yen wrachtsjis, det min inoar lije mei. Hja mocht wolle, det hja ien hie, dy-t hjar sa miende as ik dy. En den my om ’e noas to wriûwen, dû mei dyn njuggen en tritich jier? Bin ’k noch net jong? net sa sterk as in dyk? Ik helje de tachtich wol en den bist dû . . .?”
“Ien en sechstich,” rekkene Styn út en seach him mei glimkjende greatskens oan. ’t Wie ommers hjar sin en den to wenjen yn syn egen oerfortsjinne húske en hjar egen iten op ’t fjûr to habben, sels frou to wêzen, det like hjar sa moai ta as in lyts parradyske.
Hja diich gjin lichten mear . . . nou woe se dochs noch efkes nei de frou. Doede seach hjar sneu en stil weiwirden efter de syddoar—do helle hy de tabak út syn kleankiste en de piip en gyng by de wei stean to smoken. As ’t strakjes tsjuster wie, kroade hy syn spullen nei memmes ta en Moandeimoarne scoe hy ris sjen, as hy him ek bisteegje koe by Wychman Hoara as fêst arbeider. Hindrik wie nei Nuttert nou ek al wer foart.
“Joun!” seine in pear jonge fammen en draeiden snjittrich om him hinne nei Hester’s ta.—Dy groeije ek net yn ’t lilk op,—tocht hy en seach se ris efternei. Hjar greate bosken hier skitteren yn ’t healtsjuster noch as gled koper en der siet sa’n swaei yn hjar healkoarte rokken, det min seach de fine ankels en ’e gledde lege skoentsjes derúnder út.
Sa stouden se by Hester ta de keamer yn, eart dy oerein komme koe. It wierne hjar moikesizzers, de dochters fen Reinder Hoara, jong-great en fol oanslaggen. Wypkje, de âldste, dy bigoan al hwet wizer to wirden, mar Lys, dy flapte der noch alles út, hwet hjar mar yn ’t sin kaem.
“Hat Hes-moi ek noch hwet for ús?” en Lys hie ’t lid al fen ’t kofjetsjetteltsje. “To, meij ’k in stikje brea mei skieppetsiis, Hes-moi?” en hja fike al sa yn ’e tsiis om mei in âld mes, det it wie in griis.
“Ik scil wol,” sei Hester en bleau like bidaerd as altyd en treau se elk mar gau in greate pepermint yn ’e mûltsjes. “Bidaerd minsken, ’tis hjir gjin harbarge.”
“Né Hes-moi,” sei Wypkje. “Mar ’t is hjir de soete falyn.”
“Ja . . . ja!” lake Lys en siet al ta de klontsjepot. “To moike, meij ’k sa ’n brúnen?” En de wite tosken hiene him al to pakken, eart Hes-moi de mûle opdwaen koe.
Styn gyng oerein en scoe derút. “Is ’t nou goed, frou,” sei se démoedich.
“Ja hear . . . Ik wrokje net, det wist wol. Oan ’t Allerhillingen ta kinst bliûwe. En nim my ek noch in healpoun swarte klontsjes mei, dy ondogense bern ûnderite yen.” Styn joech hjar ôf.
“Dy scil ek trouwe, yntkoart, n’t Hes-moi?” sei Wypkje mei âldwyfke earnst.
“Dy moat ek trouwe, n’t Hes-moi?” flapte Lys derút.
“Fij Lys, der hearst dû net oer to praten, der bist noch fierst to lyts for. Det jowt gjin pas for famkes.”
“Famkes . . .!” smeulde Lys. “Wy binn’ nou great,” en hja rekte hjar út en siet as in jonge keningin op ’e stoel, sûnder det hja ’t wiste in hearlikheit om der nei to sjen mei dy gouden fracht fen hier op ’e holle en dy donkere eagen derby, brún fewielich as goudenlakens-blommen.
Ynienen bûgde hja det alhielendal oer nei Hester ta. “Scil ’k Hes-moi ris hwet nijs fortelle? Hiel hwet moaijs? o sa . . .! hwet fen Wypk?”
“Ast’ it seist,” warskôge Wypkje forlegen en krûp Hes-moi ek al oan.
“Nou hwet den dochs?” sei Hester nijsgjirrich. “Bern, jimm’ skûrre my de klean fen ’t liif. Gjin doch op ’e stoel sitten.”
“Ik kin net, Hes-moi, ik kin net! Ik moat efkes dounsje,” en it linige lichemke swaeide troch de greate keamer, sierlike fluch op ’e smelle lytse foetsjes. Do ynienen kaem ’t der gierjende fen laitsjen út: “Us Wypk dy hat in feint! O Hes-moi! en hy skriûwt briefkes mei blomkes derop en “geliefde” stiet der boppe.”
“Ea rin,” sei Wypk de lokkige en seach rare sneu, “det hat hy noch noait skreauwn. Dû makkest Hes-moi hwet wys . . . det stiet dy net sa moai,” en ’t lipke bigoan fen earmoed to triljen.
“Wol wier, ik ha ’t sels sjoen,” hâldde Lys oan . . . Bist lilk?” en Lys, dy hutteflut, krige ’t kopke fen hjar sister yn ’e beide hânnen en tútte se lyk op de mûle en do mei in kluchtich gesicht: “Sá docht hy, Hes-moi, krekt sa.”
“So . . .,” sei Hes-moi droech-wei, mar ynwindich formakke hja hjar ta de teannen út. O dy bern, dy moaije jeugd, dy earste ljeafdedream!
“Sjesa, nou ha jimm’ elts in stik krûdkoeke en in krom kofje, nou moatstû stil wêze, Lys,” en hja treau de lytse prater op in stoel neist hjar,—“en dû Wypkje, moast oan ’t wird.”
“Ik, Hes-moi?” sei dy en in biwyske fen fyn-read loek der efkes oer it moaije, kâlde antlit.
“Hes-moi meij ’t doch wol wite, net? ’t Is wol ien, dy-t min ta de foardoar ynlitte kin? ef moat hy efterom lâns?”
“Doomné’s Johan is ’t, dy’s to Grins stedint,” sei Wypkje mei hjar sêft ientônich lûd. “Hy leart for doomné.”
“So!” sei Hester en it tróf Wypkje, ho-t det sei waerde. Mei de jonge ljeafde hipt it nau, dy fielt o sa fyn it lytste forskil yn klank, yn lûd, de op-en-del skommelingen fen it foar en tsjin ho-t hjar winsken en bigearten opnaem wirde by oaren. “Hat hy al ris by jimm’ west ef giet it troch brieverinders hânnen?”
Al hiene se Lys ek hûndert goune jown, nou koe se net mear swije. “Briefkes, briefkes!” sei se en makke wûndre maneuvels nei de hird út, hwer de kachel winters stie, “det’s neat om ’e hakken. Mar hy komt Sneins wol ris, o moike! en den sitte heit en mem en ik en Wypkje om ’e tafel en den doar se him net oansjen, Hes-moi, yn in ketier tiid net. Ik ha ’t neisjoen op ’e klok. En hy hat skoen oan mei greate fiters, dy hingje der mei in strik by del en in biwyske fen in hirdfeger ûnder ’e noas.”
“Hwet ding?” sei Hester. Dy harke nou dochs raer op. In hirdfeger? dy der by de kachel? Sa’n ding . . . ûnder ’e noas?
“Ea Hes-moi, ’t is mar in snor,” forgoelike Wypkje, “to Lys, meitsje Hes-moi sokke mâlle dingen net wys,” biskrobbe se Lys mei in sûr gesicht. Hwa wit, hwet ’t fanke der strak ansens noch útflapte!
“Nou en hwet sizze heit en mem derfen?” hifke Hes-moi. It foel Wypkje einliks mar hwet ôf, Hes-moi wie neat net oerémis, ja ho scoe se ’t einliks sizze, der neat net mei forhearlike. En heit en mem, hwet wierne dy der oars mei op ’t snjit! Heit prate der al oer, hy scoe mar ris mei de famkes nei Ljouwert om elkmis in nije fyts. Dit sette sa moai yn mei de âldste, it koe nou wol in taest yn ’e pong lije.
Wypkje waerde foarsichtich, nou ’t Hes-moi it spul sa koel opnaem. “It is noch mar losse forkearing,” andere hja op moike fraech en do sloech se ynienen yn oar praet, steurdwei.
Hwet mankearde Hes-moi dochs . . .? Dy wie joun sa nuver, krekt as tocht hja om hiele oare dingen as om ’t greate nijs fen hjar moikesizzer. En yn dy hjar libben hie nou ommers de wichtige ûre slein . . . hja waerde bigeard. En hja draeide foar ’e spegel om en hja seach hjar sels op en del oan en o! de tins, dy-t der op folge, wie noch swietter, hja waerde bigeard . . . om hjarsels.—
It skynsel fen ’t kofjepitsje joech noch in flau roundeltsje ljocht yn de greate keamer, mar bûtendoar wie ’t al nacht. Foarhûs skynden in stikmennich moaije ljochte stjerren en as in gouden skip dreau de moanne yn in sé fen fine wite skieppewolkjes.
“Ik scil de lampe mar opstekke . . . To Wypkje, fanke, hwet bist stil . . . Hwer tinkst om, om Grins?” frege Hester en gyng oerein om de blinen ticht to dwaen. Dy bern . . . sa hiet, sa kâld, nou sieten se forweesd neist inoar op in stoel en det kaem allinne, omt hja der ek net bliid ta wie mei dy frijerij, ja berneboarterij. Hwent det wie ’t. Hja achttsjin en hy twa en tweintich . . . nou sljucht nei inoar en oer twa, trije jier in wearaks oan inoar ha. Sa gyng ’t.
“Nou, ho scil ’tmoarn? Ho let moatte wy foart en helje jimm’ my? Hat jimm’ heit der ek oer praet?” sei hja, do-t hja gjin andert krige.
“Hea, wistû ’t ek noch?” sei Lys en stompte Wypkje oan, dy-t foar hjar hinne siet to sjen en to stúmjen en gjin mûle mear iependiich.
“Moike moast de groetenis ha en heit en dy kamen mei de wein hjir krekt twa ûre oan en as moike den klear wie . . .”
“Goed . . .” sei Hester, “en jimme?”
“Wy scill’ to gean hinne. Troch ’t lân is ’t mar skraelwirk oardelûre en mei dit moaije waer rint it licht,” andere Lys.
“Jimm’ mei jimm’ beiden as ek oaren mei?” bigoan Hes-moi út to fiskjen. “Omke- en moike sulvren brilloft binn’ fensels mear noade as femylje.”
“Meine Fink en Jan en Japik de Groot en notaris en doomné Fleurin en dy komme ek allegear,” naem Lys wer ’t wird, hwent Wypkje stúme noch, “en Marinus en Marie en . . . en . . .”
“En Johannes Akkringa fen Brúnegea ek, Hes-moi,” sei Wypkje ynienen mei hjar koele eagen op Hester.
“Nou, nou! allegearre forsocht! . . . Ik moat sizze, ús hiele femylje frijt mei mei Wypk. Ik woe se wizer ha. ’t Liket wol, det de hûnderttûzen út de lotterij to winnen is, en den sa’n keale stedint...!”
De bern harken raer op, sa stie Hes-moi op iene ein. En oars wie hja sa evenredich, det heit sei wol ris, hy hie se noch noait oars as oars sjoen as allinne . . . en do hie mem him de wink jown en hâldde hy him ynienen stil.
“Nou, ’t is der oars hwet deftich,” dy forklearing lei Lys ôf en hja koe ’t mei de hân op ’t hert dwaen, hwent hja hie ’t sels sjoen langlêsten. Allegear kjessenstoellen en moaije sêfte kléden en mefrou hie der yn om stapt mei in prachtige swartsiden japon oan en in lange sleep swaeide hjar efternei. Sa’n sleep en sa’n eptigkeit, der scoe hja hjar ek wol ta bijaen kinne! Det wie lang gjin smeldoek. En keal! Nou sa like ’t wrachtsjis wol by Hes-moi . . .! Seis stoellen en in tafel en in mahoniehouten kast en hwet blommen yn wyt pesleinen blompotten foar ’e finsters en Hes-moi altyd alweroan, mei dy swarte forklaeiersjurk mei rútsjes. Lys wist al krekt, hofolle rútsjes as der op ’e rêch sieten, krekt fiif, sa lang hie hja him al. Keal! keal, by Hes-moi gyng ’t tominsen net út de brede fjirtsjin. Heit sei wol ris, Hes-moi wie sa ryk, det hja koe de hiele bûrren wol by inoar keapje, mar Lys seach it den ljeafst ek mar ris. It rinkeljen fen ’tjild wie ek hwet.
Einliks joegen de jongefammen hjar wer ôf. “Hea,” sei Lys yn ’t foartgean . . . “min bifriest der by Hes-moi yn dy greate holle keamer. “As wy ek âlde fammen wirde moatte . . .! it griist my oan. Dû!” en hja knypte Wypkje ris fyntsjes yn ’e earm.
“Ea ju,” sei dy, “det dûrret noch wol tweintich jier,” en as twa fûgels stouden se de wei lâns nei heites ta, nei de greate pleats op ’e ein fen ’e bûrren.
De wytbipleistere mûrren fen ’e foarhúzing by Reinder Hoara’s blonken helder yn ljocht-moanne waer efter de linebeammen wei. Mem stiek krekt de lampe op, min seach it lytse figuerke yn ’e keamer omskermesearjen mei ’t lucifersdoazke yn ’e hân. “Scill’ wy ris efkes foar ’t finster en sjen, hwet se dogge?” sei Lys.
“Dû bist rare berneftich,” sei Wypkje, mar gyng hjar dochs efternei. It wie in greate keamer, der hja yn opseagen, mei ljocht bihang en in bedsket mei roune doarren. Hea, hwa siet der by heit? Haeije Mulder’s Elle?
“Doarstû deryn?” Lys loek Wypkje oan ’e mouwe. Nou wie Wypkje hjar wer de baes.
“Ea ju ja, dy feint scil ús net opite,” wie hjar skrale treast. “. . . Hwet scoe dy by heit wolle?”
“Hja skrippe ommers, om ’t fanfarecorps oefenje to litten yn ’e skoalle en nou moatt’ heit en Wychman-om meihelpe, tink ’k.” Wypkje hie ’t net fier mis. Elle pleite for ’e mesyk en heit siet der nei to harkjen mei de lange piip oan en ’e skonken oer inoar en sette nou krekt syn geve greate tosken yn in stik keallepoat.
Do-t de bern yn ’e keamer kamen, hoechde min net to freegjen, hwer hja nei útskaeid wierne. Hja liken allebeide fen bistek op heit en heite folk, de Hoara’s, great geweard folk mei brede skouders en rûge bosken gielblond hier, mar seldsum lytse hânnen en foetten. Strang fen each wierne se en gewikst yn ’t praet en fen greatskens droegen hja de hollen heech en waerde hjar gong stadich en steatlik. Deryn liken de bern noch net op hjar . . . de jonkheit biwjukke noch hjar stap en ’e greatskens makke hjar de kúten noch net stram. Mem, det lytse wyfke, hiene se de seldsum moaije donkere eagen ôftrooid, mei de swarte swiere eachsbrauwen en det makke allinne al it moaijste sieraed fen hjar antlit út, det ljochte hier mei syn koper-gouden glâns deroer en den dy eagen derby.
Ja, hja wierne moai, Reinder Hoara’s dochters en as Elle der oait ien fen los krije koe, den scoe hy heech stappe. Hy wie in wees en wenne mei boaden op ’t âlderlike spul, in pear kampen lân fen ’e wei ôf mei in lange tsjustere loane derhinne. It spûke der, sei Lys en noait wie se der ta to krijen, om det Sneins ris lâns to kuierjen en den troch de lânnen wer nei hûs, hwer in foetpaed roan. Krekt as wie hja det plak skou en dy swarte feint noch namstomear. Hwent swart wie hy . . . sa swart as in roek, allinne in lyts hoekje, det wie brúnforbarnd en det wie syn foarholle en syn wangen. En eagen hie hy . . . as koalen fjûr sa gleon. Hja skitteren, do-t hy de fammen seach en hy hie se net fen Lys ôf, dy fen binaudens mar gau ’t breidzjen út ’t tafelslaed krige en breide, det hjar de fingers pimperen. Heit hâldde him ek mar oan ’e praet. Nou hiene se it wer oer syn fôle der-t him al hûndert fyftich goune for bean wie.
“Jo ha der forstân fen . . . kom ris to sjen,” noade Elle him. “Op in Sneintomiddei om in pantsjefol thé, den kinn’ wy ek ris nei ’t Leech ta, det ik oanmakke ha. It joech dit jier in skoane frucht.”
Reinder Hoara bitocht him ris . . . “Ja,” . . . sei hy, “takommende Snein in wike scoe ’t al kinne en den foar melken wer thús.”
“En as de frou der den sin oan hat, om mei to kommen, det scil my oanstean,” sei hy wer. “It is in aerdich kuierpaedtsje . . . it waer jowt him ek noch moai oan.”
Dit waerd’ oannaem. Hearink, tocht Lys, as hy nou mar net seit, de jongefammen moatte ek meikomme. Mar derfor stie Elle Mulder fiersto folle op syn eare en stik. De tiden fen ’e losse frijerij wierne oer . . . it waerde nou earnst . . . hy bigoan om trouwen to tinken, mar de fingers barne oan ien fen Reinder Hoara’s dochters en den blau rinne, det weage hy net. Hy koe syn egen waerde goed en dy liet hy net forminderje troch mei blau ôfskeept to wirden. Dy kekene famkes hiene it mei in man to dwaen, dy noch wol laitsje koe, mar noait om him laitsje liet.
Mem joech hy de hân, mar mei de jongefammen taelde hy der net nei. Hwet in segen, hy gyng nei de doar. Moi manlik wie’r en hy roan rjucht en steil, heit koe ’t him net hâlde mei greatens. O goede! hy seach om, hy seach nei hjar! Hjar hert stie hast stil.
Do ynienen fitere in lytse diwel hjar oan. “Dach!!” rôp hja him lûd efternei fol gekjeijerij.
Kamen se werom? O hearink, hwet hie se dien? “O Wypk!” jammere’ se.
“Sljuchte tutte mei dyn mûlripens,” kibbe dy. Der stie hy al yn ’e doar. “Ik leau, jo dochter Lyske hie boadskip,” sei hy bidaerd, mar krekt as skeaten syn eagen fonken, sa brienich seach hy. Lys winske hjarsels ûnder de groun ef derboppe, mar ûnder dy eagen wei. Dy hiene macht oer hjar, det fielde se.
“Ropst dû oan Mulder,” sei heit rare strang.
Tûzen oaren hiene der hjar mei in leugen útredt, mar det lei net yn Lise aerd. Sels yn ’e panne peid, nou ek opite, al ho min ’t ek smakke.
“Ropstû Lys?” Heit waerd’ lilk . . . det dûrre den dagen en o! den hie lyts memke sa’n krús!
“Ja heit, ik rôp oan Mulder.” Hja wie al lang oerein en stie nou krekt ûnder ’e lampe en ’e moaije kroeze hierflokjes bysiden de holle wynderen hinne en wer, sa trille se, dy lytse flapút!
“Bern ha wol mear sokke oanslaggen.” Der fornédere dy swarte feint hjar mei. Bern! bern! en hja wie sauntsjin jier en twa moanne!
“Hwet moast det Lys? Stietst my to reden ef net?” Heit kaem wer in pear stappen ta de keamer yn en hy fensels ek. Nou stie hy lyk foar hjar.
“Ea nou, hwerom joech Mulder ús ek gjin hân? Derom moast ik “dach!” roppe, heit,” en hja krolde ’t read lipke forachtlik op. Hy scoe hjar net oer staek sette, hwet tocht ’r, dy Elle!
“Lytse famkes hjar sin moat min dwaen, net?” glimke Mulder efkes o sa fyntsjes en eart hja der om tocht, pakte hy hjar hantsje beet en hâldde it yn sines, lang, fierst to lang. Lys waerde der hiet en kâld fen, hjar tocht, hja koe wol swime. Do seach hy hjar oan en ynienen bettere it wer oer . . . O dy feint, dy freeslike swarte feint! “Nou, binn’ wy nou wer goede maten?” frege hy. De lytse diwel hjitte hjar, siz né, Lys, wit hwet hy den docht, mar det liet hja der mar net mear op oankomme en dimmen flústere se: “Ja . . . to lit my los.”
Noch ienkear seach hy om nei det lytse kopke det fol biskamsumens him foardel bûgde, do gyng Elle Mulder nei hûs.—
“Hwer hat de boer jisterjoune dochs hinne west? Der hinget jo in greate ljochte hier oan ’e mouwe,” pleage de âld hûshâldster him ûnder ’t kleanboarseljen wei.
“In minske moat ris hwet fordiwedaezje ha,” helle Elle derom hinne en skûle wei efter de Ljouwter krante. Hy fielde, det ’r read om ’e holle waerde.
“Ik seach ljeaver om in wiif. Den ha jo fordiwedaezje,” sei de hûshâldster wer. “Der binn’ sa ’n bulte, de boer kin to kust en to keur gean . . .”
“Is ’t net om my, den wol om myn ryksdaelders,” sei hy bitter . . . “mar ik moat ien ha, dy-t my lije meij, Foekje. En ik ha der ek gjin sin mear oan, om nei alle setten en pretten ta to reisgjen. It lykje der wol frouljuesmerken. Ik siikje de hynsders ljeaver op ’e stâl.”
“Mar dy lit min ek wol ris bidrave. De boer moast mar ris nei Reinder Hoara’s frouljue ta. Der kinn’ jy wol mei foar de kreammen lâns.”
De boer sei net folle, hy brimde ris hwet en seach de reek fen ’e pipe ris efternei, mar hy harke mei saun pear earen, do-t Foek derfen op ’e tekst rekke. Foaral dy lytste, det wie in oanfallich ding, sei se, dy moast hy him net ûntkomme litte.
“Nou,” sei Elle Mulder, “ik scil hjoed op brilloft. Hwa wit, hwer it noch goed for is. Soargje jo for de klean en det de skoen noch ris ôfpoetst wirde?”
“So?” sei Foek, “scil de boer ris sjen, ho-t it tagiet? Takommende jier licht sels.”
Do lake Elle Mulder sa frjeonlike aerdich, det allinne dy laeits syn antlit moai makke. “Kom Foekje,” sei hy, “jy wite ommers ek wol, ’t is fen Oebele Hoara en Els. Dy ha fiif en tweintich jier troud west. Yn ’t span sitten, Foekje.”
“Det scil den ek wol aerdich útritsen wêze,” pleage dy werom. “Sa’n sile went wol om ’e lea fen ’e ljue.”
“Jy prate, eft jy der ûnderfining fen hawwe,” gekjage de boer wer.
“Ik net, mar wy prate ris wer oer twa jier. Den scil de boer der wol ûnderfining fen hawn ha en al joegen se jo den ek in dûbbelstûr, jy woene net werom, boer.” En do gyng Foek glimkjende foart.
Det wie sahwet ’t âld bistel yn ’e hûs; as ’t der op oan kaem, hie se de boer selst noch ûnder ’t plak. Nou woe se perfoarst ha, hy scoe trouwe, mar det wie in swier stik for him, der koe hy him min ta bijaen. Hy mocht wol frouljue lije . . . der hie ek wol ris in inkelen ien west, dy-t hy tige heech sette—mar ’t wie optlêst altyd wer mei in stilte bislein. Krekt as koe de fonk net sa fier komme, det dy syn herte yn flam sette. De rjuchte op ’e rjuchte ûre hie der sikersonk noch net west . . . en dy-t for him yn ’e widze lei wie, moast noch komme, hwa wit, hwer wei.
Nou hjoed scoe hy der mar ris op út to feestjen. As hy him der goed ynjoech, lake hy smaeklik yn himsels. Hy en in feestje, det peare min, det wie in kreupel span hynsders net wanlyk. Hy wie ommers fierst to earnstich for de wille, om ’t mar planút to sizzen, einliks to âld for syn seis en tweintich jier. Hwet scoe hy der dwaen? Earst in hiele útrissing, de swarte út ’t lân, de tilbury út ’t weinhús, sels yn ’e klean, in nauwe board, de knoapkes wei en den foart. Prinshearlik op in stoel yn in frjemd hûs, ite en drinke hwet ’r net mochte en prate oer dingen, der hy dochs gjin aerdigheit oan hie. Scoe ’r ek noch thúsbliûwe? Mar ynienen seach hy Lys Hoara klear en dúdlik ûnder de lampe stean en it ljochte hier hie se as in goudene krâns om ’e holle.
“Foek!” rôp hy. “Help my ris efkes ta de jas. Hy is sa nau det. Ik leau, ik bigjin to groeijen.”
“As de boer mar ris efter in pear lytse jonges oan moast, dy-t noch net allinne bitroud wierne, den gyng ’t fet der wol wer ôf,” sei Foek en histe him yn ’e swart lekkense jas. “En nou woe ’k wol, det jy der hjoed ris ien seagen, dy-t jy lije mochten.”
“Dy binne der hjoed net to keap.”
“En Reinder Hoara’s famkes den? Wychman Hoara en ’t wiif en Hester komme ek fensels en doomné’s folk, Marie en dy . . , dy’s nou ek great en Oebele Hoara hat sels ek twa dochters, boer.”
“Ja, ja,” lake Elle, “ik ken se. Hja binn’ likernôch noch in heale holle greater as ik. Né Foekje, dy binn’ my to djûr. Dy kostje my tofolle oan klean.”
Sa jage hy de gek deryn, mar it wie foar gjin dôvemansearen sei. Syn plannen wierne folryp, it frijgeseljen bigoan him tsjin to stean, mar trouwen—der hinge hy ek raer tsjin oan. Hy wist wol, den moast der heind en slein wirde, den wie der noch ien, dy ’t stim mei yn ’t kapittel ha woe en as ’t ris min útfoel . . . den wie ’t in miskeap for ’t libben.—
It wie yn ’e droegersrite en ’t waer wer like moai as jister mei súdeastewyn en in bleke hjerstsinne boppe oan ’e kleare loft. De giele ikebeamsbledden stouden de swarte op ’e rêch en ’e bern sieten mei grage mûltsjes yn ’e wâllen to toarnbeij-iten, mei krânsen fen fjûrreade hjerstbledden yn ’t hier en wylde kantsjebottels op ’t boarst. It ierdappellof forwile op ’t lân en in nije sneed klaver bloeide en geure al wer, krekt as moast der noch in simmer komme. In bried jonge einen sylde yn ’e poel om en in stik twa hazzen makke mantsjes tsjin him op ’e rogstoppel. Jonge, it wie sa’n moaije dei en den oer dit alles it stille, bleke hjerstljocht, krekt as ’t troch sidene sulvergazen skynde, dy onsjenbre fingers twisken loft en ierde spanne...
In kloftsje jongfolk roan foar him út. Hastingers fensels, tocht hy en syn opskerpe each kipte optslach dy iene der út, der hy sont jister faken om tochte. Mar nou foel se him ôf, it wie súver noch in bern en sa slingere hja der ek lâns. Der siet noch gjin stevichheid yn en de klean dy hingen derom, allegear flodders en linten . . . . Né, né dit waerde neat. Dy âldste, det like better, mar der stike doomné Akkringa’s Johannes om. Sa wie ’t nou altyd gien . . . op ’e skoalle ek al, it pastoarsstik wie for him en de oaren mochten de ongânzen opplúzje.
d’Iene nei d’oare gyng oan kant, sa ried hy se foarby. Hja hiene net iens sjoen, det hy ’t wie. Kom, nou koe hy moai ris efkes troch ’t gleske sjen, den hie hy se krekt yn ’t fesier.
De foarste fen allegear det wie hja, lang en licht mei in greate hoed fol wite fearren op. Sûnder det hy ’t himsels tajaen woe . . . hy waerde hwet oars, nou ’t hja sa lyk op him ynkaem en der gjin erch yn hie, hwa ’t hjar sa skerp opnaem. Hja like nou lang sa gnap net as jister joune, hja wie ek fierst to bleek nei syn sin en sniggelich en ynfieren like se ek.
Dos der mar in streek troch. De hiele joun seach hy net nei hjar om en hy siet himsels der al yn ’e wei op dy brilloft. Hwent dy sleauwe jonge, dy Marinus wie net by Lys wei to slaen en det folk der yn ’e hoeke waerde sa lûdroftich, det Wychman Hoara sei, hja moasten mar ris mei-inoar yn ’t tún en springe hjar der út. Fensels, det wie in stik bûter yn ’e brij. As in flecht bijen swarmen se derút en kuieren foardoar om yn ’t slingertún en einliks waerde d’iene nei d’oare efterhûs wei.
Elle Mulder bleau by de âlde ljue sitten, him tochte sa’n berneftich spul, der hearde hy him for to mijen, mar syn hânnen jûken him fen ûngedild. Hwer wierne se hinnegien? Hy seach Lys de oaren al efternei slingerjen en ho de glâns fen ’e moanne falle scoe op hjar ljocht hier, det wêze scoe as goud.
Hy gyng der stil út, de oaren efternei. De moaije wite wynhoun fen Oebele Hoara sprong by him op . . . “siikje jonge, siikje!” hjitte hy him en dy roan mei blide sprongen foar him út nei de spjirrebosk ta efterhûs.
Dit wie sa’n stikje natúrtún. Oebele Hoara hie it oanlei for de bern om yn to boartsjen, nou waerden de beammen great en kuieren hja der as greate fammen Sneins noch wol ris yn en lieten fjirder waeksje, hwet waeksje woe. It njirrekrûd skeat der op mei hiele moaije greate fearren en ’e kamperfoelje en wynsels slingeren dertroch en ’e fûgels nesselen der by mennichten yn.
Stadich stapte Elle Mulder de houn efternei. Hy hearde se wol laitsjen en oangean en stil gyng hy op in âld houten bankje sitten en wachte. Moed om nei ’t jongfolk ta to gean, hie hy net en yn ’e hûs by de âlderen to sitten, der koe hy him ek noch net ta bijaen. Nou dit bankje, dit wie de middenwei.
It wie noch net sa let . . . it jounrea flamme noch nei yn ’t Westen en troch in gloppe yn ’e beammen seach hy de moanne oer ’e bidauwe finlânnen opkommen as in fjûrreade greate bol, krekt as hja yn in sé fen dauwe dreau.
Stil! der kamen guont oan. Hark, hja hiene ’t oer him. “Dy Elle! hwet in stiif petret!” sei ien. “Heal fisk, heal fleis,” lake in oaren. “Hy moat yn heite briedstoel by de hird,” O hearink, det wie Wypkje fen Reinder Hoara’s dy hie ’t wird, dy koe sa fyn gekoanstekke.
“Ea kom, hy moat mar mei Hes-moi trouwe,” lake in oaren en det wie Lys. Det hearde hy dalik oan ’t lûd—it klonk sa helder en fris as ’t fallen fen ’e drip yn ’e reinwettersbak. Det der sa oer him praet waerde, stiek him danich. Hy woe wol, det hy dy lytse diwel hjir mar ris efkes allinne hie, den scoe hy se wol opsitten leare en ongenadich ek en hy lake, det syn wite lytse tosken yn ljochtmoanne skitteren.
It praten hâldde oan, mar al fjirder ôf, hja gyngen grif yn ’e hûs. Mar krekt as hearde hy yn ’e fierste hoeke noch lûd. Fensels doomné’s Johannes en Wypkje, dy scoene inoar noch wol wit hwet to fortellen ha op sa’n moaije joun. Krekt as de natúr sokke moaije jounen de minskne ljeafde bigrypt en hjar seinet mei ljocht en kleuren, det dy ûre mar ûnforjitlik wirde scil for hjar, dy-t se bilibben.
Der kaem ien oansnjûrjen, it paedtsje lâns, lyk op him ta. Dy seach him net.
“Ho!” sei hy ynienen en stie midden yn ’t paed, lang net rouwich oer dizze ontmoeting. Alhiel foraltereare, deastil bleau Lys stean, der se stie en roerde gjin lid. “Lit my troch, Mulder . . .” sei se einliks hiel súnich. “Ik moat foart.”
“Ik ek,” andere hy, “scill’ wy togearre?” De fraech wie sa ienfâldich det, mar der lei in oneinigen bult mear yn ’e toan, hwer dy wirden op sein waerden.
Hja smiet de holle yn ’e nekke en seach him lyk oan. De moanne skynde hjar krekt fen toside op ’e bleate holle en ’t like, as foel de wjerskyn fen de glâns fen dit great bosk hier oer hjar hiele antlit, sa moai wie ’t optheden mei dy persikreade gloed yn de bleke wangen en dy lippen, noch bidauwe fen ’s libbens moarnskoft.
“Togearre? Jowt det wol pas, Mulder? ’k Bin ommers noch mar in bern! Hea, hwa sei det jister ek? Wel ja, jo sels.” Al ho bang ’t hja ek for him wie, det scoe ’r hearre, sa goed wie ’r net.
Hy fielde, ho-t ’r ta de hals út read waerde, mar de skimerjoun forklapte ’t net mear. Hja hie him boppedien noch útlake. O dy frouljue! Nou moast hy in puntich wirdtsje werom ha . . . mar och, hy wie net in gewiksten prater, der koe hy se net mei bilêze en einliks ek mar neat net gnap, sei de spegel him wol. Hwet hege dunk hie hy optlêst ek wol fen himsels, om eagen op dit jonge bern to smiten, dit teare moaije jifferke?
Hastich gyng hy út ’e wei. “Ik leau, wy habbe inoar nou neat mear to sizzen,” sei hy steurd. “Det jy in grap sa opnimme scoene, wist ik net,” en sûnder mear nei hjar om to sjen, kuijere hy de bosk fjirder yn.
“Hea!” suchte Lys en foel op ’t bankje del,—“hwet in bange feint! Ik woe wol, det ’r sei hie, nou scil ’k dy ris straffe en hie my ris meinaem yn tsjusterst fen ’e bosk . . . wrachtsjis, ik leau, den mocht ik him hiel wol lije,”—en do lake hja. Elle mei in faem yn ’e bosk, det wie dochs fierst to pitertuerlik.
Mar as hy nou ris tige lilk wie op hjar en fortelle it oan heit-en-dy Snein! O hwet hie heit hjar jisterjoune it mannuael oplêzen, folle en net genôch! Det hja noch to lyts wie, om los to rinnen—det hja noait wer yn ’e keamer komme mocht, as der hwa wie en as hja wer sokke gekke setten diich, den scoe se nei Hes-moi ta, om stemmigens en bidaerdens to learen. “Hwent sjoch,” sei heit, “Hes-moi bliûwt hjarsels altyd gelyk, der kin ús Lys fen leare.”
“Och kom,” hie mem sei, “de wyn skûmmet noait heger as hwennear der krekt yngetten wirdt. Lys is noch to jong—lit se earst mar ris útspringe.” Lys hie memke wol om ’e hals fleane wold for dy wirden—mar heit siet der by en dy woe sokke stedske flauwigheden út noch yn net lije.
Hja hearde, ho-t it oare jongfolk sjongende wei yn ’e hûs gyng. “Kom,” tocht se, “ek oerein . . . Hwer scoe hy nou wer stean to koekeloerjen mei syn swarte eagen? d’Ald roek, dy-t se ris yn ’e kouwe hawn hiene, seach krektlike gleon en mei lange stappen fen ’e kliene rjuchte skonken trêdde se hiel stil troch ’t struwellegûd en nei de sleat ta, dy-t efter de bosk troch roan. Ja, der stie ’r al en seach de reek fen in sigaer efternei.
Efkes kjel-meitsje, joech de snaek yn hjar hjar yn.
“Piba!” rôp se en stie mei in sprong foar him, krekt noch in bern, det oan ’t pypforside-boartsjen is.
Strang en earnstich seach hy op hjar del. Der koe net in glimke ôf. “Gien yn ’e hûs, ’t is to kâld mei de bleate holle,” warskôge hy. “En ’t jowt ek gjin pas for jongefammen, hjir noch alline om to strúnen.”
“Jo binn’ der ommers,” sei Lys. It ûntfoel hjar, sûnder det hja it wiste, hwet dy wirden wol net for in harker bitsjutten.—“To, wêz nou net lilk, den is de hiele joun bidoarn . . .”
“Der binn’ ommers safolle plezieriger maten, hwet kin ’t den skille, hwet dy âlde Elle docht ef seit! Hy moast mar mei Hes-moi trouwe, net? Den hat hy syn gelikens,” sei hy bidaerd-wei, mar de spot fen hjar eigen wirden gyng hjar troch alles hinne. Dy feint sette it tsjin hjar yn ’e kant, for him wie se neat mear as in mûlryp bern, det min troch de fingers sjocht ef op de fingers tikket, krekt sa’s ’t yen sinnicht. It mûltsje, det sa fol bizigens siet, foun gjin wjerwird werom. Elle Mulder hie hjar fêst-set. As in warrich floddere fûgeltsje tocht hja ynienen om heit en mem—hja hie wol gûle kind en mei ’t kopke foardel joech hja hjar swijgsum ôf.
Elle smiet de sigaer wei en wie hjar mei in pear stappen op ’e side. It wesentsje, der hy sa’n aerdigheit oan hie, liet hy sa mar net rinne. Dizze iene minuet woe hy binuttigje en as wie ’t syn rjucht, lei hy hjar ynienen de greate siden sjael hwet tichter om ’e skouders en gyng deun neist hjar lâns. “Ik leau, wy bigripe inoar forkeard,” bigoan hy en syn lûd wie oars as oars, tocht Lys.
“So,” sei hja en helle oan yn ’t rinnen, bang en bliid fen beiden, hwet der nou komme scoe.
“As wy ris tiid hiene, om ús út to praten. Licht, det wy den frede slúte koene.”
Al ho jong as Lys ek wie, hja mirk it wundre skoan, hja woân in tûmbré groun. “Ho miene jy det nou wer? Ik leau, ik bin noch to berneftich for sok wize-minske-praet,” stikele hja wer fyntsjes wei. Hja woe hwet wille fen ’e sege ha op frouljuesmenear.
“As ’k ris op in Sneintojoun by jo komme mochte . . .?” frege hy twisken hoop en freze yn. Nou hie ’r him oerjown oan ’e lytse skalk foar him. As dy genade kenne scoe?
Lys birette hjar ris . . . in bult sin hie se der net oan. “Nou den moat det mar,” sei se einliks. Om heit en mem doarst se net heal sizze fen né en hwet scoe Wypkje raer sjen, mar o! sa’n lange Sneintojoun mei dy feint allinne, it griisde hjar nou al oan. Hwer scoe se it mei dy earnstige swarte feint oer ha? Gekheid wie ommers altyd skearing en ynslach en det joech den gjin pas. “Dû moast op ’t stik ôf prate en net laitsje,” hie Wypk sei.
Fjirttsjin dagen letter seach Lys Elle Mulder it paedtsje by hjarres opkommen, stiif en stemmich as altyd yn ’t swart lekken mei in gelegenheitsgesicht.
Hja skattere it út ’t foarhús.
“Hark ris Lys,” sei heit, “as dit mei ienkear ôfrint, den wyt ik it dy. Elle Mulder stiet heech oanskreauwn by my, in opslûpen fanke moat him de gek net oanstekke. Bigrepen? En dû hâldst dy dimmen en ketoen en praetst forstânnich . . . dû bist nou great, Lys.”
Lys suchte en naem de earste ûre heite wirden yn hjar acht, do wie se wer de âlde, mar Elle Mulder mocht se noch like ljeaf lije, derom net. De frissens fen hjar wezen hage him seldsum; it nije, minlike fen hjar blide jeugd, der noch net iens it skaed fen in simmerdei oerhinne gien wie.
Dy joune seach Elle Mulder for ’t earst mei bikende eagen de faem, dy-t for him yn ’e widze lei wie.
Krektlyk as by âlds by de Joaden, hiene de Hastingers ek hjar sounebok de woestenije ynjage. Det wie al lang lyn en hja hiene der allegear hândiedich oan west, de geseten ljue, de hânwirksljue, ja selst ta de skoall’bern ta. Wychman Hoara koe ’t noch smaeklik fortelle. Allinne doomné Westra net, dy hie him omdraeid, do-t der hwet sober húsrie op in skouwkarre hjarres foarby gyng en in lyts wyfke wezenleas efter oan kaem mei in kliber lytse bern om hjar hinne, in opjage fûgel, dy-t gjin hinnekommen mear hat.
En de woestenije hjirre wie de heide efterút, de eineleaze, greate, dy-t de balling opnaem mei de gastfrijheit fen ’e earmoed for ’e earme en him seaden joech for in hûs en it kleare wetter fen ’e heidepoellen om to drinken. En hja bigroete him as in frjeon mei in glimke fen hjar sinnestrielen, do tsjin ’e joun de skaden fen dy minsken en ’e skouwkarre hjar ôfteikenen tsjin ’e loftein, de reisgers yn drôfenisse nei it lân, det hjar frjemd wêze scil.
Wezenleas slierke it minske de skouwkarre efternei, oan eltse hân in bern en de lytse yn in wollen skelk foar ’t liif. Hja hiene de sinne yn ’e rêch, hja gyngen nei ’t Easten, det út en Hastings, der hja jong west hie, lei al mear as in ûre fen hjar ôf.
Hja seach net efterom, hja seach net foarút op dizze eineleaze reis, do-t de wanhoop hjar hert toskûrd en tognidde hat. En de heide, dy skittere yn kleurige simmerwille en de loft wie sa klear en dy dreau sa heech en de fûgels songene, mar det bistie allegear net mear for hjar.
Hja waerden ommers forskopt, foartjage út Hastings, út ’e maetskappij en hjir op ’e heide mocht nou de ienling forkomme yn syn iensume ellinde! De sounebok! de rúdige houn! der in stien noch to goed ta is! Dy-t min forhongerje lit by ’t winter, as er snie leit!
Haet! haet! bûrrele ’t as bittere alsem yn ’t saed fen hjar hert op. Hja woe wol, det hja stjerre koe, sa mar delfalle oan ’e kant fen ’e sânwei yn ’e brúne heide. Den wie dit ondragelike lijen út en hearde hja it piipjen fen d’âld karre net wer, noait wer!
Mar hjar bern! O dy bern! Hjar bern! Mei syn eagen ef hjarres, hjar inerlikste ik yn in nije foarm yn ’e wrâld, elts in stikje fen hjar eigen antlit en hjar wezen, der se hjar eigen lichem om ôfbeuld hie en hjar gewisse it swijen om oplei as det frege: Hwet scil hjirfen groeije, Maei, túch as sied? En hwet wie hja der dochs mâl mei! Al wierne se ek mei fen him, út rûch hout snien, der de ellinde de skaefspûnnen ôffleane liet, heiteaerd en heiteëagen . . . de mem hie dochs hjar bern ljeaf . . .
Hja telde se ris oer en joech se noch ris wer al de ljeave nammen, dy-t allinne in mem mar bitinke kin. Jelle de âldste, dy mei syn krol hier en Mient de stille en Aegjen, Bet mei hjar ljeave heldere eagen, dy-t nei hjar mem neamd wie, Jinne en Mame en den de lytse poppe noch, dy-t se op hjar widzjende earms droech, lytse Seaske.
Ien amerij forgeat hja de bitterheit fen hjar hert . . . noch wie hja mem, de seinjende en seine-bringende fen in nij geslacht en de minsk, dy-t hjir hjoed to Hastings trape wie as in forkomm’ling en it wiif, det nou mar mear de slavin wie fen in man, dy-t ta de maetskappij útstiennige wie, dy beiden krong de mem oan kant yn it oersterk bisef fen hjar ivige ljeafde . . .
Mar o hwet wie ’t bitter, det hja dit paed lâns moast! Dy ienlike sânwei, dy-t sa glinstere en in gesicht fier foartkrinkele yn ’e jounsinne nei hjar hûs. Hwer wie ’t, hwer stie ’t?
Hwer wachte it op hjar? Hwer scoe ’t syn mûrren as in skutte om hjar leed hinne oprize litte, det hjar lytse bern dochs in plakje ha mochten, der hjar holkes rêste koene?
Hja seach . . . hja seach . . . op ’e Hastinger heide stie gjin hûs, det op hjar wachte . . . Op ’e sounebok en syn oanhang . . .
Do liet hja hjar ynienen mei in heftige skok delfalle oan ’e kant fen ’e wei. Der lei se . . . ôfmartele . . . deastil . . . de bern gûlende om hjar hinne . . . in stipke minskewea yn in wrâld fen oneinige iensumheit.
En de skouwkarre gyng fjirder . . . It piipjen fen ’e âlde radden knaste earst noch hwet tichterby, skerp yn hjar earen, do fjirder ôf einliks, do hearde se neat mear as ’t rûzjen fen ’e wyn oer ’e heide.
De greate kearel derefter seach net iens om—’t wie ek lang de moite net wirdich . . . hy hie wiif en bern gled forgetten. As hja delfoel, scoe hja wol wer oereinkomme en oars den mar yn ’e sliep falle, der se lei. It wie simmer en reine scoe ’t ek net. Hy mocht der wol oer, det det geëamel fen ’e bern om iten nou ek ophâlden wie. Hy koe nou ta him sels komme en ris op eigen manne boete om in plakje sjen, hwer hy wenje koe. Der daedlik by de spjirrebosk? Jonge ja, det wie oanslach! Hout om ’e nocht en winters in hazzestrûp!
Oan ’e iene kant roan de heide hwet del nei ’t doltsje ta en yn ’e midden derfen lei in plakje klear wetter yn ’t skaed fen bjinten en reiden. In stikmennich âlde elzenbeammen stiene der omhinne, skeanwaeide knobbelige stammen en yn ’e heechste soeide in eksternêst. Ien fen ’e âlden siet op in beamtokke en skattere it út, do’t ’r in minske seach. Det wie op ’e Hastinger heide in wûnder gefal.
Do waerde dy man pûrrazen. Hy krige it âld gewear fen ’e karre en lei oan . . . Kroandea foel de ongeloksfûgel foar syn foetten del. It bloed dripte him út ’e wite fear. Do-t hy det mar seach, wie hy foldien. Krekt as sakseare syn razene nidigens ynienen. Hy bigoan om ’t wiif to tinken en det hja de lytste droech.
“Maei!” skreaude ’r. Mar de trilling fen ’t minskelûd stoar wei oer ’e heide en de wyn brocht gjin wjerlûd mei fen fjirrens. Earst spande ’r deabidaerd de houn út en joech him hwet drinken yn in âld nap en in plaske brea . . . do rôp hy noch ris wer en kúrde mei syn skerpe eagen oer it simmerwaerme lân.
Noch neat?! Swiermoedich gyng de wyn ôf en oan oer ’e spjirrebosk, de heidefûgels songen om him hinne, de imerkes hipten piipjende yn ’e heide om, mar in minskelûd hearde min net boppe de lûden fen ’t heidelân út. It wie der in iensumheit, dy-t biëange, ja de stiltme, as yn smert en forlittenheit de langst nei in evenminsk berne wirdt!
Do fielde hy syn lot . . . Do waerde de sounebok noch ris ienris wer minske. Hy stie tsjin in beamstamme oan en de triennen rôllen oer syn meagere brúne wangen en hy snokte it út: “Maei, Maei, koe ’k noch werom . . . noch ienris wer!” Mar allinne God en de heide hearden dy bikintenis, seagen him lyts . . .
Do skroeide as in brânizer syn hert wer ticht. En hy joech him ôf, noch ris wer det út nei Hastings ta, om ’t wiif en ’e bern to siikjen. Hja lei noch der hja lei en de bern stiene skrútel om hjar hinne. Do-t hja him oankommen seach, forheuvele hja hjar in bytsje en der kaem hwet read yn hjar waeksgiele wangen. Krekt sa’s do-t hja him for ’t earst sjoen hie yn hjar heitehûs to Hastings. As de dei fen jister wist hja ’t noch! En do hie hja ’t al witten, dit waerd’ hjar man, al scoe ’t hjar ’t libben ek kostje. In knap jongfeint hie ’t west, sa’s hy der by hjarres foarbygyng en syn gleone eagen seagen sa bretael by hjarres yn, det hja der hiet en kâld fen waerde. Sont dy dei bistie der neat mear yn ’e wrâld as hy . . . En do-t it marke wie, kamen hja by inoar en diselde joune let siet hy by memmes by de hird en learde it bern fen sauntsjin jier, hwet ljeafde is, hiette simmerljeafde, as ’t nôt op ’t fjild leit to stoven en der neat op ’e wrâld is as gloed, loks-lust en wille, dy-t yen yn tûz’nen eagen fen minsken en fen hiel de natuer tomiette blierket.
Hja trouden, alwe jier lyn . . . en nou! nou wierne hja de heide ynjage . . . Der kleefde bloed oan syn hânnen, minskebloed fen in wiif, det hy nou al wer ljeaver hawn hie as hjar. It teare bleke wyfke bitsjutte neat mear for him . . . hy woe in nije jeugd, in nije ljeafde . . . En hy foun se . . . mar hy moast se mei in oarenien diele. O hja koe him sa, det earme forstompte wiif . . . Det forkroppe hy net—det moast mei bloed útsoend wirde. Hja seach, ho-t ’r syn gewear krige, ho-t syn eagen, de greate brúnen, flikkeren yn syn woeste haet en ho-t hy oanlei der dy winternacht yn ’t Hastinger efterom . . .
Noch noait skeat hy mis . . . Krekt ûnder ’t hert hie hy hjar rekke, der de kreftige jonge longen heftich loft en libben ynsûgen. Der koe se oan stjerre . . . wiken letter en earst der noch ris om tinke, ho ljeaf ’r hjar hawn hie en gjin oaren ien neist him dilde, en hy soene de skild mei straf.
En do-t hy werom kaem út ’t tichthús, trije jier iensum sitten, hie se him neat forwiten en nou ek net, nou-t se ta Hastings útjage waerden. Hja scoe noch mei him nei d’ein fen ’e wrâld ta gean wolle, mei hjar man, Warmolding, de sounebok.
Do hie de heide in hûs for hjar. Efter in tropke beammen spanden se in stik seil en ’e âld skouwkarre setten se tsjin ’e kant op en der sliepten hja dy nachts mei de honger ta selskip.
De eineleaze greate heide, dy-t der by Hastings leit efterút, wie net iensum mear . . . It greate minskeleed syn skaed is der oerhinne gien . . . Do-t Wychman Hoara de oare deis nei ’t ôfbrekken fen ’t hûs fen ’e sounebok seach, gnyske hy. En do-t hy om in bleek blond fromminsk tochte, det to nacht de heide as nachtleger hawn hie, tocht hy ek om in merkejoun, do-t hy hjar net iens oanroere mocht, lit stean in grapke ha mei hjar dertene jeugd. En nou hinderen him de eagen fen Warmolding, dy-t de Hoara’s net wanlyk wierne, ek net mear . . .
De oare deis barde der hwet wûnderliks op ’e heide. Twa trêdden de foetlêsten nei fen ’e sounebok op ’e breedspoarige sânwei. Oars sochte der yn jierren nimmen in paed.
De iene hie dy nachts gjin wink yn ’e eagen hawn, sa pakte hy mei in oarremans lijen om en de oare moarne foar dei en foar dage sette hy de stap der al ûnder, krekt as waerde hy oanfitere . . . hird . . . hird. Der wierne minskesielen to forliezen, kostliker as alles, hwet der op ierde bistiet en sa lang det der sa moast op ’e heide, banke hy net yn ’e hûs.
Hy kaem to let . . . For de jefte, dy-t hy to jaen hie, foun hy noch in iepen hân, mar it wird, det hy to sizzen hie, foun gjin wjerklank mear yn it wanhopige hert. It hope net mear . . . it hert fen Maeike wie forhirde op reis nei dy heide sûnder hûs ta en biseffeleazens en ûnforskilligens wie ’t, hwet der oerbleau.
Mei de holle foardel joech doomné Westra him wer ôf nei hûs ta. Hy koe hiele Hastings wol hate optheden om hwet hja oan dit húsgesin misdreauwn hiene en der de straf ek net op útbliûwe scoe. Ho doarsten hja him fonnisje! Wie der net Ien, dy-t allinne det rjucht hie en spriek Hy net fen ljeafde en forjaen, dy-t him as skildich oan Him oerdroech mei al syn sucht nei ’t goede en syn oandrang ta ’t kweade?
It skaed fen ’e twadde, dy-t de heide ynstiek, wie gâns lytser as de earste en it gyng hast krûpende wei fen yneinens. De foetten wierne him trochroân, de tonge hinge him út ’e bek . . . mar o! hy roek de âld baes en de houn sleepte syn warrige lea foart, siik fen onwennigens en honger, nei dy stippe yn ’e fierte, det syn opskerpe eagen wol seagen, det de baes wie, d’âld baes, der hy mei op ’e jacht gyng en der hy allinne mar ûnder stean woe. Det wie de baes . . . dy oare hie him mar koft, mar hy hie him opfokke!
En hy sleepte him foart en biroek bigearich it spoar nei syn folk en do-t hy de baes mei greate stappen oankommen seach oer ’e heide, op him ta gyng hy lizzen en giselstirte allinne mar mear fen blidens. Hy koe net mear . . .
Do dripte der in minsketrien op syn gled fel. Dy wie fen ’e baes . . . dy seach, ho trou as ’t dier wie, det him folge yn ’e ellinde.
Om middei hinne foel it skaed fen in tredden ien oer ’e heide. Dy siet op in ierdkarre mei in moai appelich hynsder derfoar en det gyng holderdebolder foarút, skean oer alles hinne op ’e spjirrebosk yn. Warmolding hâldde de hân boppe de eagen en kúrde dy kant út, der de wrâld fen triljende sinneskyn en kleurepracht lei en húzen en ûnderdak . . .
Do draeide hy him om en bigoan wer to seadstekken for in heidehûs . . . Hwa-t der oankaem, koe him neat mear skille, hja wierne ommers útdien út ’e maetskappij . . . Miskien wol de iene ef oare dy-t him bispotte woe yn syn earmoed . . . Hy scoe de hounen op him oanhysje, den koene dy him forskûrre.
Nou fluite hy se ynienen mei in lokjend lûd. Hja sprongen by him op en slikken him de hânnen. “Koest jonges . . . goed folk . . . Pas op ’e frou.” Der stouden se al hinne en gyngen foar Maei en de lytse lizzen. Hy seach ’t, det diich him goed.
“Hâld ’t hynsder ris, Warmolding,” rôp in frouljueslûd en mei lange stappen gyng hy der hinne en hy, dy-t him oars fen nimmen kommandeare liet, hy hâldde it hynsder. It fromminsk stapte fen ’e ierdkarre ôf en op him ta. “Hwet ha ’k om jimm’ yn noed sitten,” sei se. “’t Is dochs allegear noch goed? mei de lytse?”
Dy sêfte wirden sloegen in great gat yn syn hird gemoed, krekt as ’t hammers wierne. O der wie noch ien, dy-t him noch to reden stean woe, dy-t him opsochte yn ’e ellinde en hja! hja!
Mei wylde eagen seach hy op hjar del en der loek in fyn read oer it stoefe, brúne antlit. “Doarsten jo it ûnderstean en gien’ hjir lykme allinne hinne?” húne hy. “Hwa wit, hwet jo oerkomme kin by sok onrân, det de heide ynstjûrt wirdt om to stjerren!” Syn eagen skeaten fonken, hy seach hjar lyk oan.
Mar Hester foroare hjar der súver neat om. Mei hjar kleare, heldere eagen seach hja him op en del oan en do sei hja ienfâldich: “Wolst wol leauwe, der ha ’k net iens om tocht, Warmolding. My hwet oerkomme by jimmes? Ik tocht . . .”
“Nou siz op . . .” Det klonk as in bifel. Den hiene al de frouljue, dy-t hy kend hie, al trille, as hy sa mar bigoan wie.
“Ik bin net bang,” skodholle hja. “Ik woe allinne mar sizze, myn skûrre is greaternôch en joun gien’ jimm’ mei nei úzes . . . En in hûs scil der ek noch wol komme.”
Hy lake—hird en kâld. As in wanklank klonk it yn ’e harmony fen ’e stiltme fen it heidelân. “Mei!” skreaude hy. “Noch ris wer! noch ris wer de heide ynjage wirde! Al scill’ wy ek fen honger omkomme, in Hastinger sjocht my net wer as . . .”
“Nou?”
“As by nacht.” En it wiif hearde derút de flok oer Hastings.
“Nou ik moat ek noch efkes by Maei sjen,” sei hja en hjar lûd trille in bytsje. “Bliûwst by ’t hynsder?”
“Né,” sei hy, “ik scil ’t útspanne en byn ’t oan ’e beam. Gien der mar hinne, der by de spjirrebosk en drink in pantsjefol kofje mei ús. Det’s tominsen noch redt út ’e ellinde,” en hy lake wer en liet de wite, geve tosken sjen. It snie hjar troch de siel.
“Ho, wachtsje. Wolst my earst noch efkes helpe? Bring dit Maei, man,” en in greate baelsek fol gûd rôlle fen ’e karre. De bern kamen der op ta en dounsene der al om hinne en earst, do-t se allegear in stik koeke hawn hiene, waerden se stil en gyng Hester nei de spjirrebosk ta, der Maei al út stie to sjen nei dy wûnderbaerlike bisite. O hearink, Hester! Do bigoan it sloof sa earmhertich to kriten, det it in hert fen stien weak makke hie.
“Ik tochte, ik moast hjir ris sjen,” bigoan Hester. “Och Maei, jimm’ moatte mei, sa kin ’t net mei dy lytse harten fen bern. ’t Is in ôfgrys, ik wol ’t net lije, út noch yn net.”
“Hy moat it witte,” sei ’t bleke wyfke mei in sucht. “Hy scil ús wol troch de tiid helpe. Wy ha nou dochs gjin thús mear as . . . hwet . . . seaden. For ús is der gjin plak mear . . . en . . . gjin iten...”
“Det is der wol,” sei Hester en hja pakte in greate koer út, der siet fen alles yn en ûnder yn lei in stik spek, safolle, as se yn gjin fiif jier by inoar sjoen hiene. En in pear wollene tekkens kamen der for ’t ljocht en klean . . . Mar wer mei nei de streek, der liet it wyfke ’t ear net nei hingje. Der barnde de groun hjar ûnder de foetten, sei hja, der makke de haet de minsken ta diwels, en hja seach it fromminsk foar hjar oan. Dy wiste net iens, hwet leed bitsjutte, dy hie net in woestling ta man, en gjin kliber bern om hjar hinne, dy wenne fredich en foldien yn in moaije stjelp yn ’e bûrren en hie neat brek.
Maei koe ’t hjar hast net bigripe en dochs . . . hja bigoan ek âldsk to wirden en nou ’t de sinne der op skynde, lei der súver al in sulverglâns op hjar swart hier. Fensels net fen ’e soargen, dy hie se net. Och, hwet wie de iene al folle rykliker bidield as de oare! Mar hja ginde it Hester Hoara fen herten, O! as ’t sloof ris witen hie, ho min dy rike Hester ’t sims ek nei ’t sin hie, ho der faken in onbidimberen forlangst yn hjar opkaem nei dingen, dy-t hja noait net keapje koe for jild en ho-t hjar holkjessen sims wiet wie fen bittere triennen!
Dit hie de tredde west . . . dy-t de sounebok opsochte yn ’e woestenije en it waerde de lêste.
De skimerjoun weefde al mei syn lange beverige fingers oan ’e skearing fen ’t kleed fen ’e nacht, do spande Warmolding it hynsder wer yn. De karre wie leech, mar der lei in leger spraet for de nacht mei goed tekkens deroer en hja hiene allegear sêd hawn.
De heide, dy-t by dei al roazeread bigoan to lykjen troch de knopjende strûkjes, fordonkere hjar nou ta fealbrún. Hjir en der glinstere in wyt sânplakje, forbrede him it skaed fen in stikmennich âlde beammen ta in hiel bosk yn ’t twiljocht fen ’e lette skimerjoun. It fûgelt waerde stil en de helderste stjerren kamen al fier en flau oan ’e loft, hwaens poarper yn teare, fine kleuren toraende, nou ’t de sinne ûnder wie.
En sa gyng de lêste fen dy trije nei hûs.
Sont dy dei binne al in bult minsken hjar eigen wegen gien, mar gjinien sines roan wer oer ’e Hastinger heide nei ’t hûs fen Warmolding ta. Hja woene him forjitte, mar o! yn hjar haet libbe hy ûnfornietigber foart en ûnder dúmkes wei sette Wychman Hoara de Hastingers altyd alweroan tsjin him op. Wirk koe hy nearne krije en boadskippen op ’e pof ek net en as de bern by ’t winter delkamen as ’t krap wie en fregen by de húzen, den smieten se hjar de doar foar de noas ticht. Waerden der keninen stellen, det hie Warmolding dien fensels ef gûd fen ’e blikken helle, hy wie der hândiedich oan. Wychman Hoara syn pindam fen ’t polderke wie op in nacht trochgraven, det waerde Warmolding ek al wer oanwreauwn en dy wie sa earm, hy hie net iens in lod. Dy hie hy fen ’thjerst forkoft for iten. To Hastings doarst hy net mear komme, hja hiene him der út kneppele. Wychman Hoara lake yn syn fûstje . . . sa moai hie hy dy Warmolding wjuklam slein en út ’e reek kosseband. Nou, hy hie der ek syn reden for! . . .
It wie nou al lange jierren lyn en Warmolding hie net de lêste west, dy-t Wychman Hoara syn namme forwinske. Der wierne al in bulte, dy-t in pik op him hiene, mar hjar jild joech hjar noch safolle ontsach, det dy stumpers dûkten hjar en bismoarden it yn hjar sels.—
Ienkear op in joun yn ’e foarwinter sette Wychman Hoara de stap der ûnder nei syn sister Hester ta, om hjar lânhier to bringen. De stive buffel hie hy oan en hy siet ta de earen ta yn ’e muddefellen mûtse, hwent der waeide in spitse Noard-Wester stoarm mei sniebuien en sa nou en den knypeage hy tsjin de heilstientsjes, dy-t as feninige lytse kûgeltsjes om ’e earen fleagen.
Goed fjouwer ûre wie ’t, mar al hast tsjuster. Grouwe buien fordonkeren it lêste sinneglimke, der ûnder yn ’t Westen, hiel djip efter de elzenwâllen wei, dy-t der neaken en kâld tsjin ’e wyn stiene to waeijen mei in hiel lyts biwyske bifearzen snie- en heilgûd op alle tokken, krekt as hie in skilder se sketst mei flauwe wytkrytstreekjes tsjin ’e leadgrize loft, hjir hwet, der hwet, mar masterlik, krekt genôch op ’t rjuchte plak. Sa lei det hiele Hastinger winterlân der foar him, al oerkape fen ’e tsjusterens fen ’e winterdei en de sterke wyn jage oer ’e heide en woán tsjin ’e joun noch yn woeste kreft as in wrede held yn ’t kliûwen fen syn gloarje.
Simen winkelman kaem him foarby op ’e hounekarre. “Joun boer!” rôp hy al oansjitsk fen fierrens. “Winterwaer!” en hy wie al fen ’e karre ôf om in praetsje to meitsjen.
“Joun,” sei Hoara noartsk en stapte tróch. It noaske him net optheden, om him mei dingen ôf to jaen, dy-t neat om ’e hakken hiene en hy loek de buffel noch hwet heger op om ’e greatske, stive nekke, noch read forbarnd fen ’e sinne fen ’t simmer.
As in woelige sé gyng ’t der yn syn holle oan-wei. It arbeide der yn inoar om, krekt ef hiene se der binnen mei inoar ôfpraet, om him ris omraek to narjen en dy tinzen woene hjar ek net fordriûwe litte, al sette hy him ek noch sa to skrip. Sont de tiid, det Nuttert út ’e tsjinst roan wie, like ’t wol, ef stiene elk en ien de hânnen forkeard, krekt as wierne de hynsders earslings foar de wein slein. It taforsjend each miste der, it âld bistel, det mei ’t bidriûw great waen wie en der oan forkleefd rekke yn in minskelibben fen trou en beuzigens. As hy woe as net, det bikinde Wychman Hoara him sels nou, dy Nuttert hie der mei redt as wie ’t syn eigen en hiel, hiel djip yn syn binnenste, eare hy it lytse wâldmantsje der nou noch om.
Hy miste him. Yn allerhânne forgearringen siet hy net sa gerêst mear op syn plak as yn ’t foarige, op ’t wykmerk to Ljouwert miste ’r al ris in kearmennich, hwent op twa plakken tagelyk wêze koe hy ek al likemin as in oar, mar om wethâlder to wêzen hie hy noch tiid planteit. Det wie syn gloarje, der as de rjuchterhân fen boargemaster to sitten, der groeide hy fen en al koe hy allinne mar ja en amen sizze op minhear syn útstellen, och jonge! al hie ’t him ek tûzen goune kostje moatten, hy hie ’t der wol for oer hawn, al ginde’r oars de earmen en ’e tsjerke skraech in heale sint.
Heit en pake hiene it ek west—it wie femyljetradysje en ienkear . . . ienkear, letter, folle letter, den waerde Fokke it en scoe hy op heite plak sitte, op ’e stoel mei ’t read fewielen kjessen. Sjoch wrachtsjis, der bigoan ’t gemael wer. Krekt al dy argewaesjes wer forgetten, der kaem mei Fokke him ek dy smoarch jonge fen Nuttert, Date yn ’t sin en Nuttert wer. En dy roan nou mei de marse!
Wychman Hoara kâldgnyske derfen . . . Tocht ’r, det hy der droech brea mei fortsjinje scoe, al dy winters for det leger bern en det fûle wiif? Och Nuttert wie sa slûch det, ryk rekkenje en earm telle, der roan ’t op út en den mei hangende poatsjes wer nei de boer ta. Wychman Hoara syn innigste bigearte wie, det dit noch ris barre mochte. Hwet scoe hy him den ôfmeitsje, mei wrede wirden stiennigje en den wer oannimme for in lyts deihierke. Hwent hy woe der foardiel mei bispinne, him ôfmeitsje as minske en ôfbrûke as arbeidskreft.
As ’t mar ris in strange winter wie, scoe hy wol delkomme. Wychman Hoara seâch him al, hjir dit paedtsje lâns, it lytse mantsje mei syn tsjalskonkrige gong en syn slaefsk antlit, sa’s him tochte, det de mindere man ek hearde to wêzen.
En de Hastinger ljue, dy woán hy sa njonkenlytsen al aerdich nei syn eigen hân, allinne syn folk, dy mochten graech ris roet yn ’t iten smite. Reinder en binammen Hester, dy koe him ’t mannuael sims raer oplêze—det wie lang net ien lucht.
Hwet koe hja der sims oer útgean. “It binn’ minsken, Wychman,” sei se den en de kleur skeat hjar yn ’e wangen en hja seach sa brienich det, “ik wik it dy, detst hjar siel net trapest. Sûgje se it mark net út ’e bonken om in stûr ef hwet, it scil dy sûr opbrekke. Dû moatst der rekkenskip fen dwaen.”
“Det doch ’k!” hie hy den daedlik klear as wjerwird en om himsels sân yn ’e eagen to struijen, birekkene hy ’t alle jierren by ’t boekslúten sa: súvere ynkomsten f8775 en hwet lyts gûd. De tsjerke krige Nijjiersdei in ryksdaelder en op ’e list for ’e winterútdieling yn ’e heide teikene hy elts jier alweroan trije grouwe ryksdaelders as wethâlder om in goed foarbyld to jaen, det wie al tsjien goune en brocht him sa ’n twa en tritich stimmen oan. Jild-bilizze, det fortúten diich. It wiif joech de skoaijers altyd sinten, in hiel kaptael sa’n winter lang en as der in kollekte yn tsjerke wie yn ’t bekken, den joech se in spiksplinternije goune. Det blonk! Hy hie altiten in restje lizzen yn in âld doaske yn ’t kammenet, for Fokke en Lys op ’e jierdei en ’t bekken en as doomné Fleurin kaem to skoaijen for syn earmen. Sines! It wie krekt, as alle heidtsjers fen syn femylje wierne, sa earmhertich koe hy skoaije en den smiet hy sels it jild ek mar wei, det as min net al to deun lykje woe, den moast min wol yn ’e pong taeste.
Hy mocht Fleurin, dy moaiprater, net lije. Hester en hy wierne grif út ien daei knypt ta minsken. En den hâldden hja altyd allebeide dy Nuttert de hân boppe de holle. Fensels, Hester scoe him ek wol wer jild jown ha for syn marsenegoazje, dy hjar pong skúrt se altyd wiidwaech iepen en der longerje al dy Hastinger luiwammessen op. Hja scoe der mar hwet mear de túmme op hâlde, oars waerde it mar in skaedlik spul for Fokke en Lys, as hjar toffels ris foar ’t bêd set waerden, súnder det se oait wer oan kamen.
Sjoch, der stie Doede yn ’e doar. Dy wennen ek al wer yn in hûs, der ’t Hester jild oerhie. Det hâldde mar oan, wrachtsjes, sa’n âld faem mocht wol ris útdieling hâlde oan syn bern. Den diich ’t tominsen noch hwet nut.
Hy draeide it steksdoarke op en stapte stadich en stiif nei de syddoar ta by ’t potrak en rattele mei de klink. Der kaem Hester oan, hy seach hjar skaed foar ’t finster lâns gean, hwent hja hie al wer forgetten, om de blinen ticht to dwaen. It wie sa’n hutteflut yn sokke dingen, krekt diselde noch as foar in tweintich jier, do-t se by heites de fleur yn ’e hûs brochte. Ho heugde ’t him noch, det opslûpen fanke mei hjar moaije brúne eagen en hjar bizigens. Der wie gjin ding, det hjar nei gyng, en de soargen wierne hjar sûnder kantroeren foarbygliden krekt as in swierladene tsjalk in wetterblom.
En det bleau sa. Nou wer dy blinen net ticht. As der ris dieven kamen en al det skoane jild stielen! It griisde Wychman oan, det in oar syn kloeren der nei útstekke koe, nei dy skat, dy-t it hilligste hilligdom fen syn hert yn bislach naem hie.
Do-t se yn ’e keamer sieten, mei de tafel fol briefkes en sulverjild, koe Wychman ’t net litte en wize hjar der op. “It binn’ minne tiden,” sei hy mei in sûr gesicht en de tûmmen yn ’t fesjebûs, “dû scoest dy oanwenne en doch de finsters allegear ticht jouns. Wist, hwerst for bleat leist? Det ik dy op in goede moarn dea fyn en ’t jild . . .?”
“Foart,” sei hja der efteroan, “en det wie den noch wol ’t allerslimste, net!” Wychman mirk der neat fen, ho-t hja him tróch-seach.
“Nou . . . slim . . . fensels”, en Wychman knypeage ris mei de eagen stiif op ’e kachel. “Us berntsjes hiene it den better brûke kind. In pongkje fol jild der keapest alles for, fanke,” en hy glûpte ris skean ta de eachshoeken út nei hjar.
“Dû setst dyn hert der tofolle op, Wychman,” sei Hester. “Jild is alles net. Ast’ det op in goede dei ek noch mar net ris leare moaste! Alle heidtsjers haste al tsjin troch dy Warmolding en do dy Nuttert wer.”
“Nou, hwet scoe det?” sei Wychman finnich werom. “Hja scill’ ’t wol litte en lizz’ my in strie oerdwers.”
“Det hoopje ’k,” sei Hester mei in sucht. In setsje seine hja beide neat; min hearde allinnich it tik-tak fen ’e lange klok en it ratteljen fen ’e heilstientsjes op ’e pannen.
Hester hie dy middeis foart west to thédrinken, nou waerde hja hwet roazich om ’e holle en krekt as lei de neiskimer fen in blide jeugd wer in amerij op hjar antlit, sa jong like hja optheden, it fine koairoune kopke, det blank en fyn útkaem tsjin ’e echte kant yn ’e hals, hwet op ’e side en ’e lytse hânnen yn ’e skoat.
“Dû biwinterst goed, Hes,” sei Wychman Hoara ynienen mei in biwyske fen in glimke om ’e tinne lippen. “Dû wirdst’ noch ris wer jong.”
“So,” andere hja stoefwei. “Det hoechstû my net to sizzen. Siz det tsjin Lys en Wypkje fen Reinder en dy’s, dy litte de earen noch wol nei sok sleau praet hingje!”
“Ho is ’t, is ’t noch oan mei Johannes Akkringa en Elle? Dû hearst hjir mear as wy.”
“Nou . . .!” andere hja. “Hjoed op ’e bisite wisten se der al mear fen as ik en praetsjes . . .! Ik siz ’t dy . . . ’t is in blaem for ûs folk. ’t Scoe wêze, det wy sljucht wierne nei in doomné’s soan, dy-t hwa wit hwêrre in wriûwpeal for hwet tsjerkefolk wirdt. ’k Scoe der mar mei ophâlde . . . ’t giet dochs om ’t jild . . .”
Ynienen seach Wychman Hoara Wypkje hjar gouden hier flonkerjen yn ’e sinne en derûnder skimere it lytse donkere kopke. “Det wit ik noch sa krekt net,” sei hy. “Is hy den gjin potuer for Wypkje?”
“Ho komst derby?”
“Nou ja,” andere Wychman, “by dy sit der noch âld sear, doomné’s folk kin gjin goed-dwaen by dy. Den is Fleurin better dyn maet! mar dy frjeonskip kostet dy ek omrake taesten yn e’ pong . . .”
“Wolst wer harsenskrabje? Pas mar op dyn eigen saken. Dû hast hjir rare fijannen. Dû hast dy Warmolding ek bihânnele as in houn . . .”
“Det is ’r,” rôp Wychman Hoara en it hiette bloed fen ’e Hoara’s fleach him nei de holle.
“Dû wiste, hwa-t hy is en hwer hy heart . . . Net op ’e heide, Wychman, op in hiel oar plak . . .” sei hja súnich, krekt as prate hja yn hjar sels.
“Stil, siz ik dy!” Hester waerde der kjel fen, sa spriek hy op ynienen. “Pas ek mar op dyn eigen saken!” bauwde’r hjar nidich nei.
Hes wrokke. Sa woe se net to plak set wirde. Hy mirk it wol oan hjar eagen, der flikkere forset yn. It spande ek om ’t mei sokke âlde fammen to roaijen. Hja waerden sa noartel det en den mar spytbokkings jaen en fiis sjen.
Steurd joech hy him ôf nei hûs.
In flau streekje moanne liet krekt hjar ljocht foar syn foetten falle en in fine rein fen fonken út syn slap pypke stoude oer ’e wei. It wie hjir ’t deade ein fen Hastings, hjir stiene gjin húzen, de izren jildhân fen ’e Hoara’s kearde it bouwen. Utgongen en útgongen lân leine neist inoar oan ’e wei mei hege elzenwallen der omhinne—it stille biwys, det it rike ljue wierne, dy lieten de beammen stean en de oaren kapten se, det stibeleare de pong. Hy hearde hwet risseljen yn ’e ûnderwâl en draeide de holle om nei dy kant ta. Nou wie ’t wer stil.
—In mird—tochte ’r—op roof út. Der wie ’t wer. Hy bleau stean en harke.
Ynienen, pof!! . . . de pipe sloech him út ’e múle en in kúgel fleach roerend oan him lâns, det de fellemútse skroeide.
It skeat him sa yn ’e foetten, det hy bleau stean, der ’t hy stie. Al wie de hiele wrâld om him hinne op ’t selde stuit ek forsonken, hy hie net fen ’t steed komme kind. Hy slokte der tsjin, sa jage syn sert him tsjin ’e kiel oan en syn greate hânnen trillen, as hie hy de ridel der yn. Raze om help woe ’r, mar gjin klank kaem der oer syn droege lippen.
Sa stie hy der midden op ’e wei as in tsjamme yn ’t ljochtmoannewaer en it stille lân der allegear om him hinne, det him ryk makke hie, lei der as in deade skat en koe him net helpe om himsels de macht oer syn wil wer to jaen.
Einliks der fielde hy, det hy wer rinne koe en as in ôfjage houn fleach hy ta ’t steksdoarke yn op syn hiem en sloech op ’e doar, det it kosyn kreake.
Hoazfoetling diich de greatfeint de doar op: “O hearink, de boer!” rôp hy en loek him yn ’e hûs. Wychman Hoara hie der gjin bilul mear ta, as in langstallige raei foei ’r yn ’t foarhús del en it dûrre moannen, eart hy wer op ’e lappen kaem, syn geweard lichem bitard ta hwet fel en bonken en de klean hingen der rûm om. Allinne dy greate donkere eagen glûrren noch yn ’t bienbitige antlit as koallen fjûr, krekt as hiene hja allinne it oantinken fêsthâlden oan dy Wychman Hoara fen alear.
Hy wie noch stoefer en stiller waen as oars en noch wreder yn ’t útfikelearjen om in oartsen út to súnigjen fen ’e earmen. En dy bigoanen him to haten, sa stil mar ek sa fûleindich, as it folk fen sokke iensume kriten fen heide en min lân it mar kin, der de groun selst ek wol hast to gjirrich liket, om hjar in timpe brea jaen to wollen.
Wûnderlik ho-t de omkear yn it wezen fen dy iene man hiele Hastings sa op iene ein sette. Min mirk it net, sa dagelyks wei, hwet der geande wie, likemin as min de wetterril sjocht, dy-t stâdichwei it fêstlân ûnderwrot en ta in sompe forwetterje lit—mar it gyng al jierren. It wie al bigoan, do-t de brede, stompe fingers fen ’e Hastinger boeren Warmolding neipiûwden op reis nei de heide ta en do in set letter rekke Nuttert út ’e tsjinst en timmere in marse yn inoar en lade dy fol mei snypsnaren út ’e stêd. Der sloech it libben mei hirder, heftiger polsslaggen as to Hastings, der biharke Nuttert det, it stille wâldmantsje, der neat oan ûntkaem en diich der syn profyt mei en krante it wer oer oan dizze en gene ûnder dúmkes wei, det noch folle mear fortúten docht, as hwennear ’t yn ’t iepenbier útboldere wirdt.
En do det sa ’n jier trije, fjouwer gien wie, stie der op in dei yn ’e krante, yn Hastings scoe in soosjalist komme to sprekken.
Det wie hwet nijs. Uren fen tofoaren roanen de skoall’bern al op ’e wei om, om det wûnderminske ris to sjen en yn ’e skûrre fen ’e moálker krongen de minsken ta de doar út, hwent de Hoara’s hiene it near op ’e harbarge lei, der waerde hy keard. Mar it wird kearden hja net . . . det boldere dy swarte kearel der út oer dy onnoazele minsken en dy dronken syn wirden yn as peareljende mé, dy-t de sinnen bitoavert en syn ûnthjittings knopen se yn ’t ear, eft se de dieden al seagen!
Wychman Hoara stjûrde der in ôfgesant hinne, siktaris syn soan, dy-t learde for abbekaet en dy kaem de joune let werom mei in holle sa read as bloed en alhiel oerémis, sa hie dy man oan ’e gong west en Nuttert hie mar yn ’t foarmidden sitten mei ’t wyt foar en dy wie nou stimd as foarsitter fen ’e soc. dem. folkskiesforieniging.
“Fen hwet?!” frege Wychman Hoara en syn eagen skeaten flammen.
En do sei de jongfeint it noch ris en lake der yn him sels om, ho núver de rollen sims omkeard wirde yn ’e greate wrâld. For in jier mennich noch arbeider by de boer en nou al foarsitter! En as hy om ’t bislipe praet fen Nuttert tochte, as dy ris út ’e hoeke kaem, den waerde hy der hast ôfginstich op. Det lytse wâldmantsje, der siet in kop op, der scoe hy noch wol mei ruilje wolle, sei ’r.
“So?!” andere Hoara syn wiif spitich . . . “den is det nou ynienen wol in bisondere femylje waen. Hastû der oait hwet fen bispeurd, Wychman?”
“Ea ju né,” andere dy, . . . “ik hie him ommers ek mar for ’t wirk. As hy al in steil wird dwaen koe, by úzes koe hy him ketoen hâlde . . . ef oprukke. Det ’s hjir wet.”
“So, so,” sei de stedint en hy tochte om oare wetten, dy-t sa fêst ynwoartele binne yn ’t minskehert, det as min dy to koart docht, hja in wapen yn ’e hân wirde fen ’e fordrukten tsjin ’e fordrukker.
It gyng nou ynienen heil om seil to Hastings. In dei mennich letter smieten se de glêzen yn by Wychman en Oebele Hoara. Der bleau gjin rút hiel en sa’s hy yn ’e hûs sitten hie, hoazfoetling en mei de bleate holle, kaem Wychman Hoara bûtendoar fleanen en hy trille sa, det hy hâldde him oan ’e post fen ’e doar.
It wiif mei Fokke en Lys wierne forside krûpt op ’t hea en ’e âlde trouwe greatfeint Geart stie op ’e útkyk by de mounledoar.
“Hwet moatt’ jimm’?” rôp Wychman tsjin it skreauwende folk, allegear hast heidtsjers, dy-t yn ’t minst fen ’t fortsjinst fûl op jild wierne.
“Iten!” raesden wol hûndert.
“Kom,” sei der ien, “lizze der net genôch bankjes yn dyn kammenet? wy moatt’ der ek in stikmennich fen ha! Dû útsûger, dy-t ús it fel oer ’e nekke hellet!” en in grouwe flint waerd troch de glêzen keile en de stelten fleagen fen ’t kammenet yn grús oer ’e keamer.
Nuttert stie hwet toside ôf en seach yn ’e oarre wei. Krekt ef wie syn hiele antlit hjoed weifallen, sá sterk sprieken de trekken fen syn gesicht, de greate meagere noas mei dy djippe tear twisken de eagen en de tinne lippen, dy-t stom bleauwne mids al det lawaei. It like wol, as syn breed kin mei it greate dobke deryn, optheden út moarmer houwd wie, sa kâld én fêst kaem it út ta de opsette kraech fen ’e skurve buffel en syn eagen glinsteren as de ljochte finsters fen in forfallen hûs.
Wychman Hoara seâch him. Hy wonk him, sa’s de Hoara’s det wend wierne . . . it bifel lei deryn. Nuttert roerde him net fen ’t steed, allinne syn eachslidden boppe de skerpe eagen trillen efkes.
Nuttert!—wonk Wychman Hoara noch ris mei kâlde bleke hânnen en der lei smeking yn ’e ophef fen dy stramme fingers, dy-t ynhalich stiene as de kloeren fen in fûle earn, dy-t alle roof goed is. Nou ’t it sa op ’e neil barnde, tocht hy der net iens mear om, hwet âld sear der noch siet twisken Nuttert en him.
De rúten kletteren, it grús stouwde oer ’e foarhússtriette, de pannen rattelen fen ’t hûs en Wychman Hoara stie der forweesd midden yn. Krekt as foel de eare fen syn hûs to pletter en hy koe neat redde . . . neat! . . . neat!!
De holle sonk him op ’t boarst en syn eagen glûpten alle kanten út om help. Hwer wie de fjildwachter, om him, de wethâlder, mei de wet to biskermjen?
“Nuttert!!” rôp hy boppe de gûlende, fornielende, razene binde út. Hoara waerde lyts.
Nuttert hearde it, om syn lippen spile in fyn glimke. O hwet foroare syn antlit op dit stuit, nou’t hy Hoara trôf, him yn ’t djipste fen syn siel fornédere. Efkes seach hy nei him, do draeide ’r him om en gyng mei syn swiere stap nei de wei. Sá fornietige hy Wychman Hoara yn syn omdraeijen . . .
It folk hie syn wraek hawn.—Sa gyng ’t by de streek lâns, by Oébele en Reinder Hoara en de oare geseten boeren, fornielende wei as in brûzjende stream, der gjin minske in daem yn opsmite doar.
“Nou de lêste noch!” skreauwde der ien, in nij ynkomm’ling, in bakker, dy-t troch de oun krûpt wie en nou to Hastings wer op ’e klúten tochte to kommen. En biseffeleas sloften de oaren him efternei, noch mear bilust op fornielen om to toanen, det hja nou ris ien amerij de machtigsten wierne.
In pear fen ’e earsten sprongen oer ’e hage foar Hester Hoara hjar hûs. Al mear en mear, it dûrre net lang, as do stie ’t foartún al fol folk, det de stiennen yn ’e hân jûke.
Der gyng de doar op en Hester Hoara stie op ’e drompel, ienfâldich yn ’e klean as altyd, bidaerd en evenredich en seach oer ’t kliber minsken hinne, sûnder det hja der oars fen waerde.
“Hwet woestû?” sei se tsjin in greate kearel, dy-t hielendal foaroan krongen wie. Dy waerde stil wei.
Hjar opskerpe eagen kipten lange Linse út it folk, det krong en oangyng en hinne en wer widze as in ûnstjûre sé. “Kinst hjir ek efkes komme?” rôp se. Mar Linse, dy sei neat, dy skamme him, det hy der midden-mank wie, dy seach ’t spark dwalen en smiet syn lange skonken mar gau wer oer ’e hage. Né, hjir by de frou op ’t hiem, misstiene stikken rúten en stiennen. It waerde stil ûnder ’t folk.
Nou klonk Hester hjar helder, klear lûd wer yn ’t folk op. “Hwet is der dochs to dwaen?” sei se hiel gewoan wei, mar min lies strangens yn hjar eagen. “Stiet de boel hjir altomets yn ’e brân en woll’ jimm’ my helpe? Ik kin dochs net bêst tinke, det jimm’ forkearde dingen yn ’e akte ha, wol? Derfor kenn’ wy inoar to goed.”
“Brea moatt’ wy ha!” skreauwden in pear mûlripen. “’t Is allegear úzes mei! Jimm’ skûrre ús ’t brea út ’e bek en frette jimm’ sels sêd. Brea! en elkoms syn pounsmiet lân! Det komt ús ta !”
Der krige dy kearel me ynienen in klap yn syn gesicht, det hy tûmmele efteroer op ’e groun. “Hâld dy stil,” sei der ien, “dû moast noch leare, om mei frouljue om to gean.”
In pear laken, inkelen seagen om, mar de wraeksucht slepte net. Dy loerde . . . loerde . . . In lyts fonkje wie der mar ta nedich as Hester Hoara waerde op gelyk ef ongelyk oerjown oan dit razene folk, det de ienichste fjildwachter fen Hastings yn syn eigen hûs opsluten hie mei twa fen ’e sterksten ta oppassers.
“Brea!” raesden in pear drysten wer. “Jow ús jild for brea! Hast it net by steapels fol yn ’t kammenet? Wy freegje om ús eigen! It komt ús ta. Jow ús brea as . . .” en de hânnen, dy-t opstitsen waerden, omklammeren de freeslike stiennen.
Do makke Hester Hoara hjar ta man.
“Né,” sei hja bidaerd wei, mar mei in klank yn ’t lûd, sa’s nimmen noch noait fen hjar heard hie: “Jimm’ krije gjin brea en gjin sint jild fen my!”
De ljue, dy-t de stiennen yn ’e hân hiene, makken hjar klear, om se foart to saeijen. Hester seach it . . . krekt as waerd’ se greater . . .
“Smyt der yn!” hise ien tomûk en do tongeren wol fyftich mûlen det wraekwird oer it stille hiem, pûrrazen op it wiif, det se stean doarst.
“Nou . . . doch ’t . . .!” sei hja . . . “Smyt ta . . . Der is net folle oan my gelegen . . .” Krekt as ’t ôf- en oan-gean fen ’e weagen brûzde en weage it der yn dy minskesé . . . mar der bleau dochs noch eat as earbied oer for det fromminsk en hjar moed, det it folk biwarre for de died.
“Hâldst de pong ticht, Hoara?” en in greate kearel gyng lyk foar hjar stean. “Wy witte, hwet ús rjucht is en wy scille it brûke ek. Smyt ta!!”
Do sei Hester Hoara de wirden, dy-t nou noch fen mûle ta mûle giene to Hastings: “As der ien is to Hastings, dy-t oait mei lege hânnen foartstjûrd is troch my, ja! smyt den ta, optslach . . . Den ha ’k it fortsjinne.”
Do waerde it deastil ûnder ’t folk, de greate stiltme, as de minske ta himsels ynkeart en sjocht, det hy mis west hat.
Hester Hoara bleau stean op ’e drompel fen hjar hûs en wachte, hwet bleker as oars en hjar frjeonlike eagen seagene yn it folk op. Och! hja koe se allegear wol, de measten wierne Hastingers fen âlder ta foarâlder, heidebern mei de poellen ta selskip en de seaden ta tek. En dy eagen, dy makken it folk syn herte weak.
“Nou?” sei hja.
d’Iene nei d’oare joech him swijgsum ôf, sûnder der in andert op to jaen. En do-t de lêste foart wie, gyng Hester yn ’t foartún en hifke ien fen ’e stiennen, dy-t der lizzen bleauwn wierne.
Hja wierne swier, al de wraeksucht hiene hja ynsûge.—
Hja sloech de skelk om ’e holle en gyng om ’t hûs. De teiwyn stie op ’e glêzen en ’e lêste snieplakken oan ’e Noardkant fen ’e húzing toraenden yn lytse wetterstreamkes, dy-t nei de reed tasiperen. De drip fen ’t tek foel ientônich del by de sydmúrre en it wie sa swart det troch de beammen, dy grien glimmerich ôfstieken tsjin ’e skiere reinwolkens, dy-t út it Westen wei opfleanen kamen as hiele greate flechten ûnksfûgels en dy de wyn útfloddere ta dikke reinbuijen sims noch mei in inkele greate snieflok middenmank as in reine ienling, dy-t twisken útskot tolânne kaem is.
Ho treasteleas like de natuer, krekt as hie hja hjar deljown yn in ivige slomme, sûnder de hope, wer in dei kinne to scillen, dy-t út it Easten it ûntweitsjen bringt.
Hester loek it swarte tipdoekje noch hwet fêster om ’e skouders en seach ris yn ’t waer efterhûs. Der koe min de loft skouwje.
Mar dy stie stiif en grou—de wyn kromp nei ’t Súden ta en ’e einen kwêken yn ’t bit. It wie waer, as de útersten yn ’t minskeherte fat op him krije, haet ef ljeafde. It is den beide hjar tiid—de bûtewrâld wirdt bûtedoar bislúten en de minske is mei himsels en syn hartstochten allinne. Den komt de ljeafde teantsjende wei oer ’e útslitene drompel fen it âlde hûs mei hjar inglegong en de himelse gloed yn hjar eagen en yn in wûndere flústering seit hja, det der gjin heimnisse is twisken hjar en it minskehert en ho-t de tiid ek mei syn ûren yn it sânglês omskoddet, det hjar wjukken fier oer tiid en fierte hinne slagge en der oan ’e lange wei fen it oantinken gjin hânwizer stiet nei it lân fen forjitten. Mar yn sok waer, det him ek neargeestich makket en ûngedien en waersiik, bôzet ek de lytse wrok, dy-t hy tsjin immen hat oan ta haet, as ’r heart nei it ientônige fallen fen ’e reindrippen en ’e stoarmgjalpen, dy-t oer ’e ierde swypkje en ’e âlde beammen kreune litte en fortelle, ho-t ek de natuer hjar ûnstjûre riten hat by tiiden.
Den is de minske noch ris wer it natuerbern, dy-t by dy greate jimmerbûrr’ljende welle him it earst sêd dronken hat en dy-t der noch altyd oan bisibbe bliûwt, ho fier hy him letter ek ôfkeard hat fen dy frisse, oerkreftige, dy-t dochs de mem bliûwt fen al it moaije, det der yn him wennet.
Stadich joech Hester hjar yn ’e hûs. Krekt as hingen der hjar stikken lead oan ’e foetten, sa swier foel hjar ’t gean. De greate stiltme yn ’e hûs eftermiddei kaem hjar aerdich oan; it théwetter song bywilen sêft en lûd neist hjar op ’e koal in âlde húslike sang fen in bulte bileefde fredige neimiddagen en hja hearde oars gjin lûd near as it kletterjen fen ’e reindrippen tsjin ’e foargevelsfinsters, der de wyn lyk op stie. Mei kûgelsfeart jage de rein as in grize wolken oer ’t fjild . . . der gyng gjin minske de wei lâns, allinne in pear skier-roeken stapten der op om.
It naeijen woe net rjucht fen ein . . . den briek de tried wer ef de besseltried loek op en einliks smiet hja ’t der del en bleau mei de hânnen yn ’e skoat foar hjar út sitten to sjen. Hja fielde it, sokke reboeljes bleauwne hjar net mear yn ’e kâlde klean sitten—it hie hjar in skok jown, dy-t oankaem wie en de neipré koe se mei gauwens noch wille fen ha. Fensels nei Ljouwert to getúgen, in stik ef hwet Hastingers yn ’e bak en de Hoara’s op ’t lêst de lilke man noch . . .
Krekt as wie hja sont hjoed foroare . . , krekt as hie se net mear sa ’n bitrekking op Hastings, waerde hja der los fen makke. Sont heit wei wie, hie se hjir dochs gjin hael mear, de broerren trouwd en elkmis syn eigen húshâlding en bislommeringen, der hja net iens mear yn bihelle waerde.
En nou dy nije jeugd om hjar hinne, dy-t hja opbloeijen seach as in nije blom yn in frjemde tún, det stiek hjar frouljueshert mei feninige prippen. Krekt as faksearen dy jonge bern hjar mei hjar praet en grappen oer dingen, dy-t hja net bigriep en ’t sinspyljen op feinten, mei dy hjar âlden hja ienkear jong west hie. Hja wie in wiif en hja forginde de jeugd hjar bloei, dy-t ringen komme scoe . . .
De Ljouwter krante lei op ’e tafel en om hjar sinnen hwet to forsetten bigoan se der hwet yn om to lêzen. Hea! der stie ek in hûs to keap oan ’e Willemskade. Hja wist wol, hwer det wie, Fleurin syn skoanâlden wennen der ommers ek en sûnder, det hja der erch yn hie, glied de krant hjar út ’e hânnen op ’e skoat en bigoan hja der oer nei to tinken.
Nou banke se hjir wer allinne om—de ienling yn ’e greate swarm mei al hjar jild. By de jongerein hie se gjin hael mear en ’t foege noch net, om hjar by de âlderein to jaen. De Hastingers, dy-t op ’e dei ôf wisten, ho âld hja wie, hiene de moed noch net, om hjar op ’e bisiten twisken de boerinnen mei greate bern yn to setten. Dos . . . by de jongefammen en det peare ek al likemin, det wie allegear noch koartswyl en wyldsang en ’t eindtsjebislút wie, det hja hjar op ’t lêst ûren fier winske en sa njonkenlytsen wei fen alle bisiten thús bleau. Do hjitte it . . . hja maelde om in man en in âld widdener mei trije greate bern teach de dryste skoen al ris oan en skreau hjar in great brief . . . ho faken en op hwet menearen hy wol by nacht en by dei om hjar tochte . . .
Hja skreau him finnich werom, ien menear hie hy lykwols noch forgetten en det wie de maklikste menear, om jild to krijen en det hja him der net oan helpe koe.
Der kaem al wer ris sa’n duitedief en noch ien, der wie al gignút fen op ’e bûrren, mar de ienichste der hja wol ris om tocht hie, dy oppeneare him net. Det wie Elle Mulder. Twa iensumen, det joech oars wol in aerdich portuer.
Hja rekke sa yn ’e prakkesaesje wei oer det hûs en ’e nije piannen, dat hja mirk ’t net iens, det der twa manljue it paedtsje opdraeiden. It waerde al skimerich, flau stieken hjar skaden tsjin ’e jounloft ôf. Oan ’t stiif hâlden fen ’e holle seach hja, de iene wie Wychman en de oare boargemaster fensels. Mei syn koarte stedsstapkes koe hy Wychman amperoan byhâlde.
Hja gyng oerein, stadich, hast mei tsjinsin en skroefde earst it thépitsje noch hwet op. Hwet al wer in gedoente, nije thé, sigaren, Wychman in pipe, alles fen a oan z ta fortelle fen hjoed ... oppasse, net tofolle sizze, det de Hastinger heidebern biswiere koe.
It kaem al krekt sa út, as hja tocht. Boargemaster, oars sa flau oandraeid det, stie nou alhiel op iene ein—it gold it gesach! det wie syn eachappeltsje. En foaral en bilieven it opslúten fen syn troue Brugsma, de fjildwachter, diich de doar ticht, sei ’r. Hy wie praetsk, omreden hy de oare ljue graech oan ’e praet ha woe nou joun, oars hâldde minhear him ynfieren en ôfgemeten en sette jern de poannemûtse op fen slúten-mûllichheit.... Hester kôe him wol . . . en nou joun kearde hja mei fine frouljuesbislepenheit de rollen ris om en waerde sa ynfierene swijgsume frjeonlik, det minhear der neat net thús mear wie yn dy greate keamer by dy Hester Hoara, dy-t hjar hâldde en gedroech as in stedsdame, der in hearskip oer en tofolle is.
“To, wist’ nou súver neat?” woe Wychman hjar oantreastje. Graech yn ’e ginst komme by minhear, derfor roan hy nou ek al mei as boântsjelap.
“Hwet ik wist, ha ’k nyskes al sei. Ik bin net fen plan, wer fen foaren oan to bigjinnen. Ik leau, boargemaster hat it ek al opskreauwn.”
“It is net folle,” en boargemaster kúrde ris oer ’e gouden bril hinne nei dy moaifoarme mûle mei syn fynbôge lippen, dy-t mear forswijde as sei nou. Det mirk hy wol. As dy baes wie, rekke der gjin ien Hastinger nei Ljouwert ta. Den wie de broer bûgsumer twiich fen ien stamme—der koe hy mei lêze en skriûwe.
Steurd joegen hja hjar einliks ôf. Wychman mei de sneinse wethâldersjas oan en boargemaster syn greate “portefeuille” ûnder ’e earm. Efter de hage by de wei leine in stikmennich skoaljonges.
Rûfty! der fleach in wiete sniebal troch de loft en noch ien, noch ien. Der einliks ien op minhear syn hege hoed en do foart, det de modder der nei stoude . . . Hes seach ’t wol . . . Fokke wie der ek al wer middenmank. Wychman draeide syn eagen hastich ôf en hie al syn prakkesaesje by in elzewâl, dy-t de bakker langlêsten fierst to djûr krige hie! Joun scoe hy dy jonge to plak sette, det scoe ’r!
En hy helle de skjinne wite bûsdoek út ’e bûs en minhear wie sa goed net as der moast de hege hoed mei ôfhimmele wirde. De lytsen négerje en foar de greaten krûpe, det diich ’r, dy Wychman Hoara en as hy ris witten hie, ho-t boargemaster ynwindich de gek mei him hie, den scoe hy ’t tuike-moai-spyljen gau litten ha.
Krekt diich Hester it izer op de blinen, do kaem der al wer ien it paedtsje op. Nuttert mei de marse. Hja seach ’t wol oan syn gong . . . hy wie ynein.
“Joun . . . frou,” sei hy skrúten. “Is der nou ek noch hwet noadich?”
“Ho det sa nou?” Hester harke raer op. “Skilt der hwet oan?” sei se en stiek mar gau de lampe op.
“Ik tocht oars al, scoe de frou my wol wer binnedoar ha wolle? By Haeije en Fink en dy ha se my de doar foar de noas tichtsmiten . . .”
Hester bigriep him ynienen . . . “So!” sei se koelwei, “dos derom . . .! Hwerom bimoist dy den dochs yn ’e goedichheit ek mei sokke dingen? Ik ha ’t hjoed al krappernôch hawn om dy . . . dû wiest der mei bitelle, det ’k ek mar ris sei: net noadich. Hwerom sa ’n spul út to jaen op ’e bûrren en ’t folk oan to hysjen as hong’rige hounen?
“Hwet!?” rôp Nuttert forheard. “Ha se hjir west?” en hy hie ’t op det stuit net rûm.
“Dy ’t net leauwe wol, de stiennen lizze noch foardoar,” sei Hester hwet stoef yn ’t tobinnenbringen fen hjoed, det net in makliken ûre yn hjar libben west hie en in stryd, dy-t hja ek al wer allinne útfechte moast. De broerren wierne fensels fierst to bang for eigen liif en jild, elts for oar paste op syn eigen.
Nuttert waerde der stil ûnder. As de soosjalist hjir optheden west hie, hie hy him de kraeijerige nekke wol omdraeije wold, sa razen makke ’r him, sa skamme ’r him for syn eigen oanhang. Goed prate lei net yn syn aerd, der wie hy fierst to rjuchtút ta, mar det it him nei gyng, seach hja oan syn gesicht. Hy wie sa wyt as in doek en it klamme swit kobbe him op ’e foarholle.
De stillens fen Hester joun biëange him. Det hy djip yn syn hert it bisit noch eare, fielde ’r nou, al wie hy ek tûzenris in soosjalist . . . al preke hy ek oeral lyk en rjucht for elkenien. Mar Hester stie der boppe . . . dy hie hy heech set syn libben lang en det liet hy ek net . . . al laken oaren der ek om en niten him mei hjar gepraet oer “skermmantsjes”. Och en hwet hie hy der altyd greatsk op west, det hy hjir noch by Hesters komme mochte, wylt de oare Hoara’s him net iens mear op ’t hiem ha woene. Hwent dy femylje hinge oan inoar as kladden, de iene syn foetlêsten trapen se allegear nei . . . allinne Hester gyng hjar eigen wegen.
Hy bleau by de stoel stean, dy Hester for him klear set hie, hy doarst nou net mear sitten gean en stil-wei krige hy ’t seel fen ’e marse wer beet en scoe ’t oer ’t skouder hingje. It forwyt yn dy moaije heldere eagen koe hy net feneare.
Do seach Hester syn forarbeide lea, de stroffelige gong fen ’e brede ûtwekke foetten yn ’e âlde learzens en ynienen krige se in skerp en in droef ynsicht yn ’e ellinde fen ’e maetskappij. Ja, der koe se ynkomme, det sokke earme stumpers mei alle middels noch om hwet forbettering yn hjar ellinde sochten en ek wol ris in amerij it swiere tsjinstjok ôflizze woene, det hja sels en hjar foarâlden ieûwen, ieûwen droegen hiene. Hwent sette dy ellinde hjar mark net op hjar sels en ’e stumperige bern, de heidebern? mei hjar hongerige eagen en hjar meagere lichemkes, dy-t de earmoed as ienigste erfnisse meinamen fen ’e widze ôf oan ’t grêf ta?
Ynienen forjoech hja it him, forjoech it him fen herten.
“Sa net foart,” sei se koartwei. “Sa bist hjir noch noait weirekke,” en hy moast de marse útpakke en hja koft hwet snypsnaren fen him en sette it tabaksfetsje ré. Hy moast de piip ris stopje.
Do rekke hy wer hwet op syn dré en kaem ’t him ek wer yn ’t sin, det hy noch boadskip hie by hjar. Mei oerlangsume wissens kaem út in foech laedtsje de hiersater foar ’t ljocht en de hier fen ’t kampke lân, det Hesses wie en hy nou al sont lange jierren brûkte.
“Nou en ho is ’t by jimm’ folkes?” sei Hester en teikene ôf op ’e sater, hwet hy bitelle.
“Hwet scil ’k sizze, goed,” andere hy. “De frou moat tinke, Béard is rare deun en den de bern nimt gâns sa winters en Date . . . och Date . . .” en ’t lytse mantsje suchte.
Hester merkbite it wol, der miskearre gâns oan. Sa ûngemirken wei wie Date hjar al ûntgroeid en nou ’t hy net mear nei skoalle ta gyng, seach se syn lyts bleek kopke net faek mear op ’e wei.
“Stelt hy him net to deugd oan?” fiske se. “Dy opslûpen jonges, det’s noch onbisage hout. Dy moatte ûnder ’e minsken, det de spoennen der nei fleane. Den wirde se hwet.”
Nuttert skodholle flau-oandraeid. “Ik wit net . . . ik wit net,” sei hy “Date ûnder de minsken . . . Dy sit mar ljeafst ûnder ’e greate parrebeam mei in snipeltsje pompier en in potlead yn ’e hân en den seit hy, hy makket in gedicht. Mar ik siz . . . der kinste net fen ite. jonge . . . dû scoest to ierdappelsetten gean. Ik wit súver net, hwer hat dy jonge ’t wei! Mar ús mem plichte ek sa to wêzen, dy koe sa mar foar de fûst wei rime en fortelle, ik ha ’t noch noait sá heard! . . . En den stibelearje doomné en master him allebeide ek noch . . . dy sizze, der sit in kop op dy jonge. Nou, det scil wol sa wêze, mar dy dichterij moat derút.”
“So, sizze doomné en master det?”
“Ea ja en nou meitsje se dy jonge alhiel oerémis. Det sit alle dagen mar to learen en it wirk forsloerket derby,” en hy tocht der ynienen wer om, ho Béard Date langlêsten in kop fol wetter om ’e earen smiten hie, do-t hy efterhûs yn ’t waer sitten hie to sjen mei de lep twisken de skonken en in fladtsje pompier op ’e knibbel. “En nou wie ’k foar in dei mennich by notaris en do sei ’k . . . as de jonge ris by him koe . . . Den hie hy plak en . . .” Do hâldde it âld mantsje him ynienen stil en stoarre nei de souder, krekt ef fordwoun der in loftkastiel yn reek en damp.
“Nou,” sei Hester, “det kin krekt. Is ’t oangien?”
“Ja mar, frou, minhear hie . . .” Nuttert wiske him ris mei de bûsdoek om ’e holle.
“Hwet den?”
“Ien bitingst,” sei hy nou ynienen reslút-wei. “As myn jonge op syn kantoar kaem, den forwachte hy, ik scoe my by de soosjalisten weihâlde.—Hark ris minhear—sei ’k, hwent ik fielde, det ik noch in âld-fryske kop hie, der it bloed hinnefleach mei kûgelsfeart—it is in hege hier om in lyts lân, minhear. Ik bin baes fen my sels en ik gien hinne, der ik sels wol—en do kaem ik oan ’e pet en gyng der út. En nou moat Date mar mei de marse mei, den komt hy ek ûnder de minsken,” en efkes suchte hy.
Hester sei neat, hjar tinzen swalken fierôf . . . Hja seach Nuttert bidrukt foartgean en ’t stil-sitten en neitinken dûrre krekt sa lang, det de lange klok sloech tsjien ûre en hja tearde de Ljouwter krante op en lei him yn ’e kast by in hiele bulte forgettene dingen, dy-t ek ienkear in tins, in plan ef ’e opset derfen yn hjar libben útmakke hiene en der se nou gjin iens weet mear fen hie, hofolle se ienkear wol yn detselde libben bitsjut hiene. Mar de skaden fen it nije libben waren al yn dy stille keamer om......
De beamtoppen fen ’e iken stambeammen bigjinne to forkleurjen . . . de kleurmingeling is tear, s’as fen in âlde skilder, dy-t mei skimerige eagen en beverige fingers noch de ljeafste bylden út syn libben fêsthâlde wol. Och, ik wit it wol, der trilje noch simmerkleuren genôch oer ’t lân as weagen fen sulver yn ’t jounskimer forfloeijen . . . opael en goud en poarper en wynfearren pylkje de loft lâns as reuzefing’rige heimnissen út frjemde oarden en dy-t hinnewize nei noch frjemdere, mar de simmer is ’t net mear . . . De letbloeijende roazen ha him bidobbe en de jounen, dy-t langer wirde, ha de earste dauwetriennen op it grêf falle litten . . . De heide oan ’e Oastkant fen Hastings hat hjar poarperkleed oanlitsen, in wûndermoaije kleurige mantel mei in seame fen grien omboerde en oan ’e Westkant waeit it gêrs noch oer ’e greiden. It is sa stil en fredich oeral en de spjuchtige spjirrebeamskrúnen wirde oan ’e bleekblaue lofteinder wei yn in sulveren hjerstdize mei o sokke fine kleuren, dy-t allinne eigen binne oan dizze simmerske dagen fen Septimber.
By Wychman Hoara’s sitte de finsters ticht en ’t is der deastil om ’e doar, krekt as wenje der gjin minsken mear . . . al sont jierren net. De skoarstien, in lyts spitske boppe ta de hutte út, rikket dochs noch . . . sleau en dampich bliûwt de reek hingjen yn ’e deastille loft en forkrinkelt den einliks hiel stadich yn lytse reekwolkjes boppe oer ’e heechoppe foargevel, dy-t mei reid dutsen is en der de lange blomstollen fen ’t húslook op stiene to forwyljen.
It is sa deastil bûtedoar, det min heart it gesnûr fen fûgelwjukken heech yn ’e loft en ’t sêfte piipjen fen ’e jonge skelfinkjes yn ’t struwellegûd op ’e dyk . . . fierôf.
Der ynienen bigjint de klok to lieden, de âlde Hastinger klok, dy-t de stompe toer mei it readpanne dak ta hjar hûs hat en oer ’e heide galmt en bimbamt en oer ’e greiden, oer it bisit fen ’e Hoara’s, det net yn ien dei to biriden is en det fen Nuttert, det min yn ien amerij oersjocht, det alles biropt hja mei de holle, droeve klank fen it dealet.
It klinkt sa yndroevich, det dealet oer it hjerstslommige lân, krekt as wirdt net allinne de ienling minske bilet, dy-t se opdrage, mar hiel de hearlike simmer . . . alles, hwet der groeid en bloeid hat en jong wie en nocht hie en nou stoarn is . . . noch mei syn simmer yn ’t each en ’t glimke om ’e mûle . . .
En ’e Hastinger klok dy let . . . dy let sûnder ophâlden . . .
De foardoar by Wychman Hoara’s wirdt iependien en Doede Styn, dy-t der húswarret, giet derút en ûnder ’e greate linebeam stean, deastil mei ’t skouder tsjin ’e stamme oan en harket nei it let for de frou.
Dy scil hjir noait wer it sânpaedtsje opkomme . . . de dead hat se binachte yn ’t ien en fjirtichst jier fen hjar libben. Nou, se hat rêst—tinkt Styn—en is ûnder de eagen fen Wychman wei. Hwent hwet hat dy fen det jonge fleurige fromminsk makke yn hjar trouwen? Och it wezen wie der ommers út, det sloof en hja doarst noch net iens sáfolle weijaen, as hja frege earst wol ûnderdanigst, as Wychman it wol lije woe. En for hjar sels? . . . och hea . . . dy rike boerinne scoe ’t litte en freegje hwet for hjar sels! Jier út, jier yn roan se mei diselde âld siden skoudermantel om en ’e tibéjen jurk en in nij stikje hûsrie koe der net iens ôf ef hwet gledde pannen op ’e foarhúzing . . . Nou den hie hja, Styn it dochs folle better. . . Langlêsten sei Doede noch: “dû moatst ris oars yn ’e klean, Styn, ik meij dy sa net mear lije yn dy âld brúne jurk—en do krige se in nijen. En twa jonges boarten om ’t hûs en yntkoart scoe de widze noch wol ris wer oer ’e flier komme kinne en as de earrebarre den ris in lyts famke brochte mei Doede syn blauwe eagen . . . En ynienen foelen der in pear greate triennen op hjar wangen. Och hwet bigrutte it hjar om ’e frou . . . om det libben det nou syn ein hie, det earme sloof, det net iens wiste, ho ’n lok der wol yn it trouwen bisletten wêze koe . . .
It lieden wie nou al lang dien . . . yn ’e fjirte hearde hja it bolderjen fen bûrmans boerewein al wer op ’e droege strjitwei en der de wei sa bochtet om it Jifferspoeltsje hinne, seach hja de swarte klean fen it bigraffenisfolk twisken de beammen troch skimerjen . . .
Nou wierne al de Hoara’s noch ris wer by inoar yn ’t stamhûs s’as alear by memmes, der miste noch net ien fen as allinne dy iene frjemde, dy hjar jild der yn brocht hie en de berneseine en de greate langstme nei lok . . . dy-t noait net bifredige waen wie twisken dizze keale mûrren . . . Nou wie hja der net mear, mar krekt as koe al dy langstme fen det earme hert hjir noch net swije yn ’e hûs . . . Dy greate holle keamer wie der noch fol fen . . . hjoed op hjar bigraffenisdei . . .
Earnstich, brúnforbarnd om ’e holle en stiif yn ’t swart lekken sieten se allegear stil en yn hjar sels keard om ’e lange tafel hinne. Hes en ’e oare frouljue praetten súnich mei inoar oer ’e bern, dy-t nou krekt ta de keamer ynkamen mei Oebele-om, dy-t se helle hie. Hja doarsten net allinne yn ’e hûs komme en hingelen nou yn ’t foarhús om, sûnder det immen nei hjar omseach.
“Kom bern,” sei hy goedmoedich wei, “gien neist Janke-moi sitten, den kin dy jimm’ ris hwet jaen,” en hy sette se oan wearskanten in stoel del en hy joech syn snoarske de wink. Styn stie al foar hjar mei in great blikje fol krakelingen en stikken Grinzer koeke.
Lys taeste al gau ta mei lytse grage hantsjes. De bern hiene hjoed hjar gerak net hawn, alles gyng hinter troch twinter, hwent it moast noch ris wer in greate eptige boerebigraffenisse wirde mei in great leed en hwa wit hofolle folk. Sa hiene hja it hawn fen elkmis, dy-t ta dit âld stamhûs útdroegen wie, for mem ’t allerlêst yn 1898 tocht Janke-moi en hja droege mei hjar fine bûsdoek Lys de trientsjes fen ’e wangkjes.
“In lyts weeske, Styn,” sei se en der lei hiel hwet yn dy pear wirden.
“Ja frou,” sei dy, “siz det wol . . . Hwet scill’ dy stumpers omstean leare moatte . . . In memmehân is alles . . .”
“To ljeave, krij noch mar in stikje en dû hwet kofje, Fokke, mei in great brún klontsje en sjoch ris, sa ’n greate kreakel . . .”
“Né Jank-moi,” sei dy hiel earnstich en skouwde it heftich fen him ôf.
“Ho nou? bist’ net goed?” sei Jank-moi, ek ien út frjemd, goeliker laech as de Hoara’s, ien fen Jan Japiks folk. Do bigoan hy to gûlen.
“Stil, stil, as heit it ris hearde ef doomné! . . . Dy sjocht al sa nei dy.”
“Ik meij gjin koeke, nou, Jank-moi,” flústere hy nou heal-lûd. “Mem mocht se sa graech . . . o sa graech . . . en . . . wy ek wol . . . en do woe heit ’t noait lije, det w’ ien stikje krigen . . . En nou mem wei is . . . meij ’k gjin mear.”
Jank-moi gyng der stil út mei him, in hiel set yn ’t simmerkeammerke, hwer ek al net ien stikje fen weelde to bikennen wie, selst gjin iens steltsjes op ’e skoarstienmantel. Det bigrutte Wychman fierst to folle en Gels dy hie der noait de moed ta hawn, om him om ien inkele goune fen hjar eigen greate protte jild to freegjen for in lyts aerdigheitsje. Jank-moi hearde der neat fen, ho moai ’t doomné it makke en hwet boargemaster sei, dy-t as goefrjeon frou Hoara de lêste eare ek mei oandien hie, hwent do hja weromkaem yn ’e keamer, krigen se de lange pipen wer op en bigoanen om oare dingen to tinken. De deade wie bilet, bitocht . . . nou hie dy hjar rêst. De hiele dei koe min der dochs net om treure . . . de saek lei der al wer ta en Wychman Hoara bigoan, do-t it measte folk foart wie, oer saken to praten. Dy leine him neijer oan ’t hert as it wiif, der hy sechtsjin jier mei trouwd west hie.
Hes en de beide snoarskes seagen inoar ris oan . . . de frouljue hiene alle trije de triennen yn ’e eagen. It diich hjar sear, det Wychman der sa hird as in stik stien foar siet en net iens in trien falle litten hie by hjar grêf. As frouljue fielden hja de fornedering fen dy earme deade selst noch yn ’t grêf.
Hes seach ris by de rige lâns, krekt s’ as by memmes sieten diselde broerren noch ris wer om ’e tafel, mar de bern fen do wierne manljue waen en Oebele, de âldste, syn pikswart hier wie al lang wyt en hy bigoan âldmannige dûknekkich to rinnen. Reinder like krekt op heit—rjucht en steil siet ’r op ’e stoel en syn bleek hier hinge noch krekt as alear mei in slach oer ’e foarholle. Wychman koe ’t him lang net mear hâlde, min scoe sizze, hy siet net yn in goed hûd, sa onsjuch wie ’r en âldsk en forfallen om ’e holle en dochs wie hy fjouwer jier jonger as Reinder. Det wie de bêste fen ’e trije, dy hie noch in hert, mar Oebele en Wychman, hwer hiene dy yn ’e goedigheit dochs det ynhalige weiërfd?
Sûnder erch harke se nou nei hjar petear. “Ik scoe ’t mar dwaen,” flústere Wychman. “Jonge, jonge, ast ’ris in trijetûzen goune skea krigest, det giet yen oan ’t hert.”
“Mar ’t minske is âld. Licht dûrret it net sa bare lang mear, den stjert se. Forkeapje it den. Sa ’n âld minske fen ’t steed to reagjen . . . It jild is noch al wis . . .,” sei Reinder, dy-t it bigrutte.
“Wostû de hypotheek altomets oer ha,” sei Oebele feninich. “Jow mar op dy tsjientûzen goune! Piel dû der den mei oan, mar nou bin ik baes en oprukke scill’ se . . . det âld wiif mei hjar trije gallige dochters en hjar âld peslein yn ’e kast, der ik noch net iens sáfolle fen los krije kin!” en hy knippe nidich mei tûmme en finger.
“Ja, det wiif, dy Driûwerske, der sit noch in groat hert yn. Dy krijst’ net sa gau lyts, jongkje,” sei Wychman mei in fyn gnyske. Hy seach Oebele der al sitten yn ’t milhús by dy ljue mei d’eagen net fen ’t âld peslein ôf en de knoop sa fêst op ’e pong en sa fûl tingje as wie ’t om in fet kou en ’t âld wiif yn ’e briedstoel as se der yn tsjurre wie en de dochters om hjar hinne as tsjammen, like meager en slûk as lange Lys op ’e stelten. Ynienen kaem him hwet yn ’t sin.
“Hat det wiif ek noch gjin jonges?” frege ’r.
“Nou ja, dû fregest nei de bikinde wei, det wist sels ek wol. Hedzer, dy-t hjir Maeije kaem is to wenjen en Douwe slagter fen ’e Ham ommers. Beide yn ’e gemeinte, Wychman,” flústere Oebele heallûd.
It flikkere efkes yn Wychman syn donkere eagen, do stie syn gesicht wer ûnforweeglik. “Dû kinst my dy hypotheek oerdwaen, Oebele,” sei hy koel-wei, “ik noedzje de skea. En det âld wiif scil ’k opsitten leare. Makkest dû ’t ynoarder?”
“Ik scil ’t forprate,” sei dy en scoe krekt oer hwet oars bigjinne, do sei Hester ynienen: “Binn’ jimm’ hast klear mei jimm’ wissewasjes en jimm’ gekûzzemoes? My tinkt oars, de wichtigste dingen giene foar.”
Wychman seach raer op, “Wichtiger dingen? Myn goede, ik tochte . . . Nou, hwet wolst’ nou wer? Dû jagest yen altyd in skrik op ’t liif mei dyn onforhoedse útfallen. Det meijst’ noch wol ris ôfleare, Hes,” mei in sûrswiet glimke en det makke Hes kûgels.
“Soa! en dû moatst noch mar ris leare, det min tominsen op in bigraffenisdei de jildpong lizze lit der ’r leit. Tink der om, dû kinst der likemin hwet fen meinimme yn ’e kiste as dyn wiif.”
“Ik joech hjoed fyftich goune oan ’e earmen,” sei Wychman en wreau him ris yn ’e eagen om dy grouwe fyftich goune, dy-t nei gichem wie, hwent weismite en wei-jaen, det wie for him lekken fen ien pak.
“It wie hjár bigearte, Wychman,” sei Hester bitter. “Dû haste in bêst wiif yn ’t grêf.”
“Det ha ’k,” andere hy skynhillich. Hy siet op hjitte koallen, Hester hjar heldere eagen wierne net fen him ôf en der efter ’t baeitsje, det wache tikkerke pleage him danich.
“Gels is dea en ’k scil hjar de eare oandwaen, det ik my stil-hâld deroer tsjin dy hjoed op hjar bigraffenisdei, mar ’t leit my oars foar op ’e tonge, ho min ast’ hjar bihânnelle hast.” De snoarskes nikten.
Reinder skodholle tsjin Hester, dy opljeppene, oprjuchte Hes, dy-t it altyd opnaem for ’e fordrukten en ’e lytse ljue. O Reinder mocht se oars sa graech lije en foaral, nou se sont in set yn Ljouwert wenne, wie ’t krekt, as hie min him hjir to Hastings hwet ljeafs ûntskûrd.
“Min hawn?! Gels hat noait klage,” lei Wychman der tsjin yn, wol wis fen ’e saek, hwent Gels, det wist’r wol, hie alles by hjar sels forkroppe en forsmoard.
“Hâld mar op mei dyn gefimel! Dû mienst der dochs neat fen. As se it dy nou mar tamakke hat . . . Der sit noch in aerdich dofke, Wychman, in frij great wâldkaptaeltsje, it wetter koe der dy wol ris fen om ’e tosken rinne.”
De lange pipe bigoan yn Wychman syn hân to triljen, hy waerd’ read en bleek fen beiden en it stiek him ta de foetten út fen skrik.
. . . “Hwet seist’?” stammere hy. “Hearink Hes,” seine de oare broerren, “der witte wy ek neat fen. Ho komst der by?”
Wychman helle for ’t earst de bûsdoek út ’e bûs, dy siet noch yn diselde tearen as fen ’e moarn, do-t hy him yn ’e bûs stitsen hie, mar nou moast hy brûkt wirde. Det wie ommers in slach—wearljocht en tongerslach tagelyk. As Gels him dit oandien hie en om dy skoane protte jild hie hy hjar ommers naem, der allinne om, hwent lije mocht hy hjar ommers net! Né, in hiel oaren ien hie bislach lei op syn hert, mar dy wie earm en do diich hy syn siel geweld oan en forsmoarde hjar bittere oanklacht yn in jildklompe, det se mar stil wirde scoe.
En hja wie stil waen . . . en sont dy tiid mochten de minsken him net mear lije.
“Ik ried dy oan, dû moatst mar ris nei notaris ta, der hearst hwet nijs en ek, hwet biskikkings hjar âld omkes makke ha,” sei Hes wer.
“Is Gjalt-om den dea?” Det foel him ek al wer as in amerfol kâld wetter op ’t liif.
“De lêste is earjister stoarn. Dû scilst wol gjin deabrief krige ha. Hja makken it inoar ta en nou forfalt it op . . . dyn bern, Wychman.”
Dy siet, der hy siet en de switkobben stiene him op ’e foarholle, sa min hie hy ’t. Dy lytse krobben fen bern yn ’t bisit en hy koe om ’e strûken springe—krekt as wie hy gjin jild tabitroud! Pûrrazen wie ’r en tomûk seach ’r fen ’e iene op ’e oare, hwa-t it noch mei him hâlde fen syn folkes. Fensels net ien! Det ginden se him allegear wol, det hy net yn ’t kaptael fen syn ryk wiif omslaen koe, mar der allinne it taforsicht oer hâlde mocht as fâld mei.
Sa naem det earme, forlitte wiif, det hy hjar libben lang fornedere hie, nou wraek. O hja hie ’t sa goed witten, hwer hja him ’t gefoeligst treffe koe, dy man, dy-t noait hwet om hjar jown hie. Om ’t jild hie hy frijd en mei ’t jild wie hy trouwd en nou mocht hy der op sjen . . .
Gjin ien fen allegear hie in setsje hwet to keap. De ôfdronkene kofje yn ’e greate kofjekanne prottele noch nei op ’e útdôve koaltsjes en de reek hinge sa dik yn ’e keamer, min koe him hast snije. De jodebaerd yn ’e hanger foar ’t finster liet syn nije ranken slap hingje fen ’e waermte en ’e binaude swiete geur fen ’e loddereinflêskes roek min al yn ’e gong.
“En haste der nou al ris om tocht, hwetst mei de bern moatste,” sei Janke-moi, dy-t se bûtendoar boartsjen seach by in lyts twadde sneeds heaopperke.
“Neat fensels,” sei Wychman noartsk.
“Nou, der scil dochs wol in húshâldster komme moatte,” sei Oebele syn wiif.
“Styn fensels.”
“Styn!!” rôpen alle frouljue tagelyk. “Noch in wike ef acht op ’t allerlangst, den hat dy genôch oan hjar eigen húshâlding.”
“Ik wol gjin frjemd folk oer ’e flier ha,” bromde Wychman. “Dy greate, luie Tsjal kin ’t hjir allinne wol ôf. Dy moat nou mar ris fen rúten en sette de lea der ris nei.”
“Det’s allegear goed en wol, mar for dyn fetsoen moatst in húshâldster ha. As boargemaster ef doomné ris komme, hwa scil den ynjitte?”
“Tsjal,” sei Wychman wer, stymsk.
“Den mar as in foddebosk mei opstrûpte mouwen en de wiete wollen skelk fen ’t bienstap yn ’e keamer. Nou, den scil doomné’s mefrou hjir ek net faek mear komme en boargemaster, jongkje, dy lûkt de noas foar dy op.”
Det snie hout—det stiek him. Nou ja, der moatst den mar ien komme, mar al to folle koe hy ek al net jaen. It wiif hie hy goedkeap hawn, mar de frjemde moast noch in great lean ta ha en in goede bihânneling boppedien, oars lieten se him de hakken sjen.
In dei ef hwet letter seach hy al ien det nei hjarres opdraeijen, in great geweard fromminsk, mei in swarte mantel oan en in fjûrreade fear op de hoed en det stie me der earst in hiel skoft by de faem by ’t bjinstap to praten en kaem do mei staesje as in flaggeskip op ’e foardoar tasetten. Wychman Hoara seach krekt op ’t brief om, det hy fen notaris krige hie oer det hypotheek fen ’e widdou. Nou det wie allegear al forskreauwn, mar fensels, minhear rekkene ek al wer net min for de moite. En nou hie det greate wiif ’t ek al wer op syn bûs forsjoen.
Wakkere oansjitsk wie ’r net en syn gesicht waerde sa sûr as jittik, do-t hy hearde, ho’n heech lean as se net freegje doarst. Mar Janke en Hes hiene it him oanredt, dos hy moast fen in sûre apel bite en woán se, ho’n fiven en seizen se den ek ha mochte.
—It wie in heistergat—in griemer, dy Martsen Kobus—, sei Wychman en mei in wike ef hwet hie hy al skjin syn nocht. Yn det lyts setsje tiid hie hja al for tsjien stûren griene sjippe mear forbrûkt as syn wiif en ’t gyng altyd op in spielen en griemen en Lys hie se deis yn ’t wyt nei skoalle ta en Fokke stapte pauwich neist hjar lâns mei in ljocht blouske oan en in greate milbân om, súver greate-ljues bern. Allegear goed en wol, mar it koste greateljues sinten. Den wie se boppedet hotus en totus by doomné’s en as der mar in nije matte foar de doar moast, den kaem mefrou en socht dy mei út. Det koste al wer in grou klontsje en in healpoun allerhânne en in braskoerke fol pysjonnen ef sa en sels wie mefrou sa deun, det as de bern ris nei doomné’s ta wierne to boartsjen, den krigen se gjin iens sêd. In kopkefol sûkela en in fransebroadsje mei koutonge, sa’n fliterke, min koe der wol trochhinne sjen en Fokke koe jouns thús noch wol twa grou-boltsjes op.—
Yn ’e djippe hjerst diich Hester noch ris in trochtocht by de femylje lâns. Wychman wie bliid, det se earst mar nei Reinder en dy’s ta gyng, hwent it reinde alle dagen, det it spielde en fensels de jiffer moast mei de wein fen ’t spoar helle wirde. Hy koé Hes net mear, dy wie mei hânnen omkeard der to Ljouwert. Dy wenne der mar prinshearlik yn in paleis fen in hûs op ’e Willemskade en hie twa fammen for ’t kommedearjen en yn ’e hûs! nou Wychman teach altyd de fiterskoen út, as hy oer dy fewielene loopers rinne moast, hwent dy hiene acht goune de jelne koste en safolle jild moast mei earbied bihânnele wirde. Earst, do-t se nei Ljouwert ta gien wie, tocht hy súver, it wie hjar yn ’e holle slein. Djûr en ongefallich it hûs keapje, alles út ’e pin nei ’t eigen sin yn oarder meitsje litte en do-t hy op in Freede ris by hjar kaem, hie se mei in hiel effen gesicht sei: “Sjoch Wychman, der scil ’k noch mar hwet húsrie for keapje,” en trije lapkes fen tûzen goune út ’e brânkast krige. Hy hie wol gûle kind om dy hearlike, moaije pompierkes, dy-t se weismiet! ja smiet!! En syn earme lytse heale-weeskes fen bern joech se net sáfolle, net ien koarel, as allinne mei Sinteklaes in âld pypkoer fol lekkerdingen en sinterklazesûkergûd. Nou, as ’t wêze moast, koe ’r hjar det sels ek noch wol keapje, mar bern moasten mar net al tofolle snobberij ha, den rekke de mage oerstjûr en krigen se rare tosken. Né, Hes wie him fierst to deun, hwer scoe se det gjirrige dochs weiërfd ha, hwent sjoch, hy Wychman, paste oars wol op syn eigen, mar as ’t wêze moast, koe hy ek skoan hwet misse. As min ’t mar op de iene ef oare menear werom krige, den wie ’t ek noch net sa slim, sa’n goune ef hwet en ’e flitige hân scoe ek noait hwet brek ha. Det stie ommers ek yn ’e Bibel—der roanen Gels en Hes altyd wakkere fier mei, sa slim, det Gels hie der selst in spreuk út op hjar stien ha wollen. Nou, det koste net safolle, hwent dy spreuk Math. 5 : 4 wie mar koart en de stienhouwer hie ’t him as tsjerkfâld ek hwet goedkeaper litten, omt hy him aerdich hwet wirk oan ’e tsjerke taskikt hie.
Det wierne allegear doomné Fleurin syn bilechjes wer. Mei de holle op ’e side en in boek ûnder ’e earm kaem hy der den wer oansetten: dit moast ynoarder en det en det en de kosten, eá doomné rekkene net. Dy diich krekt as de leeljes, dy arbeide net en dy spóan net en dochs siet syn rib ek fol. Derom hie hy grif ek safolle leeljes yn ’t tún sette litten, det min koe se altyd by hjarres wol rûke, hwent se wierne ommers syn evenbyld.
It gyng foetsje foar foetsje mei in stokje ta steunder by de hulstehage fen ’e posterijtún lâns. Sont dy joune, det him de pipe ta de mûle útsketten wie, der hy Warmolding fen fortochte, mar gjinien koe ’t him dochs biwize, wie hy noait wer de âlde waen, dy skrik him net yn ’e kâlde klean sitten bleauwn en nou gyng ’t praetsje, hy hie de faren.
De hulsten stiene noch moai en grien en min scoe al lytse beikes twisken de tokjes fine kinne, as min der acht op sloech, mar yn ’t tún, der hie de hjerst mei syn fûle wynfleagen en reinbuien de hiele boel al forrinneweare. De snijbeaneranken hingen fortoarre oan ’e stokken en it wiete lange neisimmergêrs lei swier fen rein tsjin ’e groun oan keile. Under ’e appelbeammen lei ’t bisjidde mei giele bledden en deade tokjes en hiel heech yn ’e loft blonk noch in readwangkje appeltsje, det forgetten wie by ’t skodzjen. Alde Freark túnman en doomné’s faem wierne krekt oan ’t ierdappeldollen yn ’e wiettens, de faem hie de klompen oan en in bûnte bûsdoek om ’e holle knope for de rein, mar Wychman liet it mar stil op syn âld jas delmiggelje, der wie dochs net folle mear oan forbard, hie Martsen sei en Wychman wist it wol, den waerde ’r op in goede dei dochs stil wei en stapte in skoaijerskearel der letter prinshearlik mei om.
Ynienen sei der ien efter him: “Goeden middag, Hoara,” en doomné kaem ta in slingerpaedtsje út wei mei de bleate holle en in dikke frânse par yn ’e hân, der hy drok mei dwaende wie, om dy to skilen.
Wychman tikke efkes oan ’e pet. “Dach, doomné,” sei hy en do mei in sûr-swiet glimke en in loaits nei syn stôk: “Ik bisiikje om wer thús to kommen, mar ’t giet as de slakken, krûpende wei.”
“Nou, ’t eindet dochs,” sei doomné wer, “strakjes by Wibe kûpers en nou hjir . . . jo abbesearje. Ik scoe sizze, pleisterje nou efkes by úzes, den falt it strakjes hwet ta,” en ’e golle gastfrjeonlikens lei him yn ’e eagen. It wie net in gnap jongkearel, dy Hastinger doomné, hy wie to great en to ûnfoech en to grou, mar ien ding hie ’r moai . . . syn eagen. Dy wierne helder en blau, dy koene djip sjen en skerp sjen en tróch-sjen, dy wierne fen in man fen karakter. Hoara hie ’t net op him stean, dy wetters roanen lang net ien wei en de legers hiene al o sa faek ris oan inoar west—it roan út op bargebiten en hottefyljen, mar den loek Hoara einliks bakseil en mei tsjinsin kaem de pong iepen, de greate tsjerkefâldepong. Earst in oargel, nou, det wie in rare taest yn ’e pong, mar do-t Fleurin sels fiifhûndert goune joech, koe hy ek net mei in bytsje folstean, do in kachel yn tsjerke en nou hy sa fluensk en oansjitsk wie, licht wol in hiele nije tsjerke!
Mar Wychman tocht ek om alle healpounen allerhânne en greate klontsjes, dy-t mefrou en Martsen togearre by hjarres opplúze hiene, him tocht, hy moast ek ris hwet werom ha, det hearde sa en derom bjiske hy doomné efternei troch de slingerpaden fen ’t tún nei de foardoar fen ’e posterij ta.
Hiele wetterpoellen stiene yn ’e paden en ’e ôffallene bledden dreauwne der yn om. In flau sinneblinkje skynde twiljochterich troch ’t forropte beam’lof en op ’e wiete mûrren fen ’t âldmoadrige hûs mei syn heech parredis en ’e brede rejale útdoar mei ’e swiere koperen kruk, dy-t foar jierren de lytse hantsjes fen Fokke for-’t earst omklammere hiene, hwent der op ’e ein fen ’e gong lei ommers it tún mei ’t boskje en ’e slangen en ’t gielgousnêst, it parradys fen syn jonkheit.
It wie oars mar in âld hûs en syn moaijens wie syn âlderdom, dy-t him oan ’e hússide bihinge hie mei in swiere mantel fen klimmer, der de fûgeltsjes yn nesselen en it blijread fen ’e bêste stien fordonkere ta djipbrún—syn húslikens binnedoar fen ’e greate lege keamers mei swiere balken en lytse rúten—de krûpyntsjes fen der in trapke op en hjir in trapke del en it heimsinnige fen ’e greate souders as sealen, der min wol mei hynsder en wein yn omjeije koe en it spûkeftige fen ’e kelders, dy-t noait droech wirde woene en mei greate ûnderierdske gongen ûnder ’e heide troch útkamen yn ’e kleasterkamp, it heech stik lân midden yn ’e heide by de Hastinger Swâdde, der by âlds in kleaster stien hie.
Ut de foarkeamersfinsters wei hie min krekt it gesicht op ’e tsjerke mei hjar brôzelige mûrren fen âlde friezen en hjar djippe gothyske finsterbôgen, der nou ’t Octoberreade Westen syn wûndre skaden op lei. As wie ’t in âlde printteikening, sa stie dy tsjerke en toer fen Hastings der foars en earnstich foar yen op in hichte, in âlde stienklompe, troch de earbied fen geslachten hillige ta in timpel Gods. Alde iperen beammen stiene om ’t skylpaed fen ’t tsjerkhôf hinne en yn ’e krimpe by de bientekou in skeanwaeide flearebeam. Oars wie it langraeijige gêrs, it flanterige, syn ienichste toai en de sarkene pealtsjes, der min de lêste kear de nammen op lies fen ’e minsken, dy-t min ienkear sa goed kend hie en dy-t mei Hastings, dit stille ôfgelegene doarpke, forgroeid wierne as de beam mei de bast.
Det seach min der allegear, doomné hie dos syn wirk en ropping alle dagen foar eagen en hja skynden der wol forkeare to meijen, hwent hja setten hjar der tominsen altyd nei wenjen. Hja leine aspergebedden oan en planten bêste frânse parren, ja doomné Westra hie der yndertiid selst lân koft en det hie’r tsjin Wychman Hoara opbiede doarst. Det hie in minne dei for Wychman west en it moide him nou noch, det hy ’t him foar de noas weistrike litten hie. Nou, Fleurin wie oars. Dy hie gjin forstân fen lân en fen bisten, dy hâldde it mei syn boeken.
“Clare, ik bring jo in prater,” sei doomné, do-t hy de keamersdoar iepen diich, mar hy krige gjin andert. It thépitsje skynde troch de wite trochsichtige plaetsjes fen ’t stoofke, de kopkes en pantsjes stiene klear en ’t wetter song yn ’e tsjettel op ’e trochbarnde koal, mar ’t wiif miskearre der.
“Komst Clare, der ’s in prater,” rôp doomné troch de doar. Wychman siet al lang yn in sêftbiklaeide greate briedstoel by ’e hird. Der stie de kachel al to barnen mei in soun fjurke oan fen turf en hout en dy frisse waermte diich him o sa’n goed nei al det gepander yn ’t kâld-reinige hjerstwaer.
Oer ’e gledde stiennen flier fen ’e gong glied in lichte stap. Sokke foetsjes hiene dy âlde stiennen ek yn lange jierren net oanroerd, hwent doomné Westra hie in man fen greate learzens en wiid-útwekke pantoffels west. Hja hearden by ’t postuer fen ’t lytse wyfke, det nou ta de keamer ynkaem en hwaens flguerke him skerp ôfteikene tsjin ’t donkere bihang yn ’t jounljocht, det de hiele keamer forgulde.
In fyn, skrael fromminsk wie ’t, tige bihindich en lichtfirdich en Sneins by ’t útgean fen ’e tsjerke waerde hja súver wei by de greate bonkige Hastinger frouljue. It ljochte hier hie hja yn in soarte fen skeiding en ’e moaijste toai fen det fine kopke wie syn prachtige greate frissel, dy-t as in kroane op ’e holle skittere. Fen siden wie it antlit súver evenredich, moai as ’t profyl fen in frouljuesholle op in camée, mar seach min hjar lyk oan, den wie de noas to great en de mûle to manlik, allinne de eagen bleauwne sa’s se wierne en dy wierne great en hiel ljochtblau en dy flonkeren, sa’s stjerren dwaen kinne oan ’e nachtkleare loft. Tine dy erfde se fen mem—de jonges dy hiene doomné syn eagen.
Wychman hie al gaueftich in lekker pantsjefol thé foar him en in stik taert der neist en as hy nou mar net al to bang west hie, det hja ’t wer op syn bûs forsjoen hiene, den wie ’t him hjir bêst bifallen. ’t Wirk dreau him net—hy koe dochs ek net folle mear út ’t strie sette. Hwet pypkje en ’t folk neigean en op syn pas syn stim hearre litte yn ’e raed, det wie ’t measte al mei, hwet hy sa dagelyks wei útsette en hy hie ’t noait better nei ’t sin, as det hja de appelige swarte foar de kapseas spanden en hy ’t útdraeide nei ’t Hamster gemeintehús ta. Sokke dagen krigen Fokke en Lys altyd in sint to forsnobjen en dy bern wierne der sa fûl det op.
“Ja, hjerstich waer,” sei hy yn ’e sleur wei tsjin mefrou, dy-t it oer ’t waer hie.
“Min waer for de boer, net?” sei doomné wer. “Wiet en kâld, it fé scil wol hast op ’e stâl moatte. It hat oars in moaije neisimmer west, mar dy hat jo sister forsitten. Hja is hjoed ommers earst kaem.”
“Ea ja,” andere Hoara hwette noartsk. “Hes dy hat it altyd oan tiid—dy mient, it bliûwt altyd simmer. En hwet hat se der nou mear oan hjir to Hastings. Hwet fynt s’er?”
“Fine?” frege doomné. “Hjar frjeonen, Hoara, en dy hat se planteit hjir, hiele Hastings hast, doar ’k wol sizze. As de soosjalisten ek witten hiene, det de neiklap fen ’e reboelje wêze scild hie, det Hester Hoara foartgyng . . . ik leau . . .”
“Nou . . .!” sei Wychman, dy-t it hast net forkropje koe, det doomné hjar sa heech sette.
“Det se út ljeafde for hjar it stiensmiten litten hiene, En do det getúgen foar de rjuchters . . . wol man, ik ha noch noait sa’n pleit heard for de earme, dy-t in mispost hawn hat. En hwet hie hja se forkleije kind mei biwizen! As hja hjir ek weromkaem, hwet der ek oait wer barde, Hester Hoara scoe net in hier op ’e holle krinkt wirde, selst fen Warmolding net . .
. . . “Dy kin ’t oars net folle skille, ef ’r yn in dea ef in libben ding stekt,” foel Wychman him bitter yn ’e reden.
Mei in koel glimke sei doomné: “Det falt oars wol hwet ta, mar ongelyk fen hwet kant min ’t bisjocht. Yn ’t wirk is ’t oars in bêsten ien.”
“Der hat gjin ien ek al ûnderfining fen. Ik scoe him net graech sáfolle tabitrouwe,” en Wychman knippe mei de meagere fingers.
. . . “Ja, as jy myn oardiel nou ek net telle,” sei doomné, wylt ’r syn wiif ris oanseach, “mar hy bifalt ús bêst.”
Wychman Hoara syn gesicht foroare. It waerde wreed, krekt as forstienne der hwet fenbinnen troch in frjemde biroering, dy-t him troch alles hinne gyng. Det wie dy Wychman Hoara wer, dy-t syn wiif Gels ek sa goed kend hie, as hy yn ’e binnekeamer de lêste mom ôfsmiet en syn egenlyk aerd him skerp en wreed útere. “Wit doomné den wol, hwa-t hy him yn ’e hûs helle hat,” sei hy bidachtsum flústerjende wei. “’t Is in gefaerlik man—in minskelibben is him net in knip foar de noas wirdich.”
“Nou! noch wol in stikken pyptsjettel. Tûk sjitte kin ’r, . . .” glimke doomné.
Wychman Hoara glimke net—hy hie de pikbol yn. Hwet bidiene se dy Warmolding hjir nou wer oan to heljen? Altyd det heidefolk! For de iene naeide mefrou, in oaren ien kaem om ’t kâld iten, in tredden ien hâldde se yn ’t lyts bernêgûd. En nou dy Warmolding! As hy razen wie, koe hy ’t minske wol tognidzje ef smite de bern yn ’e feart en sa scoe hy dy ljue gau bang prate.
Mar doomné sei: “Hark ris, Hoara. Ik ha jo hwet to sizzen. It is lang lyn, sont jimm’ Warmolding foartkosseband ha hjir ta Hastings út. As hy ’t fortsjinne hie as net, der scill’ wy nou mar net oer útwreidzje. Jimm’ kinn’ der altyd gerêst oer wêze, jimm’ straf is goed oankaem. In pear winters lang ha se der yn det lytse heideklintsje de wanhoop en ’e honger ta selskip hawn. It wie sa leech, ik kaem mei myn plasse fen ’e holle bêst oan ’e souder ta. Ik wie do ek noch jong, Hoara, ik kaem hjir as candatus. Hwet witte sokken fen ’t minskelibben en syn hichten en djipten, syn ûnbiskriûwbere ellinde en syn bêst biskriûwber lok! Ik gyng derhinne mei in moai praetsje, mei myn jonge libbenswysheit . . . en dy minsken skouderen my. . . ! O as it hert sa forbittere is as hjarres do, den is de komste fen in evenminsk ommers allinne al in spot, hwent hy ropt it oantinken wekker oan hjar fornédering.”
Wychman ridele skou hinne en wer op ’e stoel. De jonge fleurige Maei kaem him yn ’t sin en ho graech hy do mei hjar dounsje woe, mei det dertene jonge ding fen sauntsjin jier.
“It forfeelt jo,” sei doomné. “Den kinn’ wy wol oer hwet oars prate.”
“Wel né!” andere hy, “praet mar troch.”
“Nou, ik siz jo, hja forfeelden hjar ek net. Hja makken hânskrobbers en de bern sochten bjinten en wierne deis op in paed, om dy oan ’e man to bringen. Hja kosten mar in pear sinten, mar gjinien yn Hastings koft se hjar ôf, Hoara. Jy witte licht wol better as ik, hwer det fen kaem. Do moasten dy bern by ’t winter om fierrens nei de Ham troch blabse en snie mei de bleate foetten en der wennen meilydsume minsken en dy koften hwet. Det wie skraelwirk twa ûre gean hinne en twa werom, dos fjouwer, alle dagen alweroan, jierren lang. It hat jo jo moaije pyptsjettel koste, Hoara, hwerom dy-t nou just ûntlije moast, wit ik net, mar de saek leit der ta.”
Wychman Hoara nikte flau-oandraeid. Hy hie der wit hofolle for oer hawn, as hy mar thús sitten hie en hjir mar net yn dizze keamer ûnder de eagen fen doomné, dy-t sa’n wûnderlik forhael opdiste, der hy hjit en kâld fen waerde.
“De earste kear, det ik derhinne gyng,” bigoan doomné wer, “skouderen dy minsken my en ik sette gjin foet wer op it heidepaed. It kaem my yn myn eare tonei, Hoara, det se doomné de doar foar de noas ticht smieten en hokfor doar?! De boom fen in âld kiste wie ’t. Mar jierren letter, do waerde Warmolding’s Maeike siik, slim siik, forlit, Hoara, in mem fen njuggen lytse berntsjes . . . Ik gyng der wer hinne . . . myn hert trúne my oan . . . ik hie gjin rêst noch duer mear yn ’e hûs, hwent der is Ien . . . dy-t selst gjin moskje forkomme lit sûnder Syn wil en Dy woe in ein ha oan dizze ellinde. Hy twong my, om der hinne to gean.
It wie op in moaije simmerjoun en ’e heide bloasde as in brún bernewangkje yn ’e ûndergeande sinne. Clare gyng mei. Fen fierrens seach ’k de âld spjirrebosk al stean en yn ’t brede skaed fen ’t Westen lei it hûs. De bern sieten wezenleas mei inoar ûnder in beam to sjen en ’t greatste famke hie de lytse op ’e skoat en fûrre se hwet iten. Warmolding sels stie yn ’e doar to sjen mei in greate houn by him. Ik sei tsjin Clare: “Bliûw dû hjir mar, hwent hwa wit, hwet der bart”, mar dy liet my der net allinne foar sitte. As in wiif in man ljeaf hat, den wit ’r net, hwet greate skat as hy wol bisit, Hoara.”
Wychman Hoara sei neat, hwet wist hy fen ljeafde, hy wist net iens, as Gels wol in hert hawn hie, om ljeafhabbe kind to hawwen! Hy siet súver op ’e pynbank, hy winske himsels wol ûren fier, hy hie der wol in tsjientsje for oer hawn, as ’t mar út wie.
“—Nou, ik gyng in stap ef hwet tobek en myn wiif ek, wy kearden ús efkes om en seagen oer ’e heide. “Hwet scil’k?” sei ’k lytsmoedich. “Dwaen, sa’s dyn hert dy ynjowt,” sei dy en hja hie triennen yn ’e eagen.
Dy stap ef hwet derhinne wie in min eintsje. As ik myn bitrouwen ek net Heger hawn hie . . . ik hie net doarst, hwent yn dy dagen wie Warmolding woest. In terge lieû, dy-t hiel stadich forblet oan syn wounen.
Ynienen gyng hy in lyts stapke foarút. “Der den!” raesde hy, “as jimm’ ús ellinde sjen wolle!” en smiet de doar op. Clare krige sa’n skrik, dy bleau stean, der se stie, mar ik makke my ta man en gyng fierder . . . yn ’e doar . . . yn ’e hûs . . . Dy flapte ticht, wy stiene man en man foar inoar en der op bêd lei it deasiike wiif . . .”
“Is ’t nou moaijernôch? . . . Den derút!” spatte hy op.
Do waerden de wirden my ynjown, dy-t ik tsjin dy earme forskoveling to sizzen hie en syn hert waerde weak, Hoara. Ho en hwer troch, det is in heimnisse twisken ús allinne . . . dy dingen binn’ my fierst to hillich, om to oanroeren. Dy biwarje ik yn myn hert as it oantinken oan de inkele ûre, det it my in freugde west hat, doomné waen to wêzen . . . Mar de ellinde, dy-t ik der dy joune sjoen ha, forjit ik myn libben lang ek net wer. Jimm’ moasten der ek earder nei omsjoen ha.”
“Ea nou,” sei Wychman ûnforskillich wei, “it wie dy Warmolding ommers mar. Doomné moat him mar net alles sa oanprate litte fen him. Hy kin der hwet mei.”
“Nou, wy scill’ ris sjen,” sei dy werom en der kaem in skerpe tear twisken syn eachsbrauwen. “Hy hat nou wer wirk en wer iten, hy kin wer ûnder de minsken komme, hwent as der boete dien is, heart de misset forgetten to wêzen. ’t Scil my nou ris nij dwaen, ho-t hy him hâldt en gedraegt. Nou moat hy noch in foech hûs ha. Jow jo ek in bytsje? Tink der om, Hoara, hjir is hwet goed to meitsjen.”
“Net ien sint,” sei Wychman lilk. “As doomné safolle mei him op hat, den moat hy mar yn ’e koken fen ’e posterij, den hat hy ûnderdak.”
“’t Is dochs slim, det der net in goune ef hwet ôf kin for sa’n greate húshâlding by jo. Hwet ha jy dochs tsjin dy man?”
“Ik haet him,” sei Wychman mei in núvere flikkering yn syn eagen. Do gyng hy hommels oerein en socht om syn stôk. Steurd wie’r, omraek ek. Doomné wie him raer op ’t sear kaem. Det hy de foarman west hie, om Warmolding ta ’t doarp út to kossebannen, hwet gyng doomné det oan? en de reden, nou noch folle minder. Warmolding scoe ’t ek wol net ruchtber meitsje, dos, hwerom scoe hy moai-waer spylje en jow’ him ek jild for in nij hûs?
“Dos jy wolle dy earme swerver de hân net tastekke om wer hwet op ’t forhael to kommen?” tante doomné him noch ris. “It falt my wol hwet ôf fen jo, Hoara.”
“Det scil ’t wol,” sei dy finnich werom. “It falt my ek wol hwet ôf, det de doomné’s de minsken allinne mar ris yn ’e hûs roppe, as der wer hwet falt to skoaijen. Ik siz jimm’ dach.”
Hy smiet de doar hird efter him ticht en gyng nei hûs, hiel stadich de strjitwei lâns, der it beam’skaed al o sa tin bigoan to wirden. Fokke en doomné’s famke Tine wierne oan ’t ikelsiikjen op ’e berms en Fokke biet mei syn lytse skerpe toskjes krekt yn in apel, dy-t hy fen doomné’s wiif krige hie. Do joech ’r him Tine oer en dy biet der ek wer in stikje ôf, krekt sa lang, det se it klokhús oer ’e wei saeiden, lyk foar heite foetten.
“So, binn’ jimm’ der, bern?” sei dy, do-t ’r Fokke yn ’t fesier krige. “’t Is iterstiid, hear Tine, Fokke moat mei nei hûs,” en hy scoe him meinimme.
Mar dy sette him yn postuer. “Né heit,” sei hy wis, “as de postlooper troch is, den kom ’k thús. Den is ’t healwei fiwen. Martsen seit it.”
“En ik siz, dû giest mei, optslach ek. Hwet dochstû hjir mei famkes to boartsjen. Fljoch yn ’e beammen op, det’s jongesaerd.”
Fokke bleau lyk foar him stean mei de greate brúne eagen stiif op him. “Ik meij Tine ljeaver lije as alle jonges,” sei hy wer. “Ik boartsje mei Tine.”
Wychman Hoara stroffele foart. “Joun sûnder iten op bêd. Ik scil dy de kop wol rjucht sette,” bromde ’r ûnder ’t foart-gean wei, mar de bern hearden it net iens mear.
Hja boarten noch in hiel skoft, do blonk it koperen plaetsje fen Piter post yn ’e fierte. “Der komt ’r oan, Tine. Nou moat ik nei hûs,” en deastil stiene de beide bern noch efkes by inoar to sjen, krekt sa lang, det hy by hjar wie, en de ûndergeande sinne skittere op it kroeze hier fen hjar kopkes, dy-t sa rjucht op ’e fine lichemkes sieten as kreaze kleurige blomkes yn knop.
“Boartest nou noait wer mei my?” en der rôlle in inkeld lyts trientsje oer Tine hjar brúne wangkjes. “Noait wer, Fokke?”
“Stil mar,” sei dy treastjend tsjin syn lytse kammeraet, “moarn boartsje ik wer mei dy en oaremoarn ek, krekt sa lang, as wy great binne en den trouwe wy en den krijstû al myn ikels presint en myn moai kleurpotlead.” Tine waerde stil fen blydskip yn ’t foarútsjen op dizze hearlikheden en yn ’e trouhertige ûnskild mingele hjar de leauwing oan det greate bernelok.
“En nou wiste it,” rôp Fokke noch en roan al op in drafke mei Piter post foart, it blaulinnen pûdsje mei de touwen strûp, det Martsen him makke hie, yn ’e hân en in greate readbûnte bûsdoek mei in tippe ta de broeksbûs út.
Ho tichter as ’r by hûs kaem, ho lytsmoediger as’r waerde en do-t ’r heit foarhûs stean seach, de hân stiif op ’e stôk en de eagen hiel strang ûnder ’e âld pet, dûkte ’r him lyts by de snijbeanstokken lâns en scoe sa yn ’e hûs. Mar heit seách.
“Mars op bêd,” hjitte ’r him noartsk. “Hwet dochst’ sa lang op ’e wei om to stoatskaven! En astû wer by det bleke fanke fen doomné’s komst, den scil ’k dy noch ris opsitten leare,” en hy wiisde mei syn stôk nei de doar. “En sûnder iten, bigrepen?” do-t Fokke Martsen al by de skelk hie.
“Syn iten stiet klear en det yt hy op en den giet hy op bêd,” sei dy lûd en skoude Fokke foar hjar út yn ’e keamer.
“Rin!” sei Wychman noch heal lûd, mar mear doarst hy der net fen sizze. Hy woe gjin spul ha mei Martsen, út noch yn net. Hy hie hjar al ris djip yn ’e eagen sjoen . . . Wychman Hoara tocht om in twadde trou en hja wie in bigearlik fromminsk for him. Flink fen gewaeks, mei in pear leidige eagen en lippen sa read as de bloedkralen, dy-t se om ’e folle hals hie, mocht hy der graech oer, det se yn ’e hoek siet op it húsfrouplak. Det Gels der for in wike ef hwet noch sitten hie, der tocht hy net iens mear om, hjar bistean yn syn libben hie neat oars west as in skaed op ’e mûrre. En Martsen wist wol, hwet hja diich, dy hâldde hjar fij, as it folk der by wie en oanhalich, as hja mei him allinne yn ’e keamer siet en den wer ynienen ûnforskillich en keken, det Wychman Hoara der gled yn wei rekke en al folle earder yn hjar netten fortiisd siet, eart hy der sels in flau bisef fen hie. Mar hiele Hastings wist it wol, der soarge Martsen al for en do ynienen mei de Krysthjeldagen woe se in dei ef hwet nei hjar folk útfenhûs. Det kaem hjar ta, sei se en do seach se him oan, det hy der hjit en kâld fen waerde en by Hoara’s liet se roasje soargje.
It waerden minne hjeldagen for Wychman Hoara. It bistjûr wie derút by hjarres. De faem kwinkeleare op ’t bjinstap om en stie al ier-en-betiid moai forklaeid by ’t steksdoarke. It tsjernd bûter wie forbarnd en iten en drinken, neat wie op ’e tiid ré. Wychman siet yn ’e hoek by de skerm to stúmjen en to swart sjen en smookte de iene piip foar en ’e oare nei en de bern sochten hjar formaek by de bûrljue en wierne der op ’e telle oan ’t nútsjesjitten.
Bûtendoar wie ’t Krysttiidwaer. Der lei in tin laechje snie, súnich sjidde oer ’t slieprige lân, de iisblommen bloeiden moarns wûnderlike moai op ’e glêzen en de greate poarperen wintersinne kaem alle moarnen alweroan like moai op oer ’e Hastinger heide, dy-t der rûchfearzen en brúnbleek foar lei.
It wie deastil yn ’e natuer, krekt as harke hja nei ’t kommen fen ’e heiltynge út it fiere Easten, it lân fen ’e hoop en ’e forweseliking fen elts kristenhert syn winsken.
De Hastinger klok lette for de moarnspreek. By Hoara’s yn ’e hûs koe min ’t skoan hearre, sa hoar wie ’t. Wychman siet wer yn ’e hoek to stúmjen, mar hy forroerde him net.
“Heart de boer ’t wol? de klok let,” sei de faem en kaem efkes troch de doar, “ef giet de boer net hinne?”
“Né,” sei dy koart en lei de piip del en bleau stil sitten mei de tûmmen yn ’t fesjebûs, in hiel set yn him sels to wrokjen en to rekkenjen.
De middeis, optslach nei iten, gyng hy sûnder dach sizzen der út, it fyn swart lekkens pak oan en ’e hege sidene pet op, stiif en net-to-nei-to-kommen fen greatskens.
In stap ef hwet roan hy de wei út, do kaem hy werom en gyng by de hússide lâns nei efterhûs ta. “Span de glêzewein yn,” sei hy noartsk tsjin de feint yn ’t bûthús en in skoftsje letter klapten de izers fen ’e fette swarte op ’e wei, det út nei ’t Hastinger Nijlân ta.
De wite jageline trille him yn ’e hân—Wychman Hoara siet yn ’e pine en do hy de reade pannen fen ’e Nijlânster húzen yn ’e fjirte seach, woe hy der hast noch wol wer foar omkrolle. Mar de bigearte bleau sterker as de freze . . . hy ried troch.
By de greatste harbarge liet hy útspanne en gyng do stiif en stadich mei de readforbarnde holle yn ’e nekke de bûrren troch nei in lyts kreas húske yn ’e beammen ta. It wie in sobere went, twa finsterkes foar en toside, der it tek oproân, de doar op syn saksis. De groun wie mei wyt sân bistruid, in bist bâlte yn ’t efterhús en in stikmennich weiten hinnen sieten op ’e hikke foardoar, mar minsken wierne der net to sjen.
“Folk!” rôp ’r en rattele mei de klink en allinne yn det folkroppen hearde min al it bifel, om iepen to dwaen.
Hastich waerde de doar iependien . . . Martsen hjar mem stie op ’e drompel. “De boer!” rôp se lûd en foel hast om fen skrik. Hoara wie al yn ’e hûs, permantich stapte hy nei de keamer ta en de stoefe eagen seagen earst noch ris mei gnizerige spot yn ’t foarhús om.
“Hwer ’s Martsen!” sei ’r en stiek syn lange skonken út nei de âlderwetske klomkachel. Hja wierne dôf fen kjeld. Breed en foars siet hy der yn ’e strieëne briedstoel en takseare mei finnige eagen de âlde knopkestoellen, it kammenet, it wankel sekretairke en ’e tafel, der in moai nij swilkje op lei, mar dy-t min ’t dochs wol oansjen koe, det der for en nei in hiel kliber lytse bernefoetsjes tsjin oan skopt hie en ’t like wol ef syn eagen seine: net folle om ’e hakken.
Martsen hjar mem fielde de prippen fen dy kâlde donkere eagen wol en mei in biwyske fen greatskens yn al hjar earmesteat sei se werom: “Martsen dy’s nei másters ta to thédrinken.”
“So!” andere Wychman koel. “Ik moat mei hjar prate. Helje se.”
“O hearink, skilt der hwet oan mei de bern?” en ’t âld minske pripte hjar fen skrik al mei de greate spjelde, der se de doek mei fêstspjelde, yn ’e hals. Hja wie ek sa oerstjûr. Hwet woe dy Hoara hjir? dy-t oars to greatsk wie om oait in foet by hjar binnedoar to setten? Mei steande earen fleach se de wei út, sa hird as hjar âlde foetten hjar mar drage woene en det wie mar by masters yn ’e hûs.
Martsen bleau deabidaerd sitten, mar der loek in fyn read yn hjar wangen en efkes krigen hjar eagen in oare útkyk. Sá sjocht in minske mar inkeld . . . as hy de macht oer ’t lot fen in evenminsk yn hânnen hat.
“To, komst’ nou mei?” en mem joech hjar de hoed al oer, mar liet him ek wer falle, sa kjel waerd’ hja, hwent Martsen dy sei: “Strak ansens den scil ’k komme, hear. Earst scil ’k ris fetsoenlik it pantsjefol thé opdrinke, det masterke my nys krekt sa yngetten hat.”
“Dy greate kearel wirdt divels, det wik ik dy!” en ’t gûlen stie Martsen hjar mem neijer as ’t laitsjen.
“Der scil ik wol mei redde,” sei Martsen en hja rette der mei.—
’t Scil in goed healûre letter west ha, do kaem hja mei staesje thússetten. Wychman Hoara seach hjar fen fjirrens al oankommen—oan ’t skommeljen fen ’e brede heupen seach ’r ’t. De wintersinne skynde op hjar ljocht hier en do-t se by de hússide lâns kaem, skitteren de donshierkes yn hjar nekke út as goud en hjar heldere grize eagen sochten syn brúnen, súver oer de ûndergerdyntsjes hinne. Krekt as fleagen der fonken út oer yn sines . . . hy moast der súver fen knypeagje.
Do kaem der in minne healûre for Wychman Hoara. Martsen liet him mar prate . . . hy moast alhielendal oer ’e brêge komme en in Hastinger Hoara is gau útpraet . . . noch noait hat ien fen hjar tofolle sei en Wychman wie ek al ien út it echte laech . . . hy hâldde in slach om ’e earm, mar einliks liet hy ’t slûpe en fornédere him súver sa fier, det hy frege de arbeidersdochter ta syn wiif, koart en bondich wei mei in hird lûd.
Der gyng hjar in skok troch de lea: “Ja nou,” sei se, “der moat ’k my earst ris oer bitinke. Dos derom kamen jy?”
“Det koene jy wol tinke, det it om sokke saken wie,” andere hy, op ’e tean trape. “It binne reizen for my mei myn swak lichem en den by ’t winter.” Det hy net mear sûnder hjar koe, ea ja, det sei hy net. It wie ommers al sa’n greate eare for hjar . . . det wie tapakke mei beide hânnen fensels! Hwerom den sa’n ien de holle yn ’e skoat to lizzen!
“Sjoch,” bigoan Martsen, “ik trou net oars, as ik moat it better krije kinne,” en de grize eagen seagen him lyk oan. ..Fensels, ik wol net sa as Gels, út noch yn net, boer. Ik meij graech moai lije en it komt my ta ek.”
Wychman Hoara nikte, der wie hy ek mei konstenteard. Hja scoe in swart-siden jurk ha en juweel safolle as se mar woe, al scoe der ek in stik lân om foart. Hy seach de greate bellen al flonkerjen yn hjar lytse eartepûltsjes, de fynreaden, dy-t sa skerp ôfstieken tsjin it blanke fel fen hjar hals.
“Det’s goed,” sei hy sa frjeonlike skiklik as hy mar koe. “Det scill’ wy wol skrewiele, Martsen.”
It fromminsk hie nocht oan ’e sege. “Den moat der in nije foarhúzing foar de pleats, yn sa’n âld ûlenêst kin ik net bankje. By memmes ha’k my bikrimpe moatten,” en hjar eagen seagen spitich oer ’e lytse lege keamer, der hjar widze ienkear stien hie—“net fen ’t iene lijen yn ’t oare. En for mem in goede âlde dei, der soargje jo for fensels!”
Der prúste Wychman Hoara raer tsjin oan, hy koe nou de folle pong mar op ’e tafel smite en stekke him leech wer yn ’e bûs, mar de bigearte, om det wiif to bisitten, wie dochs optlêst sa oerweldige sterk, det syn gjirrigheit dûkte hjar derfoar en hy sloech ta.
Sa biflapte Martsen Kobus him yn ’t net. Al de Hoara’s wierne pûrrazen, mar Wychman Hoara steurde him der net oan en klauwde de oare maitiids by de seas op en helle hjar fen ’t Hastinger Nijlân en brocht se as syn wiif nei in keamer ta to Hastings.
De foarhúzing fen ’e pleats wie omfearsmiten en hjoed krekt op syn troudei lei lytse Lys de earste stien for in nijen.
Sá offere hy selst syn stamhûs op for it bisit fen dy heldere grize eagen.—
Juli wie ’t.
It reinde . . . Ienlûdich foelen de reindrippen op ’e bistoude linebeammen, nou al ûren lang en de moude ûnder ’e stammen bigoan einliks ek wiet to wirden. It wie stil yn ’e natuer . . . in dei sûnder wyn en min hearde neat oars om yen hinne as de mesyk fen ’e rûzjende simmerrein.
It lêste hea lei op ’t swé, as lytse figuerkes op it greate damboerd fen finne en miede krioelden de mieren, donkere stipkes, yn ’t fjild om en hjir en der stiek in tintsje tsjin ’t laeigrys fen ’e loft ôf ef in iensum brún seil, det noch flaukes bol stie yn ’e moarnskoelte fen ’t frije fjild.
Oan ’e kant fen ’e sleatten geure de balsem en ’e krûderige galje op ’e diken en yn ’e Hastinger túnen de finjelieren en dúzendskoanen mei de hiele âlde geuren fen âld bepke túnen, ienkear rûkt en fêsthâlden yn ’e heugenisse as in oantinken oan hwet wûnderlik moaijs út de dagen fen jonkheit.
Wychman Hoara stie ûnder de linebeam to praten mei syn broer Oebele. It gyng der wûnder op in mûskopjen en skodholjen en fen ’e rein mirken hja neat.
“Nou, hwet scil ’k?” sei Wychman yn dubio. “Derhinne? ’t Is oars ek mar in hoannestap.”
“’t Sit him sims mar oan ien stim. ’t Komt dy ta, dû hearst yn ’e raed. Mar dy Nuttert! . . . jonge, ik stien dy soosjalisten net en nou mei dit waer . . . hja ha ’t allegear oan tiid. Hja kinn’ dochs net op ’t lân forkeare. Dû moast der altyd hinne.”
“En dû moast mei.”
“Ikke? Hark ris, it binne dyn saken en ik ken dy sa goed . . . scoest dy hypotheek oer ha wold ha, ast der gjin profyt fen trekke koest? en nou bist húvrich, om de middels to brûken? Hwet binn’ det nou wer for fizefazen? Slach dyn slach . . . en oars . . . opbringe . . .!”
Wychman seach pûddich en kaem noch mar net út ’e ried. “Ik wit net . . .”, sei ’r foarsichtich. “Scoe ’t ek in rare namme jaen?”
Oebele loek forachtlik de mûlshoeken del. “Ast der oait bang for west hast, den hieste doomné Fleurin wol in pear sinten jaen mocht for in foech wente. Hy bringt dy, hwer dyn foetten dy noait drage scille en den sa hommels trouwe mei Martsen . . .! It stekt dy oars ek net sa nau, jongkje. Dû hast om sa to sizzen dy beide stimmen koft en den hja net fen ’e pleats. Dû hoechst der gjin bikrûping oer to krijen, it giet sa earlik ta det.”
“To den mar,” sei Wychman Hoara, alhiel bipraet en raer gesteld, omt it hjoed stemmersdei wie en ’t der om gyng, as hy lid fen ’e raed bliûwe scoe as net.
Fen ’e moarn hie ’t iten him al net troch de kiel wold en yn ’t simmerkeammerke hie hy skoften sitten to siferjen oer syn kânsen. Nou dy stiene net sa bêst . . . hwent hy hie in minne partij.
Nuttert!
O hwet stiek it de rykste boer fen Hastings, det hy yn ’t kryt komme scoe mei Nuttert, Nuttert mei de marse, dy Nuttert, dy-t hy alear in koárste brea tasmite doarst!
Do-t it bikend waerde, det dy ek eagen smiet op in stoel yn ’t gemeintehûs, det hy al kandidaet steld wie, lake hy der earst om. Sa’n ien scoe yn ’t regear? oer Hastings? Dy-t sels neat to regearjen hie, yn in hierd húske wenne? deis mei de marse op ’e rêch by de boeren oankloppe? dy-t hy altyd oansjoen hie as syn mindere, as syn slaef, as syn machine, dy-t min in sint mennich yn ’e hân treau en dy-t den wer seis dagen willich roán, hwer min him ek mar hinne stjûrde? Hoara lake ’r om, det hy skodde. Dit wie noch ris in grap!
Mar do kaem der in joun en in great jonge brochte de Hastinger krante, weekblad voor de gemeente Hastinger Ham, mei ’t gemeintewapen der foar op, twa ikels en in klaverblêd en der ûnder lâns in blau krinkellint. Det wie de Swâdde, dy streame krekt sa’s sa’n sulvren lintsje troch de heide.
Hy siet op ’e bank foardoar hwet yn ’t waer to sjen, moai simmerwaer mei in stive Westewyn en swiere loftskaden fen wolkens. Der seach hy ’t ynienen swart op wyt en de krant wie him út de hânnen fallen yn ’t gêrs. Wol in ketier lang bleau hy der sitten. Earst moast hy ta himsels komme en det spande.
Dit kaem him sa yn syn eare tonei, det hy koe der dy nachts net fen sliepe en waerde by den dei ongedúriger en mankelyker.
Mar winne scoe hy ’t, al scoe de ûnderste stien ek boppe. Dy Nuttert him fen ’t plak kringe, der hy tweintich jier sa mei eare sitten hie!!
Al de Hoara’s spanden hjar derfoar. Hja skroomden nou ’t jild net. Alle stimmen, dy-t mar for jild to krijen wierne, der leine hja it near op en dy-t him net bikeapje litte woe, dy leine se op in oare menear it fjûr sa nei oan ’e teannen, det se wol lyts waerden, det se om ’e finger woun wirde koene.
Mar dy Driûwerske, dy âlde fûle njirre, dy sette it tsjin hjar yn ’e kant. Dy joech neat om hjar, dy séach hjar jild net iens! Nou, hy Wychman Hoara scoe ’t hjar hjoed wol ris yndruije, hwet macht as ’t jild den einliks wol hie, allertigenst!
En den dy soan fen hjar, Douwe slagter mei syn núvere kluchten! Hja woene wol ha, det hy it lêsten west hie, dy-t alle doarren by de Hoara’s fol plakt hie mei greate répen pompier en der stie op mei fen dy hiele fette grouwe letters: Kiest N. Gramsma! de candidaat der socialisten! Die een open oog heeft voor de nooden des volks! Lage belasting, goedkoop brood! welvaart!! Det hie Wychman Hoara tagniisd de oare moarne, do-t hy fen ’t bêd kaem wie en ris efterhûs yn ’t waer sjen scoe.
O dy Douwe, det wie sa’n houtsje en den syn broer Hedzer, nou dy spile ek net swak by. Fensels allebeide nei de mem útskaeid, sok âld, sok jong, mar hy scoe se wol opsitten leare!
En mei de lilke holle pandere hy it sânpaedtsje lâns, de wei út, mei Oebele as forlieder op ’e side.
It stie hjoed net stil op ’e Hastinger strjitwei, der by ’t simmerdei it brede skaed op leit fen foarse ikebeammen. De rike boeren fen ’e Ham spanden de hynsders foar de wein en hellen de ljue op, hiele weinfollen folk. Mei roune rêgen en gleone pipen sieten se op ’e swânnenêsten en diene in steil wird, de measten klear om Hoara syn fonnis to teikenjen. Det jage mar nei de Ham, krekt as ’t in feest wie, om him der út to knikkerjen en hie hy him net tweintich jier ward for ’t heil fen ’e gemeinte?
De bakker, der hy alear ris spul mei hawn hie, roan hjar fen efteren yn, de âld griene parapluie op, de mûle stoef ticht. Hy sei gjin iens dach.
“Read?!” sei Oebele.
“Foargoed,” andere Wychman nippel. “Nou ’t hy earm is, sociael en alear . . . ’k ha húzen op him bouwd! . . . Mar dy Nuttert . . .”
“Ast’ dy jonge nou net ris in wantsje jown hieste . . .? It is dy min bikaem, jonge, jonge, it stientsje is in berch waen,” sei Oebele sneedsk, fol leedformaek yn syn broerre fortriet.
Hwent dy krige nou licht ek ris in tsjinstuit. Dy gyng oars alles foar de wyn. Wie ’t miswier, syn fruchten bisloegen goed, bargesyktme en gallige skiep, der wist ’r net fen. Wierne de ierdappels djûr en krap, den hie Wychman hûnderten fen koerfollen en as se goedkeap wierne, den bouwde hy krekt hwet oars. Net in hûs fol bern en dy al hast great. Oebele bigoan to rekkenjen, Fokke hie al lotte, fensels frij-lotte en Lys, nou dy hie hy langlêsten ek al sjoen mei ’t hier op ’e holle trânsele, dy woe dos ek al graech by de jongefammen rekkene wirde.
Gels wie nou ek al in jier ef hwet wei en Martsen Kobus der ek al wer lang skepper en skriûwer. Min wist hast net iens mear, det hy mei in oaren ien trouwd west hie as de bern der net wierne.
Sa yn ’e prakkesaesje wei lânnen se oan by de pleats fen Driûwerske. ’t Ald wiif siet foar ’t finster mei de oerâlde fok op ’e noas en hjar gleone eagen seagen oer ’e bril hinne nei hjar.
“Hwet moat det?” sei se mei hjar skel lûd. “Der komme me dy Hoara’s oan skytskoarjen, dy diwel fen in Oebele is der ek by.”
Der wierne se al yn ’e keamer.
“Dach!” sei Wychman stoef en joech hjar efkes flau-wei syn weake, plodsige hân.
“Dach!” andere se like stoef en skouwde onwillich wei twa stoellen by de âlde tafel en hjar skel lûd rattele troch de greate keamer as in brutsene klok: “Scoene jimm’ ris by ús sjen? Ef is ’t om ’e rinte, dy-t trije dagen oer ’e tiid wie?’
“Myn goede minske noch ta! Ho komm’ jy der nou by?” sei Wychman sa fluensk, as hy ’t mar yn syn macht hie. “Wy wierne oan ’t kuierjen en wy tochten . . . wy kinn’ hjir skoan hwet útrêste.”
Hjar finnige lytse eachjes hie se net fen him ôf. “Wel ja nou,” joech se him as in skimpskeut werom, “ien hoeke fen ’e keamer is jimmes dochs ek al hast mei, net? In moaije menear fen dwaen, notaris hjir to kommen en det seit mar, Wychman Hoara moat dy hypotheek oerha en oars . . . opbringe! Ik sei, in greaten as in lytsen bloedsûger, it giet dochs allegear om ’e duit. En nou sitte wy ûnder jou.”
“Sa is ’t,” sei Wychman Hoara en draeide syn holle sa fier om, det hy net ider kear dy ûleëagen foar him hie to flikkerjen, dy-t krekt as de ûleëagen út ’t Hastinger kloksgat wei nei him loerden, stil en sûnder poazjen.
De kofje prottele op ’e koal, mar dy âld fekke tochte der net iens om, om yn to jitten.
“Wy hiene hwet mei jou to praten,” bigoan Wychman.
“Det tocht ik wol,” sei hja wer. “En in Hoara hat gjin oar praet as oer ’t jild. Skande, det jimm’ ’t net meinimme kinne yn ’e kiste, den fochten jimm’ ’r op ’t tsjerkhôf noch om. Sjoch, der komme myn jonges krekt oan. As jimm’ nou hwet to forhakstûkjen ha, den kinn’ jimm’ ’t der wol mei útfechte,” en hja stroffele sels nei de foardoar, om se yn to litten.
“Dit wirdt in taei sneed . . . Pas op, stien op ’t skerp. It scil núten krêkje, ast’ dit winste. Dy âlde tange hat de diwel yn,” sei Oebele en efkes krolde in gnyske syn fine lippen, dy-t hast skûl gyngen yn it swarte bird, hwer al in bulte sulvertriedden troch roanen. It waerde hottefyljen, det seach hy wol oankommen en omt hy sels yn ’t dwarsbongeljen in master wie, mocht hy der graech oer, der mei by to wêzen, as oaren inoar ek ris yn ’t hier hingen.
Douwe en Hedzer, kreas forklaeid, kamen yn en foelen mar efkes op ’e hoeke fen in stoel del, hwent hja moasten noch to stemmen, seine hja mei in skalk each op Wychman Hoara. Dy wie ’t krekt, as hearde ’r syn deadsklok lieden, do-t hja det sa koel-wei seine.
“En jimm’ ha den fêst al hinne wêst,” sei de iene mei hwette as spot yn syn lûd.
“It moat noch,” andere Wychman mei tsjinsin, mar heal by de saek, sa wie ’r yn ’e prakkesaesje, ho-t hy der oer bigjinne scoe, hwet him sa heech lei en o sa bang, det hy him forprate scoe mei ’t ien ef ’t oar yn dit fijandelike hûs.
“Der is noch tiid bihâlden, mar Hastings is oars fen ’e moarn betiid. De measten ha al hinne west. It wriûwt as mealstiennen, der’s nou noch ris aerdigheit oan. Nuttert is ’t wird wol tabitroud, dy is sa kwea as in mird. Dy scil minhear de tosken wol sjen litte mei ’t toskfleis der by.”
“Det moat allegear noch,” sei Wychman yn syn deadsbinaudheit wei. Nou koe hy him net mear stilhâlde! Waerde ’r der nou súver net ôfmakke? Krekt as wie ’r der al útwipt, sljucht soldaet waen, nul foar ’t sifer!
“Nou, dy oanhang fen Nuttert is ek net folle. Heidtsjers en arbeiders en in inkele fen ’e boargerij, dyt-t altyd oppesysje meitsje wolle,” smeulde Oebele. “It moat mar fen ’e geseten ljue ôfhelle wirde, al scil ’t bloed der ek nei fleane.”
“’t Kin better fen ’e skeaf as fen ’e bân,” keakele ’t âld wiif der skel tsjin yn en seach fiäenich fen d’iene nei d’oare.
“Sokke ljue as Nuttert, dy moatte der ek ris yn,” sei Hedzer ynienen. “Den komt der ris hwet oar bloed yn ’e raed. Net fen dy ja-minhear-roppers, Hoara, fen dy penning-sechstjinders. Jonge, jonge en hwet kin ’r prate! As in abbekaet! Ha’ jimm’ him al ris heard?”
“Né,” sei Wychman mei in fiis gesicht. Nou bigoan syn lilkens dochs de oerhân oer syn forstân to krijen—hy makke him klear as in tiger foar de sprong—hy rekte de kloeren al út.
Hedzer fielde der hwet fen, do-t Wychman ynienen mei neidruk sei: “Dos . . . jo stimme Nuttert?”
“Fensels, de lytse ljue hâlde it mei inoar. Det is hjar ienichst wapen, de ienriedigheit, Hoara.”
“Det scil ’t wol, mar út frjeonskip scoe ’t my oanstean, as jo my stemden.”
“Hwette?! Frjeonskip?” Hedzer harke raer op. “Frjeonskip . . .? Ik leau oars net, det jy oait oer ús drompel west ha to frjeonsprekken. Us hûs is to lyts en to min for in Hoara en ik tocht ek, det jy to greatsk wêze scoene om in stim to biddeljen.” Det wie de lonte yn ’t krûd.
Der sloech de tiger syn kloeren út. “Doch ’k det?” sei ’r. “Ik biddelje der net om, hja komt my ta,” en swier to rissen gyng hy oerein. “Ik ha net om ’e nocht dy kosten fen ’t oerskriûwen fen ’e hypotheek bitelle , . . ik moat der hwet fen werom ha.”
“Ha ’k it net sei, ha ’k it net sei?” rôp ’t âld wiif wer mei hjar skel lûd. “Spek oan spinnen, jonges.”
“Hwet den? Myn . . . ús stim!” spatte Hedzer op, pûrrazen, det immen him yn syn frijheit oantaeste doarst en det om hwet jild.
“Jou stim en Douwe sines ek,” andere Wychman koel-wei, krekt as hânnele hy oer fé. Hy wie nou baes, det fielde ’r. De eangstme lei al yn hjar eagen, det hy hjar yn ’e macht hie en net sparje scoe. Derfor wie hy in Hoara, dy koene gjin meilijen, al sont geslachten net. Det wie mei it jild ek in erfnisse fen heit op soan.
’t Ald wiif waerde sa wyt as in doek ûnder ’e swarte tipmûts—hja smiet it ierdappelskyldersmeske yn ’e bak mei ierdappels en sette dy foarheftich op ’e tafel del.
“Us stimmen!” bauwde Douwe slagter him nei. “Dy forkeapje wy net, wol Hedzer?”
“Dy forkeapje wy net,” sei dy, “en tominsen net oan jo en as jy ’t gat fen ’e doar sels net hânsum fine, den scil ’k it jou wol wize. Derút! optslach!” en hy gyng ek oerein en in stap ef hwet op de Hoara’s ta.
Wychman krige syn stôk en stroffele nei de doar. Fen woeste nidigens stivere syn antlit, krekt as wie der in iiskâlde wyn oerhinne raesd. Sa scil it fjild der winters ek foarlizze, as de wrede wjukken fen ’e winterwyn it yn ’e flecht teistere ha.
Noch ienkear draeide hy him om. “Takommende Maeije bringe jimm’ it jild op,” sei ’r. De tiger rekte de kloeren út, hy hie syn bút.
’t Ald minske sloech mei de hânnen yn ’e loft. “O!” sei se noch, do lei se fen hjar sels. Domp foel it swiere lichem op ’e matte.
“Foart, foart!” dreau Oebele Wychman oan. “Det folk is ta alles yn steat, det apefolk!”, mar ynwindich formakke hy him ta de teannen út. O! as dizze twa lêste stimmen it ris wêze mochten, dy-t him kitsten! Sá fornédere to habben en der den noch gjin side mei bispinne to kinnen!
Hastich striek hy him ris mei de hân oer ’t lange bird, oars mochte Wychman it ris sjen, ho-t der in ynhâldene laeits om syn mûle trille om syn ôfsneutere broer.—
It reinen bigoan hwet to lichten, der kaem wyn en de beammen skodden yn in flústring fen wolbihagen de reindrippen ôf. It reingerdyn, det as in trochsichtich gaes oer ’t lân waeide, forfloddere en waerde oplutsen troch it felle sinneljocht, det min noch net seach, mar skimerjen fielde efter de simmerreinwolkens.
De linebeammen bloeiden . . . de fûgels songene der yn. Strakjes scoe de sinne der trochkomme en as in frisse jonge breid lake de natuer hjar ta, noch mei fonkeljende diamanten yn ’t hier en heal útkame blommen op ’t boarst.
Wychman Hoara seach fen det alles neat. Mei in swart gesicht klauwde ’r yn ’e wein . . . mei in swart gesicht knoffele ’r moedsum by de hege trappen fen ’t gemeintehûs op. Hûnderten wierne der al foar him by op gien—hy koe der al moi wis op oan, syn lot wie al bisegele yn ’e wichtige bos. To glûp kúrde hy nei de hege doar mei hjar moaije útsniene panélen, de riedseale, der syn stoel stie, mar hwa wit, ho lang as ’t sines noch wêze scoe!
Licht flaeide Nuttert der him oer in wike ef hwet wol yn del!
As it nou noch mar in oaren ien west hie, Simen winkelman bygelyks ef de weinmakker, ek allegear fen dy reade frjeonen! Det scoe him lang sa net stutsen ha.
It wie krekt, as scoe der noait in ein komme oan dy dei. Hy kibbe en jeuzele yn ien stik troch en koe ’t nearne net fine en knoffele en stroffele oer alle wirklike en formiende stan-yn-’e-weiën. Martsen woe him paeije mei in swiet pantsjefol thé en in stik dimter-koeke der by en bigoan ek ris oer hwet oars to praten, mar Wychman Hoara syn holle siet der sa fol fen, det eart hja der om tochten, den hiene se it der al wer oer. As it hekje mar op ’e knieren draeide, den trille hy al. Den kaem de slach. Fen ongedúrigheit liet ’r ’t smoken en siet mar stiif de wei út to sjen mei de platte, plodsige tûmmen yn ’t fesjebûs en in skerpe dwarstear twisken de eachsbrauwen.
“Ik woe wol, detst it suchten lietste,” sei syn wiif. “’t komt ús net iens oan ’e kâlde klean, sa’n tobeksetsje. Myn goede, ús kaptael is der net mei wei, wol?” Hja siet der wol sa breed en wichtich foar yn ’e greate briedstoel. Hja joech hjar nei ’t groeijen, de dikke earms protten ûnder ta de jaksmouwen út en hjar roun blank kin krige in biwyske fen in ûnderkin.
Sá woe hja him in riem ûnder ’t hert stekke, mar Wychman liet de earen der net nei hingje. “Pake en heit ha der sitten . . .” sei hy, heal yn him sels, . . . “mar dû bigrypst soks net . . .”
“. , . Hwette?!” . . . sei hja skerp.
“Ik sei, dû bigrypst soks net,” andere hy wer. “Wy ha altyd yn eare en oansjen west . . . wy binn’ det wend . . . it komt ús ta . . . derfor ha wy jild.”
It griisblau fen hjar eagen fordonkere him ta djipdonkerblau . . . der lei in glâns yn as skerpslipe stiel, hird, warskôgjend en hja makke hjar breed yn ’e greate mahoniehouten stoel.
“. . . So?!” sei se, “. . . so!?” mei in lange úthael. “Wol det sizze, det wy en ús gelikens minder binne as de Hoara’s? Omt wy in sint ef hwet minder ha . . . omt ús foarâlden net sa gjirrich en klauwerich en ynhalich wierne? Hwet minseliker, Wychman? Hja hiene noch in hert, man, mar jimm’ mei jimm’ hiele oanhang ha der in stik stien . . . in grou stik . . . Bah, ik wearzje fen det jildpraetsje, altyd ivich det jild! Tink mar net, det jimm’ de himel der mei keapje kinne ef ek mar ien onnoazel koareltsje ljeafde! Der is gjin smiten mei de mûts nei . . .! Der past ús Ljeaven Hear wol op, det de earme minsken yn al hjar earmoed dy greate skat faek mar for ’t krijen ha en jimm’ jimm’ hiele libben mei lege hânnen omrinne kinne en der op sjen meije. Sa wirdt it bledtsje omkeard . . .”
. . .“Hâld op . . .!” smiet hy der razen twisken yn en de nidigens poarpere syn triedtsjewangen. “Ha ’k dy derfor ta myn wiif makke, om my útfége to litten troch sa’n arbeidersdochter?”
“Tocht Wychman Hoara der om, do’t hy my dy Krysttiids wol sa allerûnderdanigst frege om syn wiif to wirden?”
“Nou né,” bigoan hy al wer yn to binen, “mar dû seist it sommes ek sa raer op, Martsen.”
“Dû komst my op ’t sear.”
“En dû my.”
“Dû bist ek sa min to brûken tsjinwirdich. Hwet scil ’k bliid wêze, as dy kiezerij oer is. Den kin min wer sykhelje,” sei hja en geat him noch ris yn.
’t Wie skimerich en stil yn ’t simmerkeammerke. De hege linebeammen foardoar stiene ûnforweeglik yn ’e hjitte, broeiske sinne en de sterke geur fen ’e kamperfoelje hinge as swietrook oer ’t hiem en ’t wie sa núvere stil bûtendoar, krekt as stie alles en harke nei ’t needlot, det op kommenswei wie, droanjende mei swiere foetstappen oer de ierde.
Der rattelen gjin amers op ’t bjinstap—de mieren klosten ek net op ’e minne klompen by de hússide lâns om in swolchje wetter. Lys wie nei doomné’s Tine, om ’t bordueren to learen en det kaem Wychman hjoed al sa stil oan, det hy hjar fris lûd net galmjen hearde troch de lange, brede gong fen syn foarhúzing. Hwent it wiif hie hjar sin krige, in nije foarhúzing wie der kaem, mar ek gjin foetbreed mear en ek noch op ’e âlde fondeminten, for sa fier it koe. Heal spul, waerde der do skodholle, in nije foetling op in âld hoas. Do-t it spul der ienkear stie, twa greate keamers efter inoar en in brede gong der njûnken lâns, acht foet wiid en in great foarhús mei bûnte stientsjes opset en floerre en derneist noch in simmerkeammerke, do foel ’t ta. Mar d’âld skûrre skeinde it spul danich. Det wie nou súver in brette apel op ’e stôk.
Wychman liet him alle skimpskeuten, dy-t hy der ûnder dúmkes wei oer hearre moast, by de rêch delglide en do-t diselde skûrre nij dutsen wie en hwet ynfoege, sei hy smout-wei, it moast nou goed wêze. En der mei wie ’t út. En ’t oare jier woán hy sa folle oer, det de foarhúzing wie lyk en hy ruile mei in súrswiet glimke al wer mear nije effecten yn for syn los jild.
Mar nou hekke it. As in effene stream wie ’t libben der sa moai hinne gliden, mar nou kaem der in krinkel yn ’t tou . . . de soosjelisten hiene ’t as in kloft hongerige hounen op him en syn baentsje forsjoen. Sûnder, det hysels it merkbiten hie, wierne de onnoazele siedtsjes, yndertiid struid yn ’e oproerige herten fen Warmolding en Nuttert, opkaem en útwreide en nou wie ’t al partij tsjin partij yn ’t doarp. Hastings waerde read . . . Hastings waerde forneamd as de búnte houn. Yn ’t wirk wie ’t folk mar min mear to brûken, de losse arbeiders luiteren om en fregen mei greate mûlen mear lean. Nuttert mei syn fyn-útknypt gesicht siet efter de skermen . . . dy roân nou ek wol mei oare negoazje as snypsnaren! Earst is ’t altyd de stryd fen rykdom en earmoed . . . mar op ’t lêst giet it derom: man tsjin man lyk as by âlds en det wirdt in wreed bidriúw . . . der togniddet altyd immen ef eat yn dy twiekamp . . .
Lang om let seagen se Fokke oankommen op ’e fyts. As heit der troch wie, scoe hy yn ’e fjirte de rjuchterhân al opstekke, mar hy wie al by ’t ein wei om ’t Jifferspoeltsje hinne en noch hie hy de hân oan ’t stjûr.
Wychman Hoara syn hert sloech him sa, krekt as scoe ’t barste. Hy telde de beammen, ho fier as de jonge noch fen hûs wie 7—6—5—3 der draeide hy ’t sânpaedtsje op. It stjûr skittere yn ’e sinne . . . de stevige brúne hânnen bleauwne, hwer hja wierne.
Hwet dy man dy amerij útstie, wie freeslik. Mei dy tweintich tel ef hwet scoene al in hiele bult sounen fen syn libben boete wêze.
Der wie Fokke yn ’e keamer. “Herstemming,” sei hy mismoedich en foel deawarrich op ’e stoel del.
“Wolst’ hwet lodderein ha, jonge?” sei Martsen.
“Ljeaver net, moike, sei hy. “Jow my mar gau in pantsjefol thé. Efkes stil sitte. Ansens scil ’k oan ’t fortellen,” en hy krige it lichte petsje ôf en wiske him it swit fen ’e foarholle.
It bern wie in jongfeint waen . . . Fokke Hoara stie optheden yn top fen jonkheit en manljueskreft, feardich en great, breed fen skouders, sterk fen polsen. It frisse, ûnbidoarne lei noch op syn brune wangen sa’s de moarnsdauwe op it simmerlân, mar yn ’t sjen fen ’e eagen formoede min al ’t karakter, det him ek foarme hie yn ’e jierren fen bern ta feint, sa’s de pit yn ’e persikstien, ûnbisjoen for de wrâld—individueel—op himsels—persoanlikheit yn ’e greate heap, it eigene wezen, der de maetskappij him nou miskien in fyftich jier oan kenne scoe.
“Hie ’k it net tocht!” sei syn heit ynienen midden yn ’e prakkesaesje wei en sloech mei de fûst op ’e tafel. “Dy diwelse Nuttert, dy docht it my . . .! Ho folle skilt it, jonge?”
“Op ’e snaren, as heit wie der foart daedlik al útwipt,” sei dy. “Gjin heidtsjer is thús bleauwn. It folk is ús net tagedien.”
“So? en ho wistû det?” frege Wychman foars-wei. Hwa wit, hwet se him der by dit en by det wol net forwiten hiene yn ’e harbarge? En al syn âlde sounen trieken him yn ien amerij mei kûgelsfeart foarby, guont heal forgetten, guont hjoed noch mar krekt bitocht en folbrocht en de swiete mesyk fen it jild hearde hy der boppe út klingeljen s’as yn it merkegejoel de sketterjende hoarn, dy-t alle libbenslijen en klachten for in setsje smoart!
Martsen joech Fokke de wink noch—mar ’t wie to let. Wychman wie fierst to nijsgjirrich om to hearren, ho-t de minsken oer him praetten en hy helle Fokke súver de wirden ta de hals út en do-t dy it sei hie, loek it read fen skamte oer syn wangen, sa skamme hy him oer syn heit, dy greate, stoefe kearel, dy-t nou noch net iens de eagen delsloech for him en dy der oars ris efkes útklaeid wie yn ’e harbarge yn syn bywêzen, det hy hie syn hânnen hast net thús-hâlde kind, sa lieten se him fen ’e ra rinne.
Optlêst hie ien út it omsittend laech sei: “Stil jonges, ik leau wrachtsjes, der sit dy great jonge fen him. Det wirdt nou syn oandrager!” en do laken se, det it davere.
“Hwet dy ris wer nei de hoale ta slepe scil! It is sa’n foksebinde!” gniisde in oaren ien en mei wetterige dronkemanseagen skilich-eagen se nei him en piûwden him út.
De drank makke se manmoedich en ûnforfeard, dy joech forstân yn ’e harsens, dy-t to dom wierne om in stikje brea for wiif en bern to biskrippen en hja hearden ’t jild wer rinkinkjen yn ’e lege pongen.
En dochs—selst yn ’e weelde fen dy ûre fielden se de wrede hân fen ’e Hoara’s, dy-t hjar as in izeren sylbeage op ’e nekke lei. Fokke wist it wol, as hy ’t heit mar ris fortelde, hwa-t it west hiene, den stiene se Maeije oan ’e dyk, neaken en bleat, mar hy hâldde him stil en Wychman Hoara is ’t noait gewaer waen, hwa-t syn eigen bern it earste ynsicht yn ’e forkeardens fen syn karakter jown ha.
Dy wytnis makke him treurich, sa’s elts tichteby-bisjen fen alles, hwet min ljeaf hat. Hwent o as min ken en wit! den stjert der safolle leauwing, safolle forwachtinge en by stikjes en bytsjes ruilet min for it sa heftich bigearde witten al syn idealen yn. It is in roaljebûtsjen, det sûnder mis op skea útrint . . .
Hy woe him ris hwet fortraepje _ it wie nou dochs healjoun en net de moite wirdich, mear wirk op in baen to heljen. In setsje stie hy stil to sjen yn ’t skaed by de âlde koumûrre, dy-t al útwynde fen âlderdom en der de winterkeninkjes lyk as by âlds wer in nesje bouwd hiene yn ’t holle fen in âld wylgenmoes by de dobbe. Sûnder det hy der om tochte, seagen syn eagen det oer nei Hastings, nei de greate readbrúne boeken foar de posterij en hy kúrde der o sa lang nei mei de bernige blydskip fen ’e wissens, det syn lok sa tichteby wie . . . sa tichteby . . . de seldsume blom, hwer min yen mar om hoechde to bûgen en den hie min hjar!
Det dit ljeafde wêze koe, der tocht hy net iens om. Hy riddeneare der net oer en raffele syn gefoel net út-inoar om krekt to witten, ho-t it nou wie . . . sa’s bern mei ’t kinstige boartersgûd dogge . . . it wie s’as ’t wie en hy naem it oan as in jefte fen syn blide jeugd, dy-t ek de kreft oansterke yn syn jong, linich lichem en syn hert fen lok en hoop úttine liet as in blossomripe blom. Dy-t him noch mear jaen scoe . . . hy wist it . . .
Syn tinzen wielewalen noch hwet hjir en der om yn ’t gean fen syn eagen oer ’e blossomswiere lânnen, mar einliks stûken se wer by Tine as de seilstien, dy-t wol it middelpunt wêze moast fen sa’n hearlike wrâld as nou foar him lei . . .
Der hie noait folle smaek yn ’e Hoara’s sitten sa for ’t ien as ’t oar, mar Gels hie der dochs hwet oar bloed yn brocht en boppedien learde syn ljeafde him nou it sjen mei dichter-eagen . . .
Ho-t de dodzjende simmerwyn oer ’e fjilden gyng mei stadige sjong’rige flústring as fen ien, dy-t in bulte sjoen hat . . . en it biweegjen en meigean fen ’e ieren mei syn sang as folgen se him fen fierrens op ’e mesyk fen syn hearlik lûd allinne. En den it gloeijen fen ’e reade moankopsblommen yn ’e rogge, dy-t mei gauwens de goudene lyfdracht, erfd fen ’e Junisinne, oanlizze scoe as in greatske erfnamme, machtich oer folle goed. En hy seach Tine der as in keninginne twisken-troch gean . . . syn hartstochtelike eagen omfiemen hjar byld mei heftige ljeafdeloaitsen . . . o ho moai wie hja hjir mids alles hwet ek jong en moai wie, wûnderbaerlik.
Hjar ljocht boskje hier, glinsterich yn ’e sinne, seach hy ynienen foar him en hjar eagen, dy-t sa blau wierne as de sweltsjes yn ’e mieden oan in rûge feanpetskant en it teare, fine lichemke yn syn jonge, moai-linigens droegen fen o sokke lytse foetsjes!
Sokke foetsjes, né noait hie hy tocht, det der sokken wierne en ’t klappen fen dy hakjes wie for him as ’e mesyk fen ’t lok syn komste.
Sa rein, sa goed wie dy earste ljeafde fen dit natuerbern—selst de bigearte nei bisit forlokke him net as in slang yn syn ierdsk parradys, det namsto moaijer wie, omt hy der roan to dreamen en ’t sels net iens wiste.
Mar o ho’n wille hie ’r! De simmersinne hearde by dy dagen fen syn libben en de wide, rike fjilden, biblomme en bifrachte mei de rispinge fen in wrâld en de blauwe, hege loften, dy-t weiwulfden yn oneinigheden fen onbikende hearlikheit!
En de wyn song oer ’e griene ieren, dy-t noch bûgen leare moasten en der loek op it beanelân in walm fen geur omhegens út dy waerm-stoofde bou en dy tûzenen beaneblommen en ’e boekweitboer seach syn lân der al foar lizzen yn ’e wite breidsklean, oerswarme fen ’e gounzjende bijen as breidsjiffers om in lokkige—o dy fleur fen det jonge hert en dy jonge breidkleurige natuer! den binne wirden noch to kâld, komme der hyn-noch-to-nei net oan ta, den is allinne it libben each de skôger en bigriper, de minskesiel de forsteander fen dizze stim, dy-t sangen sûnder wirden sjongt en hymnen sûnder timpel!—
Der wie in foetpaed, det moudich bochte troch it hege Hastinger lân, bitrape fen geslachten fen Hastinger blomkesykjende bern. Op en del roan it, by droege sleatten lâns, der de gêrskrûperkes yn ’e toarre bledden omstrúnden en de miicheamelers hjar forhoalen húzen bouwden, by de rûzjende rogge troch, dy song as in sé by ’t kommen fen it tij en as in bern sprong it sims mei in smel streekje moude oer in hege, rûge dyk, fol fen âlde eskenbosken.
Sweltsjes bloeiden der en foarkjes en leppeltsjes en de kanten wierne brún fen tûzenen breakes, dy-t der stil en froed inoars brún simmerpakje biseagen yn ’t skaed fen ’e toarnebeistrûken. En fjirder wynde det paed, as de greate minskewei sels wynde it him as in smel giel lint troch de stille lânnen. De roggeïeren waerden lichter en in minne frucht boekweit skeat der út it oerjierrige yeskelân op en skou en skrúten bigoan de heide al wer to wreidzjen oer ’t lân út de droege dykswallen wei en skripte mei taei gedild om ’t hjar ûntnadere ryk wer yn bislach to nimmen. Der ynienen krûp it paed wei yn in neasich spjirreboskje, skeanwaeid, heal to pletter slein troch syn westerse fijan, dy-t by ’t winter sa oer it Hastinger hege lân spûkje kin, krekt as is ’r ’t gram, om hjir altyd noch beammen fine to moatten.
Der slûpte it paed ta’n yn, der forroan it yn mosk en spjirrebeamsnuddels—de kammeraet, it selskip wars.
Der gyng Fokke sitten en seach oer ’e heide. Dy kûstere hjar as in bern yn ’e hjitte sinne en as sloech hja longerjend de earms út, sa tilde it oer it stille, fiere lân, bisluiere yn fine dize as eagen yn slomme-dream.
Der wie gjin minske to sjen, de greate, greate stiltme, dy hie der hjar tinten opslein ûnder dy feletten-blauwe loft, mei allinne in pear snikwite fûgels yn stadige simmerflecht as skaed yn ’e felle sinnegloed fen ’e Julimiddei.
In stik twa wattebiters gounzelen om him hinne, mei licht gesweef op kleurige skitterwjukjes en ’e imerkes gyngen oan yn ’e heidestrûkjes en sloegene de wjukjes út yn ’t ljocht.
O! hwet wie Hastings nou fierôf! krekt as hie hy noch noait ûnder de minsken west, mar altyd allinne yn dizze foldiedige natuer, dy-t de minske like goed alhiel bifredige as ’t blomt, as ’t djier, der hja tosimmer mem oer wie.
Syn eagen foelen efkes ticht der yn dy waerme dyks-goate oan ’e heideseam. Twa holders jagen him foarby en setten beide hird ta op in krekt iepengien strúske lette brimmerheide-blommen. Stil waerden se yn ’e blomkes wei, dronken fen ljeafde en koart simmerlok en foelen do swier fen slomme neist him del yn ’t sân, det glinstere as goudkerr’ltsjes yn ’e gloeijende sinne.
Ho lang hy der sa lei hie, wist ’r net. Ynienen waerde hy kjel wekker . . . der krûp him eat by de hals yn—in spin ef sa. Yn in omsjoch hie hy de rjuchterhân by de hals yn en sprong oerein.
Yme-boer, dy-t syn bijen nei de boekweit brocht hie, stie efter him, it skildige raeijke noch yn ’e hân en lake him slop.
“Der ha ek wol ris flitiger west as jou!” sei ’r grapjeijende wei. “In Hoara en det yn ’e heide! Jimm’ heit syn hierren stiene rjucht oerein, as ’r ’t heart.”
“Ea hwet, ik siet efkes to rêsten, do gyngen my de eagen ticht. . . ’t Is ek wer sa broeisk op ’e rein. De wite flinters fljogge my to folle.”
“To folle? Noait genôch waermte. Elts jiergetiid bringt syn eigen seine mei, de simmer syn waermte en de winter syn snie,” en ûnder ’t praten wei ried Yme syn hounekarke yn ’t skaed fen ’e spjirren en do foelen se beide yn ’t goatsje del mei de rêgen tsjin ’t hege wâltsje oan.
“Wolst ris oanstekke?” frege Fokke en helle de tabaksdoaze út ’e bûs.
“Jonge ja,” sei de âlde en hie ’t pypke al yn ’e hân, mar do bitocht hy him ek wer . . . “Kin ’t wol?” sei’r, “wy sitte yn ’e bosk fen jimm’ heit en mei fjûr meij hjir net pield wirde.”
“De bosk leit dochs oan ’e sintinzje, dy komt der fen ’t winter ôf—Heit wol ’t oanmeitsje. En ’t is op myn noed.”
Do krige de âld man in stik ef hwet triedtsjes en treau se mei bidachtsumens yn syn poepepypke mei ’t slap mondstik en seach de flamkes as in foarsizzing fen wille flikkerjen boppe it droege krûd, det foar ’t fjûr opkrolle.
“Hea,” sei ’r, “hwet leine jo der skoan to sliepen nys ansens. Ik ha der in hiel set nei stien to sjen. It wie sikersonk skoan dreamen, hwent jou laken yn ’e sliep wei.”
Fokke syn wite boppetosken blonken efter de folle lippen. “Diich ’k det?” sei ’r. “Yn dit moai sinneskyn waer moat min wol laitsje.”
“En as der yen den in faem yn ’e holle omspûket . . .”
“Ik leau net, det hjir fammen binne op ’e Hastinger heide, as ’t moast Sjut turfstûker wêze mei hjar geiten!”
“Tinkst, det ik ek net jong west ha? Det ’k net wit, ho ’t mei jimm’ gesteld is? Do-t ik sa âld wie as jou hie ’k Minke al op ’e side en ’t is myn wiif waen. Och jonge en ’k woe se for in fet kou net graech wer misse, nou net iens!” en der forsêftige him hwet yn ’t âlde forware antlit . . . it oantinken oan dy jonge innige ljeafde makke syn herte weak . . .
In setsje sei gjinien in wird, do waeide mei de wyn it jounlet fen ’e Hastinger klok oer ’e heide.
“Gien jou mei?” sei Yme. “Jou kinn’ wol op ’e karre sitte.”
“Ik gien ljeaver,” sei Fokke en strêke de meagere hountsjes oer ’t rûpske hier.
“Nou, de hounen scill’ wol komme,” sei Yme en Fokke regele syn stap nei d’âld man sines, dy-t sims fen âlderdom en onwissens stûke en hja hearden ’t lege karke efter hjar oanratteljen, stadich, skean en bryk oer ’e heide yn ’t bochtige sânspoar lâns. Sa gyng op ’t hûs yn.
In felettene jounskimer dwelme der nou oer ’e heide om. De sinne stie noch heech, mar ûnbisjoen makke de dauwe him klear for syn lette ommegong. De groun koelle ôf . . . de jounfûgels bigoanen al tsjin inoar to fluitsjen en trilleren hjar earste noaten troch de stiltme. Wolkjes fen in hânbreedte greatte plûmken as sulveren weagjes op in wide, blauwe sé oan ’e lofteinder en hiene sulv’ren seamen as fen keningsmantels. De frosken kwêken yn ’e heidepoel en oan ’e kant yn ’t snilegûd widze it nêst fen in reidmoskje hinne en wer mei de lauwe wyn as dildige widzer.
“Hjir scoe in siik minske soun wirde,” en Yme dronk mei folle swolgen de hearlike frisse loft yn. “Skande, det it nei de ein ta giet mei my—ik sjoch der sims súver tsjin oan, det ik hjir wei moat. Mar de tiid is der . . . ik bin nou yn ’t seis en sauntichst . . . Hwet ik nou noch krij, is tajeft. En hwa scil den op myn bijkes passe?”
“In oar, dy-t der den wer syn nut fen trekt,” andere Fokke sûnder omtinken . . . wreed yn syn wierheitsizzen fen minskene bidriûw.
“Det meij Driûwerske nou ek wol tinke, dy-t oars stjerre wold hie yn ’t âld hûs, sei se. ’t Scil my nij dwaen, as hja ’t der by sitte lit . . . ik wit net,” en Yme seach nei de beammebosk, hwer hjar pleats yn forside lei. “Hwet seit de Psalmist[*] ek wer? Mei klauwen en skrippen komt it byinoar en min wit net iens, hwa’t it nei him nimme scil . . .”
*) Psalm 39: 7.
“Hwet wie det den mei Driûwerske?” frege Fokke yn syn ûnskild wei. Hy bigriep net iens, hwer Yme op sinspile.
En do droech dy ’t him oan, fen stikje ta bytsje, syn hiele heite bidriûw fen ’e moarn en ho-t de oaren ek allegear nei de Ham ta dreauwn wierne, om him to stimmen.
“En nou dochs noch in herstemming!” sei hy. “Hy rukt it net, jimm’ heit. De Hastingers ha’t mier oan him—hy hat syn eigen stâl forbûke. Jou moatt’ it tsjin him sizze.”
“Dy moed ha ’k net,” sei Fokke flau-oandraeid. “It kin noch tafalle.”
“’t Is binaud, det jimm’ heit him ek sa ynpakke litten hat fen det jild. Do-t hy sa jong wie as jou . . .! och, hwet wie ’t do in bêste kearel! Fleurich en gol—do koe der noch ris in sint ôf en nou! de grúden bedstrie lit hy him ommers noch djûr fen ’e earme minsken bitelje!”
Fokke liet de holle hingje. “Det wist ik ek net,” sei ’r. “En fen Driûwerske like min.” Mar hy lekke syn heit net, wylt der in oar by wie, det koe der net lâns, tocht him.
“Det leau ’k wol,” andere Yme, “mar de straf fen al det kwea kin wol ris op jimm’ holle delkomme, al binn’ jimme der net hândiedich oan. Sok dwaen der rêst gjin seine op en sok jild . . . nou, der is in roakje oan. En nou siz ik jou dach,” en Yme stjûrde syn hountsjes de kant út nei ’t Hastinger efterom.
“Joun Yme,” sei Fokke en seach yn ’e prakkesaesje wei noch ris oer it simmer-moaije lân, djipdonker mei wite sânplakjes bistruid, poarperkleurich yn ’e ûndergeande sinne.
In pear jonge fammen roanen foar him út, smûk de hollen by inoar yn flústerjend petear en nou en den pearele der in laeits troch de simmerjounsstiltme, dy-t der wie ûnder ’e hege wei’s beammen. Swietsjes roan hy se fen efteren yn . . . o det gean nei it lok foar him yn ’e joungouden sinne . . .! Stil stapte hy op ’t sânpaedtsje lâns neist de wei en wie al by hjar, eart hja ’t wisten.
. . . “Tine! . . .” sei ’r. “Lys!” mar det hiel oars. Der kaem ynienen de fal yn syn lûd as in heechstimd lofliet, det ynienen forrint yn in spinnewielssangkje. Nou gyngen se mei-inoar nei hûs, stadich en de lichte foetten printen mar efkes hjar leasten yn it droege sân, sa biwjukke de jonkheit hjar gong.
Hjar eagen seagen him oan as de blauwe wiid-iepene miedesweltsjes de sinne en sims roerde hjar skouderke hiel efkes syn earm en den krige ’r ynienen in skokje fen wûndre wille yn syn hert en tocht ’r om hiel hearlike dingen . . . Syn hert wie sa licht en blij as in fearplûm op in frisse maitiidswyn en hy waerde der stil ûnder . . . En syn stil harkjend ear fornaem it lûd fen ’e klokken, dy-t de Sabbathdei fen syn jonkheitsljeafde ynletten . . .
De joun ware oer it hiem fen Wychman Hoara, de wûndre geur fen in wrâld fol blommen wie der yn ’e loft . . . mar yn ’e hûs, der rommele it swierwaer noch nei fen ’e middeis, hy fûtere op alles en elkenien en roerde it iten net iens oan. Do hy in haedstik út it kristelik dagboek foarlêzen hie, loek hy de pet oer ’e eagen en wipte krekt sa lang op ’e knopkestoel om, det hy bigoan op ’t lêst to knikke-boljen.—
Nitelich en ongedien waerde ’r earst wer wekker, do-t Fokke en Lys thús kamen mei de geur fen ’e simmer yn ’e klean en ’e frisse jonkheit op ’e wangen. Heit wie stoef en koart en frege net iens, hwer hja west hiene.
En der wie Lys bliid om, hwent heit woe ’t út noch yn net mear lije, det se by doomné’s foetten binnedoar sette. Doomné hie him langlêsten raer yn ’e múle hinge op in forgearringe en hy miende to bispeuren, det doomné him ek net sa mear ward hie for him mei de forkiezing. En omt hy dochs ien sochte, om dy de skild fen alles jaen to kinnen, wie ’t ien moite, om doomné alles mar oan to wriûwen.
Nou waerde ’r by den dei noch meagerder en bienbitiger. It gyng tsjin ’t lêst. De oanbifélings for de herstemming, dy hjar fette grouwe letters gniisden wer as lytse diwels yn ’e krante. Nuttert sines naem hast in heale blêdside yn bislach en sines—nou dy stie forside únderoan mei in stik mennich nammen en Wychman en Oebele reisgen noch ris wer by de ljue lâns, dy-t ûnder hjar sieten en dy hjar noartsk as stil-bidêsd to reden stiene.
By Driûwerske to kommen, dy drystens hiene se dochs net wer. ’t Ald wiif hie hjar grif fen ’t hiem jage, as in âld mird wie se, dy-t in nêst mei jongen fordedigt en hja raesde hjar lijen wech-en-der-wear út, det de hiele gemeinte der fol fen wie. “En ik hie tocht, det ’k der stjerre scoe! en nou fordriûwt ’r my fen myn hússteed, fen myn âlderserf, dy diwel! Ik forwinskje him, det syn âlderserf forfalt en syn bern omkomme!” sa forflokte se him daeg’liks mei hjar skel lûd, as Wychman hjarres foarby stroffele mei ’t kofjetsjetteltsje nei ’t haeilân ta.
In dei ef hwet letter slingere de herstemming de fordieldheit wer yn ’t lân. It trof wer sa—it reinde miggelich wei mei in slopseilskoelte en de Hastinger boeren sloegen hjar slach.
Wychman Hoara sonk as in stien. To licht bifoun, 297 stimmen forskil.
’t Wie krekt, as trille der hwet as freez troch Hastings, nou-t hja de roaver sa stiene. Krekt as scoe hy him nou wreke, geweldich, tomûk, sa’s in ûndier, det in oaren ien nei de strôt springt, omt hy der allinne it libbensbloed rûkt! Mar der barde neat. Yn ’t earst oan hiene hja neat to frezen. Hy wie noch fierst to folle yn ’e sûs fen ’e slach.
Moannen en moannen wrotte en wrame de pine oer dy tobekset him yn ’e holle om en yn ’t earst oan, as ’t riedsforgearringe wie, krûp hy de hiele middei op ’t hea op ’e bûthúsbalken. Det koe ’r net sjen, det Nuttert der hinne stappe scoe, om op syn plak to sitten!
Mar Novimber kaem yn ’t lân, it lânwirk wie biredt, it fé stie op ’e stâl en de soarch fen in jier joech hjar del to rêsten. Min sloech de doarren ticht efter de jiersrispinge, dy-t geurich en swier yn ’e fekken oploege wie.
Yn de koarte dagen, de lange jounen slûpten de twillingbroerren omtinken en neitinken by ’t twiljocht fen ’e winterdagen yn ’e húzen. En Wychman Hoara binuttige dy tiid. Gjinien naem hy yn ’e heimnisse . . . hy wiste it wol, krekt s’ as de Egyptyske presters by âlds, det der gjin geheim better biwarre is as by yen sels.
Allinne hy hâldde him hwet mear binnedoar. Der mocht noch ris hwet oars úthingje as det de pipe him út ’e mûle sketten waerde en ’t libben is o sok in swiet bisit!
Der ynienen klonk de ellinde as in skreau oer Hastings, yn ’e winterstiltme fen ’e droeve, ôfgeande dagen, dy-t mei bleke eagen oer it forlitten lân sjogge. Fiif boeren sei hy it jild op, det wie mei Driûwerske seis. Nou ’t it lân sa brea goedkeap wie, wie ’t hjar ûndergong.
En de wille oer dy fornietiging seagen se fonkeljen yn syn eagen, dy ’t miskien ien trien litten hiene om ’e fal, dy-t hja mei inoar biwirkstellige hiene en dy hy him nou mei tûzenen fen ’e allerbitterste triennen bitelje liet. Nou koene se gean to skoaijen en stimme, hwa se woene, gniisde hy yn him sels. Goaitsen’s Poai en Hindrik en Ljibbe mei de jonges en de turfboer Japik, allegear, allegear krigen se it fonnis thús en hja mochten hippe ef springe, hja koene opkrasse.—
De pleatsen stiene allegear al ûnder forkeap, dy iere maitiids, do kaem Douwe slagter der skytskoarjende oan en pleite for syn mem, alhiel yn ’t lyts himd mei triennen yn ’e eagen. “Lit hjar der den tominsen to hier bliûwe,” sei’r. “Mem kin net fen ’t âld spul ôfsjên, Hoara. Hja is der sa oan forkleefd.”
Op in Sneine hiene se det petear mei de heldere wintersinne op ’e glêzen en de stille fredige natuer slomjende ûnder de toarre bledden.
“Ja,” sei Wychman, “nou kinn’ jimm’ wol komme en bidde en smeke ’t hûndert út, mar do-t ik ris kaem om in kleinigheit, hwa jage my do ta de doarren út? It hie net folle skild, as ik wie der útsmiten en ik bin sa min op ’e gong. Dy-t it jild gjin eare jaen wol, moat it mar kwyt, Douwe,” en it oantinken oan syn fornédering makke him noch ris wer troch ’t razene hinne. “Dy beide stimmen moat djûr bitelle wirde. Dû kinst nou sjen, ho’n waerde as ik se wol net tarekkene.”
Douwe sei neat, hy bûgde de holle as in beam, dy wit, det hy tsjin dizze stoarm net bistand is.
“Fij!” sei Martsen ynienen, “dit giet my botternôch, Wychman. It minske is âld . . . hja stiet al mei de iene foet yn ’t grêf.”
“’t Kin my neat skille,” sei dy wreed-wei werom. “Dy net hearre wol, dy scil fiele en as hja do skiklik west hie, Douwe, ik siz dy dit, hja hie der side mei bispoan.”
Dy gyng oerein, de triennen roanen him oer ’e meagere, brúne wangen. “Om ús . . . mem ha . . . ik my fornédere foar jo, boer,” kaem der stammerjende út, “. . . om ús bêste, kloeke mem . . . It scil hjar de dead dwaen.”
En hy gyng der stil út mei al syn bittere ellinde yn dy kalme natuer, de wei út, dy-t mem sa graech ris útsjen mochte.
“Wychman, dû bist to wreed,” sei Martsen en seach him noch ris wer oan sa’s by âlds. Mar selst for dy eagen torânde de iiskoarste om syn hert net mear. Det wie oan ’e boom ta bifêrzen yn ’t jildiis yn ’e lange winters fen gjirrigens.
“Bin ik,” andere hy stoef. “Lit se fiele, ho sear as ’t docht. Hja binn’ der mei bitelle, dy apen. As de soannen my holpen hiene en ik wie der troch kaem—it pompier lei klear, den hie ’k det âld wiif de rinte kwytskolden hjar libben lang. Den hie se in goede âlde dei hawn. Mar nou scil ’k se knipe . . . sá!” en hy krige in sulveren leppeltsje út ’t thépantsje en bûgde it dwarstroch.
“Dû bist net wiis,” sei Martsen en gyng der lilk út.
Maeijedei rieden de frjemde weinen mei de frjemde ljue troch Hastings. It wierne de nije eigeners ef hierde boeren fen ’e forkofte pleatsen. En op in âld boerewein ried Driûwerske fen ’t hiem ôf, it bisit, der hja sa kloek en diger for west hie.
Hja hie der stjerre wold yn ’t âld hûs.
En hja hinge hjar op oan ’e skûrstile.—
De nachtegael song yn Reinder Hoara syn hôf—lûd mei lange úthalen oargeljend . . . in blide sang for it wyfke, det stil siet to brieden en kipich to sjen yn ’t biskûl fen ’t blêdgûd en hy song sa fel, det hy gappe nei de siken en sloech mei de wjukjes.
Efkes sette in skelfînk it tsjin him yn ’e kant en it oarg’ljende fûgellûd waerde noch folder . . . noch inniger . . . Do swijde de skelfink en waeide flodderslûch oer ’e bloeijende appelbeammen det ek oer nei ’t hôf . . .
Ien amerijke wie ’t deastil . . . en wer bigoan de nachtegael to sjongen mei ’t kopke nei ’t Easten út. De dage gyng oer ’e loft . . . en yn brede donzige streken weagen en widzen de nachtnevels as sulverside oer ’t bidauwe lân. Der ynienen! hja spjalten fenien en in flauwe roazegloed trille oer ’e bleke loft . . . efkes mar . . . as in sike, weigliden yn oneinigheden.
Noch ris . . . noch ris wer . . . mei bleekblau en fleiskleuren en hiel fyn read fen in roas yn ’t útkommen, mei al de godlike kleuren fen ’e gloedsgamma yn hjar alderfriste berte en skittering.
De loft trille nou fen kleuren en boun hjar flechtige wolkens yn ’t Easten mei sulveren snoeren en sette se as swierhelmde wachters by de poarte fen ’t ljocht, det sidderjende fen lok de nachtwynsels ôfwoelle en yn heal wache eachskittering syn bane rûm seach om to gean . . .
Der fleach mei poarpergefonk de poarte op! de wolkens dûkten hjar for de goudene sinnewein, fluchten as wite kobben fier oan ’e blauwe loft, dy-t wûnderlik skittere . . . de sinnebreid kaem yn al de moaijens fen hjar reine moarnsjeugd! . . .
. . . Krekt as lei der nou in nije wrâld, dy hjar earste dei kommen seach yn hearlikheit.
De brúne heide waerde wekker. It djiert, det by hjar hearde, det der winters syn hoalen groef en simmers op lichte soalen op roaf útgyng, socht nou mei slûpende windingen syn forskûl wer op, it bloed en ’e hinnefear fen syn nachtgenieting noch om ’e bek en yn syn wrede kloeren noch it neipriûwen, de pimperjende wille fen in lêste feninige hoannepik, fen ’e lêste wjukslach fen in hearlik jong hinnepykje.
Yn in hege spjirrebeam seach in ûlekoffe syn nachtkammeraet slûpen . . . Hja bigyngen diselde paden troch ’t dauwewiete lân, hja koene inoar en ien tiid fen kommen en gean wie hjarres en derom loek de ûle syn fearrepels tichter om him hinne en knypte syn skerpe roune eagen ticht foar de Dei, dy-t hy net koe en dy ’t hy dochs alle moarnen fen sa tichteby seach. Syn dei wie om . . . dy-t de minsken nacht hjitten . . .
Al ’t fûgelgûd floddere nou oer ’e heide nei de heidepoel, dy der as in klear blau each mei de sinne en ’e loft lei to pinkeagjen en der gyng ’t oan wei. Det baeide syn fearkes—det focht . . . det song en forkrûp yn ’t heidekrûd en siet inoar efternei yn ’e loft—sims hiel fier as twa stipkes en saeide den wer del yn in lyts heidebeamke en sei inoar hiel hwet . . . de fjouwer lytse foetsjes op ien twiichje en ’e fearkekrâns op ’t kopke heech as in útsteand waeierke . . .
En de rûpen, dy-t der oan ’e spinrêgen omslingeren, wiet fen dauwe, fet fen simmersprútsjes . . . det waerde hjar moarnsmiel . . .
En do songene hja—hiel it lytse doldryste gekjeijende fûgelboun, de heiderobyntsjes en ’e skelfinkjes en ’e hôfsjongers, krekt sa lang, det der as in great skaed in minske oprizen kaem yn ’e heide. In minske mei de lod op ’t skouder, dy-t nei syn wirk gyng.
De dei wie bigoan . . .
De maitiid joech him syn wijing en de fûgels forwolkommen him yn dy greate timpel mei syn soudering fen blau en syn sinne as in wûnderlampe en dy-t syn gerjuchtigheit sa wiid útfiemet as de ierde great is . . .
By Reinder Hoara’s waerde hiel stil de foardoar opdien en twa hazzenútbrúne heldere eagen loerden om ’t hoekje en seagen yn ’t waer. In swel fleach heech boppe hjar yn ’e loft, hja seach him as in stjerke forsjitten . . . rûfty! . . . wei wie ’r. De houtdouwen yn ’e linebeam rôpen hjar wémoedich roekoe-koe-koe-koé en in hiele swarm protters stoude út ’e izejanebeam foardoar. Dy skittere wol sa wyt, hwent de sinne skynde der op, fel efter de skûrre wei. It wie moai waer.
“Trouwerswaer!” flústere in mûltsje heal-lûd, do flapte de doar ticht en Lys hjar toffeltsjes klipklapten wer oer ’e foarhússtiennen.
It wie noch stil . . . de iere moarn for de boer wie bûtedoar noch net iens bigoan. As wie ’t hjir alle dagen Snein, sa’n frede lei’r oer it hege boerehiem, det as in tichtbigroeid eilân út in Oceaen fen dauwe weitynde, swier fen sulveren dauweslingers oan syn tokken, oan syn gêrsen. En dochs, ’t wie krekt, as hearde min ’t sykheljen fen ’t oars sa beuzige libben binnedoar nou noch boppe de stiltme út, it beuzige libben, det nou mei lang-útrekte lidden en útsprate hânnen slepte en út ’e greate gielgoede fen ’e sliep syn nije kreften sochte . . .
d’Ald sifertse kat wie nou de earste, dy-t him de sliep út d’eagen wreau. Hy slûpte troch ’t kattegat yn ’e skûrredoar en gyng op ’e efterhûsstriette sitten yn ’e sinne en slikkepoate him flitich en striek de snoarren op. Do gyng hy sitten to spinnen op ’e stirt fen ’e wringe by de jister, der de bisten as frjemde greate wezens yn ’e dauwe omwaren en hjar njonkenlytsen mei skerp-ofteikene linen losmakken fen ’e onwezentlike dauwewrâld om hjar hinne. Hy knypeage in setsje tsjin ’e sinne en do bigoan hy syn neils to skerpjen op ’t âld hout en ynienen—der rollebolle hy fen ’e dam ôf yn ’t wiete gêrs. Mei in hege rêch kroaske hy nei de efterhússtriette en gnyske lui tsjin ’e swellen, dy-t him foarbysnûrren.
Der fleach de doar op . . . it wirksume boerelibben forspraette him as in swarm bijen oer ’t hoarnleger. De faem en ’e feint kamen der sjongende wei út mei de jernamers oan ’t jok en de skiepmelkersjonge pandere hjar efternei, noch heal yn slieppe-sûs. De greatfeint boun de beide fossen oan ’e ringen yn ’e efterhûsmûrre en bigoan to fluitsjen en to hynsterossen. De swellen seagen de baen rûm en snûrren troch de skûrre en sieten op it skouder fen ’t skermmantsje efterhûs, det piipjend bigoan to draeijen op ’e moarnskoelte. De sinne tsjoende mei ljocht en skaed yn ’e skûrre om en sûge mei stadige swolgen it tsjuster op. De keallen boarten yn ’t heafek en sprongene yn ’t waerme strie om . . . d’âld klok mei de pykjes kuiere op ’e sinne yn nei de efterhússtriette ta en kokke-lokke memmich en soargsum foar hjar lytse wyt-weitene skare út.
De boer kaem yn ’e himdrok bûtedoar, de wiete streken fen ’t pompswetter noch yn ’t bleekblonde hier en in âld drillen broek mei kniblapen om ’e fearige skonken.
“Moarn boer!” sei de greatfeint. “Dit wirdt in moaije dei! Hear dy geal ris sjongen yn ’t hôf en de dauwe krûpt sa leech oer ’t fjild . . . det meij ’k hiel wol lije.”
“Ik ek,” en mei de hân oer de eagen seach Reinder Hoara yn ’e fierte . . . “Sinneskyn waer . . . sinneskyn libben.”
“Ik hoopje, det it sa wêze meij for de fammen,” wie de feint syn segewinsk. “Ik kin ’t net helpe, mar ’t is krekt, as scill’ se ús hjoed de fleur út ’e hûs stelle.”
“Biloop fen ’e dingen,” sei Reinder, mar de sucht, dy hy op dizze wirden folgje liet, der mirk min ’t wol oan, det de âlder syn bern noch net bêst misse koe.
Twa breiden yn ien hûs . . . simmerbreiden . . . jong, yn ’e folle fleur. ’t Wie krekt, as stie syn lok nou allinne mar sa yn top, om der in greate slach op komme to litten. Hy hie súver tsjin dizze dei oansjoen en nou wie hy der en yn ’e blêkering fen goudene sinneskyn scoene se strakjes oer ’e drompel gean fen ’t gemeintehûs yn ’e Ham . . .
Simmerbreiden . . . simmerlok! En Reinder seach nei ’t âld hûs, det dy greate skat sa lang biharbarge hie, krekt sa lang, det de frjemde mânljue kamen en se opeasken en koartwei seine: “hjir binn’ wy, jow se ús.” Krekt as hiene heit en mem se mar to lien hawn, det hja der âlder rjuchten op hiene. Och, it wie allegear alderbêst, mar as in gjirrigert telde it heitehert dy greate skat noch ris wer fen ’e iene hân yn ’e oare oer en aeide se noch ienris mei de tearste strieling fen syn heiteljeafde en wie noch ris jong mei hjar, dodestiids do-t se mei koarte rokjes yn ’t hôf omdânsen . . . de skoallemûrren de frijheit noch net iens bignibbele hiene . . . och det allegear bilibbe heit noch ris ienris wer . . .
“Heit! ynkomme!” rôp der ien efter út de skûrre wei en út it healtsjuster fen ’e lege fekken kaem in frouljues antlit foar ’t ljocht, it blonde hier as in goudene frissel noch los op ’e rêch.
. . . “Like . . .” sei ’r en as doarst ’r ’t hast net lûd-op sizze, flústere hy derefter oan, “bern . . . myn bern . . .” En efkes stiene se neist inoar, skouder oan skouder en kúrden oer it plakje wrâld, det hja út de skûrredoar wei seagen, it plakje wrâld, det forheard mei heldere eagen syn simmerlok út it Easten wei opkommen seach.
De heide dûkte hjar noch ûnder de felettene moarndize, mar de greiden leine der al bûnt fen blommen foar en de skoenmakkers saeiden der oer hinne, ljochtpylken, fen wûndere simmerboaden útstjûrd en de kleurmingeling fen ’e skitterjende simmerdagen, dy-t noch komme scoene, droegen se as in bûnteagich ûnthjit op hjar triljende wjukjes.—
Hja wierne sa ticht by inoar, det hja fielden elts for oar de klop-tik fen hjar hert. Stil striek hy hjar noch ris oer ’t oerhearrige hier, det mei kroltsjes altyd alwer oan ûnder ’e hierspjelden útringele en hja krûp tsjin him oan. krekt as fielde hja op dit stuit earst foargoed de swierte fen ’e bikende en ûnbikende gefaren, dy-t der nou yn ’e nije wrâld foar hjar leine . . . de ûnbikende, der in frjemdling hjar paedwizer wêze scoe en it lot de regeler fen ’t ein gean.
Sa’s hja der nou neist him stie yn de wûnderljeaflike Junibloei fen it libben, det byld hat Reinder Hoara noait wer forgetten.
Hy draeide syn holle om, as socht ’r noch hwet yn ’e healtsjustere skûrre. “Lit ús yn ’e hûs gean, nei mem . . .” sei ’r en striek mei de hân oer syn wrede wangen, rûch fen stoppelich ros bird.
Sá hat hy him losmakke fen syn skat, de ginaemd fen syn mem, Like Hoara fen Hastings.—
De wiele fen ’t beuzige libben gyng snûrriger mei ’t heger kliûwen fen ’e hjitte sinne, dy-t it dampe moarnslân stoofde mei gleone strielen, rjucht del út ’e helderblauwe loft. Foardoar yn ’t slingertún stiene fen dy âlderwetske blommen to bloeijen, pioenen, constantinopels en wite titelroazen, in hiel bosk yn in hoekje en ’e paedtsjes krinkelen, oanfage en klauwe en omrânne fen sipelgêrs, der omhinne mei ûnforwachte bochten, krekt as folgen hja de wink fen in onsjenbre boartlike hân. Efter de hage lei de Hastinger strietwei yn ’e felle skittering fen sinnegoud en de skelfinken fluiten yn ’t biskûl fen ’e nijreade ikebeamsbledden, dy let-oankommelingen.
Der wie gjin minske to sjen . . . krekt as wie dy wei noch noait bigien . . .
Ynienen fleach der in wolkje stof fen in manshichte oer ’e berm, en op it rjuchtúte ein kaem in tilbury oanjeijen.
Reinders Janke lichte it gerdyn hwet op . . . It skokte hjar troch ’t hert. Dit wie Lise’s en der fen ’e oare kant . . . o headen de staesje fen doomné’s, d’âld portierwein mei de skimmel derfoar. Hja jagen tsjin inoar yn . . . Dy fen ’e tilbury hâldde it hynsder yn . . . en liet doomné’s folk foargean . . . For Wypk, ús âldste, siddere ’t troch memke hert.
“Fanke,” rôp se, “der binn’ se. Bist ré?” Wypkje sels joech it andert. Bidaerd en evenredich as altyd kaem se ta de doar yn, steatlik yn ’e swartsiden troujurk, hwer hjar fynblank kopke ta’n út knoppe as in wyt-wyfke út de swarte Maerte-teigroun en allinne hjar eagen, der lies min de forwachtinge yn fen ’t nije en ûnbikende. Sá scil in reisger útsjen nei it lân fen bilofte, det hy strak ansens sjen scil, s’as ’t him al lang foarstie yn bliid fortroude dreamen.
Janke seach nei hjar mei triennen yn ’e eagen. Hja hearde it knarsen fen ’e tsjellen op ’t stienpún fen ’e reed. Noch ien amerij . . . en it nije libben lei al bislach op ’e bern en bigoan syn wirk fen forfrjemding.
“Mem moat net gûle,” sei Wypkje bidaerd wei, “’t stiet sa mâl dy reade eagen,” en tige precys hekke se de hekken en oezen fen ’e mouwen fêst.
“Ik gûl net, fanke,” en krankyl twong mem hjar triennen tobek. Ho fier stiene se noch fen inoar ôf, dy mem en dy dochter! As yn in forskûl bismoarde Wypkje alles yn hjar sels . . . hja hie oan hjar sels genôch . . . in onpeilbare sé wie se, der gjin minske oait in wynfâld oerhinne gliden sjoen hat, mar derûnder djip op ’e boom der fecht ’r syn eigen stryd út en geit mei syn eigen wille. En gjin minskeëach bispeurt it . . .
Janke hie der noch noait wiis út wirde kend en Johannes likemin. Dy koe ’t ek neat skille. Hoara syn jildpong wie for him gjin riedling mear en dy forswiette in bulte tsjustere dingen en hy seach syn mem ris oan efter yn ’e greate portierwein en gnyske mei in fyn gnyske de Hoara’s út. Tafallich hearde Reinder Hoara, hwet hy him derby ûntfalle liet en dy wirden barnden him yn syn hert. O hwet diene se him sear, dy heit!
“Elle, bist’ der al?” en Lys skeat as in snoek nei foaren en hie de breugeman al by de swartlekkense jasmouwe en loek him gau mei nei ’t simmerkeammerke ta en frege mei in hiele earnst, ef hy it naeimasinetaffeltsje al torjuchte set hie.
Elle foel út ’e saunde himel mei in greate plof op de deagewoane ierde del. “Taffeltsje?” sei ’r, mei al syn prakkesaesje noch by hiele oare dingen, “masinetaffeltsje?” en hy sette de hege hoed efkes ôf en striek it koarte, leech op ’e foarholle ynplante swarte hier hwet op. “Ik ha ’t net iens sjoen, det hiele ding, Li.”
Lys hjar lytse foetsjes trippetrapken ongedúrich op ’e flier en hja stoarre op ’e snútsjes fen hjar lakte learskes mei ’t blonde kopke foardel en ’e greate brúne eagen yn ’t healskaed fen ’e eachslidden, tin as blombledden.
“Dû bist onsteurber, Elle,” sei se mei in read prúl lipke. “It moat mar oergean, det trouwen fen ús,” en hja gyng in stap twa foart, noch wer ris efkes for ’t lêst it jong twinter, det de sylbeage eanget.
Earst sette Elle Mulder de hoed wer ris op, do wiske hy in plúster út ’e eagen, dy-t hy der nou krekt fornaem . . . en do makke ’r him ta man.
Mei in pear stappen wie ’r by hjar en sette se neist him del op in stoel. Syn donkerblauwe eagen skitteren ûnder ’t forwulf fen ’e foarholle en ’e boarstlige swarte eachsbrauwen wei, seldsume strang, hiel syn brúnforbârnd antlit teikene de onrêst fen syn hert, al ho-t hy him der ek tsjin forsette.
“Hark ris, Lys,” sei ’r stoef-wei, “ik sit hjir net for boântsjelap, bigrepen? Hwet miskearret dy? Det fen ’t taffeltsje is mar larie.”
“Larie,” sei Lys him stil nei; de ljeafde krige al wer de oerhân oer hjar lúmichheit, mar dochs skikte se noch fjirder fen him ôf.
“Hjir,” sei Elle Mulder en loek se wer mei in swaei nei him ta, in boskje gûd yn syn greate brede hânnen. Deastil lei se mei de holle tsjin syn skouder oan him oan to sjen. Mâl waerd’ ’r fen ljeafde en nidigens en de geur fen hjar jonkheit fleach him as swiere wyn nei de holle.
“As ’t sa moat, it kin noch út, Lyske,” warskôge ’r, mar om syn mûle siddere de freze. “It kin noch út, bern.”
Lys sei neat.
“Myn goede! doch de mûle dochs iepen! Siz, detst’ my foar dyn eagen net sjen meijst desnoads . . . detst bang bist for my . . . det ik . . . to . . . âld . . . bin.” Fen greate eangstme skeat it him yn ’e kiel . . . o as det ris sa wie . . .! Det jonge bern en hy . . . dy-t nei de fjirtich loek, dy-t de libbenshjerst syn sulvren spinrêch al troch ’t swarte hier skimerjen seach.
“Omt ik dy ljeaf ha . . . det makket . . . bang,” flústere hja biskamsum en krûp tsjin him oan as in fûgeltsje tsjin syn foarse beamskutte. “Bist nou noch lilk, Elle?”
“Lilk!?” sei ’r en syn hân glied mei sêft aeijkjen oer hjar moai hier. “Ik kin net lilk op dy wirde . . . ik kin dy noait wer misse, Li. Bigrypstû det? . . .”
Hy gyng oerein en stie nou lyk foar hjar. Biseach hjar. Hja wie him sa nij, sa frjemd optheden. O det ranke, linige lichemke en it goudene boskje hier en de brúne eagen en ’t heldere, ljeave lûd, koe hy dochs ommers al sont fjouwer jier, selst hjar kuerkes wierne him al sa eigen det en dochs . . . It blossomjende fen al hjar tears, hjar moaijs tróf him ynienen sá, det hy waerde der stil ûnder.
. . .“Pop . . . o myn pop . . .” sei ’r optlêst hiel sêft. Do helle ’r hiel hoeden hjar kopke hwet nei him ta, det it syn skouder rekke.
En joech hjar de lêste breidspea.
Johannes en Wypkje dy hiene sokke freugden en mistribelingen net, det wierne forstânnige bidaerde minsken, dy diene allinne wolbitochte dingen en dy trouden op fêstbipaelde gefoelens en fêstbipaelde oerienkomsten, súver woegen op ’e greate skealjes fen ’t forstân en der it gefoel net mear as in heal lead by ynsmite doarst.
Wypkje hie ’t aerd fen ’e Hoara’s . . . for de poëzij wie ’t libben to koart. Der koe min net oan ta komme, net yn ’t daegliks bidriûw en likemin op ’e heechtiden. En derby . . . hwet bidijde it . . .?!—
It waerde in hiele staesje der fen it stille boerehiem ôf nei de Ham ta. Wychman Hoara yn ’e nije brik, Oebele-om mei d’âld glêzewein, doomné Akkringa syn foermansreau en der in meagere wynhoun foar en Reinder sels mei syn nijkeap, in moai span fossen en de beide pearen jongeljue foarop, elk yn in tilbury, doomné’s Johannes en Wypkje en Elle Mulder mei Lys, hiel smûk ûnder ’e lege kap.
Hjir en der stiene in stik ef hwet minsken by de wei, mar mei ’t Sneonswirk ûntkamen hja de measten. Allinne de skoall’bern, dy wierne fyf, dy raesden hjar de segewinsken al fen fjirrens tomjitte en wachten yn ’t skaed fen ’e tsjerkhôfsbeammen, as se weromkomme scoene en lekkerdingen struije.
En hja kamen werom—de appelige hynsders hiene bûnte blommen op ’e stirt en Elle Mulder syn swipe hiene se mei in gleone read-siden strik opsierd. Dy wie tige gesien yn ’t doarp.
De middei’s waerde it dêrre in hiel gearset by Reinder en dy’s. Der hâldden se fen, by sokke gelegenheden seagen se den net op in goune ef hwet. Der moast noch jierren oer praet wirde en al de geseten ljue waerden bean fensels, Fleurin mei ’t wiif en ’e dochter, notaris en ûntfanger en alle greate boeren, meast allegear ek noch fiere femylje fen ’e Hoara’s.
It hiele hûs wie oeral. Yn ’e greate keamer sieten de jongeljue en ’e neiste femylje en de trouwden, en de efterkeamer—der snûrre it jongfolk hinne, Tine Fleurin en Lys Hoara fen Wychman’s as keninginnen efternei. Fokke wie der ek en de dochters fen Oebele en Bintsje fen Geale en Trine’s, nou optheden de rykste fen Hastings, en hjar neven, de jonges fen Klaes de Groot. Al ’t jongfolk, det mei Wypkje en Lys nei skoalle ta gien hie en mei hjar great waen wie en troch de mesken koe hwet jild en stân oangyng, dy kamen nou noch ris for ’t lêst wer by inoar by de troude kammeraetskes yn ’t âlderlike hûs. Sa’s ’t like, hingen se noch like folle oan inoar, mar sûnder, det hja ’t noch mirken, skouden de frjemde mânljue en ’e frjemde bilangen hjar al twisken dy frjeonskip . . . noch in jier ef hwet en Wypkje en Lys hiene selst de nammen al forgetten fen ’e frjeondinnen fen hjoed.
Doomné Akkringa’s folk hâldde him hwet appart . . . nou-t de bút binnen wie, hiene de jagers lins—it hoechde nou net mear, dy oansjitskens en derby, mei Fleurin-en-dy wie ’t ek net ien lucht. Dy krige fierst to bêste biroppen en det it der altyd sa út ’e brede fjirtsjin gyng, forginden se him ek.
It dûrre al net sa bare lang, do stie de âld foermanswein mei de wynhoun derfoar al wer op ’e wei by ’t steksdoarke.
Reinder’s Janke seach raer op. “Scill’ doomné en dy nou al foart?” sei hja sneu.
“Och ja,” sei mefrou mei in fyn glimke, det doomné mar al to goed bigriep, “de jongeljue moatte ek op ’e trein en den kinne wy se noch krekt hinne bringe.”
Mei greate stappen kaem Reinder Hoara der op ta. Op syn brúnforbarnd antlit lei hwet onwilligs, sûnders, en syn ljochte brúne eagen seagen spûnsk.
“Der is gjin sprake fen,” sei ’r koelwei en seach mefrou ûnforskrokken oan. “Us wein wirdt ynspand en der ride de jongeljue mei nei ’t spoar ta. Dy komme net mei sa’n rattelmansreau troch Nijlân, gjin sprake fen. Myn bern moat it hâlde, sa’s se det wend is.”
“Der ha’ jy gelyk oan,” andere mefrou mei feninige spot. “As jy det den mar folhâlde, Hoara. Somlike minsken ha súnige buijen, de Hoara’s binammen.”
“Det’s better as mei in hopen ljue, der gappet it wider as ’t byt, mefrou,” fjurre dy fen him. “Ik ha myn bern goed útrist . . . as jy det nou ek mar sizze kinne . . .”
“Wy ha him leare litten,” hime hja. “Hwet tink’ jy, det wy it oare ek allegear noch bitelje scoene?”
“Det is bitelle . . .” andere hy koartwei, “syn skilden ek en as se nou werom binne fen hjar reiske . . .”
“Op reis . . . Hja op reis? Ho komm’ jy derby?”
“Hark ris, mefrou,” sei hy wer, “jy tochten miskien, det Johannes hie myn dochter trouwd, om der yn in efterôf doarpke hjar jong iibben to forkniezen. En den minhear sims allinne op reis . . . Mar der stiet neat fen yn myn boekje. Hja is jong en hja scil der wille fen ha ek. Hja kinn’ nei Parys gean . . . ik ha se in pear pompierkes meijown. Der moatt’ hja hjar mar ris útspringe en wille ha. It hat ús noait barre mocht . . . mar hja scil ha, hwet hjar hert bigeart. Derfor is hja de dochter fen in Hoara, dy-t sa súnich binne, sa’s jy my útleine, mefrou.”
Mefrou hie in holle as in koal en ’e naden fen ’e swartsiden japon krêken fen binaudens yn ’t boarst. ’t Minske hie ’t net rûm . . . earst hie me det folk Johannes sa to fiter hawn en praette earst oer “huwelijksfoarwaerden,” do-t de jongeljue de geboadens al hiene en Johannes as fetsoenlik man der him net mear útwine koe, al ho graech hy ek noch wold hie en nou . . .! as hy det fanke ek mar ien strie oerdwers lizze doarst, den kaem Reinder to opsprekken en waerde hy by de tûmme heind. Hwer hie dy jonge him ynjown, dy earme stimper!
“Licht hat Johannes gjin sin oan reisgjen . . . Scoe ’t net better wêze, as hja ’t jild opsparren for ’e kwea dei?” bigoan ’t minske sûrswiet en tocht om al de rekkentsjes fen Johannes noch to Grins, dy-t mei gauwens loslitten wirde scoene yn ’e posterije as hongerige wolven.
“Wel mefrou,” sei ’r wer, “oars wierne jy ek net sa súnich, wol? Tink der om, det myn bern ek net koart hâlden wirdt. Johannes sei, hy wie o sa mâl mei hjar . . . oer ’t jild praette hy net . . . en ik scil him toane, ho goed as ’k him leau. For alle plesier, det hy der mei Wypkje fen nimme wol, lit him hjir komme, yn ús âld brânkast sit noch wol hwet—mar for syn plesier allinne, gjin heale reade sint . . .”
Hwet hja beide op dit stuit tochten, der praetten hja net fen . . . mar mei gleone prippen pinige it syn herte. Sont fen ’e moarn wist Reinder Hoara, hwer syn Wypkje om naem wie en scoe mefrou it witte, det Johannes mei dizze ruilhânnel gjin koarel foardiel bispoan. Al kaem hy nou ek wer om yn ’e skilden, Hoara’s jild scoe ’t gat net wer stopje!
Reinder’s Janke stie earst noch hwet fen fjirrens, mar nou kaem se der ek op ta. Hwet diich Reinder ek sa to skreauwen? ’t wie krekt, as hie hy in snipke yn ’t ear, sa read wie syn holle en sa gril stiene syn eagen!
“Hâld dy dochs stil!” lústere se him yn ’t ear, “elkenien sjocht nei jimm’. Sa tsjin mefrou op to sprekken!”
“Och,” sei mefrou mei in ljeaf glimke, “jou man is hwet heftich. It is ek in hiel ding, det trouwen fen twa dochters op ien dei! Wy scill’ der nou mar net mear oer prate, wol frou Hoara? Hy mient it net sa min,” en mefrou Akkringa swaeide mei in greate swaei nei efterhûs ta mei Janke om de bern foartriden to sjen en wie sa falsk-frjeonlik det. Mar Reinder Hoara en hja, det hat der sont dy dei opsitten.
Noch in minút ef hwet en de goudfossen loeken oan en brochten de jongeljue nei ’t station to Nijlân ta.
“Sjesa, det ha wy wer hawn,” sei Bintsje hjar heit. “Is ’t net krekt, ef de keningin foartrydt? sa’n spul der by en det om sa’n keale doomnéssoan mei in bûs fol skilden. Wy binn’ noch net oan ’e ein . . . wy binn’ noch net oan ’e ein . . . It is noch net iens in foarikkerslingte” en hy ljurke mei lange halen oan ien fen ’e bêste sigaren, dy ’t hjoed mar for ’t krijen wierne.
Hja stiene der foar mei hjar brede rêgen en ’e swiere swartlekkense jassen oan en seagen yn ’t skaed fen ’e reedsbeammen de wein efternei, Bintsje hjar heit mei hwette as ôfginst.
“Scil ’k dy ris hwet sizze?” andere de oare en wiisde mei in breed gebaer oer ’t hûs en ’e finnen fen Reinder: “As det mines wie en dy Akkringa kaem om myn bern, den sei ’k, ik moat my der earst noch ris oer bitinke. Wy moatte de pongen ris hifkje, jongkje.”
“Min seit . . .” flústere Bintsje hjar heit, greate Japik fen ’e Sassepôle.
“Nou, hwet den?”
“Det it hjir ek al net sa folle mear is, as ’t liket.”
“Ea kom! Det wit ik wol better. Dy ha hwet efter ’t linnen, det siz ik dy. Ik woe noch wol ruilje.”
“Dû . . .!?”
“Ja ik.”
“It mear rekket noait fol, Hindrik.”
“Bisit is swiet,” sei dy mei in knypeachje. “Sjoch der mar ris.”
Elle en Lys stiene yn ’e goudene sinneskyn foar de dam en seagen oer ’t fjild, det yn fonkeljende simmerweelde foar hjar lei, krekt sa ’s it libben foar hjar útsjend each. Sa stiene se der in hiel set—do waerden hjar eagen lutsen nei in wûndre seilstien—nei in trop beammen yn ’e fjirte mei it readgoudene middeiljocht op ’e krúnen.
“Wist, hwet der is, Li?” sei hy en syn blauwe eagen sochten de brúnen neist him. “Wist it?”
“Dyn hûs . . .” andere hja . . . “Uzes, Elle?”
“Ho tinkst der oer, as wy ek ris foart-gyngen? Ik ha neat gjin aerdigheit oan dy feesterij en dû?” en hy krige hjar hantsje beet en aeide it stadich . . . ider kear hinne en wer . . .
De beide âlde mantsjes yn ’t skaed fen ’e elzewâl gizen efkes en panderen do mei stive skonken wer yn ’e hûs.—
Dreamerich liet Lys hjar eagen noch ris oer ’e finne gean, der hjar bernejierren en hjar jong-faem-wêzen sa nau oan forknotte wie as boartersplak en kuijerpaedtsje.
“Ho-t wy hjir oer tsjien jier ris stean scille?” sei hja. “Ho scoe ’k den lykje, Elle?” mei o sa’n gútich glimke.
“Krekt sa as nou,” sei dy en mei strieljende biwûndering biseach hy hjar. “Licht hwet dikker waen en in únderkintsje . . . mar altyd noch myn wyfke . . . myn lytse, ljeave Li.”
“Lit my los,” sei hja. “Elle, der komme minsken oan. Scoene se om ús siikje?”
“Ea ju né. Dû moast mar tinke, hja litte dy nou oan ’t lot oer. Dû hast nou in man . . . dy scil nou wol oppasse, det hy dy net weislipt,” en hy skoude hjar fyn earmke troch sines en mei it greate lok syn ôfspegeling op ’t brúne antlit en de sege fen ’t bisit yn ’e eagen, brocht hy se for ’t lêst yn hjar heitehús as heite-en-memme bern.
Letter scoe se der as syn wiif allinne mar mear komme to gast.—
It wie in wúndre dei—de simmer en de ljeafde hingen yn ’e loft en lieten hearlik-lokjende tinzen yn minskeherten opkomme.
Teantsjende wei slûpte de nije ljeafde fen in nij geslacht om ’e herten hinne en scoe hjar slach slaen as ’t pas joech en de natuer mei al hjar hearlikheden stibeleare se yn hjar foarnimmen.
De lette neimiddeiwyn swile de hjitte geuren fen ’e blommen út it hôf op. It wie der in breidstún fol heimnisse, alhiel wyt . . . sniewyt, as Maertesnie yn stille nachten fallen, as selst de moanne slept.
En de swiere strúsen bûgden nei de groun ta . . . bûgden . . . krekt as biëange it hjar, safolle lok to dragen.
It loek nei fiven, mar ho skeaner as de sinnestrielen op d’âld pleats fen Reinder Hoara foelen, namsto lûdroftiger geide de wille en blydskip boppe alles út. It hik rekke fen ’e dam . . . alhielendal. It jongfolk swurf sjongende wei yn ’t hôf om, de jurken forknûkere en mei opsette wangen en frjemd glinsterjende eagen en de jonge feinten fen Hastings, Fokke Hoara, Ysebrand Fink, de jonges fen ’e Groot en master Geardsma wierne hjar op hakken en teannen nei en maljagen en diene in steil wird, sa steil, det se stiene der sels forsteld fen.
Yn in hiele rige slingeren de fammen foar hjar út, lang en licht mei hege opstap yn ’e lange rokken. Det narre en pleage inoar, it hûndert út, krekt as hie de wille fen hjoed hjar tongen losmakke. Fokke Hoara allinne stie der stil by en hie syn eagen net fen Tine ôf.
Ho moai like se nou wer yn dy blauwe jurk! De kleur fen hjar eagen, tocht hy optslach, né! se wierne noch folle moaijer! sa helder, sa klear as kristaltsjes! Nou stie se al wer mei Ysebrand Fink to praten. Dy stoatskaver! dy luiwammes, dy-t it boerkjen hjir leare moast to Hastings, omt ’r to dom wie for stedint. Hwet hoechde hy aloan en alwei mei hjar to praten!
“Tine!” rôp hy ynienen yn syn forkroppe lilkens wei. Det in oar ek eagen op hjar smite doarst, stiek him.
Hja kearde hjar om en seach him oan mei hjar sêfte eagen.
“Giest’ mei?” rôp hy wer en kaem op hjar ta.
“Ik stien hjir goed,” sei hja pleagjende werom en gyng in stap twa tobek, det hja lyk neist dy lytse permantige Ysebrand mei syn ljocht snoarke kaem to stean.
Det stiek Fokke noch folle mear. De greatskens fen ’e Hoara’s oppeneare him . . . it rjucht, det hja mienden to habben op ’e forfulling fen al hjar winsken.
Mei de holle stiif yn ’e nekke en in slach yn ’e rêch draeide hy him om en gyng yn ’e hûs.
En op det stuit bigriep hy ynienen de swiettens fen it bisit. En do ek ynienen kruiden de swierrichheden oan syn heldere lokshimel op as swiere tongerkoppen op in simmerdei. Swierrichheden, der hy noait net iens om tocht hie yn syn jongfeinte-oermoed. Mar alle bisit bringt syn eigen bigearten mei en syn eigen lêsten. Det bigoan hy nou ek to biseffen en hy prakkeseare der sa bot oer, det hy waerde der stoef ûnder en noartel en ûnbrûksum en stúme de hiele joun.
In machtige ôfginst pakte him. Elts wird, det Tine mar tsjin dy feint sizze scoe ef koe, det diich him al sear en as hy der mar om tochte, det Ysebrand Hastinger skoall’feest mei hjar hâlde scoe miskien, makke hy him nou al kûgels. Fensels, it paste krekt, dy twa, hy sa’n stedsminhear en hja sa’n lichtfirdich jifferke, fierst to moai for ’t boerewirk. O hwet pakte de ellinde him nou ynienen! Bergen fen biswieren en ûnbikende wrâlden fen loksillichheden lieten him libbensskaed en libbenslok sjen en hy stie der midden yn en doarst him net roere, gjin kant út . . .!
De ljeafde bigoan hjar wirk yn det jonge hert en dreau him as yn in brûzjende wieling foart nei it doel, der hja him ha woe. For in goed jier hie hy der net iens om tocht, ho-t it wêze scoe as Tine syn wiif ris waerde, nou riisde hjar byld as in ljochtskimer fen ’e blide jeugd op yn alle hoeken en hernen fen syn âlderlik hûs, krekt as ware hjar wezen der al om, foar ’t hja der sels noch wie yn in wûnderbaerlike foartsjirmerij fen syn forljeafde eagen.
Sa stie hy der yn syn mimerij fortiisd by hûs to sjen en to stoarjen en Tine formakke hjar mei Ysebrand Fink en Mame de Groot en wie fol skelmerij en jongfammige kwierens en kekenheit, dy paste by hjar healslachtige jierren, heal knop, heal blom mei de persikgloed fen hjar sauntsjin jier op ’e mûtele wangen en ’e moarnsfrissens fen ’e greate libbensdei op ’e lippen, dy-t hird-read, sprieken yn ’t bleke antlit as in fjûrreade roas yn ’t tún.
Hwet wûnder, det Fokke net de ienichste wie, dy-t it sin op hjar foel. Det it skaei fen Fleurin en Clare net yn ’t lilk opgroeije scoe, wie to foarsjen . . . de natuer hie heit en mem it moaijste ôftroaid en sierde der it nije geslacht mei op. De âldste hie in bulte fen Clare . . . memme moai hier en lea en fen wezen like hja hjar ek krekt, mar de beide jonges, det wie sa goed net bislein, det wierne fen dy meagere, heech-opskettene slingerielen—wakkere wiis op hjar sels.
Tine . . .! Heit en mem seagen der heech by op en roanen o sa fier mei hjar wei. Tine wie de ljeafling . . . de pop en greatske dreamen waerden der dreamd yn ’e stille greate keamers fen ’e posterije mei it brúngouden ljocht fen ’e greate boekebeammen, det skean ta ’t finster yn foel, as ienichst selskip!
En om Fokke Hoara . . . der tochten hja net om. En Tine, och! hja wist net iens, fen ho’n hope en wûnder forlangst in manljueshert net slingere wirdt, as hy nei oarremans bern om bigjint to sjen! Hja kwinkeleare as in fûgeltsje troch ’t hûs en ’t hiele libben like hjar ta, mar ien greate roazetún to wêzen en mei in poarte der yn en as hja dy mar iepen diich, den stie ’t lok al for hjar ré!
Earme lytse Tine Fleurin, ho bikaeid bistû útkaem! ho ha dyn longerjende kleare eagen yn ’e fjirte kúrd, hwer it lok noait weikaem is for dy en o! ho tichteby hiest it fine kind, deun by de doar! Mar nou! hiel stil yn dyn herte bigjinst der ek al om to tinken, honear dyn eigen troudei ris komme scil en mei hwa det den! En al de jonge feintsjes, dyst kinste, stappe yn in lange rige dyn bigearige eachjes foarby en dyn ûnskild omhinget se mei in gloarje, dy-t se noait net bisitte scille en dicht se deugden ta, der hja hjar noait op foarstean litte kinne, omt hja se net ha.
It dreamet swiet, lytse Tine, as de sinne fen ’t earste moarnsskoft de dagen bipoarpert. En dû hoechst dyn sweltsjeblauwe eagen ek net foardel to slaen . . . der binne in bulte, dy-t de sillichheden fen dyn sauntsjin jier ek preauwn ha, syn idealen, de hearlikheit fen syn biblossomme jeugd!—
Ho lang Fokke der stien hie to sjen, wist ’r sels net, it like him ta, in hiel skoft en dochs wie ’t gjin fiif minúten lyn, det ’r Tine de rêch takeard hie, mar yn det setsje naem syn libben in kear.
Stadich gyng hy as de lêste yn ’e keamer en kaem Tine de hiele joun net byneist, mar hâldde se yn ’t fesier mei eagen, opskerpe fen jeloerskens.—
Elle en Lys wierne al lang stil weiwaen út it omsittend laech, dy hiene hjar eigen hûs opsocht, hwer Foeck hjar as in soargjende âlde mem forwolkomme yn ’e moaijste keamer mei sûkela en in greate oranjekoek, dy-t hast de heale tafel bisloech.
En do-t de jongeljue goed en wol oan ’t miel sieten, lei hja de kaeijen foar de jonge frou del en waerde stil wei . . .
Mei lange stappen sette hja nou ek op Reinder Hoara’s ta, om de ljue noch efkes to lokwinskjen. De measten fen ’e âlderein kamen hjar al yn ’e mjitte, útfeestfierd en bliid, det hja de deise klean mar wer oandwaen koene.
Jan spylman mei syn jonges siet al by de ikebeam yn ’t skaed to rêsten, syn âld sulveren heloazje hinge him ta ’t fesjebûs út en der seach hy al gedúrich op, sa graech woe hy, det it acht ûre wie. Den koe hy hinnegean to spyljen op ’e boppeseal fen Swart, dy-t Reinder Hoara ôfhierd hie for ’t jongfolk, om der noch in neipretsje to hâlden.
“Joun Jan,” sei Foeck en bleau efkes by him stean to útpûsten mei de hânnen yn ’e siden.
“Dien wirk krige?” sei dy werom. “Waerdst’ to âld, Foeck?”
“Ea ju ja, it like de boer better ta, ik moast mar rintenierje.”
“Nou! nou!” kloárke Jan hjar fyntsjes út. “Dû en rintenierje . . .?!”
“Dy-t breed hat, lit ’t breed hingje,” sei Foeck mei wirdichheit. “Seis goune wyks, frij brand en ierdappels . . . ik kin ’t wol ôf, as ’k it net minder krij.”
“Elle Mulders folk hat altyd rejael west. Der is wol by to forkearen,” sei Jan, dy-t it wetter om ’e tosken roan fen dy seis goune wyks en dy flutsjes ta.
“’t Wie krekt, as ik op side foel, do-t hy my det ûnthjitte,” sei ’t âld minske en hjar lûd trille in bytsje. “Ik sei: boer, sei’k, det jy my net neaken en bleat oan ’e dyk sette scoene . . . nou, det wist ik wol, mar sa . . . en do sei hy: tochten jy Foeck, det jy for jou brea sitte scoene to spinnen? en do ha ik him mar ris tige yn ’e hânnen knypt . . . Prate koe ’k net mear.”
Jan dy nikte. “Nou, hy krijt ek in goed wiif, net?”
“In bêsten ien! Det is gjin miskeap.”
“Better as dy oare . .
“Wypk? det skytfenyn? Skande, det ’k my sa’n wird ûntfalle lit! Ik woe net graech, det de boer him sa ’n ien yn ’e hûs helle hie mei hjar útknypt gesicht. Dy moat mar yn ’e posterij . . . den kin de gemeinte hjar as wriûwpeal brûke, dy rosse de ynfierenheit der wol ôf.”
“Dû meijst Wypk ek al net lije?”
“Hastû wol ris ien heard, dy-t hjar wol lije mocht?” frege Foeck werom en do ynienen, as skamme se hjar oer hjar eigen rabberij: “Dû draechst it Reinder net oan, wol Jan?”
“Wel ju né,” andere dy. “Gien dû der mar gerêst hinne om in swiet sûpke—ik doch in dûbbeld slot op ’e mûle,” en hy gyng oerein en fluite syn jonges en pandere mei fioele en fluite en triängel nei de harbarge.—
It wie acht ûre waen.
De simmerige dei joech him del. De greate kleurige blommeëagen gyngen ticht en de warrige fûgels fâlden de wjukjes gear en foelen sittende wei yn ’e sliep. Oer ’t Jifferspoeltsje sweven bûnte flinterkes en michjes noch yn boartlike dâns en it gouden jounrea wjerspegele him yn ’t wetter mei frjemd moaije wjerskyn . . . roerleaze moai. Inkele wite wolkjes glieden noch de loft lâns, stil en fredich, heech boppe it lytse minskene bidriûw . . .
Op ’e hege kampen om ’t Jifferspoeltsje hinne skeat de rogge yn ’e ier . . . groeide en bloeide de nije simmerfrucht, noch lau fen ’e bârnende sinnegloed fen hjoed oerdei en in inkele lette fûgel fleach der oerhinne, mar efkes de wjukken útslaend yn loaije jounsflecht oer ’e sêftsûzjende ieren, dy-t noch net stil wirde koene, al slepte de jounwyn ek.
As in warrige reizgester hie de sinne hjar ommegong folbrocht . . . leech yn ’t Westen waerde hja wei en bidiek it bideste antlit mei tinne wolkens, dy-t as flokken séskûm opplûmken efter de beamwâllen fen ’e lânnen.
Reinder Hoara, seach it út ’e foarkeamersfinsters wei. De sinne hie de troudei fen syn bern bigroete, nou seine hja se mei hjar lêste poarperstrielen. Gjin drip rein wie der fallen . . . it ûnthjitte dos in lokkich libben.
“Ik bin ynein. Janke,” sei hy, “scill’ wy strak ansens mar op ’e koai?”
“Mar it neipretsje, moast der net by wêze?” sei dy.
“Ik ha al ’t Hastinger jongfolk forsocht,” sei hy werom. “Ik leau, al kom ’k sels net, hja scill’ my net misse en ik ha ’t skjin wei. Myn holle dy slacht as in klok en myn skonken, nou der hingje stikken lead oan.”
“De wyn is dy nei de holle gien. To Reinder, yt noch hwet. In stikje sûkerbôle ef in frânsebroadtsje mei gelei.”
“Jow my ljeaver in pikelhearrich. Ik bin al dy swietekou wars.” Alles stie hinter troch twinter en by in hoeke fen ’e greate tafel, biladen mei allerhânne soarten fen itensspullen, sieten de beide âldeljue as twa forbjustere fûgeltsjes en de onhúslikens fen it útstoarne hûs, der de lêste gasten nou al lang foartgien wierne en ’e frjemde stiltme nei it feestgewoel, bidrukte hjar herten. Hja misten de bern . . . it wie sa frjemd nou, togearre wer by inoar to sitten nei al dy rûzje en onbistindigens fen ’e lêste wyk mennich. Elk for oar fielde him iensum en bidrukt . . . mar hja hâldden hjar great for inoar.
Janke hjar hânnen tipelen noch hwet mei it mes om, iten mocht hja net mear. Krekt as siet der hjar in stik yn ’e kiel en der weislokke woe ek net. Reinder siet neist hjar, lytse reade plakjes fen yneinens barnden him op ’e wangen en hy hie de jas útsmiten en siet der nou foar yn ’t stiifstisele ingelshimd, de brede rêch tsjin ’t bekling fen ’e stoel oan.
“Nou kinn’ wy wer fen foaren oan bigjinne,” sei hy ynienen yn ’e prakkesaesje wei. “Wy binne wer togearre, Janke.”
“Sa’s foar fjouwer en tweintich jier,” sei dy derop. Hja mirken it nou—hja hiene beide itselde tocht, om it stik libben, det hja bilibbe hiene en det hjoed mei it trouwen fen ’e bern ôfslúten wie as in haedstik út in boek.
“Wist’ noch wol, ho-t wy hjir do ek sa sieten, dû hjir en ik der?” en Reinder wiisde efkes nei de hirdsherne, hwer de greate kjessenstoel noch stie for mefrou Akkringa . . . “Is ’t net krekt, as wie ’t jister?”
“It libben giet hird foarby . . .” andere hja mei in sucht en oer hjar goedlike blauwe eagen kaem in flues. “Eart wy der om tinke, binn’ wy âld, Reinder . . . den kinn’ se ús op ’t hege hôf bringe.”
“Ea ju mei dyn swiersettigheit!” lake dy. “Der moat mar ris in lytse Janke om dy hinne wjukkelje, den praetst wol oars . . . Nou, en hast Hester hjoed ek ris geweken naem? Hwet sei se? Scoe ’t wier wêze? scil se mei notaris trouwe? Oars moatt’ wy der in skoateltsje foar sjen to striken . . . det it praetsje deabledt. Foar jierren wie ’t al sa’n geteut, do kaem Wychman’s Fokke der mei thús—Piter post hie ’t sei.”
“Hwer hast it nou ynienen oer? Dû slachst fen ’t iene yn ’t oar. O ja Hester! Nou, ik ha se frege, eart se mei doomné’s foartgyng . . .”
“En hwet sei se?”
“Nou dû kenst Hes wol. As dy ’t net sizze wol, dû krijst der neat út. Al setste hjar ’t mes ek op ’e kiel . . . dy’s sa ticht as in pôt.”
“Dû koest dochs wol witte, ef ’t sa wie ef net. Jimm’ frouijue binn’ sa snoad as roet yn det stik fen saken.”
“As hja ’t my sels net fortelt, ik scil der net fjirder nei pinfiskje. ’t Scoe wêze, as wy der bilang by hiene. Dû kinst it dochs net keare en hwet for libben is ’t der ek allinne yn det greate hûs! Ik bin der altyd sa onwennich as in houn.”
“Hiemfêst biste, Janke . . . fierst tofolle. Nou, ’t scil nou wol oars wirde. Ien hâldt foar fêst it paed wol waerm twisken Elle’s en úzes. Us Li hat in set dien—dy stekt Wypkje aerdich de eagen út.”
“Wypkje is mefrou,” sei mem spitich. Det koe se lang net fele, det Wypkje, de ginaemd fen hjâr mem, dy-t al sa lang wei wie, in reed efterút kaem by Li, heite hertlapke.
“Is ’t hoarntsje kniesd? To fanke, sjoch mar gau wer blier. Wy ha se ommers beide like ljeaf, net?” en hy koe ’t net litte en gien efkes nei hjar ta. Hja like wer sa lyts en sa tear optheden . . . it tróf him súver. Hja wie âld waen yn ’e lêste jiermennich en hjar hier sa wyt. En sa’s de iene reisger syn oanhâld siket oan ’e oare nei in fier lân ta . . . sa diene hja ek. It gyng nou de bidelte tomjitte en ’e iensumheit . . . en de . . . dead . . .
Do makke hy rislewaesje om op bêd to gean. De doarren skoatele’r en taestende wei roan hy troch de skûrre, hwer nou alles stil . . . deastil wie, allinne op in dwarsbalke pipen de ratten en ’e âld ûle suchte by ’t ûlboerd.
It folk hie noch hwet lyts gûd forgetten op ’t potrak. Mei lange stappen trêdde hy derhinne en sette it yn ’t foarhús del en kuijere do it sânpaedtsje noch efkes lâns nei de wei ta. It wie sa tsjuster noch net, as min koe de ikebeamsstammen sjen en de bisten weidzjen yn ’t lân foardoar. De dauwe stie heech op ’t lân en simmerbleek pinkeagen de stjerren oan ’e loft en in lyts streekje moanne lei as in goudene sichte yn ’t Súd-Easten. It hôf skittere yn ’t tsjuster mei syn blossomsnie bifrachte en as hy tige taharke, hearde hy Jan syn fioele boppe it nachtelik wyngerûs út.
Der kamen in pear jongeljue oan. Hja praetten sa súnich, det hy koe gjin wird forstean, mar oan ’t delsetten fen ’e hakken hearde hy se oankommen.
Der seach hy ynienen, hwa-t it wierne. Fokke en Tine Fleurin en hja roánen wol sa smûk ticht neist inoar lâns . . .
Reinder glimke efkes en krûp hwet forside efter de hege hage fen syn hiem, krekt sa lang, as hja foarby wierne. Do gyng hy yn ’e hûs, hwer ’e feestwille útstoarn wie en it wirk slepte . . .
De Hastinger wei makket like grillige bochten as de Hastinger Swâdde. Sims slingert ’r om in âld hûs hinne, den wer troch in elzeboskje en sims den wike de beammen in ein det út tobek en troch in brede gloppe sjocht min de heide lizzen, fier, flak, stemmich yn hjar dageliks brún habyt.
Mei in brede swaei as fen in stevige manljuesearm draeit ’r den wer om ’t tsjerkhôf hinne en nimt de guit rjuchtút op ’t Nijlân yn, hwer de beammen spjuchtiger bigjinne to wirden en der mear pit yn ’t gêrs komt, hwer de Hastinger boeren by de miedforhierings hast om fechte.
Dy kant út wei kamen dy beide jonge bern en hjar willige foetten folgen de swaeijen fen d’âld wei yn onsteurbere folgsumens. Krekt as roánen hja der biseffeleas hinne en libben net iens mear hjar eigen bistean, mar in oaren-ien, in wûnderhearlik nij libben, hwerby se it âlde ôflei hiene as de kleurige flinter de rûppehúl.
“Tine!” sei’r en noch ris wer: “Tine . . .!” en ’e swiete klank fen dy wirden makke him dûzich fen lok.
En yn dy iene amerij, dy-t nou folge, wijde de ljeafde him ta dichter. Hy sei wirden, dy-t noch noait yn him opkaem wierne en hja joech him in onbigrinze macht oer ’e tael, om to úterjen, hwer syn hert sa fol fen wie.
Deastil bleau ’t om hjar hinne . . . as yn in twadde Parradys wierne se noch ris wer togearre, de earste lokkige minsken mei hjar earste ljeafde.
Efkes glied der in ljochtskimer oer ’e heide . . . bleek, fol sidderjende bigearte . . . yn ’e fjirte sloech in hiemdogge oan.
Do waerde alles wer stil . . . deastil. De nacht gyng oer it Hastinger heidelân en de stiltme folge him.
Ientônich biggelen de teidrippen fen ’t tek . . . mei greate seurderige drippen, nou en den ris ien en al det brúne wetter roan yn ’t tún gear yn poeltsjes en sipere stadichwei nei de fiver.
Oeral leine noch plakjes útteide snie . . . ûnder de piperbeamkes, tsjin ’t berchje oan, hwer de earste wite wyfkes de nijsgjirrige kopkes opstieken en oan ’e Noardkant op ’t weinhús fen ’e posterij, mar de Maertesinne skynde se njonkenlytsen wei en kûstere mei in ljeaflike bleke glâns de sponsige groun, der eltse foetleast yn in great wetterplak útwekke en der rein en wyn nou sa lang ketsjerûmte hawn hiene.
De winter, dy greate skabant, hie syn possenaesje útspile, min fielde de foarsizzing fen ’e maitiid yn ’e frisse, bolle wyn, dy-t súdliker roan en ’e wite skieppewolkjes foar him útdreau as in noedlike hoeder de earste lamkes.
De sinne forheldere de drôvigens fen it winterlân en brochte ek yn ’t herte fen ’e Hastinger minsken wer nije libbenshope.
Doomné Fleurin stie foar ’t finster yn syn stedearkeamer en seach mei skerpe eagen troch in gloppe yn ’t tún oer it keale, wintereftige lân, det nou dochs al wer de kreft yn him droech, om in simmerfrucht en in sichttiid jaen to kinnen.
Mar dy scoe hy hjir net mear sjen. As de sinne om ’t Hastinger lân hjar goudene girle lei en ’e rogge oer ’e lânnen waeide, den wie hy hjir al net mear. Om ’e bern woe hy nei de stêd en in birop nei W. dizzer dagen kaem him net ongelegen en ek net únforwacht. It wie opstutsen spul—foar in set wie hy al oansocht for det plak, mar do koe hy noch net út ’e ried komme.
Hy hinge oan Hastings, hast as in âlder oan syn bern. It moaijste bidriûw fen syn libben hie him hjir ôfspile . . . yn dizze keamers mei hjar greate jounskaden wierne syn hearlikste dreamen forwesenlike. Clare hie hy hjir ynhelle as syn wiif en yn in hoeke fen ’e foarkeamer hie de widze stien for it earste bern fen dit wiif, det hy sa ljeaf hie. Ja, dit âld hûs mei al syn oantinkings hâldde him fêst, krekt as hie ’t der op set, him by eltse stap noch ris hwet út dy âlde tiid tobinnen bringe to wollen, ljeave, âlde dingen, dy-t sims al lang forgetten wierne.
En it âld hûs krige help fen ’e Hastingers. Dy kamen by kloften, stil en yn hjar sels keard en hiene net folle to keap en forgeaten sims wol iens, om der oer to praten, mar doomné koe se wol en merkbite wûndre skoan, hwer se as in top noch om hinne draeije woene en den optlêst, as hja foart scoene, kaem ’t hjar noch yn ’t sin en den knypten se him trouhertich yn ’e hân en seine, hja koene him net misse hjir.
Allinne Wychman Hoara, dy kaem net, der siet noch âld sear do mei det hûs for Warmolding en hy scoe doomné de holle net yn ’e skoat lizze, syn libbensdagen net. En hy bleau stil wei.
Det stiek doomné al hwet en it brief rekke dertroch egenlik noch in pear dagen earder foart.
Nou wie de kûgel troch de tsjerke . . . de Hastinger dagen teld. Fleurin hie oan ’e wûnderlike macht tajown, dy him twong, om foart to gean, hwerom en hosa, det wist hy egenlik sels net, hwent desnoads hiene de bern ek wol nei de stêd ta gean kind to learen en det se der den in kosthús for sochten. Tine bleau dochs thús . . . it sintsje yn ’e hûs koene heit en mem net misse. Det der ek in bulte selssucht ûnder roan, woene hja hjar sels net bikenne.
De Sneine deroan kondige hy it ôf fen ’e stoel. It lûd trille him efkes . . . do seach hy wer frank en frij om him hinne. Hy tochte om ’e njuggentsjin jier, det hy hjir stien hie en de forwachtinge, dy-t him do bisiele, do-t hy hjir for ’t earst oer ’t lytse tsjerkje seach en hwet der fen forwesenlike wie! In bidroefd bytsje! Dingen, dy-t bûten syn wil stiene, hiene in biroering brocht yn ’e gemeinte, de soosjalisten binammen en de neirin, dy-t hy earst hawn hie, forroan njonkenlytsen yn ’e trouwe opkomst fen in lyts heapke fêste tsjerkgongers. Och, hwet wie der dochs mar in bytsje tolânne kaem fen it sied, det hy oan ’e ikker tabitroud hie . . . eart en foer fen beiden.
Mar dochs . . . ien siet der ûnder it tsjerkefolk en as ’t wêze moast, hie hy noch wol ris wer njuggentsjin jier yn in oar Hastings forkeare wold, allinne om noch ris in twadde Warmolding as de forlerne soan wer de wei to wizen nei it Heitehûs. Dy man, omkeard as in blêd oan ’e beam, kaem him altyd wer yn ’t sin yn mismoedige eagenblikken. Gjin minske hie oait wer spyn oan him bifoun—hy wie mei it libben en ’e maetskippij forsoend en doarst de holle wer frij opstekke.
Allinne ho’n war hy ek dien hie, de heimnisse, dy-t der noch as in skaed op syn libben lei, dy koe hy net oplichte. Hy fortocht ien, det dy it mar koe en det wie Wychman Hoara. Dy twa hiene hwet twisken inoar . . . hwet onforsoenliks en elk for oar bismoarde it yn syn eigen hert, sa’s stiifsettige minsken det kinne.
De postloper baeide troch ’e wiete paden mei greate learzens oan. Dy brocht nou ek al in lyts tweintich jier alle nijs by him binnedoar. Hy koe ek net sjen, det Piter minder waerd’, hy stie noch like feardich en steil op ’e rjuchte skonken en ’e bizigens lake yn syn ljochte eagen.
Griet, de faem, fleach der al mei steande earen hinne.
“For my?” sei se en seach him mei bigearlike eagen nei de hânnen.
“Dû kinst der op sjen, fanke,” sei dy. “’t Is for de jiffer,” en liet him yn ’t brieveboske falle. “Hwa wit, hwet foar moaijs der net yn stiet to lêzen!”
“Ea, hwet scoe ’t!” sei de faem spitich, “neat om ’e hakken, in briefke fen ’e naeister ef sa ef sa’n stoaters briefke út ’e stêd.”
“Dû hoechst net sa op ’e stêd to smeulen—yntkoart giest der ommers sels hinne mei doomné en dy.”
“Mis jongkje, ik ha my al oars bistege.”
“En by hwa det den?”
“By Elle en Lise’s.”
“Haeije wennet ek net fier ôf, wol?” De faem krige in kleur en hie ’t wjerwird al op ’e tonge, mar Piter post wie al foart, batste troch snie en wetter nei de wei, dy-t mei glinsterige wiete plakken iensum foartbochte troch it stille doarp.
It grille Maertejounljocht spegele him wer sa’s âldtiids yn ’e tsjerkefinsters, it thépitsje barnde en biskynde de trije minsken, dy-t der al sa faek yn in nochlik rountsje, by inoar sitten hiene, do barde der hwet bisûnders yn dy greate keamer fen ’e âld posterij to Hastings.
Tine lei in brief op ’e tafel. “Wol heit dy ris lêze, heit?” sei se hiel sêft—do gyng se der stil út.
“Hwet scili’ wy nou ha?” lei yn dy beide âldeljue hjar eagen to lêzen en Fleurin bûgde him foaroer nei ’t pitsje ta en lies by it skimerige ljocht dy brief, steile stive letters op fyn bêst pompier.
len amerij hearde min neat as ’t tikjen fen ’e klok, do sei hy: “Clare, lêz ek ris.” Syn lûd wie oars as oars—hwet der yn stie, moast him yn ’t herte troffen ha.
“Der is dochs gjin swierrichheit?” frege hja en hjar kiel knypte hast ticht fen eangstme. “O Frans, gjin swierrichheit?” en hja wie oerein en neist him.
“Det’s sa’s ’t dû ’t neame wolst,” sei hy. “’t Is in fonk, dy-t yn ús hûs oerwaeit is, Clare—in flam wirdt it ef ’t rekket wer út, mar de noed is úzes.
Sa wie ’t. De noed wié hjarres. Hja hiene in bros stikje minskelok yn hânnen en hifken en hâlden it en wierne allebeide hjar ried to’n ein. Nimmen woe der hândiedich oan wêze en dochs der moast in ein oan.
“Det ús dit hjir noch oerkomme moast,” sei Fleurin mei in sucht. “Ho moatt’ wy ’r mei? ho scill’ wy ’r mei? To Clare, siz dyn sin ek ris.”
“Dû bist de man, dû moast it wite. Dit siz ik ienkear en for altyd, yn sokke saken rear ik net om.”
“Hast’ der oait om tocht? Tine Fleurin as boerinne to Hastings . . .”
“Ik ha oare dreamen dreamd, Frans, det’s wier, mar ’t bern sels . . .”
“’t Bern sels? Dy rekkent noch net mei. Hjoed tinkt dy sa en oer twa—trije jier krekt oars om. En det scil sels hjar lok forgoaije! Der ha wy se net for greatmakke.”
. . .“Mar hy mient it . . . Dit brief is echt . . . ik siz dy dit . . . hy hat se ljeaf . . .”
“Det scil ’t wol, mar hja scil net as bút forfalle oan dy jildwolven! Hwet scil Wychman der oer rekkene ha, wiken lang, as ’t der wol lâns koe om ’t jild. In doarpsdoomné ha de ljue faek net folle yn ’e rekken.”
“Dû bist bitter,” sei hja goedlik wei. “Wy moatte dy saek ris bisjen en wer bisjen . . . ús der oer bisliepe.”
“Ik wit nou súver net, ho-t dy jonge de drystens ha doar en skriûw Tine. Det komt fen al det gefljoch nei inoar ta mei Lys.”
“Hja ha dochs ek as bern mei inoar boarte,” forgoelike hja en in lyts jongkje kaem hjar yn ’t sin, det hjar mei syn moaije brúne eagen sa oansjoen hie yn dy wein op reis nei Hastings ta—jierren, jierren lyn.
“Dû hâldst him de hân boppe de holle, dû hast him licht wol stibeleare. As de ljeafde der middenmank giet, binn’ jimm’ allegearre sa dom as skiep.” Clare koe ’t opljeppen aerd fen hjar man wol, hja gyng stil foar ’t finster sitten en joech him gjin andert.
Sá kaem de onfrede yn ’e hûslike keamer to Hastings. Clare seach bidrukt en Tine hjar eagen wierne read. Doomné Fleurin kaem min to hearren noch to sjen—dy siet op syn stedearkeamer en der tyspelen rare dingen him foar eagen om en hy makke himsels sa op om neat, det hja krigene net in goed wird mear fen him. De hiele forhúzerij en ’t nije plak waerden oan kant skouwd for dit gefal, der hy as in stien oer stroffle wie.
Alle dagen bitarden de snieplakjes ta in lytser plakje en do-t der mei in goed wike neat mear lei, wie doomné Fleurin syn tiid fen birieden om.
Clare en hy sieten dy joune stil by inoar yn ’e keamer, do seagen hja him oankommen únder ’e hege boekebeammen as in great swart skaed yn ’e gloarje fen ’t flammige poarper fen ’e joun. Syn stap wie stevich . . . syn djip lûd hie de klank fen de blide forwachtinge . . .
Ien amerij stie Fleurin yn bistân . . . krekt as bisefte hy efkes, ho wreed as ’t eigentlik wol net wie, om syn eigen bern yn dizze wichtige saek net iens to kinnen. Mar wist hy net better, hwet hjar foege . . . hy as heit? dy-t de wrâld en ’e minsken koe! Bern hiene noch gjin stim yn ’t kapittel, derfor wierne de âlden der, om oer hjar lot to bislissen.
En det diich hy.
“Kom yn, Hoara,” sei hy, wylt hy sels dizze bútenwenstige bisite de doar iepen diich. “Wy forwachten jou.”
“Det tocht ik,” andere Fokke Hoara koel werom en kaem mei lange stappen efter Fleurin oan ta de keamer yn.
Det foel him ôf, Tine siet der net op hjar leech stoeltsje, hwer hjar fyn bleek kopke oars sa moai útkomme koe as in plaetsje efter de blommen wei.
“’t Is dochs allegear goed?” O ho fyn hearde it memmeëar! Dy klank fen ljeafde yn det foarse manljueslûd! En det onwennige sjen fen dy eagen nei ’t leech stoeltsje diich hjar súver sear.
“O mei Tine, mien’ jy? Dy is útfenhûs nei ús nij plak ta, in dei ef hwet.” Fleurin sei det ûnforskillich wei, Fokke tocht noch net iens, det der hwet efter sitte scoe. Hy wie noch fierst tofolle in natuerbern sûnder erch ef kweatinken. Tine en hy mienden it inoar—it oare, och, det wie mar bysaek. Min hearde de âlden der yn to kennen, mar oars—wierne it dingen, dy-t min mei yen eigen hert útmakke.
“Gien sitten,’ noade Fleurin en sette de sigaren foar him del. Clare geat him in pantsjefol thé yn en siet der do by, deastil mei de hânnen yn ’e skoat. Hja tochte om Tine, en om ’e triennen, dy-t er oan ’t memmehert gûld wierne. Dizze wie in man . . . ho scoe hy ’t opnimme? Wie ’t bern noch mar lyts, det al hjar bigearten forfuld wierne, as hja mar op memme skirte yn ’e sliep falle mocht!
Nou stie hjar moaije blom to bloeijen en de noed wie hjarres.
Fleurin siet him noch to bitinken, ho-t hy ’t wol op ’t fetsoenlikst sizze scoe, do bigoan Fokke Hoara der sels oer: “Doomné,” sei hy, . . . “ik kom . . . om to . . . freegjen, ho-t myn brief opnaem is hjir by jimmes. Hy wie for Tine . . . en troch hjar for jimm’, det scill’ jimm’ nou ek wol witte.”
Syn eagen skitteren . . . syn hiele antlit teikene opwining en blydskip. De sillichheit fen it bisit bitsjoende him mei hjar moaijste foarspegelingen. Hy prate op ’t stik ôf . . . koe syn eigen waerde, det ’r in Hoara wie. En strak ansens, né optslach, den hie hy syn lok . . .!
“Ik leau, scoe ’t net better wêze, as wy der mar net mear oer praetten. Det wy dit brief mar forgeaten, Hoara,” woe doomné him derút wine en hie de eagen net fen syn gleon eintsje sigaer ôf. “Ik kin jou der wol ris oer skriûwe.”
Do wist Fokke Hoara ynienen alles . . . Hy stie hjir as in bidler en hy scoe mei lege hânnen foartstjûrd wirde.
It forset krige him yn ’e macht.
“Nou in brief skriûwe, scoe wêze as woe doomné him fen ’e saek ôfmeitsje. Ef is det altomets ek sá? Moat ik det tinke?”
“Sa kin ik net mei jou prate, jy binn’ fierst to opljeppen. As jy bidaerd wierne . . .” sei Fleurin koel.
“Ik bin bidaerd,” andere Fokke koart-ôfbiten. “Hwet binn’ de reden?”
“Bin ik forplicht jou dy to sizzen? Ik leau, der twingt gjin minske my ta,” sei Fleurin, hwette stoef.
“Hark ris doomné—do-t ik wiste, ho-t it mei my gesteld wie, bin ik hjir earlik en frij foar útkaem. Jy kinne net sizze, det ik misbrûk makke ha fen jimm’ bitrouwen en alles bûten jimm’ omgyng, nou?”
“Né,” sei Fleurin onwillich wei. Hy bigoan to merken, hjir foun hy partij.
“Jy wolle ha, dy brief fen my scil forgetten wirde, mar den freegje ik jou, hwet binn’ de reden?” sei Fokke Hoara noch ris wer en lei de sigaer del. Nou koe hy net mear smoke—nou-t it om syn lok gyng!
En do hearde Fokke Hoara syn fonnis. Hjar bern wie to goed, om yn Hoara’s hânnen to forfallen,” sei Fleurin koel-wei.
Earst waerde Fokke Hoara read om ’e holle en do deawyt. Hy knypte de hânnen yn inoar, det de knokels him sear diene en syn hiele hert rekke yn opstân tsjin dizze minne bijegening. De keamer bigoan foar syn eagen to draeijen en alles hwet der yn wie en hy hearde allinne de wirden fen dy heit, dy-t as mei mokerhouwen syn lok yn grúseleminten tosloech . . .
Einliks hâldde ’r op fen praten. De greate stiltme kaem oan . . . dy fen in minske syn libbenslot-bislissinge . . .
Fleurin wachte, hwet Fokke nou to sizzen ha scoe. Mar dy kaem gjin wird oer ’e lippen. Greatsk gyng hy oerein en it flikkere frjemde woest yn syn eagen, s’as de wjerljocht troch de maitiidswolkens, dy-t noch gjin tonger kend ha. Syn meager karakteristyk antlit wie bleek en de flaubochte, swiere brúne eachsbrauwen stieken súver swart ôf by de hege blanke foarholle.
Stadich gyng hy nei de keamersdoar, mei de lippen stiif op inoar. En it sjen fen dy hartstochtelike eagen hat Clare Fleurin noait wer forgetten! Krekt as seach hja mei klearigheit, ho-t der ynienen hwet ljeafs yn útdôve, sa’s it ljocht út in âlderhûs, as heit en mem hinnegien binne. Den nimt de deade de ljeafde mei . . . en hjir diich de haet it, de hartstochtelike haet fen ’e Hoara’s.
“Frans! kin det sa?” kriet Clare.
“Gien him efternei,” húne dy, “en siz, detst dû syn help west hast en ’t noch for him opnimst.”
Ynienen hearde Fokke Hoara ien efter him oanrinnen, de lichte stap, dy’t hy sa goed koe en dy-t syn forljeafde eagen sa faek yn Tine biwondere hiene as de mesyk fen hjar wezen.
“Sá moatt’ wy net fen inoar gean!” sei hja en hja lei him de hân fol smeking op ’e earm. “Kom mei—Frans moat it wer goedmeitsje.”
“Hjir is neat mear to goedmeitsjen,” sei hy bitter. “Us wegen rinne nou to fier út inoar,” en hy diich in stap twa tobek en woe ta de doar út. “As jy kinne, siz den tsjin Tine . . . det ik hjar myn libben lang ljeaf ha scil, sa lang as ik . . . sykhelje. Kinn’ jy det ûnthâlde? Oars—siz mar neat . . . Hja mocht der ris in nacht sliep om brekke . . . det scoe . . my moije.”
Clare seach de blauwe eagen fen hjar bern foar hjar, de joune foard’t hja útfenhûs scoe. Dy hjar wegen scoene noait wer lyk op rinne en licht seagen dizze brúne eagen de blauwen fen hjar bern noait wer . . . noait wer . . . Do krige hja in oneinigen meilijen mei him.
“Ik scil hjar ’t boadskip oerbringe. It lêste?” frege se mei eangstme yn hjar memmehert.
Do skeaten der flammen út syn brúne eagen. “Myn lêste,” sei hy greatsk. “Jimm’ hoeche noait to tinken, det der noch in Tine Fleurin for my bistiet. Dy is joun for my stoarn . . . op dit stuit. Ik hoopje, det it hjar goed gean scil . . . mar hjar plak wie hjir—by my . . . ik hie se ljeaf . . . ja mear noch as det . . .” Triennen forstikten syn lûd . . .
Efkes letter liet hy de doar fen ’e âld posterij to Hastings sêft efter him tichtfalle.—
De folle moanne kaem op—de keale beamtokken rûzden. Ho earm gyng hy nou werom nei hûs en mei hofolle rykdom hie hy syn hert yn ’e hinnereis net bifrachte? Tine foar en Tine nei! Krekt as foroare de wrâld . . . waerde in parradys, nou-t hy for himsels it wezen foun hie, det by him paste as de blom by de sinne. It libben like him ta in feest to wêzen . . . in great feest, fol fen ljocht en ljeafde en sûnder ien inkele wanklank.
En nou?!
O ho swiet hie de bigearte west nei bisit en mei ho’n swiere boete efterhelle him it lot! Ho’n knoei joech dy greatske heit him der dy joune . . . syn dochter to wegerjen oan him, omt hy in boeresoan wie. Né, det wie ’t him net, mar hwet seine hja hjir to Hastings fen ’e frouljue fen ’e Hoara’s: hja litten as putheakken, hja forhongeren yn alle folop . . . Hja misten de ljeafde, hwent dy hiene de Hoara’s sels net, det wierne eigennut-sikers. Yn sokke hânnen scoe hjar Tine net forfalle, der wie se him to goed ta. Hja scoe net forkomme as in blom, dy-t de sinne net sjen scil. Hja moast bloeije en pronkje en lokkich wirde en hy! hy wie fierst to min, om hjar det lok jaen to kinnen. Der roan in forkearde ier troch syn femylje—hja hiene in to minne namme!
It wie foarby . . . Mar der is altyd hwet fen sitten bleauwn by him, it djippe skaed fen dy heldere simmerdream . . .
Der kaem gjin praet fen op ’e bûrren . . . partijen hâlden it for inoar stil en Tine bleau útfenhûs, sa’s ’t hiette, it nije hûs moast ynoarder en de Hastinger dagen koarten yn. Fleurin wie der bliid ta, as him dit allegear wer yn ’t sin kaem, den wie hy net sa hiel tofreden oer himsels. It tikkerke derbinnen en it stille forwyt yn Clare hjar eagen pleagen him danich. It moide him ek wol hwet, det hy dy jonge sa raer ôfsneutere hie . . . mar do wist hy ’t den ek daedlik mar omrake goed, hwer ’t op stie. Sa woe hy himsels sân yn ’e eagen struije, mar himsels frijpleitsje hat hy noait kind en do-t him jierren letter sels hwet tears en ljeafs út it herte skûrd waerde, hat hy earst de smert fen in Fokke Hoara bigrepen.
Dy naem him dizze tobekset sa tige nei, det hy waerde der stil ûnder en sa meager as brânhout.
“Dû scoest de tilbury ris ynspanne en meitsje in ritsje mei Lys,” sei Martsen Kobus op in goede dei. “Skilt dy hwet, jonge? De hiele fleur is derút by dy.”
Lys joech him in triûwke tsjin ’e mouwe. “Fokke is yn ’t frijen keard, moike,” lei hja earnstich út, “en nou maelt hy om dy faem.”
“Hea!” sei Martsen binijd. “Fokke?!”
“Ea ja, mei Bintsje.”
Fokke spotlake der oer, det al syn wite, brede tosken blonken. “Bintsje?!” rôp ’r. “Bist net wiis, Lys? Der scil ’k noait myn eagen op smite, al wie ’t de lêste faem ek.”
“Pas mar op, hwetst’ seist,” sei Wychman Hoara, dy-t der ek oanstroffeljen kaem, “’t eart wirdt wol ris foer, jonge, eard’t de winter komt. En Bintsje is in goed fanke, goed, Fokke. Net sa kant fen lea, mar dy-t de midden en ’e beide einen ha wol, rekket foarby . . . det wik ik dy.”
“’t Scil ’t wol. Nou, den mar foarby.” Martsen seach Fokke ris skerp oan—’t wie krekt, as glied der in skaed oer syn jong antlit en ’t like hjar nou ek ta, as wie dy jonge âldsker waen yn in wike ef hwet. Hja hie der noait sa om tocht—mar nou merkbite hja ’t ynienen. En hy koe sa ûnforskillich gnyskje om dingen, der hy oars sa fier mei weiroán—det wie hja ek net wend fen him. Nou-t hja sels gjin bern krige hie, socht se hjar oanhâld oan ’e bern fen Gels en joech hjar ryklik de noait opfrege ljeafde fen hjar hert.
Wychman Hoara lei him net folle mear oan hjar gelegen. Hy hie se en bisit wirdt gewoante. For hjar ek—sa’s ’t keapjen fen nije jurken, ’t opsieren fen ’t hûs, bisytsjen en sels foart, der wie ’t nocht ek al ôf. De tilbury mei de swarte útlander kaem hast net iens mear út ’e skûrre, allinne de bern, dy makken noch wol ris in ritsje, Ysebrand Fink mei syn nicht Bintsje en Fokke en Lys, mar nou gyngen hja ek al ljeaver op ’e fyts, wech-en-der-wear hinne. Treurich, det det mei Fokke en Bintsje neat wirde koe. It wie Wychman Hoara syn bigearte—det wist hja wol—mar dy jonge, hy hie gjin aerdigheit oan ’e frouljue, der siet net in fonkje yn en det op syn jierren!
Hja hie mar ris wite moatten, ho it derbinnen kôke en brûze fen ûnbifredige langstme en forkroppe lilkens en hwet der wol net omgyng yn syn gemoed! Det hie doomné Fleurin syn wirk west, hy hie det jonge hert fiersten to rou oanpakt en hiel hwet goeds fornield mei syn wrede wirden. Mar mei de stegens fen ’e Hoara’s focht Fokke al syn ellinde mei himsels út en helle der nimmen by. Mar syn heite falkeëagen, dy forrifele hy net.
Op in joune gyngen hja de reed efterhús noch ris út. Nei in lange reinige rite hie ’t for ’t earst ris wer in dei sinneskyn waer west—de hege klapperbeammen by it Jifferspoeltsje spegelen hjar yn it deastille kleare wetter en ’e heldergiele streken jounljocht glinsteren derefter troch, wûnderlike tear fen glâns—maitiidseftich. Fokke hâldde syn stap hwet yn om syn heit en tepte yn ’e stúdzje wei in tokje wylgenpûskes fen ’e beammen.
“Jonge,” sei Wychman ynienen, “hwet diichst der dochs langlêsten by doomné’s? Ik tocht, dû hiest to dwersfluite-spyljen west nei weinmakkers,” en syn skerpe eagen loerden ûnder ’e grize eachsbrauwen wei, dy-t der boskich oerhinne hingen—skean nei syn soan.
It bloed skeat Fokke nei de holle—hy waerde ta de hals út read, as in great jonge, dy-t op skûltsje-setten trapeard wirdt.
“Nou, hwet diichst der?” sei syn heit foars-wei.
“Ik woe der noch ris hinne, om dy ljue dach to sizzen” woe Fokke him der útwine, mar de klank fen syn eigen lûd forrette him . . . hy koe net lige.
“Soa . . .! en derom hast in great brief foarút skreauwn en moasten de bêste klean oan . . . Sa giet it, jonge, ast op eigen manne boete der op los fljochst as wylde einen yn’e koai ,—dû wirdst ôfmakke as in houn! fornédere . . . hearst det, jonge! fornédere!!” en hy raesde it út en sloech mei syn stôk yn ’e loft, det it sûze. “Fensels, de soan wie to wiis om heit deryn ris to rieplachtsjen—den binn’ de âlden gjin tel, det scil min sels wol fluch en hânsum dwaen, sa’n kleinigheit—frijen en trouwen! Krekt as kostet it gjin jild . . . der binn’ heit en mem goed for!” sei’r mei giftige spot en steunde de âld rêch tsjin ’e hikke.
Der stiene se midden yn ’t smoar’ge damsteed. Fokke sei gjin wird werom, hy seach nei de kleare loft op en tocht om Tine, alles hwet hja sei hie en die en ho mâl as hy mei hjar west hie . . . .
“Seist’ nóch neat?” spatte Wychman op. “Hwet diichst der jonge? Ik wôl ’t wite.”
. . . . “Nou den . . . . ik wie der om Tine.”
“Tocht ik it net? tocht ik it net?” en Wychman hime fen lilkens en sette de neils yn ’e fleisige hânnen. O hy koe ’t wol útgûle fen spyt! Dy smoarch jonge, dy-t sá syn eare op ’e striette smiet! Hwet Hoara hie ’t nou noch oait yn ’e harsens krige, om sa’n bleek, súterich doomné’s fanke to frijen mei hjar wetterige blauwe eagen!
“En hwet sei ’r wol, dy útsljipte preker? As ’t wol in wiif ûnderhâlde koest? en det dyn heit in minnen ien wie?”
“Ja, det sei ’r,” smiet Fokke der wreed twisken yn. Nou noch fielde ’r, ho flimende sear him dit dien hie, det Fleurin Tine net yn Hoara’s hânnen ha woe. Né, der wie se him to goed ta. Efkes hâldde hy op en socht nei de syken. “En det . . . .”
“Hâld mar op”, sei Wychman heallûd. “Ik wit alles. Dy ha se trape en my derby. Jonge, ho koest it dwaen? Hwer hiest dyn sinnen? En oars bist altyd sa bidaerd.”
“Ik hie se ljeaf”, sei Fokke ienfâldich en kúrde oer ’e finnen nei de stompe toer en ’e posterijtún, dy-t al mei de skaden fen ’e joun oertein, weiblauwe yn ’e fierte. Syn eagen waerden wiet, de holle sakke him op ’t boarst. Nou ynienen like hy sprekend op syn heit—oer tritich jier scoe hy syn evenbyld wêze.
“’t Is goed, detst der ’s fen hawn hast. Dû bist fierst to winich—dû hast gjin earbied for ’t jild. Dû scoest dy nei Bintsje jaen en prate mei dy hjar heit, det ’s aerdich better, as sa ’n doomné’s fanke oan to rinnen mei troupraetsjes.”
“Jild! jild! hwet ha ’k oan al det jild?! By sokke ljue is jild neat.”
“Sa hâlde hja hjar mar, jonge. It wetter rint hjar al om ’e tosken, as hja mar in goune sjogge. Mar hja kinn’ ’t dochs noait krije en derom—binn’ se greatsk op hjar earmoed. Det is ek greatskens . . . der kin min blau fen honger by wirde.”
Ynienen skeat der Wychman Hoara hwet yn ’t sin. “Dû hast det fanke dochs gjin brieven skreauwn, wol?” sei ’r ongerêst.
“Ien,” sei Fokke koart werom.
“En hwet stie der yn?”
“Nou, ’t selde as det ik tochte.”
“Dû bist sa dom—dû bist net los fortrouwd! Hwa skriûwt nou yn in brief, hwet ’r krekt tinkt? Hwet min net tinkt, det set min yn in brief en oars . . . . det seit min ûnder fjouwer eagen, as der gjin tsjûge is, Fokke. Merk dy det. Siz om myn part noch tsjin tsjien fammen diselde flauwe praetsjes, mar in brief, jonge, dy-t skreauwn is, det is dyn fijan.”
Fokke draeide ringkjes reek de loft yn en seach se efternei . . . mar hy sei gjin wird.
“Dy brief moat ’k werom ha,” bigoan Wychman wer. “Der scil det fanke net mei pronkje. Hwa wit, ho-t se ’erom gniist mei hjar kornúten.”
Der kaem Wychman him op ’t sear. “Det docht se net,” sei ’r en dochs . . . as hy om Fleurin tochte, den twivele ’r, mar mei tsjinsin. “Sa’n ien is hja net . . .”
“’t Is in bêsten ien,” andere syn heit feninich. “Det witt’ wy wol. Ien, der ’t Fokke Hoara goedernôch for is, om for fordiwedaesje to brûken . . . om him de kop oerémis to meitsjen en den wei to smiten, as min him ba is.”
“Heit!” rôp Fokke.
Do mirk Wychman, det de bôge stiif spand stie. Det der net folle mear nedich wie, den barste ’r . . . den hie hy gjin soan mear . . .
“Jonge,” sei hy hwette sêfter ’t Is for dyn eigen bêst. As ’k ’t mes net djippernôch yn de woune set, den komt der rotterij en det om det fanke. En by Martsen hoechst net to bycht to gean. Pas op. En dy brief krij ik, al scil ’t myn heale kaptael ek kostje.”
En in wike letter hie Wychman Hoara de brief yn syn suchtige, wite hânnen en lies him by ’t skimerige ljocht fen in âld lantearne efter yn ’t bûthús, hwer nimmen him oer ’t mat komme koe. Efkes glimke ’r . . . do skûrde ’r him yn lytse snipeltsjes en smiet him yn ’e dobbe efterhûs. Do rôp hy Fokke. “Der leit hy,” sei hy. “Ik ha him djûr bitelle, Fokke.”
Dy gyng stil foart en kaem de joune let earst wer thús mei de nachtdau op ’e jas. Uren en ûren hie hy der yn ’t boskje by de heide sitten . . . op itselde steed, hwer dy hearlike ljeafdedream him ’t earst bispoan hie yn syn sulvernet do mei Yme.
In deimennich letter stjûrde Wychman boadskip nei Warmolding, dy scoe der komme. Dy harke raer op en woe der neat fen leauwe. Mar do joech de bringer him in brief oer en Warmolding seach de steile, stive hanepoaten fen Wychman Hoara. En do gyng hy hinne mei dy greate ûnforsoenlike haet tsjin dy man yn it hert en droech him mei yn ’e foarkeamer fen Wychman Hoara’s foarhúzing. Der sieten dy twa manljue, dy-t elts for oar hjar string net slûpe litte woene, do in set to stoef sjen en to praten . . . twa fijannen, dy-t hjar ûnder ien izeren wet deljaen moatte.
En noch in dei ef hwet letter waerde it ruchtber, hwa ’t Warmolding eigentlik wie . . . It bloed fen ’e Hoara’s streame him yn de ieren, mar dy namme kaem him net ta. Hy mocht allinne syn memme’s drage en de greate haet fen det earme wiif tsjin ’e heit fen Wychman Hoara hie hy mei de tate ynsûge. De inte en ’e wylde loat hiene ien stamme hawn en yn hjar sterke hartstochten wierne dy twa natúren inoar net wanlyk.
Hwet der forpraet is, det’s nimmen wys waen, selst Martsen net . . . mar hja rekken forsoend foar ’t each en Wychman liet Warmolding foartoan mei frede.
Sá djûr bitelle Wychman Hoara de brief fen syn soan.—
It wie in wûnderlike simmer det jier. It ware op ’t gêrs en op ’t nôt en ’e simmerseine lei as in goudglâns oer ’t gea.
Fol en swier bûgden de ieren nei de groun en sterke mânljuesearms ûnderhellen de sichten en ’e ieren foelen . . . as fen stoarmen meand, tûzenen by tûzenen en ienlûdich songen de bynsters hjar sang op it waermmoudige lân, det mei wille joech.
Wychman Hoara roan net fier mear . . . hy waerde minder. Hy siet der ’r siet—it waerde in heukerich libben fen dei ta dei en de nachten wierne min en lang.
It beuzige libben tikke red om him hinne en ’e twirre fen sjidzjen en frucht-jaen en sichtsjen trúne ’e minsken oan en joech se hânnen fol wirk en seine hjar arbeidskreft mei hûndertfâld fen kerl en frucht. Mar Wychman Hoara syn aerdigheit wie der ôf.
Hy hie de knoei wei, sont hy út ’e raed knikkere wie, en nou setten se de kroan noch op ’t wirk—fen ’t simmer wie Nuttert wethâlder waen en ried him nou mei boargemaster foarby yn ’e greate foermanswein. Sont dy dei hie Wychman Hoara der noait wer in wird oer falle litten yn ’e hûs, mar it waerde in neil oan syn deafet. Hy koe ’t net wer fen him sette, mar bigoan der oer to prakkesearjen en to malen en briek der nachten sliep om.
Nuttert op ’t stoeltsje! o hwet hie ’t syn bigearte west, det syn eigen jonge der ienkear sitte scoe! In erfskip fen eare fen heit, det him mei ’t poâsje jild yn ’e skoat falle scoe! Ien gelok wie ’t, Fokke koe ’t neat skille, dy joech net om soks. Mar it stiek him dochs ek geweldich, det heit sa efterút stompt waen wie.
Krekt Freeds om healwei trijen draeide Wychman Hoara foarheftich syn greate briedstoel om en siet mei de rêch nei ’t finster ta. Den ried Nuttert mei de hounekarre der foarby, twa koerren mei snypsnaren erop en in pear grouwe hounen derfor. It ratteljen fen dy âld karre wie him al in argewaesje en hy hie wol út Hastings wei wold, allinne derom wol. Mar de bern . . .!
Fokke wie nou boer, kloek en deun, der gyng net in sint onnut ôf en Lys trouwde mei Ysebrand Fink. Det wie al klear. Wychman hie in foech wâldspultsje koft mei in fyftich pounsmiet lân en sette der nou in nije foarhúzing op, net útwrydsk, jongeljue moasten net al to fier springe, den briek de pols. Dos dy wierne to plak.
Mar Fokke . . . och dy jonge koste him sa’n holbrekken. Dy dwaelde ôf. Nou reisge hy wer nei de klaei ta nei de frouljue, in hiel riken ien. Mar Wychman hie ljeaver ien tichter by honk wei. Min moast de reek fen ’e skoarstien sjen kinne.
As de bern great wierne, hie ’r tocht, krige hy einliks lins en nou bigoan earst de ellinde foargoed. Hja setten ’t tsjin him yn ’e kant, dy bern. Lys wie der mar heal mei ynnaem, sa’n wâldspultsje! Wychman wist wol, hwet hjar bilechje west hie, op heite spul en heit en moike yn ’e bûrren to rintenierjen, ien lang en twa breed. Mar hjir op dit steed woe ’r stjerre . . . it âlderserf.
Ynienen seach hy in môgige skûrstile yn in âld boerehûs en der in meager, langramich minske oan mei in stropke om ’e hals.
“Driûwerske!” raesde ’r yn deadsbinaudheit en fleach fen ’t bêd—bûtendoar, sûnder stôk yn ’e koele simmernacht. Martsen hearde him wol stommeljen en oangean, hja draeide hjar om en rekke wer yn ’e sliep. Wychman hie ommers mar wer in minne nacht—det wie hja wol wend. Den gyng hy in setsje bûtendoar stean yn ’t tún, krekt sa lang, det hy sljiprich waerde en yn ’e stiltme om him hinne syn onstjûrens sakseare. Fokke sliepte der al troch hinne . . . dy hearde ’t net iens mear, as heit de doar iependiich.
“Hiest’ wer in minne nacht?” frege Martsen him de oare moarne noch heal yn ’e sliep, wylt hja fen ’t bêd ôfstapte en nei ’t sydfinster ta toffele, om ’t blyn op to dwaen.
Wychman joech gjin lûd. “Myn goede, det is him yn gjin jierren oerkaem, hwet sliept ’r fêst!” sei hja yn hjar sels en roan nei ’t bêd om de bêdsdoarren hwet oan to dwaen. Hja scoe de tekkens hwet torjuchte lizze, do seach hja . . . it bêd wie leech.
“O goede, ik ha my forsljipt,” tocht se en strûpte hastich de klean oan en makke de thé klear yn ’e hutte. Det wie sont jierren net bard, det Wychman ’t hjar ôfwoan hie en hja wie omrake bliid, det hy wer hwet hupser waerde.
“Ropst jimm’ heit, Fokke?” rôp se in setsje letter yn ’e skûrre, hwer de swietrook fen ’t earste nije hea yn hinge en ’e jonge hinnepiken op ’e telle omflodderen.
Fokke scoe der krekt út mei de boerewein. “Hwet wie der oan, moike?” sei ’r en kaem wer fen ’e wein ôf.
“Jimm’ heit moat ynkomme to thédrinken. Ik tocht, hy wie hjir by dy . . .”
“By my? Wel né, hjir hat hy noch net west. Hastû heit ek sjoen, Jan?” sei hy tsjin de greatfeint.
“Noch net. De boer is noait net mear sa bitiid,” sei dy. Do stiek hy bidaerd syn pypke oan en krige it kofjetsjetteltsje op en gyng nei efterhûs, hwer de sinne krekt boppe it dauwewiete lân útkaem . . . great . . . keninklik . . .
Martsen en Fokke seagen him ûnsteurber efternei, elts drok dwaende mei syn eigen tinzen. Al fjirder en fjirder gyng hy—mei lange stappen wâdde hy troch ’t dauwige gêrs.
Ynienen—der bleau hy stean . . . do kaem hy stadich werom, yn ’e selde stappen lâns fen nyskes . . .
“Hwet skilt Jan? Scoe ’r net goed waen wêze?” sei Martsen. “Dû mochst’ der wol hinnegean. Ik scil de hynsders wol hâlde.”
“Ea hwet!” andere Fokke koart-oanboun en seach rare stoef . . . “licht hat ’r hwet forgetten . . . it giet net fen hjar eigen tiid by dy ljue, moat moike mar tinke. It kin wol lije.”
“Kin de boer ek efkes meigean? Ik moat mei jou allinne prate,” sei Jan en seach Fokke net oan, krekt as ’r him skou wie.
Dy gyng efkes mei him om de hoeke by de skûrside. Alhiel biteutere kaem hy werom. “’t Is goed, Jan,” sei ’r, “span de hynsders mar út en den ’t tek op ’e rún, det ’r klear is.”
En do gyng Fokke Hoara allinne it lân út. It hat it swierste ein gean west fen syn hiele libben . . .
Yn it dobke by de dyk stie mar in healfoet wetter en der lei syn heit yn . . . foaroer der ynfallen . . . by nacht . . . stikt . . . Wychman Hoara, de rykste boer fen Hastings, wie wei.
De dead, dy greate roaver hie him ’t bisit út hânnen skûrd . . . En earm brochten se him to hôf.
’t Wie Snjeontojoun en de faem fen Melle Tryn trippele troch ’e bûrren. Gledde skoentsjes hie se oan mei roaskes op ’e foet en hakken fen komsa en it jonge, mûtele ding sette in heech krop en draeide der oer as in top mei de braskoer yn ’e earm op hûs ta.
Mar Kekke Flapút, dy naem hjar earst noch ris efkes geweken.
“Sjouckje! Sjouck!” rôp se oer ’e ûnderdoar en hjar greate krûmme noas seach krekt om ’e hoeke fen ’t skean en brike doarskesyn.
“Hea Kekke! wie der boadskip?” sei Sjouck en bleau stean.
“Komst net efkes yn?” sei dy. “’k Meij ’t net ha, dû moast noch sa ’n ein rinne nei Melle en dy en dû scilst ek wol fiele, hwer de rêchbonke sit sa ’n Snjeone.”
Der woe Sjouckje ’t ear wol nei hingje litte. “Minske,” sei se, “’k kin jou sizze, de lea is my heal stikken, mar min moat mar poatoan as min wol ef net.”
“Nou kom efkes yn.” Nou wie Kekke Flapút alhielendal al bûtendoar yn ’t keard skoárt en ’t fyfskaften jak en flaeide en streake as in âld kat, om Sjouck binnedoar to krijen.
Sjouckje kaem ’t paedtsje al op. Kekke sloech de hânnen yn inoar. “Min scoe dy net mear kenne, fanke!” bearde se. “Dû bist ek net yn ’t lilk opgroeid, hear. Nou, dyn mem koe ek wol meidwaen yn hjar fleur . . . ik siz nou noch wol ris, as se ’t oer kreaze frouljue ha, den siz ik; den hiene jimm Piter’s Sjut sjen moatten yndertiid.”
Sjouck hjar jonge moaije eagen skitteren en hja socht it forware spegeltsje, det oan ’e bline mûrre hinge fen Kekke Flapút hjar earmoedich dyakenijkeammerke. Hjar evenbyld seach se, hjar donker hier, hjar fris-brún antlit en deryn dy wûnderlik grize eagen mei de pikswarte eachsteisters, lang en fyn as side. En efkes kleure it waerme jonge bloed hjar fel.
“Hjir fanke,” sei Kekke en skouwde hjar in pantsjefol minne kofje ta “in hartsterkingkje,” en út in âld hoekspyn helle se in knapkoek, dy moast Sjouckje der by ha. Hja wist it ek wol, as de minsken hwet oansjitsk binne, det leit hjar ornaris gjin wynaeijen.
It wie in moaije Febrewarisjoun. In lyts neiwinterke wie by nacht noch oan ’t tsjoenen mei syn wichelroede, mar de dagen bigoanen to lingen en de heldere sinne skynde ljocht en gril yn ’e húzen op. Nou joun flikkeren de stjerren oan ’e loft en it rûch-fêzen gêrs skimere as sulver yn ljochtmoanne waer. It wie hoar en stil op ’e bûrren—sa nou en den kloste der ien op klompen de strjitwei lâns nei de skearwinkel ta.
Earst rekkele Kekke it fjûr hwet op en do gyng se yn in âld briedstoel lyk foar Sjouck oer sitten. “Sjesa,” sei se en krige sels ek in knapkoek . . . “nou ha wy ’t sa goed as de bêste boerinne, bihalven, wy ha hwet earder healjoun.”
“Mar mei dy bolkoer den?”
“Hwet scil ’k sizze? Min moat wol, as min de mûle iepenhâlde scil,” suchte Kekke mei in dimmen gesicht en de lytse skerpe eagen heal wei efter de rûmfellige eachslidden . . . “en de boerinnen keapje skoan. Allegear binn’ se my tige tagedien, as dyn frou nou net sasear, dy’s hwet appart.”
“Hea,” sei Sjouck, “de frou is oars in goed minske, wol hwet deun, mar gjinien scil hja ’t brea út ’e mûle stompe. Sá is hja net.”
De âlde holle mûle forloek him ta in wrede gniis. “So . . .!” sei se, . . . “nou, dû kenst se net. Hja’s krekt en gelyk ien as Wychman’s Martsen, dy-t fen nyt komt ta yt, is allemansfordryt.”
“Ik wenje der nou al yn ’t tredde jier, ik ha der noch noait hwet fen bispeurd,” abbeleare Sjouck der tsjin . . . . “Mar Wychman’s Martsen . . . Witt’ jy wol—Hester Hoara scil ek trouwe.”
“Trouwe?” en Kekke Flapút liet fen skrik de kofje stean, dy-t se krekt opdrinke scoe . . . . “Nou der frijt it jild ek mei en ’t great hûs. As der gounen blinke, binn’ de manljue blyn. Nou, hwa scil der mei straft wirde . . .?”
“Hja docht noch in hiel set . . .” sei Sjouck heimsinnich.
“Hwa det den?”
“Notaris.”
“Dy âlde gek! Mar hy wit wol, hwet ’r docht. Hy hie wol sin oan ’t rintenierjen en dy wize Hester mefrou . . . jonge, hja passe inoar krekt. Ik woe wol, det det nêst ris útroeid waerde, ’k kin se misse as in swarm hoannebijen. Nou, ho stiet it der mei, scil dy pauwige jonge ek hast oan ’t wiif?”
“Fokke?”
“Hâld dy mar net sa fij . . . dû scoest net witte, hwer Date syn kammeraet fen alear tsjinwirdich sa trou hinne reisget?”
Sjouck harke raer op . . . . “Det mei Date . . . is al lang út . . .” sei hja en hjar lûd waerde hiel sêft ynienen.
Kekke Flapút mirk it wûnderskoan, nou wist hja ’t—hjir hie hja de rjuchte snaer troffen. Hjir wie joun noch wol in dûbbeltsje to fortsjinjen . . . der hwet by, der koe se in healpoun spek for keapje.
“Fanke!” sei se, “dû wirdst sa read om ’e holle det . . .”
“Ikke . . .? Nou jy meitsje my net wys, det jy mear in hân foar eagen sjen kinne hjir yn ’e keamer. Ik sjoch tominsen it bedsket net iens mear.”
“Wy minsken sjogge wol ris mear as in hiele patty. Ik kin dy sizze, langlêsten roan ik de wei lâns der oansje by jimmes en der kaem my in lykstaesje foarby nei ’t Hastinger hôf ta. Ik út ’e wei fensels efter de beammen en ik seach ’t sa klear as de dei, hwa ’t it lyk folgen en trije dagen letter founen se Wychman dea, dû wist wol,”
De grize gyng Sjouck oer ’e grouwe, it ienfâldige natuerbern syn forbyldinge wie fol aeklike spanning.
“Hwer wie ’t krekt?” flústere se en seach skean nei de doar, der de greate gleone eagen fen d’âld kat yn ’t tsjuster glinsteren as koallen fjûr.
“En nou okkerjouns wie ’t al wer sa,” seamele Kekke ienlûdich wei foart. “Ik wit, hwa-t faei binne, mar oer myn lippen komt it net . . . Sa scoe ’k dy wol mear sizze kinne . . .”
“It hoecht net. Ik wit wol . . . jy sjogge mear as in hopen. Ik woe ek wol, det’k wiste, hwet for my weilein wie,” sei hja yn hjar ûnskild wei.
“Wist hwet, ik scil dy de kaert efkes lizze. ’t Is mar in tataest,” en Kekke wie al oerein en stiek de stânlampe op, do gyng hja om ’t hûs en diich de lûken ticht en ’e pinnen derop binnedoar.
“Sjesa, siz mar, hwet woest witte, Sjouckje.”
“Det mei Date,” andere dy, flústrjende wei, “en as ’r ’t my mient . . . Forline winter hat hy in set by my kaem en wy ha Hastinger merke hâlden. En . . . nou . . . Tiisdeimoarne skreau skippers Likele my. Hy woe komme Snein ’e wike.”
“Date is oars aerdich kreazer. Dy Likele is rounskouderich en ’t stiet my foar, hy rint ek gâns tipelteannich. Mar der sitte sinten, Sjouckje.”
“Ja,” suchte dy. En neist dy dûbbelde, lytse Likele seach hja Date foar hjar, wol in holle greater as Likele en syn goedlike blauwe eagen, dy-t hjar sa oansjen koene, det hja der altyd oars fen waerde. For heite affearen hie hy net doochd en nou wie hy ûndermaster to Nijlân en gyng Snjeontojouns faek nei hûs, nei Nuttert en dy’s yn ’e Hastinger bûrren. Dy hiene der in greate winkel, hja fortsjinnen jild as wetter.
Kekke nifele hwet mei de kaerten om en hie de eagen der stiif op. Gjin inkele biweging fen Sjouck ûntgyng hjar en de djippe sucht lei hja op hjar eigen wize út. Kekke hie in bulte minskekennisse, hja koe lêze noch skriûwe, mar de minsken, dy koe se namsto better. Gjinien hie ’t op hjar stean, der waerd’ hjar ek wol ris neijown, hja koe tsjoene. En derom hie Kekke ek altyd sa’n sleet yn hjar bôle en boltsjes, elts for oar hâldde hjar ljeafst ta frjeon en by ’t jongfolk hie se sa’n ontsach, det hja kamen hjar net byneist as allinne, as hja yn ’e frijerij fortiisd sieten. Den founen se Kekke hjar húske wûndere goed, al wie ’t ek by nacht.
“Nou, ho is ’t?” frege Sjouck skrúten, slingere twisken hoop en freez’ yn.
“It stiet der net sa min foar, mar ast’ my nou noch ris seiste, hokfor dei en ûre dû berne bist, den kin ’k dy noch mear fortelle.”
“Ja . . . det wit ik net. ’t Wie yn ’t ierdappeldollen, seit mem, mar hwet dei . . .”
“Ek al wer goed, den der mar sûnder” en Sjouck krige in hiel relaes to hearren út ’e âlde bitûmke kaerten en it roan der op út, hja scoe Date krije op ’t lêst en den hwet babbelegûchjes derby en hwet opsierderij, dingen, dy-t Kekke allegear wol wiste, det útkomme scoene.
Mei in rûm gemoed en de bûs in kwartsje lichter, joech Sjouck hjar wer op in paed yn ’t moai ljocht-moanne waer.
Der kaem wer in Hastinger boer oanklossen op ’e gledde swarte klompen, de pipe gleon oan en de knoffelige hânnen yn ’e wide broeksbûsen.
Al wer ien en noch ien en det allegear nei Knilles, de skearbaes, ta, dy syn bekkentsje al oan ’e spiker by de doar hinge to glinsterjen. Sjouck hie sa’n forlangst, om Date syn lichte stap efkes to hearren, det hja roan al stadiger en stadiger . . .
Einliks, der hearden hjar opskerpe earen wer hwet. Date kaem der oan mei in pakje boeken ûnder ’e earm en ’e greate dreamerige eagen op it stille lânskip om him hinne, hwaens frede hy neifielde yn syn dichterlik moed.
Hy fleach hast tsjin hjar oan, sa wie hy yn ’e prakkesaesje. “Hea Sjouckje, bist dû det?” sei’r en bleau by hjar stean. “Hwer scilst’ hinne?”
“Nei hûs fensels. Ik kin net op ’e wei om flinterknippe as jimm’ en jimm’ gelikens. Min sit altyd yn ’t span.”
Hja wist sels net, ho ’t wie, mar de wirden kamen der rare spitich út. En hja hie nou ommers hjar sin . . . Date roan neist hjar lâns . . . en hja mocht him sa graech lije . . .! It wie de ljeafde, dy-t hjar nou swak makke en oerwoán en det is for flinke karakters in hiel stik, det ljeafdebûgen foar de sterkere, al leart de innigste ljeafde it hjar ek.
“So . . .?” sei hy. “To Sjouckje, gien det noch efkes mei út.”
“Tankje wol,” andere hja snibbich. “Dû kinst it paed bêst allinne fine.”
“Nou—meij ik den mei?”
“’t Scil wol net oars kinne,” andere hja ûnforskillich, mar ynwindich geide alles fen wille. “Dû hiest de koer ek wol drage kind.”
“Ek al wer goed,” sei Date en droech de koer. In setsje roanen se stil neist inoar lâns. It wie sa ljocht as dei—as Sjouck lake, seach hy hjar wite tosken blinken ûnder ’t koart boppelipke. Sjouck waerde fen ’e weromstuit ek stil. Hja koe Date wol, det wie in apparten ien, hiel oars as ’t oare Hastinger jongfolk, wyldsang, gekjeije, it hûndert út. Date kipte him derút, dy siet ljeafst mar yn in hoekje to sjen en dreame der syn eigen lok by inoar en dichte frjemde sangen. Der stiene wol ris guont fen yn ’t Hastinger Nieuwsblad, fen ’e heide en it folk, det der by âlds op forkeard hie. Sjouck hie der gjin heugenisse fen en dy hjar beppe ek net iens—Sjouck hie oars al ris in hiele joun by hjar sitten to útfreegjen, mar ’t âld sloof sei: frjemd folk hie se der noait bispeurd, mar yn ’t foarige hiene der wol ris wylde bargen tahâlden.
Dos der wie Date mis mei, mar der siet oars wol in kop op, sei master altyd en der hie Sjouck in grinzeleaze earbied for en hja seach him nou altyd yn in gloarje fen leardens.
Mar Date, dy dreamer, merkbite it net iens. Yn in great blau skrift bisong ’r Sjouck op allerlei menearen en mjille hjar skiente yn ’e hearlikste kleuren, mar as hja by him wie, koe hy der hast net ta komme en roere hjar oan. Sa fier stie it wezen fen syn forbylding fen ’e wirklikheit der dingen ôf.
En syn skriftúrlike ljeafde waerde al gloeijender, al syn forswijde hartstochtelike langstme kleide en song ’r yn swiete wirden út, dy-t gjin minske oait lêze scoe as hy sels. Derfor wie hy in dreamer.
“Hwer prakkesearest nou wer oer? Dû bist moai selskip. Hast hwet forgetten en mimerst der nou op om?” pleage Sjouck him.
“Nou né,” sei hy . . . . “ik tocht om hwet . . .”
“Makkest wer in dicht?” fiske Sjouck. “Dû giest my to heech mei dy dingen—ik bigryp der gjin koarel fen.”
. . . “Ik tocht net om soks . . . om hiele oare dingen . . . om dy, Sjouckje. Hastinger merke . . . ik ha ’t noch noait sa nei ’t sin hawn as do.” Hea, it wie der út. Hy suchte fen blydskip. It wie dochs in hiel oar ding om de frouljue to bisjongen as om der mei to praten oer soks en by Sjouck dochs . . . den sei hy alhielendal neat en seach mar . . . seach . . . ien greate dreamwrâld fen lok . . .
Sjouck diich krekt, as bitocht hja hjar. “Hastinger merke fen ’t simmer? mimerst der noch oer? Ik tocht, det hiest al lang wer forgetten.”
“Ik dy . . . forjitte!?” sei Date en wie for ’t earst en for ’t lêst yn syn libben ien amerij by de tiid, hielendal, de man, dy-t wil en died beide bihearsket. De hiele trouwe ljeafde fen dy iensume dreamer klonk derút—de bea oan det jonge fanke om him mei hjar reslútens en flinkens en redsumens ta’n libbensselskip to wêzen.
Sjouck hâldde hjar stil . . . mar syn eagen seagen triennen yn ’e greate grizen, omdounse fen ’e sidene eachsteisters.
“Meij ’k noch ris by dy komme, Sjouck?” sei hy ynienen.
“Hwet scil’k sizze? Wolst de hiele joun wer sitte to mimerjen? Den mar net . . . den lit ik Likele komme, det is in smoute prater, der kin ’k de tiid wol by ynein krije.”
Det stiek Date. “Ik kin ek wol prate,” sei ’r. “Ik scil dy den hwet nijs fortelle. In mearke, wûnderlike moai . . . derst’ raer fen op hearst’.” En det hat ’r dien, in Sneine ef hwet letter en Sjouck hearde it . . . it âlde oerfortelsel fen ’e ljeafde, det it lot troch de minskegeslachten hinneweeft as in gouden tried . . . en hjar libben lang is hja it harkjen net sêd waen . . .
Sá learde dy dreamer oan ’e wirklikheit fen ’t lok to leauwen.—
“Nou moast dû der ek oan geloave,” sei Wychman’s Martsen op in joun tsjin Fokke. “Date stekt dy de eagen út . . . it is wol sa’n krúdich pearke.”
Fokke siet stiif to lêzen yn in âld femyljekronyk. Nou hâldde hy op en de brúne eagen fen ’e Hoara’s skitteren yn al hjar glâns Martsen tomjitte.—Krekt syn heit!—tocht hja. Hwet stiene dy eagen hjar noch foar ’e geest, hwer Wychman Hoara hjar mei oansjoen hie dy twadde hjeldei der to Nijlân. En nou wie se al lang widdou en mei gauwens waerde it noch stiller yn ’e hûs. Den trouwde Fokke en gyng hja nei de bûrren ta to wenjen.
“As ’t moike goed is, moat Doutsen hjir mar ris komme. Wy ha der al sa ris oer praet.”
“Is ’t sa fier den al?”
Oer it gnappe mânljuesantlit glied hwet as greatskens. “Doutsen wirdt myn wiif,” sei hy ienfâldich wei en der scoene bergen forset wirde moatte, as der yn Fokke syn foarnimmen oait foroaring kaem, wist Martsen wol.
Op in Snjeone yn ’e foarsimmer, do helle Fokke se, it bleekblonde fromminsk fen ’e klaei.
Martsen hie krekt it hûs skjin en Fokke joech hjar in pear pompierkes, om der de westerse, de greate foarkeamer fen ’t hûs mei op to sieren. Der slepte de útfenhûzer. Hja seach net iens nei de gloednije kléden en gerdinen om. By heites wie ’t folle moaijer en rejaler. It foel hjar eigentlik mar ôf hjir yn dit Hastinger heidelân. En heit hie der oars sa fen pochd, fen ’e rykdom fen ’e Hoara’s en ho’n greate frou hja wol net wirde scoe. Nou, hja seach der noch net folle fen as in deagewoane nije foarhúzing en der in âld skûrre efter, krekt as wie ’tjild do al op en koe det der net iens mear ôf. En it lân—hwet meagere bistjes roanen deryn en hwet bosken en beammen stiene der om hinne.
“Fokke,” sei se de Sneine mei in sûrswiet glimke en krûp him ris efkes tige oan: “en honear litst my nou jimm’ oare pleatsen sjen?” en yn hjar kâlde blauwe eagen lies ’r wol, ho-t it hjar ôffoel.
“Hwette?!” sei ’r en harke raer op, “it giet hjir net by ’t heal desyn, Doutsen! Us Lys en dy wenje ek op in spul fen úzes en ditte . . . oars ha wy net. De measten meij net iens in pleats barre. Det giet sa mar net,” en sûnder det hy ’t himsels eigentlik bikenne woe, waerde hy der hwet forlegen ûnder, det hy ’t ek net leard hie om hwet mear swé to slaen lyk as de klaeikers. Dy koene mear mei de pong as de wâldtsjers mei ’t jild. Mar dy-t lêst laket, dy gyng der mei en det, der wie de kreft fen ’e Hoara’s.
“En jimm’ skûrre, det’s ek mar sa’n ûlenêst,” smeulde Doutsen. “Der moast eigentlik ek al nedich in nijen.”
“Sa’n saek is det net,” andere Fokke, bliid det hy tominsen dizze greate stien forrôlje koe. “Hwet scoest sizze, as dy takommende Maeije der ris stie en wy beiden dy den ris biseagen, wy beidegearre as man en wiif?”
“It wie tominsen hwet,” andere Doutsen koel en skouwde him onwillich wei oan kant. Hja hie neat mei sokke forljeafdigheden op—hy wie hjar fierst to rimpen en to overgedreven. Sá wie hja der net mei ynnaem—det hoechde hy wrachtsjes net to tinken. Mar hwet hâldde heit hjar langer altyd foar:—sjoch, detst to plak komst, fanke, ’t is nou dyn gouden ûre!—En dy binuttige Doutsen en derom joech hja de brúne Hastinger hjar wird. Hja diich in hael, sei elkenien en de Hastingers forginden it Fokke, det it jild al wer ’t jild socht en foun hie en in goed himmel fromminsk der by.
De Sneine kuieren se de wei út nei Ysebrand en Lys ta, Martsen, Fokke en Doutsen en Fokke wie de kening to ryk mei syn faem op ’e side.
Tafallich liet hy syn eagen efkes gean yn ’e fjirte en seach der de âlde boekebeammen foar de posterij skimerjen yn ’t reagoudbrúne nije blêd. De fyfte winterstoarm waeide der al oerhinne, sont hy der ûnder troch gyng mei syn jong hert fol hoop en ’e freugde fen ’t bisit wardearjen learde. Nou wie Tine al lang foart en him . . . och . . . ’t like him ta, det it in dream west hie . . . in moaijen ien. En dochs, langlêsten wie ’t him oerkaem op in joune, det hy noch hwet omnifele hie by ’t hinnehok efterhûs, do hie hy ynienen in ynsicht krige, ho-t hy nou dochs eigentlik hwet miste. It wie sa net mear as do mei Tine . . . dy hie hy ljeaf-hawn mei hert en siel en nou, och it wie birekken laech by Doutsen en him allebeide. Krekt genôch om erop trouwe to kinnen en den . . . nou det scoe ek wol wer gewoante wirde. Min went oan alles. By heit en moike hie ’t wetter ek lang altyd net ien wei roan—der hekke it ek wol ris. Nou, hy scoe ’t der den mar op oankomme litte, hy woe ek wol to plak—in geseten boer wirde op ’t eigen sté en sa by moike . . . der krige hy syn nocht fen. De jierren wierne der nou ek . . . hy wie nou ek al yn’t fiif en tweintichst en de kammeraten om him hinne, derfen hiene de measten de knottestrûp ek al gearhelje litten fen ’e faem. Inkelen hiene al in grou jonge yn ’e widze.
Sa gyngen syn tinzen hjar eigen wegen, wylt hy oer dagelikse dingen praette en de simmersinne him waerm op ’e foarse brúne nekke skynde. De klaverblommen rûken yn ’e finne en ’t hôf skimere readeftich fen ’e sûre surken. Lûd en skel songene de skelfinken yn ’t biblomme hout en de earrebarren saeiden fen hjar skûrre del en waerden wei yn ’t reidgûd fen ’t Jifferspoeltsje. Det wjerspegele de kleare blauwe loft yn syn wetter en de steile, hege klapperbeammen, der de wyn winters sa graech mei omswypkje mocht. Mar nou wie hy stil . . . de soele simmersigen gyng oer it Hastinger lân.
Fokke fielde syn frisse azem oer syn waerme wangen, it moaije maitiidswaer makke him moedich en fleurich en syn hiel ein libben seach hy nou al foar him as in ôfparke ein wei, fordield yn winter- en simmerskoft, bêste jiergongen en miswier, ljocht en skaed—mar ’t ljocht fen ’t measte. Der wierne de Hoara’s sa al op forkaem, det it lot hjar biginstige, det hja rekkene der like wis op as op ’t op- en ûndergean fen ’e sinne.
“Dû bist stil,” sei Martsen.
“’k Ha ’t oars bêst nei ’t sin,” andere Fokke mei in loddrich knypeagje nei Doutsen, dy-t hjoed in wûndre goede dei hie . . . . selst in biwyske fen hwet read yn ’e bleke wangen. Hjar ljochte eagen stiene sa helder as in gril, Fokke koe ’t net litte en tinke aloan om helder trochsichtich flakteiis by ’t winter, sa fol stielblauwe skittering wierne hja ek. Ja, dy eagen, der wie hy wol ’t allermeast op foreale, omdet hy se ek ienkear ljeaf hawn hie yn . . . Tine. Sûnder det hy it sels eigentlik rjucht bisefte, hie hy yn Doutsen it oantinken ljeaf oan ’e faem fen syn hert.
“Binn’ wy der hast?” sei Doutsen en kúrde de Hastinger wei út. “Hwet binn’ ’t hjir einen.”
Fokke harke binijd op. “Bistû ’t rinnen den net wend?” sei hy en tochte, sa’n feardich frouminsk as hja, dy hâldde it wol twa ûren út.
“Wy ride,” sei Doutsen en seach mei in fiis gesicht nei hjar bistoude gledde learskes. “Heit wol net lije, det wy sokke einen rinne, den komme wy ûnder de skjensprúten. ’t Is ek fierst to hiet sa midden op ’e dei.”
“Nou! nou!” smiet Martsen nou mei in fyn glimke in duit yn ’t pongkje, “jimm’ heit hâldt jimm’ wol for Sneins. Fokke dû wist nou, hwet dyn foarlân is. Doutsen moat simmers yn ’t skaed.” Doutsen fielde de spot fen ’t minske hjar wirden wol, mar hja liet it hjar net blike. Heit sei altyd: Tuike moai spylje, en fen efteren pakke, der kaem min fier mei en as hja hjir mar earst boerinne wie, den skoudere hja dy yntrouwde tsjinstfaem wol en dy hiele santepatryk derby, det Hoara’s folk mei hjar botsense greatskens.
Sjoch nou ris, der wennen nou Ysebrand en Lys! Heite arbeiders hiene like moaije wenten en yn’e hûs, sútrich wie’t, der gled by troch! Seis stoellen en in tafel en in mahoniehouten kast en gjin iens in fêst kleed oer ’e flier! En dy Lys hie noch in âldmoadrige jurk oan mei pûddemouwen! Dy droegen hja for moarns net iens mear, dy makken hja hjar kwyt! Min moast mei yen tiid mei, sei heit en syn Dou en Annet moasten nûmmer ien bliûwe yn Lessebûrren! en det wierne se! Mar hjir!? Och headen, it waerde in wâldboers-spultsje, hwet meagere bistjes en in kreupel rydhynsder, der min net iens fetsoenlik mei by de femylje komme koe.
Hja waerde der tige let en set, nou fensels, det kaem hjar ta—der moast in eare yn steld wirde om hjar yn’e femylje to krijen. Elle en Reinder’s Lys kamen der ek mei in poppe yn ’e wein, in lytse Janke. Nou, det foel hjar noch al ta, Lys wie yn ’t swarte side en ’t bern hie se yn’t wyt. Mar det minske doarst it to ûnderstean en bihânnelje hjar sa gewoan, det hja Doutsen raer yn hjar eare taeste. Dy woe ha, min scoe mei hjar to stek stean. Hja wie ’t ommers, Doutsen Hermanna!
Fokke seach ’t wol, Doutsen hie ’t net sa botte bêst nei ’t sin. It frjeonlike glimke fordwoun hielendal—hja seach rare spûnsk en diich gjin mûle mear iepen, as allinne to koekjeïten en hy wie omrake bliid, det alles yn frede ôfroan en hy hjar mar wer bihâlden by himselvers yn’e hûs hie yn’e foarkeamer.
Martsen wie op bêd gien . . . hja sieten mei hjar beiden noch hwet to neipraten.
“En honear scil ’t nou wêze?” bigoan Fokke mei ljeafdes forlangst om syn bleke blom nou altyd om en by him to hawwen.
“Ik wit net . . . ,” andere hja. “As de útrissing klear is en det dûrret noch al hwet fensels.”
. . . “Ja . . .? Ik tochte, keapje it kant en klear to Ljouwert.”
“Hwet mienste,” sei hja finnich, “de kanten moatte noch haekt wirde for de lekkens en slopen fen ’t útfenhûzersbêd en d’oare redding is ek noch lang net klear. Mar der hastû gjin forstân fen.”
“Utfenhûzersbêd . . .,” sei Fokke en tocht ris nei. “My tinkt, Dou, yn ’t earst kinne wy it wol togearre ôf. Der hoeche gjin tredden by. Ik ha der my al sa’n bult fen foarsteld as wy hjir ris moai sa togearre sitte . . .” en hy loek se sêft nei him ta.
Doutsen seach prot. “Fensels,” sei se, “útfenhûzers kostet jild en astû ek sa’n nepert bist as . . .”
Ynienen liet hy hjar wer los. “As hwet . . .!” sei’r. Syn eagen fonkelen fen opljeppenheit.
Mar Doutsen stie him. It sêfte laem syn wolveaerd kaem efkes om ’e hoeke. “As jimm’ heit . . . det wie in nepert . . . seit min.”
“Min seit safolle, mar min leauwt alles net, fjurre Fokke kwea fen him. “Min seit ek al, Doutsen, jimm heit loek it seil ek al heger as ’t pas joech, jimm’ wierne oan reapsein, seit min. Mar in Hoara lit sokke praetsjes ’t iene ear yn en ’t oare útgean.”
Doutsen hjar hert stie hast stil, sa’n skrik krige hja, mar hjar min sin woe se botfiere en omt se ’t it bêst tsjin Fokke weagje doarst, koe hy de pap koele.
Mei hiette hollen kibben se der mei inoar om en de joun, der Fokke him sa’n bulte fen foarsteld hie, forroan yn argewaesje en teleurstelling. Hy seach súver tsjin ’e Moandei’s en Tiisdei’s oan, de Woansdei’s den gyng se wer foart.
Mar de oare moarne, do wie de bui oerdreauwn, hear, by nacht wie de loft opkleare.
It waerden noch in pear hearlike dagen for him en der lei sa’n glâns op syn antlit, det Martsen him al ris pleage: “Jonge, it lok skynt dy ta dyn eagen út.”
En Doutsen lake mei en wie hast net by him wei to slaen. Ja, hja moast selst mei om de heide to sjen en Fokke en hja bleauwne wol twa ûren wei. Sa lang sieten hja der op in sânbultsje yn ’t biskûl fen in stikmennich âlde bjirkebeammen. En it stille heidelân mjille mei in wûndere gloarje fen kleuren dy ûre yn syn oantinken. Sa moai hat de sinne noait wer skynd en de fûgels songen as do dy dei for de brúne Hastinger, dy-t syn faem de heide sjen liet, dy-t hy ljeaf hie en der hy by great waen wie.
En de Woansdei’s brocht hy se wer nei hûs, nei de swiere klaei, der hjar widze op stien hie. Oer in fjirtsjin dagen scoe hy der wer hinne.
Do draeide Piter post op in joune it paedtsje op nei hjarres. Fokke wie net thús—hy siet to dwarsfluite-spyljen mei weinmakkers jonges yn ’e bûrren. Martsen krige it brief oan . . . it wie ien fen Doutsen, dy hân, allegear kribeltsjes en krabbeltsjes, koe se al sont trije jier. Hja lei him op ’e secretaire en gyng wer oan ’t naeijen. En hja forgeat him. De oare moarne kaem ’t hjar yn ’t sin. “Der is in brief for dy kaem, jisterjoune, fen Doutsen,” sei se en joech him Fokke oer.
“Wer neat om ’e hakken. Ik ha in hekel oan det geskriûw om allerlei wissewasjes,” sei Fokke en stiek him ûnsteurber yn ’e bûs. Doutsen hie altyd sa’n droktme om neat . . . twa, trije brieven skreau se sims wol oer in nietichheit en Fokke koe der mar in hiele Sneintomiddei oan weagje en skriûwe hjar werom. Licht hie se wol wer hwet forgetten en moast hy ’t nou Snein meinimme en hast onwillich wei skûrde hy it brief iepen en lies him yn ’t kofjeskoft op ’t haeilân . . .
Hy seach der ris op om en noch ris . . . do stiek hy him yn ’e bûs. Syn antlit, det earst fjûrread waen wie, waerde nou kalkwyt en hy stie, der-t hy stie mei de hân noch yn ’e bûs op it brief. Do gyng hy efter in ierdbult sitten en dronk syn kofje op, sûnder der eigentlik bilul fen to habben, hwet ’r die . . . sa wie hy út ’e liken. Dit kaem him oer as in tongerslach . . . Doutsen skreau him ôf, Doutsen! It hie hjar der sa min talike, skreau se reslútwei, det hja koe der net ta komme, syn wiif to wirden. It moast mar út wêze, en hja rette him oan, it nou mar ris mei in Hastinger to bisiikjen. Det paste ek better.
En lyk as for jierren syn heit, sinde Fokke Hoara nou ek op wraek mei in divelske bigearte, om hjar sear to dwaen oan ’t hert ta . . . det se yn inoar krimpe scoe fen pine. Yn syn ellinde tognidde hy nou mei ien slach al it goede fen syn ynboarst . . . smiet it wei as bollêst. Der regearre min de ljue net mei. . . hja moasten yen freze, det joech macht! Dy dei hat hy earst de karaktererfnisse fen Wychman Hoara oanfard . . .
It wie de âlde Fokke net mear. Elkenien mirk it wol . . . ho nei as ’r ’t him naem. Inkelen hiene der bigrutsjen mei . . . mar de measten laken him út en dy wol ’t hirdst, dy-t it him sa forgind hiene. De femylje sei der net folle fen, hwet bidiich ’r ek mei sa’n sniggeltsje fen ’e klaei. Wierne hjir gjin fammen genôch mei jild? Mar byn de mûs op ’t spek, den wol hy der net iens oan rûke. En det lieten se him ûnder dúmkes wei op in allerfinaelste menear ek mar ris fiele, foaral Oebele-om joech him der mennich spytbokking oer, mar it kaem Fokke Hoara net iens mear oan ’e kâlde klean. Syn gefoel stompte ôf . . . hy waerde der dôfhûdich ûnder en ûnforskillich en Martsen hie in aeklik krús mei him yn dy dagen, sa tipelsinnich wie’r. Der mocht him net in strie oerdwers lei wirde, den fleach ’r op en wie der gjin hûs mear mei him to hâlden.
Einliks waerde hy wer bidaerder, hy joech him del. It forgif hie syn útwirking dien. Foar ’t each wie hy wer de âlde, net sa flot mear, yn him sels keard . . . mar Martsen dy stie ’t spul dochs noch net. Dy hie him fen lyts ôf kend . . . dy wist, det ’r ljeaver omkaem, as dy smaed op him sitte to litten.
It wie yn’e lette hjerst, do sei hy op in joune tsjin hjar: “Leit moike myn klean ré, ik gien in deimennich útfenhûs nei Hesmoi’s ta. It fljocht my allegear oan hjir to Hastings.”
“Dû hast gelyk. Dû moast der nedich út. Unsjoch bist yn ’e lêste tiid, Fokke. Nim ’t dy dochs net sa nei, jonge. Elts minske krijt wol ris in opstapper—der moat min mar tsjin kinne.”
“Moike kin wol hwet prate,” sei Fokke en sloech do mar gau yn oar praet. De woune diich noch sa sear—hy koe net iens féle, det der mar op sinspile waerd.
In pear dagen letter siet hy al by Hes-moi’s yn ’e hûs ef eigentlik by notaris Anema en Hes-moi, mar yn ’e binaeming wie ’t altyd Hes-moi bleauwn. Notaris rinteniere nou mei Hes-moi yn ’t moaije hûs mei de spegelrúten oan ’e Willemskade. It jounljocht forflauwe . . . de stevige stap fen ’e lantearnopstekker klonk oer ’e stille strjitte, der de lange skaden fen ’e joun al oerhinne slûpten en dy-t der forlitten foar lei, twa wite Octoberdroege streken en yn ’e midden it kabbelige wetter yn syn sêft jouns-op-en-del-gean. De skippers histen de lantearnen yn ’e mêst en hellen fluitsjende de seils yn. Mei ’t sjen yn ’e loft mirken se de foroaring yn ’t Westen . . . der wie de loft opkleare, helder as in berneëach nei in bulte triennen. In smel streekje goud glûrre efter it swart fen ’e wolkens wei, efkes. . . to glûp . . . en joech in reade wjerskyn op ’e wite húzen oan ’e oare kant. Do waerde it ynienen wer tsjuster en de stjerren bitrieken de stille wacht oan ’e loft . . . ien . . . foar ien . . .
Hester en Fokke sieten der stil nei to sjen. Det mocht hja yn Hastings ek altyd sa graech dwaen, hjar eagen gean litte oer ’e loft en it wide stille lân. ’t Wie nou ôfwóan al lang en Hastinger ljue en libben wierne waen as lêzene blêdsiden út in weilein boek.
En dochs . . .! Nou ’t hja dy jonge wer sjocht en hy hjar alles fortelt mei forkroppe triennen yn syn lûd . . . nou is se noch Hastinger mei en bigrypt him yn syn ljeafde en ek . . . yn syn haet! Derfor is se in echte dochter fen ’e Hoara’s—itselde hjitte bloed set hjar oan.
Om him hwet treast to jaen, sei se: “Nou, to moijen hoecht it dy net sa slim. ’t Is net sa folle mear mei dy Hermanna, dy lizze oan ’e sintinsje, dy giene deroan op den duer.”
“Ik woe ’t wol,” sei Fokke.
“Dû hast dochs gjin mâlle dingen yn ’t sin, wol?” warskôge Hes-moi forstânnich. “Tink er om, ho minder gewach der fen makke wirdt, ho minder opskûrring. Oars wirdt it wer wech-en-der-wear ûtbasúne, lyk as do mei Driûwerske. Do binn’ wy raer oer ’e tonge gien . . . it wie my súver in argewaesje.”
“Heit hie himsels net goedernôch yn ’e macht, dy wie fierst to rimpen,” en Fokke tocht mei in sucht noch ris om dy tiid, dy hearlike jonkheit en as wie Tine wer by him, sa klear hie hy se optheden noch foar ’e geest.
Krekt as rette Hester syn tinzen. “Dû bist neat net fortúnlik yn ’e frijerij. Ast’ ek noch mar net âld troust’ sa’s ik. Mar der moat oars al wer in lytse Wychman op d’âld pleats, Fokke. Hastings sûnder Hoara’s, ik kin der my hast net yntinke.”
“Nou hwa wit . . pleage notaris goelikwei, wylt ’r yn ’e keamer kaem. “Dû litst it der dochs net by sitte, wol Fokke?”
Der koe net in glimke ôf. “Ik wit net,” sei’r stoef, . . . “it moat mar oergean, leau ’k.”
It nocht wie derôf, foargoed. Martsen en hy hoaiden der wer mei inoar om, krekt as fen âlds en ’t bigoan der nou minder as oait op to lykjen, det der noch ris wer foroaring komme scoe.
De bern fen Ysebrand Fink en Lys boarten al om ’e doar en sa njonkenlytsen kamen de bern fen Oebele-om ek noch oan ’t wiif en oan ’e man. De âlderein fen Hastings joech him net sa folle mear op in paed, de jongerein skoude op en naem hjar plakken yn yn tsjerke, op ’e wei en yn ’t weardshús. Martsen Kobus joech der hjar nou sittende nei . . . hja waerde krebintich en nearboarstich en biwintere min.
It waerde der o! sa’n stil bidriûw op ’e âld pleats. Fokke joech der him del, syn libbensheechtiid hie’r fierd en ’e neiklanken rûzen noch wol om syn harkjend ear, mar bittere wanklanken wierne der middenmank, bitteren, dy-t al it oare oerstimden.
Sa krûpen de jierren sleau-wei foarby yn ’e ientônigheit fen in bulte dagen súnder ôfwiksel. Op ’e gesette tiden gyng Fokke nei de fémerken en maitiids en hjerstmis nei Ljouwert en brocht it oerwoáne jild yn ’e bank. In great swé sloegen de Hoara’s net—der kaem gjin praet fen en winters krûp ’r as in kenyn yn ’e hoale. Setten en pretten der kaem ’r net mear . . . der fielde ’r him net mear thús en oanstryd om nei de frouljue ta to gean hie hy ek net mear. Hy wie in stilsteand wetter waen, det binnen syn eigen iggen fordroechet en noait wer de mesyk fen ’e brûzjende, libbene, rinnend-wetterstream heart.
Mar syn haet, dy forgeat ’r net, de brúne, stille Hastinger. Hy wachte op in geskikte gelegenheit en dy kaem, jierren letter, do-t der al grize triedden troch syn donker hier skimeren en der fen ’e jonkheit yn it bienbitige, meagere antlit net folle mear oerbleauwn wie as de moaije hartstochtelike eagen.
In tin laechje snie lei op ’e âld skûrre en it bigoan wer to wiskjen mei fine flokjes. Rûzich waeide ’t om ’t hûs—de draeijer op ’e skoarstien pipe yn ’e twirren en ’e keale tokken fen ’e linebeammen sloegene op ’t tek.
Yn ’e hûs wie ’t deastil, mar sa nou en den rinkele der in ket yn ’t bûthús en ’t hout knapte yn ’e kachel. Martsen siet mei de hân oan ’e holle . . . hja smûchde wer fen binaudens, nou der snie yn ’e loft siet en wie krekt in selskip, det by de swijgsume Fokke paste. Earst siet ’r hwet to skriûwen yn syn sakboekje, do krige hy de Ljouwter krante fen ’e skoarstienmantel en bigoan to lêzen, stadich, as immen, dy-t tiid genôch hat en alles neisneupe wol.
Ynienen lei hy him heftich del. “Moike!” sei hy.
Martsen waerde kjel wekker, de eagen wierne hjar efkes tichtfallen hjir yn ’e waerme keamer. “Nou, hwet is der oan?” sei se, noch mar heal by de tiid.
“De sauntsjinde Decimber moat ik nei Ljouwert. Tinkt moike der mei my om?” en hy diich ek noch in greate knoop yn syn readbûnte bûsdoek.
“Is det alles? Nou, der hoechst my wrachtsjes ek net om wekker to meitsjen, sa’n kleinigheit. Mar jimm’ mânljue, ast’ mar for jimm’ sels giet.” . . .
“Moike is tizerich krekt as lytse bern. In kleinigheit . . . in kleinigheit!! Hwet scil ’k bliid wêze, as ’k dizze kleinigheit for inoar krij!” Hy wie alhiel oerémis . . . prate der red fen.
“Ja, ja!” sei Martsen noch en knikkebolle al wer. Fokke diich de eagen ek ticht, it wie in ûre fen neitinken en hy binuttige dy op syn eigen menear.
Hy wie ynienen as mei hânnen omkeard . . . hy waerde noch ris wer jong en der koe wer in grapke ôf en hy munstere himsels op as in jong hynsder . . . By in djûr snider to Ljouwert waerde in nij pak klean bisteld fen ’t allerfynste lekken en ’t hie him noch noait sa nau stitsen mei ’t Ingelsk himd en ’e board en manchetten. De nijsgjirrigens kitele Martsen aldernúverst, mar hja doarst it net to ûnderstean en freegje him op ’e man ôf, hwet hy dochs wol yn ’e akte hie. As hy ’t for him sels hâlde woe, holp al ’t fiskjen neat. De Hoara’s forpraetten hjarsels noait, dy lieten net mear los, as hja sels wol misse woene.
De frouljue mei de taeikoerren swaeiden it paedtsje op, de bern fen Ysebrand en Lys brochten de klompkes mei hea by beppe’s en songene Sinteklaesesangkjes ûnder ’e skoarstien, it folk gyng nei de bûrren ta to lotsjen en kaem bikaeid ef mei in stoaters pryske wer thús, do kaem der op in mistige joun in frjemde man by hjarres en frege nei Fokke.
“Kom yn,” sei dy koart en hwet hy noait diich hy draeide de doar fen ’e greate foarkeamer fen ’t slot en der bleauwne se do in hiel skoft. De moaije greate lampe, dy-t noait wer barnd hie sont Doutsen hjar útfenhûzerij, moast op en de kachel oan. It waerde in hiele forsteuring yn ’e lette joun, it stie Martsen eigentlik mar mâlle min oan, sa’n genachtraef, mar Fokke wie altyd noch sa’n bytke hjar pop, dy koe ’t net gau bidjerre by hjar.
Oars wie Fokke altyd sá . . . moike moast oeral mei foaroan, mar nou joun taelde hy net nei hjar. De doar bleau ticht en hja praetten sa súnich, det troch ’t slotsgat koe se hjar ek net biharkje. Do krige se in Jannewaris en joech hjar del yn ’e greate briedstoel mei de slûchbarnende lampe foar hjar, dy-t krekt op hjar ynfallen antlit mei syn doffe eagen skynde. De lea bifoel hjar, hja rekke yn ’e sliep.
Der sloech de klok—tsjien ûre wie ’t. Der hearde se de doar iepengean, de frjemde man joech him ôf. Syn swier lûd droane as in klok yn ’t foarhús, de klompen klosten op ’e houten fiier. Martsen seach mei in skimer, det hy griis hier hie en in lange grize baerd—en fen postuer wie hy de lytse kant neist. Fokke stie neist him as in slappe jonge beam neist in âlde knoestige stamme en syn bleke wangen wierne read en syn donkere eagen skitteren yn it meagere antlit.
“Jy hânnelje nei omstânnigheden?” tante Fokke him mei oandrang.
De frjemde man nikte. “Ik doch, s’as jy sei ha. It is nou allegear goed forpraet, scoe ’k sizze.” Op ’t stik ôf prate ’r, tige wis. Syn menear fen dwaen joech fortrouwen.
Do hearde Martsen him foartgean. It geklos fen syn klompen klonk domp en swier op ’t bisnijde paed en ’e snie wiske daedlik syn foetleasten wer út mei hjar donzene plûmkes.
Nou koe Martsen hjar net mear stilhâlde, al hiene se hjar ek in mes op ’e kiel set. “Hea, Fokke, hwa wie det?” sei se. “Is ’t in nij-ynkomm’ling?”
“It wie gjin Hastinger,” sei Fokke net wakkere oansjitsk.
“Net? . . . ik tochte al, hy kaem my sa frjemd for. Dû jowst dy dochs net yn ’e hânnel mei frjemd folk, wol? Ik meij der hielendal net oer, sa’n gestrún by nacht.”
“Ik ek net,” sei Fokke koel en do trêdde hy mei syn lange rjuchte skonken ta de keamer út nei ’t bûthús ta. Martsen wie steurd en bigoan der ek net wer oer, mar it lei hjar al dy dagen foar op ’e tonge.—
De sauntsjinde Decimber kaem en Fokke wie der klear for. De moarne ier-en-betiid stiek ’r al ôf en hy sei: moike moast dy joune mar net om him opbliûwe, it koe wol ris let wirde—den bleau hy by Hes-moi to nacht.
De snie wie wer weiteid . . . in tinne Decimbermist hinge nou oer it Hastinger lân en swiere wetterdrippen foelen mei ientônich tik-tak yn ’e folle sleatten. Min hearde it klopjen fen ’e flaljeklappen op ’e tellen en it sûzjen fen ’e wine, mar oars wie ’t deastil yn ’e natuer. De toarre beambledden ritselen selst net iens mear oan ’e beammen.
Yn ’t Easten spjalte in fealgiele streek ljocht de swiere grize loft en ’e bleke wintersinne riisde stadich omhegens, swier bihinge mei wolkengazen, mar de loft woe net trochskûrre en in ûre ef hwet letter, do-t Fokke út ’e trein stapte, wie de loft al wer egael grys. Allinne de sêftgiele neiskimer fen in pear ûre sinneskyn hinge noch yn ’t Easten . . .
It wie nou al middei. Hy hie by Hes-moi en notaris oan west to iten en to rieplachtsjen en nou folge hy de krinkelbôgen fen in wiete púnwei op ’e klaei. Foar him leine de earste húzen fen Lessebûrren. Och, hwet hie hy ’t goed kend, it doarpke, det hy oars Sneintojouns sa faek trochriden wie nei Doutsen ta. Der wie net folle foroare, de âlde linebeammen stiene noch yn ’e bûrren en de rinteniers, dy-t to thédrinken sieten, seagen him mei binijen oer de blauwe ramtsjes efternei. Krekt as ’t noch mar efkes lyn wie—en dochs . . . skraelwirk fjirtsjin jier wie ’t al. Fjirtsjin jier hie hy ’t oan tiid hawn, om op wraek to sinnen en nou hjoed . . . né optslach, den naem hy him. Efkes krolde hy der noch foar om . . . mar do wie hy ek biredt as in spylder, dy-t de lêste wichtige kaert yn hânnen hat en dy nou op ’e tafel smyt . . . de amerij fen ’e bislissing.
Hiel yn ’e fjirte lei de pleats fen Doutsen hjar heit, Jan Jelles Hermanna. De greate pleats eage nou neat yn ’t donkere waer, mar ’t wie oars in hearespul. In dwershúzing op kelderskeamers en twa skûrren der efter, in greaten en in lytsen ien, dy-t hjar op ’t greate hoarnleger legeren yn ’t biskûl fen in eskensingel. Efkes flikkeren Fokke syn eagen fen haet, hy tochte om Doutsen hjar gesmeul op ’e âld skûrre to Hastings. Dy mei dizze skilde ek sa folle as nacht en dei, det wie wier, hy sels hie ek wol eagen om det to sjen en der den in tachtich pounsmiet bêst klaeilân by . . . hy hie ’t dodestiids net sa min útfikeleare.
Jan Jelles, in steile meagere man, siet mei syn wiif en syn beide dochters Doutsen en Annet yn ’t sydkeammerke. It wie stil yn ’e keamer, binaude stil, krekt as wie der in deade yn ’e hûs.
“To, drink dyn thé ris op,” noade mem de bern. “Jimm’ litte alles kâld wirde.”
“It smakket my net,” sei Doutsen ynienen moi lûd en smiet it haken del. “As ’k der om tink, hwer wy oer in healjier miskien sitte scille, den wird ’k moilik . . . Den smakket my alles as galle. Hwerom hat heit ús ek net warskôge? Den hiene wy ús bikrimpe kind en nou . . . ’t gyng alles mar út ’e brede fjirtsjin. It koe net op!” Hja rôp it súver op ’t lêst út.
d’Ald man foar hjar oer sloech syn eagen del. “As ’k it tsjin jimm’ sei hie, hwet den? Tochtst’, det ús Kike den noch sa goed to plak kaem wie? Hja hiene jimm’ allegear skoudere.”
“Sa’s se nou ek al dogge.”
“Ja, mar bern, dou bist ek al sa jong net mear,” sei hjar mem bisêftigjend. “’t Hie ek gâns better west, ast’ der mar hwet oersjoen hiest to Hastings. Dy swarte feint hie dy gau ûnderhâlde kind, sa folle scil ’r altyd noch wol hawn ha.”
Der woe Doutsen net oan. “Dy-t sa omheukerje moatte, det’s net folle,” sei hja. “Ik paste der net.”
“Nou, wy scill’ ris sjen, hwerst Maeije wol paste,” sei Annet. “Licht wol yn in dyakenijkeammerke.
“Stil bern,” sei Jan Jelles . . . “bidim jimm’ dochs yn ’e goedichheit. As ’t folk it heart . . .”
“Tocht heit, det hja nou mear ticht binne for ús? Rabje dogge se, de hiele streek lâns. Nou binn’ de goede dagen forgetten en ’e ierdappels hjerstmis en ’t bargegûd!’
“Goed-dwaen hat noch noait in skande west!” sei Jan Jelles sêft. “Mar de tiden wieme sa min . . . ik koe der net mear tsjin oan, n’t Minke?” en syn eagen smeken syn wiif om in treastlik wird yn syn ellinde. Mar dy hâldde hjar stil. Nou-t it jild op wie, joech hja neat mear om Jan. Hy koe der mei oanpiele.
“Scoene der in bult komme joun by de forkeaping?” sei Doutsen en seach oer it wintereftige lân.
“Det scil ’t wol,” andere Janne Minke bitter. “Moast ek net hinne, Jan?”
“Myn eigen skoan lân útfeiljen hearre?” . . . en de triennen kamen Jan Jelles yn ’e eagen. “It scoe my troch myn hert hinne gean . . . O Minke, hwer keare wy?”
“Yn ’t earmhûs,” sei dy koel, “en dou oan ’e brake.”
Oer Jan Jelles syn meagere wangen roanen in pear triennen, mar Minke diich, as seach hja ’t net. Hja koene opkrasse, fen ’t moaije âlderlike spul ôf en hiere in foech wentsje yn ’e bûrren. It heareneintsje libben wie dien—skrabjen om ’e kant wie nou hjar foarlân. Jan hie ek altyd slûch west. In goed libben, det moasten hja der den dochs noch yn ’e goedigheit fen nimme kinne en hy hie op ’t kaptael passe moatten.
Nou wie ’t to let. Nou joun wie ’t de lêste sitdei fen ’e pleats. . . moarn hiene se net in hoekje eigen groun mear. En op acht en sechstich tûzen goune en hwet stie ’t spul, in great kaptael en det yn in goed tritich jier wei. Hja seach ris op ’e klok—healwei fiven wie ’t. It dûrre mar in lyts setsje mear, as in oar neamde it sines. Gjalt Gjaltema grif, de rykste boer fen Lessebûrren en in âld feint, dy-t jierliks in kaptael oerwoan. Och, as hja der den noch ris bliûwe koene to hier? al wie ’t mar twa jier! Yn twa jier koe der sa folle foroarje, licht krigene Doutsen en Annet noch wol in rike man. Hja hiene altyd sa meidwaend kind en de feinten seagen tige op stân. Sa paeide det minske hjarsels noch op ’e dei fen ’e ellinde mei swiete takomstdreamen, mar it lot hie ’t hiel oars mei hjar for. Binnen de twa jier scoe hja al op ’t hôf lizze en wie Jan Jelles môlkerider op ’t febryk en de beide dochters tsjinnen.
Lokkich, hja wiste ’t net. Det allegear op ien stuit to dragen, hie to swier for minskekreften west.—
De joune dwelme hiele Lessebûrren hast as skynsels troch de mist en sette ta op ’e harbarge “de Sulveren Bearskes.” It wie noch folle greater pret as in merke, sa’n greate forkeaping . . . der joech min allinne út, hjir koe min noch in stûr fortsjinje mei strykjildskriûwen en det diene hja der den ek wakker. De hollen waerden der hiet by en de pipen gyngen út, der rekke ek al ris ien twisken, dy hie de pipe oan mei de dop der op.
Gjalt Gjaltema liet se mar biede en raze. Hy siet der yn in hoeke fen ’e jachtweide nei to harkjen en bisocht ris, om mei de frjemde man oan ’e slach to kommen, dy ’t stil neist him by ’t taffeltsje siet to sjen en to skriûwen.
“Hjoed ek for saken út west, keapman?” fiske Gjalt. “Min waer oars, om yen op in paed to jaen.”
“Ja,” sei de man en lei ’t skriûwboekje del. As syn ja op ’e saken ef op ’t waer sloech, det moast dy âld boer sels mar riede, tocht him. “Det lân wirdt prizich,” sei’r.
“’t Is oars net sa botte bêst, moatt’ jy tinke. “Knippich . . . fierst to heech man—as ’t simmer is en ’t droeget moi sterk, ik kin jou sizze, den is ’t gjin sint wirdich. Mar der binne noch wol in pear goede stikjes by, fen dy aerdige hoekjes.”
“Jy binne in Lessebûrster, tink ’k. Moatt’ jy net ris biede”, tante de man him ûnforskillich wei. “Hjir ’s joun wol jild to fortsjinjen, leau ’k. ’t Scil wol út inoar fleane.”
“’k Wit net . . .” skodholle de âld boer, . . . jou moatte tinke, de echte bieders, dy hâlde hjar noch stil.—Ja, tocht de oare—en jy . . . jy binne der ien fen.
“To . . .” sei Gjaltema wer, mei hwet skarlúneftigs yn syn eagen, “moatt’ jy ek net ris biede, feint, op in stikje?” Sa scoe hy dy earme keapman ris foar de kroade ride. “Mar jy ha fensels mear forstân fen ’e hânnel, tink ’k? Hwer binn’ jy wei?”
“Fen Ljouwert,” andere de keapman koart.
“Den binn’ jy miskien de Lang, dy-t hânnelt yn lynkoeken?” Gjalt Gjaltema wie sa nijsgjirrich as in âld wiif . . . hy doarst de minsken ’t jild hast út ’e pong freegje.
“Né,” sei de keapman en seach rare stoef . . . “det mist jou . . .”
Der ynienen waerde it hwet stiller yn ’e jachtweide.
“Nou giet it derom, it giet by samenvoeging,” learde d’ âld boer syn selskip en hy lei de pipe del en sette de brul op ’e noas. Syn hânnen trillen in bytsje en der kaem hwet mear read yn syn triedtsjewangen, mar oars bleau hy himsels sa gelyk, det in oaren as de keapman hie ’t net iens merkbiten.
De stiltme fen ’e forwachtinge slúte de mûlen. Jan Jelles, dy-t der dochs noch efkes west hie, slûpte der stil út . . . dit koé hy net mear oanhearre en hy gyng nei hûs en waerde wei yn ’t bûthús, it ienichste plakje yn ’e hûs, der-t hy noch net hosk wie.
De opropper bigoan wer mei syn relaes fen: een Sathe en Landen, welgelegen aan den grindweg te Lesseburen enz. staande bij zamenvoeging op eenenzeventig duizend driehonderd en acht gulden. Wie verhoogt dezelve duizend, negenhonderd, acht, zeven, zes . . . d’ Ald boer fleach oerein. “Myn!!” rôp ’r mei in triljend lûd en ’e hân yn ’e hichte.
“Ei! ei!” sei syn bûrman en lake smaeklik, “it lân wie oars sa danige knippich, net boer?”
“Dy-t it hynsder ha wol, lekket it,” andere dy binaud en bliid fen beiden, det hy de pleats al sa goed as hie.
De opropper bigoan wer: staat bij Gjalt Gjaltema, landeigenaar te Lesseburen op eenenzeventig duizend, negenhonderd en acht gulden. En do hy wer oan ’e seishûndert ta wie, sei in frjemd jong lûd ynienen: “Myn, opropper!”
“De deale!” sei d’âld boer en seach syn bûrman mei rare eagen oan: “sistû my yn ’e wielen ride, kwajonge? Hwa bistû en hwet hastû?”
“Strykjild skriûwe,” en ’e keapman seach him oan mei in pear skerpe eagen. Do wonk hy . . . en in jierrich man mei in grize baerd gyng neist him sitten.
“Pas mar op, det ’t net in stroppe wirdt, dû mei dyn stêdsk gebear” . . . en do súniger, “to, to, ik moat dit oars al ha. As ’k dy in bankje fen húndert jow, hâldst’ dy den stil?”
In frjemd glimke glied der oer ’e keapman syn meager antlit. “Né,” sei hy koart. “Dit ’s nou myn aerdigheit ris.”
Sa gyng det noch twa, trije kear en fol spanning krongen de minsken nei foaren, om dy man to sjen, dy-t it tsjin Gjalt Gjaitema yn ’e kant sette doarst. Yn in minuet ef hwet wie der al wer in njuggenhûndert goune by kaem en ’e switkobben stiene Gjalt Gjaltema op ’e foarholle. Dit gyng him nou dochs to stoef . . . it waerde in kaptael, dizze pleats. “Jonge, jonge!” warskôge hy, “dy aerdigheden wirde dy to djûr, keapman. It moat ek bitelle wirde, tink erom.”
Noch ienkear bigoan de opropper wer: Staat bij Gjalt Gjaltema op drieenzeventig duizend vierhonderd acht gulden. Wie verhoogt hem nog 9—8—7—6—5—4—3—2—”
“Myn!” rôp de jonge keapman noch ris wer mei syn helder lûd. Do foel de hammer. Fokke Hoara fen Hastings wie de eigener waen fen ’e pleats to Lessebûrren, mar hy fordraeide syn eagen der net iens om, hwent it jild lei al jierren klear yn ’e bank. En de nije hiersman hie hy der ek al for klear . . . it wie de man mei de grize baerd, noch in âld frjeon fen him hjir to Lessebûrren.
De oare moarne stapte hy der hinne en Jan Jelles Hermanna wie sa goed net, as hy moast mei him ’t lân út en do yn ’e hûs, hwer hy ek alles noch sa bêst wiste to finen. En do-t hy der Doutsen sitten seach, wist hy, det syn wraek folbrocht wie. Hjar libben lang hat se dizze dei net wer forgetten.
Fokke sels bleau op ’e âld pleats to Hastings. Hy koe der net ta komme, om it minne lân en ’e âld skûrre to forruiljen for ’e fette lânsdouwe to Lessebûrren.
En do-t de tiid der wie, tocht hy ek noch ris om in wiif en hy gyng nei Bintsje.
En it eart waerde foer, eart de winter kaem is en hy bihânnele hjar derneffens.
Yn alle folop is ’t minske der forhongere . . .
Hwent de ljeafde fen Fokke Hoara wie stoarn. Hy is nei Wychman Hoara útskaeid.—